| |
| |
| |
P. Boersma
Bearn en Reinou
‘Ik leau nea dat ik it helje, Bearn’, seit Reinou.
Hy sjocht.
- Har hier waeit nei efteren. Har bloeske stiet bol op har rêch en oan'e foarkant lûkt it strak om har boarsten. De broek wappert om har skonken. Ik kin har spierbiwegingen riede.
‘Dou bist moedich’seit er: ‘Hwat moast dy der foar sette net. Dyn holle is der read fan.’
‘Hwat? Is myn holle read? Fynst my noch wol moai? Toe, moast it sizze!’
‘Dy reade holle, dat kin dochs net oars.’
‘Ik wol datst' my moai fynst.’
‘Ik fyn dy moai.’
De wyn blaest Reinou har antwurd fuort en jowt har in dúst. Se bilânnet efter Bearn, dy't har opwachtet.
‘Wy litte ús net op'e kop sitte troch de wyn, Reinou.’
‘Nea Bearn.’
- Ik fyn dat se der wurch útsjocht. Nou al en wy binne noch mar krekt ûnderweis.
‘Saniis yn Frentsjer seachst dou in frou efternei.’
‘Dat sil't wol.’
‘Founst har moai, hin.’
‘Ja, hwant oars hie'k net sjoen.’
‘Sjochst sa wolris nei my?’
‘Né! Fordomme Reinou, wy moatte ús krêften net forspylje oan sok eameljen.’
‘Siz dan hoest dou nei my sjochst.’
‘Dou bist myn frou.’
‘Ik seach oan dyn eagen datst har moai founst.’
‘En dat ik mei har op bêd woe, seachst dat ek?’
‘Sjochst dou forlangjend nei my?’
‘Ek wol.’
‘Oo.’
- Hy fytst dêr mar. Hwerom seit er nou net krekt hoe't er my fynt?
‘Hoe soe't mei Geart wêze?’ seit se.
‘Goed, fansels.’
‘Soe jimme mem it oankinne?’
‘Wis! Reinou, forjit dat lytse fintsje nou. Dou woest der ommers út. Us heit en mem hawwe him nou op'e noed. Goai nou ris alles fan dy ôf.’
‘Dat kinst dou.’
‘Bist dêr lilk om?’
‘Dou litst alles mar fan dy ôfgliidzje. Tinkst eins wolris oan ús ast fuort biste?’
| |
| |
‘Moatte wy hjir noch fierder oer prate.’
‘Sille wy even fan 'e fyts ôf? Even sitte?’ freget se.
- It waeit forrekte hurd. Ik bin sels ek wurch. Miskien hiene wy better moarn gean kinnen. Se is wol flink.
‘Dêr yn 'e lijte fan 'e boskjes kin it moai, Reinou.’
In eintsje it lân yn stiet in kop-hals-romp pleats.
‘Hwat soe'k graech ris yn de foarein fan sa'n pleats sitte wolle. Hwat sil it moai wêze om dêr út wei it lân oer to sjen’, seit Bearn.
- Ien kear bin ik by him west doe't er op 'e bou wurke. Ik woe dat er dêr noch stie en ik nei him seach.
‘Witst dou noch Bearn, doe'tst yn 'e fakânsje op it lân wurkest en ik in kear mei de bus by dy kaem. Jimme wiene oan't bitehoukjen.’
‘Founst dat moai?’
‘Sa haw ik dy kennen leard. Dou bist hielendal foroare.’
‘Sille wy dêr nou mar oer ophâlde.’
De reiden yn 'e sleat foar harren waeije omtrint horizontael. De sinne skynt op 'e reiden en kouwerêgen fanút blauwe wjekken dy't yn jaeijende dûnkere wolkeformaesjes falle.
‘Ik bin bliid dat wy hjir binne’, seit Bearn.
- Ik kin it har net sa sizze, hwant as ik it útsprek kloppe de wurden net mear mei hwat ik fiel, mar ik ha nou wier it gefoel dat wy tsjin in troch it loftrom súzjende planeet oanlizze. Op simmerjounen as ik yn it lân stean en nei it doarp sjoch dat yn 'e skimer op 'e roune kym foar de stielblauwe, grizige loft leit, fiel ik dat ek, allinne stiet ús planeet dan stil.
‘Moast my fêsthâlde, Reinou.’
Se docht it.
‘Ik bin bliid datst dou by my bist’, seit se.
Bearn prebearret har to tútsjen.
