Trotwaer. Jaargang 5
(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 82]
| |
Tr. Riemersma
| |
[pagina 83]
| |
fonsels net, mar mun kin ut net dwaan, ut is te lulleg. Ut knyn leit dêr en is dea, de wetterdrippen litte ut són bij him óp spotte en spiele him lykehud wer skjin. Hy hat pyne hôn grif, net fólle mear fretten de lêste dagen, hij hat noch un pear spróngen makke en is ómwipt, de poaten en de kop hat ur útstrutsen. Mun knypt de sliepsek ûnder de earm en stapt de hûkke fon ut hûûs óm, de wjitte spot wer óp jun ta. Mun set de kont út nei Hollem, mun mat besykje ut noch tryteg fjitteg ier út te sjóngen. Of bijgelyks de húshôding dyt mun mette. Mun drónk un gleske bier, de boat gie jest oer trije ketier, mun seag un ôd tydskrift tróch mei risten kleurefotoos oer un bol fon trawestyten, ut wie jun noait ópfollen, mar mônlju havve bredere en plottere bekken os frôlju, mun smookt un sygaret en sjógt ut hear rus oer. Dur stapt un mon bij jun lôns nei un ober ta, hij hat un te grutte noas en útsteande earen, os ur ut hier net sa aakleke kwat knippe litten hie soe ut net ópfolle, un túfke lykos wij drage mwasten dût wy fjitjen wiene. Hij frege wot oer un bus, de ober lei ut út, de bus nei de boat of de bus nei Bollem, ut wie net te ferstean, de mon knikte en sei tankewól en ómt de ober noch net útpraat wie sei ur letter nochrus tankewól. Hij rûn óm 'e stamtafel hinne en sei, eane skean efter jun: ‘Ja, kóm mar.’ Mun sjógt fonsyden, hij rint fwaróp mei un kóffer, don kómme twa jonges, fjitjen en tolve lykernôch, en don de frau. Se is kreas, kreazer os de jónge trutsjes dyt mun jir en óp 'e boat ómsweven sjoen hat, oan 'e earm fon ien of oare he-man mei de honnen yn 'e stekbûssen fon ut súêdejoske of efter him oan dangeljend mei un yn teddybeargwód en iismûtsen bewuólle póppe óp 'e earm. Se sil un ier of fiifentryteg wêze, de hûûd is net mear sûnder wryt of slyt, se hat tearen yn 'e fwarhólle en bij de eagshûkken, wangen en kin binne flets. Mar har mûlle is fól en har eagen steane rêsteg en skôgjend, dur is freonlekhyd en wyshyd yn har ontlit. Mun sjógt har nei, ut hier is fon achteren bijenwar stutsen, net bótte meisin, ut springt wot. Se hat un jónge nekke os un famke fan sekstjen, dur binne jónge, ljochte tûfkes. Mun drinkt ut bier út en dógt ut tydskrift ta. Se binne olle fjouwer nei bûtten gien. Don tinkt mun ynienen: de jónges hienen dónker hier, tsjin ut swatte oan, en sij ollebeide ljocht. Mun tinkt ek: de mon wôde wot, hij naam te grutte stappen en makke knibbels yn syn bóksen. Mar se sil wól mei him óp bêd gean tink, se sil wól olle nachten bij him sliepe. Sóksoate dingen dyt hingjen bliuwe en dyt mun bewarret, dêt mun út en tróch oer tinkt en dyt mun bijslypet en bewurket óm se letter tenutte meitsje te kinnen. Lyteratuer - mun snijt en fylet de dingen bij en leit se tsjinenwar oan en lymet se fêst. Os wie dur kausalyteit en gearhing, os soe ut iene wot sizze oer ut oare en wie dur prowokaasje en kónsekweensje, os soe dur begjin wêze en ein, en fwótgóng en útslag.Ga naar eind1) Ek ol wolsty dêrfwar hoedzje, gjin