‘Né, nou net. Joun yn't hotel, Bearn. Ik wol wer fytse. Ik ha honger en toarst. As wy aenst troch Bolsert komme wol ik krinteboltsjes ha.’
‘Reinou, dou seidest saniis dat ik sa foroare wie. Mar dou hast my ek foroare. Doe't wy saniis troch Waeksens rieden, seidest dou:
“Se hawwe hjir gjin winkel.” Witst dou dat ik dat op dat stuit ek tocht. Sokke dingen haw ik sjen leard om't ik mei dy libje. Ik nim in protte fan dy oer.’
‘Ja?’
‘Jawis, dat kin dochs ek net oars.’
| |
| |
- Ik wit wol dat dat sa is, mar hy is hielendal foroare, hy hat gjin tiid mear foar my. Ik moat my altiten stilhâlde. Hwêr't er altiten mei dwaende is, ik wit it net. Ik moat de dingen wol tsien kear tsjin him sizze. Saniis sei er hwat, ja, mar sjoch him dêr nou wer fytsen, hielendal wei yn himsels. Soe der wol yn 'e gaten ha dat ik wurch bin?
Se binne rjochtsôfslein en ride nou op'e dyk fan Wommels nei Bolsert, tichtby de Burgwurterhoeke.
- Seis jier lyn fytste ik hjir yn 'e fakânsje eltse wike lâns as ik nei de boer ûnder Wytmarsum tagong to arbeidzjen. By stoarm en ûnwaer, it joech neat ik fytste. Ik fytste my dan hielendal leech.
Bearn triuwt de trapers krêftiger del. Der komt romte tusken him en Reinou.
‘Bearn!’
Hy sjit oerein en sjocht om.
‘Fordomme, Reinou, dat hie'k net yn 'e gaten.’
‘Hwer wieste?’
‘Ik tocht deroan dat ik hjir yn 'e fakânsje altiten lâns stoarme.’
‘Hwerom praetst net mei my?’
‘Dou kinst dochs ek wol bigjinne. Saniis bin ik noch bigoun. Mar it rint hast altiten op kankerjen út.’
‘Wolst sizze dat dat oan my leit?’
‘Sjochst wol, dêr bigjint it fuort al wer.’
‘Mar dou wiest my forgetten. En dou hast ek wolris sein datst it fijn yn 'e hûs fynst as ik fuort wie.’
‘Ha ik dat sein?’
Bearn leit de hân om Reinou har skouders. Hy sjocht nei har stûfsteande eagen en opinoarknypte lippen.
- Mar se wol dat ik oan har fuotten liz, elke dei. As ik my even weromlûk yn 'e stoel wurdt se ûnrêstich. En ik sit dochs gewoan? Ik siz dingen dy't se net bigrypt, seit se.
‘Wy prebearje it nou dochs, Reinou. Wy dogge mei syn beiden hwat.’
‘Dou hast gelyk.’
‘Reinou, jow my in tút.’
‘Net wylst wy fytse, aenst falle wy.’
‘Jow my in tút!’
‘Né, nou net.’
‘Jow my in tút! Ik kom op dy ta, bigrypst dat net?’
‘Hjir dan.’
Mar sa fluch lûkt se har lippen werom, dat Bearn sines de lege romte patsje.’
| |
| |
Hy hâldt him yn.
- Aenst as sy my fêstpakt as wy by in hikke steane en ik it lân oerdigerje, war ik har ôf. It giet nea lyk op mei ús. Wy sette ús net neiinoar.
‘Ik hâld fan dy Reinou, hwant dou fytst mei my. It is goed.’
‘Straks sil ik dy tútsje’, seit se.
‘Ik woe net fretterich wêze’, seit se.
Bearn hâldt har fyts.
Reinou hat yn 'e winkel west en is by de rekken lâns roun. Hwat se it lekkerste foun, hat se lizze litten.
‘Hwat hiest graech keapje wollen?’
‘Sûkeladerepen.’
‘Hwat hast dan wol?’
‘Fjouwer krinteboltsjes en twa Sunkist trijehoekjes.’
‘Reinou, ik ha wol sin oan in reep. Hasselnút.’
‘Ien?’
‘Wol twa!’
Se giet de winkel wer yn. Se hâldt in krinteboltsje tusken de tosken. Bearn byt yn ien. Hy sjocht de Bolserter Bargefenne del oan't Reinou wer út Bosma's supermarkt weikomt.
‘Wy litte ús net wjerhâlde. Reinou. Wy ite hwat wy lekker fine.’
‘Ik wol aenst al wer hwat ha’, seit se.
‘Der sitte noch twa boltsjes yn 'e pûde.’
Bearn hâldt de pûde foar har omheech.
‘Mar as dy op binne? Ik wol nou witte oft wy aenst wer hwat keapje.
Dat wol ik nou witte.’
‘Wy keapje noch hiel faek hwat.’
Bûten it stedtsje skuort de wyn oan harren. It hier tysket Bearn foar de eagen.
Hy giet fan 'e fyts en hellet in eintsje pakjetou út 'e bûse.
‘Wachtsje even, Reinou’, raest er.
Se fytste skean foar him op dat stuit en hie net sjoen dat er hâldde.
‘Hwat is der? Hwat? Dochst in stikje tou om dyn hier.’
‘Tite, de wrâld tyske foar myn eagen. Alles forwaeide. Ik seach neat mear.’
Se ride oer in keale, brede brêge. De wyn gûlt troch de izeren leuningen, skuort oer it wylde, swarte, glinsterjende wetter. Der is gjin reidseame bylâns de feart, mar fuortendaliks de keale polderdyk. It brêgewachtershûs stiet sûnder beammen en tusken it fytspaed en de rydwei is gjin hage. De bermen binne keal meand.
| |
| |
De wyn klapt harren yn it gesicht, kringt troch de klean, pikefel ûntstiet. In swarte wolk waeit foar de sinne.
‘Sille wy de jas oan dwaen, Bearn?’
‘Ja.’
‘Mei'k even tsjin dy oanstean?’
Bearn hâldt har fyts. Hy sit op'e stange fan syn eigen. Reinou krûpt by him ûnder de jas. Hy leit syn hân op har boarst, mar dat wol se net.
‘Se binne kâld, dan fielt it net fijn’, seit se.
Hy streket fan efteren ôf tusken har billen.
‘Toe, net dwaen. Dou bigjinst altiten mei seks. Dat is it ienige hwat dy ynteressearret oan my.’
‘Stil, Reinou.’
Hy leit de hannen op har skouders.
‘Bliuw fan my ôf.’
Dan: ‘Ik sjoch wol tsjin it ein oan.’
‘Wy wolle dochs hwat. Al sille ús fuotspieren knappe!’ seit Bearn.
‘Mei'k myn hân op dyn earm lizze, Bearn?’
Hy hat sein dat se skean efter him fytsen gean moast. Hy soe wynbrekke.
Mar de wyn smiet har efterút. Hymjend is se him wer op'e side kommen.
‘Toe mar’, seit er.
Se hâldt meiien op fan traepjen.
‘Dou moast al meitraepje, bliksem. Ik kin mysels amper foarút krije.’
Se trapet.
‘Dou lûkst oan my, Reinou. Dit is gjin dwaen. Dou moast sels fytse.’
Se lit him los. Hy bisiket even har to triuwen, mar dat is net fol to hâlden.
‘Hoe lang moatte wy noch yn 'e wyn op, Bearn? Dou moast it sizze.’
‘De hiele reis ommers.’
Wyn lûkt oan it gers, it golvet. Donkere en ljochte fegen. De blêdden rikke nei it noardeasten. Ynspanning op harren gesicht, de rêch kromd, traepje se sûnder wurden. It giet by it wetter lâns nou. Se hearre allinne de wyn en ûnforwacht toeterjen fan in auto as in fleach harren de wei optriuwt. Lofts fan harren fladdert de reidseame en rinne de weagen. Foar harren út stiet de toer fan Parregea.
‘Sjoch, de toer stiet yn in blauw wjek yn 'e wolken’, seit Bearn.
Dan fytse se yn 'e lijte fan 'e hûzen en komme oerein. Reinou siket Bearn syn hân.
‘Ien streek huzen by it wetter lâns. Reinou.’
| |
| |
‘Treffe wy, Bearn.’
Se docht syn hân mei har hân deryn yn 'e bûse fan syn jas. Se makket har hân los en skouwt dy yn syn ljisken.
‘Hwat dochst nou sels. Reinou?’
‘Sille wy hjir wenje?’
‘Hoesa?’
‘Oan it wetter, dat is myn dream’, seit se.
‘Wy sille oeral wenje.’
‘Hjir ek?’
‘Ja, Reinou. Hjir ek.’