kausaalbauwurk meitsje mei sin en slot, ut tafollege en sinleaze syn gerak jaan, ut fragmint fragmintarysk bliuwe litte - de romon hat syn eigen wetten, struktúrjerret him los fon 'e doelen fon syn makker en lûkt him út 'e wrôd weróm os un kwiksulverdripGa naar eind2). Do kinst dur neat oan dwaan dot de romon eineg is, stómgewoan un easte en un lêste sin hat, defynytyf ôsletten wud en dêróm rjócht tsjinoer de werklekhyd stjit dyt ûnbegreenzge en ûneineg is, wêrynt neat eane begjint of eane óphôd, wêrynt wichteg en net-wichteg olinne un kwestje fon point of view is.Ga naar eind3) | |
[pagina 84]
| |
Do hast un frómmeske moete dyt dij yn byten en brokken har libbensferhaal fertelde. Men moetet enwar stómtafolleg, mun rekket yn petear, fwarstellen is dur net bij, en mun wit wij sjógge enwar net wer, don kómt ut ferhaal. En don stapt se út, jireane mat se wenje, ik wit olinne har fwarnamme, ómt se un petear tusken har en har freon ferslûg dêt har namme yn neamd waad. Har ferhaal sit un romon yn. Ja fonsels, do kinst har wer moetsje, tafollegerwize, ut ferhaal fon har is net ô, wotfwar healwize sytewaasje kómt se no wer yn telône, hû gjit ut mei dy homofyle freon fon har, wud dot noch wot? Mar goed, dot matst wêze litte, har persoanlekhyd kinst brûkke fwar un romon, har ferhaal kinst ferknippe ta flash-backs, eventúeel kinst ut har fertelle jedder lykos se ut dij ferteld hat, de sytewaasje dêt se har jedder yn befûn hat kinne har wer fwardwaan, sadot ut ydee fon kóntynúytijt, fon ûnóplosberhyd ûntstjit, wot oare hampelmonnen dur ómhinne, óp neat útrinnend besykjen óm kóntakt te lizzen, un selskip lyke kwetsber-romontysk os blasee. En dêr hast don, os ut slagget, ut byld fon 'e westjeropeeske meenske. Achtentryteg ier, mar ûnwis os un bên, un stikmonneg mônlju efter de rêg, un pear psychyaters efter de rêg, un ûntwenningskuer ópknapt, un pear kear fon baan feroare, goed yn har wurk, mar ut fret har óp, ûnrêsteg en ópjage, te kwetst óm ut wer mei un fint oan te doaren, te ôd óm bên ha te wóllen, en bang olinne te bliuwen, net kreas, wot taneg, de eagen djiplizzend, ôde eagen dyt tefólle deagen mar neat learden. Ut hie óp Flylôn spylje sillen, un wykein fon freedtejûn oant sneintejûn. Un eilôn hie ik keazen ómt ut un ôsletten gehiel is en dêróm oerienkómt mei de romon. Ut slag romons dot yn un streek, un dwarp, un flatgebou, un hotel of un trein spylet, is bekend genôch. De atmosfearyske beheiningen fon ut plak dêt ut ferhaal him ôfspylet joue un soate fon útterleke steveghyd oan 'e romonkónstruksje. Ut eilôn Flylôn wie keazen ómt ut frij lyts is, en yn tsjinstelling ta Skiermwóntseag ferbyning hat mei un ridleke havenstêd oan 'e wôl, dyt os gaadlek start- en einpunt fon un romon fungjerje kin. Om ut kómpleet te meitsjen don daleks mar de easte sinnen fon 'e romon: ‘Net dot ut wichteg is, un pear (letter feroare yn: un stikmonneg) meensken dyt net gek of genyaal genôch binne óm durút te brekken, mar dyt wot ûnbehelpreg óp 'e kade ómstwattelje en besykje tusken wôl en skip te follen. 