‘Sjoch, in bakker!’
Se hâlde. Bearn bliuwt wer bûten. In pear bern bliuwe stean en sjogge nei him.
‘Guoi’, seit er freonlik, mar sa lûd dat de bern skrikke en fuortrinne.
Bearn glimket.
Hy sjocht nei de brêge.
- Ik gean hjir ris op in joun hinne. Op in hoarre joun midden yn 'e simmer as it soel is en lang ljocht. Ik ha de klompen oan. Ik klompkje de brêge op, gean oer de leuning hingjen en flybkje rountsjes yn it rimpelleaze wetter.
De doar fan'e winkel giet. It is Reinou. Se hat in laits op har gesicht. Bearn sjocht net op, hy stiet op'e brêge. Hy hat net yn'e gaten dat Reinou wer njonken him kommen is.
- Ik wol leaf bliuwe.
Se seit: ‘Hwer bist?’
Bearn sjocht. Hy sjocht dat Reinou glimket.
- Har laits! It bigjin fan har laits foaral, dat iepengeande, dat moat bliuwe. Dat iepengeande moast him útwreidzje oan't ik der yn lizze koe. Ik wol yn har iepengeande laits lizze.
‘Hwat hast kocht?’
‘In brune koeke en twa nutsen.’
Itendewei gean se fierder. De wyn liket nou noch mear oan to heljen. Foar in hûs stiet in bank.
‘Sille wy dêr sitten gean, Bearn?’
‘Wolst dat nou Reinou, of oait ris?’
Se glimket.
‘Ik bin wurch. Myn skonken binne stiif wurden fan it stilstean saniis’, seit se.
‘Mines ek. Wy moatte der trochhinne’, seit Bearn.
Ut it westen wei bôget in reade loft mei swarte wolken oer it flakke lân, dat forwaeit, tichtby donkergrien is en fierderop, dêr't de sinne troch de wolken
| |
| |
opljochtet.
‘Sjoch, Reinou, it ljocht skouwt nou oer it hiele lân.’
Alles is like dúdlik: de hikken, it fé, de inkelde beammen, pleatsen, lantearne-peallen fan in dyk fierderop, auto's en dêr't de loft bigjint in skym fan'e sédyk.
As se Woarkum ynkomme, stappe se daliks ôf en gean rinnen, lâns de âlde gevels, ûnder de beammen fan it Noard troch. Se hawwe sin oan in bak kofje en geane restaurant-bar ‘Fresia’ yn. Yn it healtsjuster sykje se in sit.
Bearn sit útsakke en sjocht dan op nei Reinou, dy't hielendal yn harsels wei in oare kant opsjocht. Se sit ek in hiel ein fan'e tafel ôf.
- It is in bilachelijk gesicht, sa fier sit se fan my ôf. En se hat har hielendal fan my ôfkeard, liket it wol. Sit je sa mei syn beiden oan in tafeltsje?
‘Reinou, kom hwat tichter by de tafel sitten. Kear dy nei my ta. Sjoch nei my.’
‘Ik sit krekt sa lekker.’
De kelner bringt de kofje. Bearn wachtet. Dan:
‘Ik fiel my ûngelokkich astou sa hielendal fan my ôfsitst. Dat dochst altiten.’
‘Ik kin dy ek wol fan alles forwite.’
‘Kom nou ticht by my sitten. It gong krekt sa goed.’
‘Ik haw it nedich even op my sels to sitten.’
- Se forwyt it my, as ik it doch.
Bearn bigjint de kofje om to rieren.
‘Toe, drink dou nou ek mar, Reinou.’
Se docht it en skouwt ek hwat tichter oan'e tafel. Se sjocht nou mei libbene eagen by Bearn lâns nei de dingen om har hinne.
‘Hwer sjochst nei?’ seit dy.
‘It makket my sa bliid wer nije dingen to sjen.’
- Hwat sjocht se dan dat sa moai is.
‘Ik sjoch neat bisonders, Reinou.’
‘Ik sjoch hast nea mear oare dingen.’
‘Dat is net wier.’
‘Dou bist de hiele dei fuort.’
‘Dou sitst ek net altiten thús. As ik thús bin, kinst dou altiten earne hinne gean.’
‘Astou thús bist, giest yn 'e stoel sitten to stoareagjen, fregest my nearne nei en fortelst my ek nea hwat.’
‘Moast net sa lûd prate. Ik wol net dat se ús hearre.’