't Hat gjin sin, b binnen trije tellen skaaie dur bûien, ljedders, planken en boatsjekken nei ut wetter en fwótdurnei stjit de persoan wiet en kôd - ut is mits nofimber - mar fwarol lulleg óf óp 'e boat òf óp 'e wôl.’ Fonút de tradysje wei sjoen is de easte sin net sa min, hij stelt sûnder moaiwaar-praatsjes en oare ómbollingen daleks ut tema oan 'e wuadder. Mun wit wêt ut oer gean sil, wotsoate meensken, hókker soate healslachtege wramen en setten óm de ómstonnegheden te feroarjen, wotfwar flechten en útflechten óm de izeren réalytijt te ûntrinnen. Un sin fwar de flaptekst, fwar oankundeging yn ut Maandblad voor de Boekhandel, fwar ut súplemint fon 'e OLB te Frentsjer, un sin dyt stjit en dyt wot seit, ómt de kómklúzje winleken ymplysyt jûn wud, de twadde sin is gjin ferrossing, wot ur beskriuwt is un fwarsjenbere útslag. Mun kin jun dêróm ek ôfreegje ot ut nedeg is dy twadde sin te skriuwen. Hat ut sin óm dingen dyt elk rûkke kin eksplysyt te meitsjen? Ja, fwar dyt ut noch net wisten meskjin, mar dy sille ut dochs noait begrype, se sille ut net neifiele kinne, se sille | |
[pagina 85]
| |
harsels dur net yn werómfyne. Fwar sókken hûg je net te skriuwen. Net fwar waat oan un heal wud genôch ha, net fwar har óp waat olle wudden ôketse. Net fwar jim, wont jim witte ut wól, net fwar junsels, wont ik wit ut ek wól. Wot mij oanbelanget hûgt dur oan dy easte sin neat tajekke te wudden, olles wot ik sizze woe haf ik dur mei sein. Ut is un tige kwatte romon, of un kwatferhaal, un fes, of ost ljevver wólst: un motto, dotst eane óp plakke kinst. Wêróm sil ik fwar jimme nochrus wiidweideg parafrasjerje wot jim wól dreame kinne, of mei skiednissen en fwarfollen oannimlek meitsje wot jimme olle dagen oan jimsles en óm jim hinne merkbyte, of ferdúdlekje wot jim sa klear is os un klûntsje?Ga naar eind4) Ik ljo net dot dur skriuwers nedeg binne óm de meensken bewust te meitsjen fon har djipste gefoelens, skriuwers havve macht oer ut wud en kinne formúljerje, mar dot slút net út dot oaren, dyt minder maklek har yn taal útterje, tige otentyke gefoelens ha kinne.Ga naar eind5) Ut is trouwens de fraag ot de wudden fon un skriuwer ut ruseltaat fon tige djipgeande, oryzjynele gefoelens binne. Is ut net lyke goed mooglek dot hij un móntearder is fon wudden dyt gefoelens suggerjerje?Ga naar eind6) Wot dógt de skriuwer: gefoelens yn taal ómsette, of de taal sa bespylje dot dur gefoelens útkómme? Os ik yn un sarkastyske bui wie soe ik sizze: ut lêste. Mar ik wol mij disse reis net polemysk ópstelle. En dochs, de skriuwer hat wot wei fon un ylúzjonist, dyt de meensken dingen fwartsjoent dyt dur net binne. Hû mat ik ut sizze dot ik de werklekhyd ut meenst geweld oan dóg?Ga naar eind7) Un skriuwer hat net un pree-taal-ferhaal yn 'e hólle dot ur tale mat. Hij hat fage ydeeën, ûnbeneamde gefoelens dyt útterje wudde wólle. Hij kiest don fwar un kónsepsje - de romon lit ús mar sizze - hij smyt inkele lynen út en hij hopet mar dot syn gefoelens dur óp byte wólle. Mar hij is dur net wis fon, 't kin wêze dot tróch syn fiskerij dingen bóppe wetter kómme dêt ur ut bestean net fon fermoede hat en dyt ur net os eigen weróm kin. Un stapke tebek east. Do bist bij súttereg waar un blokje óm gien, hast un pear jónges stean sjoen bij de patattint, dur kaam un mon mei un hûn ta un doar út, de doar wie noch net ta en dur waad him wot neiróppen. Besykje dêr rus in wier ferslag fon te jaan. 