‘Dou bist bang hin, dat se hearre datst dou sa'n minnenien foar my biste.’
‘Gean mar troch, Reinou! Hwerom bigjinne wy nou wer to kankerjen?’
‘Bist dou dan tofreden?’
| |
| |
‘Ha wy it dêr oer. Praet net sa stom.’
Der komt in jonge frou yn. Bearn sjocht nei har. Reinou sjocht nei Bearn.
‘Witst noch wol hwer't wy it oer hiene, Bearn?’
‘Dou sietst saniis om dy hinne to sjen. Woest even lekker op dysels wêze.’
Bearn nimt de lêste slok út it kopke.
‘Hwannearst dou thús bist silst nou nea ris nei Geart omsjen.’
‘Dat is net wier.’
‘As er falt en gûlt, as er in skjin ruft oan ha moat, nea, nea silst dou dy der út dysels meirêdde. Fregest nea ast ek hwat dwaen kinst.’
‘Dat is net wier, Reinou! Dou wolst, tink, dat ik oan ien tried wei trochfreegje.
Dat ik eltse sekonde dy't ik yn 'e hûs bin, biskikber bin.’
‘Dy jonge is ek fan dy. Ik wol datst hwat mear meilibbest. Dou jowst mei hielendal net it gefoel dat Geart ek fan dy is. Giest nea út dysels ris mei him to kuijerjen.’
‘Dat is gemien praet! Lit ús útskije. Aenst kinne wy ús net mear ynhâlde.’
Reinou giet oerein.
‘Ik moat nei't húske.’
Bearn syn woeste eagen binne yn har rêch.
- Hoe komme wy hjir út. Ik wit it wol. Ik soe myn hannen om har beide stútsjes lizze moatte en sy moast it tastean, tsjin my oanfalle. Dy ûntspanning! Dêr is Reinou wer.
- Ik wol net tsjin him laitsje. Ik lit my net biprate. As ik tasjitlik bin, tinkt er dat er it wer goed meitsje kin, dan tinkt er dat it wer klear is. Ik wit net hwat der yn him omgiet as er syn boek tichtslacht en de doar útgiet en even letter sjoch ik dan it ljocht yn it hokje brânnen of hy giet troch de foardoar en dan wit ik dat er even letter earne oer in hikke leunt en it tsjustere lân oerstoarret.
‘Ik fyn dy moai, Reinou.’
Bearn leit syn hân op harres.
‘Né!’
‘Hwerom net?’
‘Wy hiene it oer Geart, net! Datstou hwat mear bilangstelling toane moast.’
‘Dou hâldst net op, hin Reinou.’
‘Ik leau ek net datst dou sa lokkich bist. Hwerom bist oars sa stil yn 'e hûs.’
‘Dou moast mar tinke hwatst wolst.’
‘Doarst it net to sizzen?!’
‘Reinou, wy sitte jouns fijn yn ús hûske.’
‘Noch ien kear batst de wyn harren yn it gesicht, skouwt dan, as se de bocht
| |
| |
omgeane, yn harren rêch. Se komme oerein. It sûzjen yn harren earen hâldt op.
Se fytse ynienen yn in ûnwerklike stilte. Se fiele gjin wyn mear. Mar de wolken dy't oer harren hinne jaeije, wurde nou donkerder en driigje.
‘Soe't op in reinen gean?’seit Reinou: ‘Hwat wolle wy eins Bearn?’
‘Dat moast dy net ôffreegje. Wy dogge gewoan.’
‘Ja, wy wolle hwat dwaen, hin!’
‘Dêrom.’
‘Wy wolle libje, hin Bearn!’
‘Wy libje wol.’
‘Ik wol altiten mear dwaen. Ik fret my op. De dagen gean foarby sûnder dat der hwat bart.’
‘Der bart fan alles!’
‘Wurd net lilk, Bearn.’
‘Meitsje dysels net mâl. Hâld dy stil. Sjoch om dy hinne.’
‘Dat doch ik wol!’
‘Hwerom praetst dan oer hwat oars. Fordomme, ik soe ek wol fan alles dwaen wolle. Dwaen! Dwaen! Alles derút!’
‘Sa bigjinst dou altiten.’
‘Sjoch nei de dingen dy'tst wol dochst. Dat bisykje ik ek. En siz net dat der neat is!’
‘Ik wol dy net ûngelokkich meitsje’, seit Reinou.