't Kinst net. Wotst ollegjer beprakkesjerre hast, dot kinst noait mear reprodúsjerje. 't Tinken wotst sa Köörjenderwize dógst, gjit heal-bewust, mjelt sóms óm inkele hyltyt wer óphelle begrypen hinne, dyt sóms taald wudde, amr don noch faak tróch dur ien wudsje os un etyket óp te plakken, is faak a-gramatysk en wud ûnderbrutsen tróch un pat fon olle eag-, ear- en gefoelsyndrukken dyt sa sterk binne dot se yn taal ómset wudde. Wij skriuwe don mar: Swier yn prakkesaasje rûn ur...; of: Syn tinken rûntsjemjelde mar tróch en hij wist amper wêt ur rûn... Mar dot binne ómskriuwingen, net un werklek ferslag. Stel dot ut mooglek wie mei behelp fon ien of oar apperaatsje, un pear elektroden oan 'e kop en un mynyrekorderke yn 'e josbûsse, letter te beharkjen wotfwar yndrukken ost ópdien hiest en hókker dingen dij tróch de kop gien wienen: un ferskrikleke brij fon heale en hele wudden dyt net óm oan te jerren is mei durtróchhinne de monotony fon dyn fwótstappen, ut tikjen fon dyn het, lûden fon wyn, autoos, stimmen. Ost dêr wot fon oerbringe wólst, matst njóggenteg persint durút skifte. En kinst noch better hinnegean en smyt ut bontsje wei en gean óp dyn oantinkens te seil. Matsty ôfreegje mei hókker wudden, mei hókker | |
[pagina 86]
| |
oantsjuttingen en waarnimmingen ost de sfear fon dy jûn yn dy stêd en dyn eigen stimming óp dot stuit ut bêste ópróppe kinst. Hast dêr un auto fwar nedeg dyt tróch un wetterplosse jaget en dij ut wetter bij de bóksen ópsnjit, wel don hellest dy durbij, ek ol hat dur yn werklekhyd noait un auto west. Dy tûfkes yn 'e nekke fon dot frómmes yn ut hotel te Nes haf ik dur ek sels bij betocht, ik bedoel ut meens wie wól fiif meter fom my ô, dêr koe ikneat fon sjen. Mar ik fûn 't wól typjerjend, dêróm haf ik ut skreon. Do matst de gaos net reprodusjerje - steld dotst ut koeste - wont dêr hat gjin meens wot oan, do matst de gaos oerwinne mei dyn wudden. Dot is lyterêr dwaande wêze, mar net inkeld lyterêr, wont ut kómt hûnderten kearen foar yn ut deistege libben. Ost kljerreghyd besykest te krijen oer dyn gefoelens, ost fwar dysels un oardiel ha wólst oer un beskate saak, ost op besyte west hat en dur wud dy frege hût ut mei harren gyng, don kiest dyn wudden en besykest ta un formúljerring te kómmen. Dot is ollegjerre bekind en akseptjerre, en salang ost fwar dysels witst dot yn fertekening fon 'e réalyteit needsaaklek is óm un goed byld te jaan fon dyselde réalytijt, is ut ynwuadder en okee.Ga naar eind8) Sa kinst un fes meitsje en un kwat ferhaal. Do pikst un lyts grúske út 'e deistege werklekhyd wei, un fragmintsje dot net fergetten wudde mei, do spielst ut skjin ûnder de kraan en snijst ut wot bij sadot ut karakter dur better út sprekt en do setst ut apat, dot ut eag dur better óp folt. Tróch dur un stik stilte ómhinne te skeppen fredest ut tsjin de gaos ô dêst ut út nómmen haste. Sa kinst un romon ek ópsette, un kwat ferhaal dot tige detaijerre wud, en ik wit dot dur skriuwers binne dyt sa yn romon meitsje, mar fwast freegje ik my ô: os un kwat ferhaal goed is, wêróm sille jo ut don útdije litte ta un romon, os olles sein is, wêróm mat ut don nochrus wiidweideger sein wudde, en twad: hû kin un meens dur nócht oan ha óm un wurk te skriuwen wêrfont ur fontefoaren wit hût ut dur útsjen sil? Fonsels, un detektive skriuwst sa, ost snoad bist - dot wie ik destiids net - olles mat klopje en logysk ynenwar sitte, mar san dinkje skriuwst óm 'e adeghyd, óm de meensken un nófleke ûntsponning te jaan. De echte romon is fwar de skriuwer net un tróchtimmere en útmetten werjefte fon un grúske libben, mar de romon wól de totale réalytijt wjerspegelje.Ga naar eind9) De romon is fwar de skriuwer un rûmte dêt ur mei syn hiele wêzen yn bestean wól. De romon is un aventoer os ut libben sels, ûnfólslein, fragmintarysk, tsjinstrideg, kameleontysk. Un ferhaal of un fes kin dot ek wêze, mar dy binne sa lyts dotst se yn dyn hôn nimme kinst en sizze: jir haf ik ut ûnfólsleine feenzen. Is ut un goed ferhaal, don baansty duroan, don fielst ut yn dyn fûst bewegen en prykjen. Un romon is sa grut dotst mar óp inkele plakken dyn honnen lizze kinst wylst de rest dij ûntkómt. En don binne dur twa mooglekheden: òf dy rest is sa tsjinstrideg mei wotst ûnder dyn honnen beflapt hast en sa sterk dot ur, wotst grepen hast, dij wer ûntfytmonnet - ik wit mar twa fwarbylden: Ut Lyk Wud Oantaast en Meenskrotten-Rotmeensken -, òf dy rest is ydentyk mei wotst pakt hast. De twa neamde romons binne navenont ûngrypber ómt se de gaos wól oerwûn mar net deamakke havve, de normale romonkónstruksje is bij ûngelók of mei ópsetsin fernield, wêrtróch un haadlijn of un swittepunt minder maklek oan te wizen is. Patten fon lijnen krússe enwar en swittepunten wikselje ol nei ut plak | |
[pagina 87]
| |
fon wêrút mun ut gehiel oersjógt. De gewoane romon is faak net mear os un oanklaaid bônkerak, un ynkleure skema.Ga naar eind10) Wis, dur sitte inkele higtepunten yn, mar yn ut gehiel fon ut mozayk ferlieze dy fragminten oan glôns en krêft. San fragmint hie better ta syn rjócht kómmen os ut óp himsels, sûnder ol dy ómbolling, os kwat ferhaal de wrôd yn stjoerd wie. Ut is wól wier fonsels ost, lykos ik jirfwar beskreon haf, wiet en kôd en sûnder hoop dyn maten te fynen oanstriid krygest óm durút te stappen. Mar dy langst is fólle ópfollender os dur helendol gjin beroede ómstonnegheden binne. Ost gewoan bij dysels tinkst: ut hûgt fon mij net mear. Sóks wud net sa maklek akseptjerre. Ik wit noch wól un pear gefollen út myn jeugd, hût dêr oer praat waad. Un mon hie wot tsjinslag hôn yn saken en skeat himsels fwar de kop. ‘Dy grutte gek,’ seinen se yn 't dwarp, ‘hij hie noch genôch sinten oer.’ En ien dy gyng fwar de trein lizzen en waad oan smóts riden. Ut wie un genierke, hij hie yn 'e ôrûnne winter twa kobisten ferlern, en hij wie fonsels net fersekere. ‘Mar hij hie ómmes noch acht kij oer.’ En immen hóng him óp bij ús yn 't dwarp, hij wie tsjin 'e sonteg. Mar ut hie oltyten un núvere kearel west, seinen se, ut wienen swakke hóllen dy femylje, syn heit hie him yndertiid ek ferhóngen. Fon ien mar waad ut akseptjerre, stjit mij foar, ut wie un frau dyt un swiere taak óp har nómmen hie, dyt se net mear oan koe dût se ôder waad. Se gyng ut wetter yn. Ut begrutte de meensken, mun kin dur ynkómme, seinen se. De meensken wólle salang mooglek libje en ôd wudde en yn un tehûûs útdrûgje en fwóttarre. En waat fynt dot ut mei un pear ier minder ek wól takin, dy mat dêr un akseptabele reden fwar havve. Krekt os binne je ferplichte de hele góng fomlyts bên ta ôd stumper te belibjen fwat je skiede meie. Os is jo libben jest ô en fólslein os jo senyl sitte te plúzjen oan 'e franjes fon ut taffelkleed. Mar sonteg ier of fiifentryteg ier, ut makket óp 'e iveghyd gjin ferskil. Os un libben fon sonteg ier fwar fólslein tróchgean mei, wêróm don un libben dot de helt kwatter is net? Ut libben is dochs un fragmintaryske en frijwot gaotyske tastôn, 't is net un kurses dyst tróchrinne matst mei ópklimming fon swirregheden.Ga naar eind11) Ost tweinteg bist witst lykernôch wotst ferwachtsje kinst, en ost tryteg bist don sjógst dot dyn ferwachtingen moai adeg útkómmen binne. Ik bedoel ut net sarkastysk, helendol net, ik haf un hekel oan sjachrijnege meensken en ik besykje ut sels net te wêzen. Do kinst se wól, se havve fon dy hûkkege bewegingen os se tróch de keamer stappe, dot elkenien har mar goed sjen sil, un gesicht os Jezus oan 't krús, en don krijst de ferhalen, de fólslein stereötype gjolpen fon dit is neat en dot is un rotsoai en lófts is lang net lófts genôch en de hiele maatskippij mat oer de hassens, en do kinst net mei dyn bwórfrau fjidder kletse oer luchtege dingen wont do wudst óp ontwud ferge, no don lulst se mar nei de bek, ah jónge ja, 't is ollegjerre neat, mar don is 't noch net goed, wont sij binne hatstikke tsjin lófts, wont lófts is arrivé. Dus jónge, eigentlek bisto hatstikke rjóchts tinkste, mar seist ut mar net wont don komst noait wer fon dy ôdehoer ô, en don ha se meast ien of oar trutsje bij har dot mei grutte kjelle-eagen wot stúpyde olle wudden ópheind dyt se ol hûndeten kearen jerd hat. Sókken wudst siik fon en tinkste by dysels, jónge os ut don ollegjer sa beroed is, sykje un eintsje tau en ik wól de stoel wól ûnder dy wei skóppe. Utsoate meensken dot har swirregheden kultyvjerret óm dur oaren mei lesteg te follen haf ik un grouélegen hekel oan. | |
[pagina 88]
| |
Wot ik sees, dêr sit gjin soerens bij: do sjógst wot dyn kapasytijten binne en wêst fwar oanlein bist, en tinkst: dot soe 'k wól kinne en dot soe 'k ek bêst adeg fyne óm te dwaan. En dot is bêst un leuk fanke, os ik dêr mei trau wud ik grif wól lyke lôkkeg os de mitsmjitte. Op disse betingsten kin ik wól meidraaie yn 'e maatskippij. Don makkest tsien ier letter de rekken óp en seist ferwûndere: ut is noch slagge ek, ut is fólle better gien os ik ferwachtsje dwast, ik haf ut bêst leuk fûn. Dus noch marrus? Ik bin net goed yn gelykenissen, dit wud wer un heel ómslachteg ferhaal, mar it wit net hût ik ut better dúdlek