‘Ik dy ek net. Kom liz dyn hân op myn earm. Ik fiel de eartse drippen al.’
Se lûke de skouders op om to soargjen dat it harren net yn'e nekke reint.
‘Wy ha gjin droege klean by ús, Bearn.’
‘As it net fûlder bigjint kinne wy wol trochfytse. Wy waeije wol wer droech. It is mar in bui.’
Mar it bigjint fûlder to reinen.
‘It is net goed, dat wy ús wiet reine litte.’
‘Wolst skûlje?’
‘Dat is folle better.’
‘Yn 'e lijte fan 'e boskjes, dêr oan 'e lofterkant fan 'e dyk, kin it wol.’
Fluch stekke se skean de wei oer. Bearn knopet syn jas los, docht him oer de holle en slacht it wide ûnderein om Reinou hinne. Se húverje.
Drippen falle yn it sleatsje foar harren. De kij draeije de kont yn 'e wyn. Harren sturten waeije skean by de kont lâns nei foaren. In eintsje it lân yn stiet in pleats, mei allinne oan 'e súdside in pear luzige beamkes. Greide en hiem lykje ien. It gehiel harmonieart mei it ûnlijige waer. It foeget der sels hwat oan ta. Ynienen falt it sinneljocht troch in gat yn 'e wolken, troch rein en wyn hinne, op
| |
| |
ien fan de foarruten fan de pleats.
‘It is ûnwêzentlik, fynst net Reinou?’ seit Bearn sêft.
‘Dou moast net probearje it ûnder wurden to bringen. Dat is forfelend oan dy.’
‘Stil mar, der is noch neat to rêdden. Ik wit it, it wie mis, dat ik hwat sei. Mar nou sei 'k tominsten hwat, nou?’
De bui driuwt oer. It sinneljocht wreidet him út oer it hiele lân. De dyk bochtet skerp nei rjochts. It giet nou wer rjocht yn 'e wyn op, rjocht op Hylpen oan.
De útwrydske toer! Se sizze neat mear. It fytsen giet muoisum, muoisumer.
Bearn sjocht nei Reinou.
‘Soest wol wer even fan 'e fyts wolle?’
‘It is al healwei seizen.’
‘Wy ha de tiid oan ússels. It komt der net op oan hoe let oft wy yn Starum binne.’
‘Ik wol der graech foar donker wêze. Dan kinne wy dêr noch hwat rounsjen.’
‘In ûre of acht binne wy der wol. Reinou moast hearre; aenst yn Hylpen gean wy earst op 'e dyk stean en nei de mar sjen en dan to iten.’
Se sette de fytsen tsjin in izeren stek ûnder oan 'e sédyk.
‘Wachtest net op my?’
Bearn hâldt. Hy pakt Reinou by de hân en lûkt har de dyk op.
‘Ik bin dochs stiif jong’, seit se.
De mar! In griis flak mei wite koppen ûnder in donkerder loft mei swarte koppen. De weagen spatte stikken tsjin 'e dyk.
‘Ik ha honger, Reinou!’
‘Ik ek. De wyn giet troch my hinne.’
Se rinne troch de nauwe strjitsjes. De wyn is noch yn en om harren hollen, sadat se einliks neat goed opnimme kinne. De wytgiele tsjerke mei it tsjerkhôf dat in bytsje omheech rint, sûnder hage der omhinne, allinne in leech houten stek, makket alles noch frjemder. Se geane it nijmoadrich hotel-restaurant fuort by de tsjerke yn.
‘Hwer sille wy sitte’, seit Bearn.
‘By it rút.’
De rein slacht tsjin 'e ruten, sjogge se. Se binne krekt op tiid binnendoarren.
‘It let ús nou neat, Reinou.’
‘It is hjir lekker waerm’, seit se.
Se sjogge om harren hinne. Der rint út 'e seal wei in trep nei noppen ta, nei in omgong dêr't doarren op útkomme.
‘Keamers fan fakânsjegongers’, seit Bearn as Reinou der nei freget.
| |
| |
‘Hwat moai!’ seit se.
‘Fynst?’
Bearn pakt de krante, de ‘Ljouwerter’, dy't op 'e tafel njonken harren leit.
Reinou sjocht noch optein om har hinne.
‘Sjoch dêr binne kaerten, dêr wol ik aenst even by sjen.
“Fynst net dat dy taep moai bitimmere is.”
“Siz ris hwat!”
“Lit my even noflik krantsje.”
“Fynst it hjir net moai?”
“Astou earne komst, bigjinst fuort to bearen, Reinou. Dou stiest altiten forsteld, dat snap ik net.”
“Dou dûkst fuort yn 'e krante. Thús ek! Of dou dûkst yn in boek en dan bist hielendal fuort. Hwerom dogge wy jouns nea in spultsje?”
“Hast gelyk. Ik sil nou gesellich wêze. Hwat sille wy ite?”
Bearn hat it miel al bihimmele as Reinou noch mar healwei is.
“Hwat ytst dou altiten hurd. Ik fyn der neat oan.”
“Mei ik net mysels wêze?”
“Ach!”
“Ik miende, Reinou, dat wy hwat bikomme soene.”
It reint net sa fûl mear. Oer de wolken komt in rôze glâns to lizzen. Der falle noch hwat lêste drippen. Ynienen brekt de sinne hielendal troch. Se kinne net sjen, hwant se sjogge fanefter it rút wei it súdeasten yn, mar se sjogge dat de tsjerke ynienen yn in hel ljocht stiet. Hy skittert en ek de kleuren fan 'e hûzen en de strjitten ljochtsje op. De hiele wiete wrâld glânzet.
“It wurdt noch wer moai ek”, seit Bearn.
“Tinkst?”
“Hoe let is 't nou, Reinou?”
“Sawn ûre.”
“Dan stappe wy op. Dan kinne wy noch om in ûre of acht yn Starum wêze.”
Bearn moat earst noch pisje. Reinou siket in moaije kaert út.
Se hawwe it ein yn 'e bek, as se goed acht ûre Starum ynfytse. Yn 'e haven lizze de syljachten board oan board. Se hâlde en hearre it sûzjen fan 'e wyn troch de touwen en it klapperjen fan 'e touwen tsjin de mêsten. Se sette de fytsen tsjin 'e muorre fan hotel “de Vrouwe van Stavoren”.
De keamer dy 't se krije is ienfâldich, wyt en sûnder forsiering, mei in skean dak dêr't in ien- en in twapersoansbêd mei it holle-ein ûnder opskouwd binne. De
| |
| |
keamer leit yn in nij byboud diel.
Reinou set ta op in doar, dy't tagong jowt ta in balkontsje, mar se docht him net iepen, hwant it is yntusken wer bigoun to reinen.
Bearn set de tas del en giet mei de skuon noch oan op it ienpersoansbêd lizzen.
“Doch dyn skuon út”, seit Reinou, as se it sjocht: “Dat fyn ik fiis.”
Bearn leit al noflik.
“Goed, goed”, seit er en komt oerein. Hy stiet to duzeljen, giet wer lizzen en dan hiel foarsichtich wer stean.
- Ik siz neat. Se hat gelyk. Wiz!
“Hwat sille wy nou earst, Reinou?”
Se falt op 'e rânne fan it twapersoansbêd del.
“Ik bin deawurch, mar ik wol my earst opfrisse.”
“Mar lit my dan earst ûnder de brûs. Ik kin it nou wol opbringe. Astou earst giest, duorret it sa'n skoft foar't ik oan bar bin en dan kom ik der net mear ta.”
“Dou bist in oansteller.”
“Ja?”
“Ja! dou wolst it yn elts gefal. Toe mar.”
Se lizze njonken inoar, skjin.
“Hwat in moaije keamer, net”, seit Reinou.
“Hoesa?”
“Fynst dou dan fan net?”
“Ik fyn it in sterile keamer, kâld.”
“Dou hast altiten krityk. Bist it nea mei my iens.”
Bearn bisiket de hân ûnder Reinou har hals to krijen en har oan to heljen, mar se triuwt him fuort.
“En dou wolst dat ik krekt sa oer alles tink as dy”, seit se
“Oh.”
Bearn giet oerein en kriget skearmes en skearsjippe út de tas.
“Ik sil my ek noch even skeare”, seit er.
- Ik wol har rêstich meitsje. Hoe rêd ik dat joun wer?
“Dochst it om my, Bearn?”
“Hoesa?”
“Moast it net om my dwaen.”
“Dou hast it dochs net sein, dat ik it dwaen moast. Ik doch it út mysels.”
“Ik ha dy wol troch. Dou dochst it om't wy hast wer rúzje hiene.”
“Hiene wy dan hast rúzje?”
Né, dou hast gelyk.’
| |
| |
Reinou springt oerein en giet tsjin Bearn, dy't him wilens skeart oanstean.
‘Wy gean aenst earst Starum bisjen, nou?’ seit se.
Se steane lang stil oan it bigjin fan 'e Voorstraat, dy't oan wjerskanten fan in grêft lâns rint. Tusken grêft en strjitte leit in brede gersstrook.
Se rinne oan'e rjochterkant fan 'e grêft it trotwaer lâns. Efter de huzen leit daliks de sédyk.
‘Hwat lizze dy hûzen hjir prachtich’, seit Reinou: ‘Bearn, hjir wol ik wenje. Ut de hûs wei kin je sa de dyk oprinne.’
‘Oeral hwer'tst dou komst wolst wenje.’
‘Fynst dou it dan net moai?’
‘Ik fyn it moai.’
‘Mar dou seist net datst hjir wenje wolst.’
‘Sille wy nou earst allinne mar om ús hinne sjen. Reinou?’
Bearn wol har hân fêstpakke, mar Reinou skuort har los.
‘Ik wol losrinne.’
- It ynteressearret him net hwer 't wy wenje.
‘Fynst it net moai hwer 't wy nou wenje’, seit Bearn.
‘Wy binne nou earne oars, genietsje nou’, seit er.
Se binne oan 'e ein fan 'e strjitte en dêrmei ek foarby de lêste huzen fan it stedtsje. Se kliuwe oer in stek fan stikeltried en geane de sédyk op. De wyn klapt harren yn 't gesicht. Bearn giet daliks oan 'e oare kant de dyk wer del. Hoeden set er de fuotten op 'e glêdde basaltstiennen. Hege weagen brûzje by de dyk op. Bearn giet safier dat se krekt om 'e snuten fan syn skuon skouwe. Dan sjocht er om nei Reinou, dy't de jas ticht om har hinne hâldt en mei tsjin 'e wyn knipperjende eagen oer de mar útsjocht. Hy giet wer nei har ta.
Fan 'e krún fan 'e dyk ôf sjogge se del op 'e hûzen, dêr't se saniis foar lâns roun binne. De hiemen rinne oan't ûnder oan 'e dyk ta.
‘Wolst hjir nou net wenje, Bearn?’
‘Dou witst sels wol hoe prachtich ik it altiten fyn oan 'e mar.’
‘It liket my hjir salich ta. Geart moat dochs ek witte hwat de sé..... de mar is. Dan flean ik moarns sa mei him de dyk op. Goh! en dan kin ik hjir eltse dei swemme.’
‘Mar ast hjir bist, wolst hwer hwat oars. Dou bliuwst oan 'e gong.’
‘Ik wit wol datst it net wolst.’
‘Sjoch nei de mar, Reinou, nei de weagen. Wy hiene wol thús bliuwe kinnen.’
‘Dou wolst der net oer prate, hin!’
‘Hâld nou op.’
| |
| |
‘Ophâlde? Ik moat altiten dyn sin dwaen. Bearn, ik bigjin to razen!’
‘Hwerom? Wy wenje hjir miskien wolris.’
‘Aenst sit ik wer thús!’
‘Ik moat eltse dei nei it selde plak to wurkjen, net!’
‘Dat is net itselde. En astou dan jouns mar ris hwat tsjin my seiste.’
‘Hâld dy de bek nou!’
‘Ik woe dat ik nea mei dy troud wie!’
Bearn biweecht syn hân, mar hâldt him yn.
‘Dan kin ik nou ek wol fuort gean’, seit er.
‘En oars doch ik it wol!’ seit Reinou.
Bearn stapt hurd by har wei.
‘Ja, dat kinst, hin! Fuortrinne! Slappeling!’
Hy draeit him om, rint wer nei har ta en jowt har mei de flakke hân in tets yn 't gesicht.
‘Dêr dan!’
Reinou moartet it út.
‘Gemiene rotsak! Dat sil ik tsjin ús mem sizze. Dou bist sterker as ik, mar oars...!’
Bearn hâldt har stiif fêst. Se rinne njonken inoar fierder. Reinou wol har losskuorre.
‘Reinou, fordomme, ik hâld dochs fan dy. Wy gean aenst nei de bar fan 't hotel om noch hwat drinken en dan sil wy ris fijn op bêd.’
Se skopt him mei de snút fan 'e skoech tsjin 'e skynbonke en byt him ta:
‘Dat mienst mar!’
|
|