meitsje mat. Do bist óp un camping dêt gjin moer te fersieren is. Mar de campingbehearder hat wot útfûn fwar gosten dyt har ferfele: do krijst un brómfyts, un lunchpakket en un púzzelrûttekaatsje - jim witte wól: bij pleats mei reiden tek lóftsô, etc. Do gjist de mwaans óp reis en oan 'e hôn fon ut brjifke kómst tróch ollegjerre moaie lônsdauen, do ytst dyn lunchpakket yn 'e bósk óp, de fûgeltsjes fluitsje, de iikwuantsjes kómme nijskjirreg tichtebij, do biinst de jos efteróp wont ut is hearlek waar, do hast un prachtege dei en do bist yntiids wer tús. ‘Hû wie ut?’ freget de behearder. ‘Ut wie geweldeg,’ seist. ‘Moan nochrus?’ No, moan wer utselde?... ‘Do kinst wól un oare brómmer krije.’ No ja, un brómmer is un brómmer. ‘Of woest wot oas op bôle ha?’ No nee, ut yten smakke skoan, mar... ‘Kinne jo net un oare rûtte útsette?’ ‘Ja, wiswól.’ ‘Wêr kóm ik don lôns?’ ‘Ek wer tróch bósk en heide.’ ‘Dot ha 'k joet ek ol sjoen.’ ‘Ja, mar dit is wer un oare rûtte, en 't is dêr bêst moai.’ Ja, dot sil 't wól, mar os ut moan lyke leuk is os joet, don fyn ik ut helendol net leuk mear. Ik merk ut wól, it is net adeg fwar de behearder, ik dóg sneu, en fwar de oare jónges dyt óm un rûttekaatsje frege havve is 't ek net fijn, ik fergolje har plesier, mar ik kin dochs ferdoarje net oas dwaan os earlek myn miening sizze. Ik jer se flústerjen: ‘Hij hat ut grif net noai fûn, en no hat ur gjin moed mear óm ut nochrus oan te doaren.’ Mar dot is ut net, os ik ut wier rot tróffen hie, min waar, lekke bonnen, ferkead riden en bij nacht wurg en wiet tús, dan hie 'k fon argewaasje sein: moan wer! en don better! Tsjinslaggen peppe mij óp. Mar os jo genoaten havve, os ut fijn west hat, os neat jo dwas sit en jo hielendol tefreden binne, wêróm mat ut don nochrus? Os un fint fon fiifenfjitteg seit: ik haf un rotlibben hôn, wot ik ek besocht haf, ut is my bij de honnen ómtô brutsen, mar no wól ik ut jitrus óp 'e nij besykje en ik sil myn hassens brûkke en ik sil mij durfwar ynsette óm lókkeg te wudden, don hôd ik my stil. Os jo tinke dot ut oas en better kin, mat je ut oltyt besykje. Rûmte fwar sókken - net dot ik dur fólle fydúsje yn haf, os jo mei fiifenfjitteg ier noch begjinne matte is dur net fólle kôns dot ut ea noch wot wud - lit him ut besykje, san mon hat un doel yn syn libben en dot is noait wei. Mar ost lôkkeg west hast en lókkeg bist en ost fon 'e takómst utselde ferwachtsje matst, tja don hat ut net safólle sin óm tróch te gean. No ja, ot ut sin hat is ek net wichteg, os ut mar leuk is, mar dot is 't him krekt, ut wud stróntferfelend. Wot tsjinslag en argewaasje, dot hôd dy dwaande en do ferjitst de tiid en de ferfeling. Dût ik dêr fersúttere bij de Hollemer ljochttoer ómrûn, wie dur oan 'e iene kont oanstriid óm wei te weẑen, mar súver tagelyk wudst ek agressyf en seist: ol sil ik oan strónt reine, ik set tróch. In flinke fint lit him tróch swirregheden net deprymjerje, netwier, hinderpjellen matte út 'e wei rûmme wudde, en | |
[pagina 89]
| |
tûkkeltjemmen matst oan kont reagje. Mar os dy dingen dur net binne, gjin dingen dyt dij útdaagje of argewaasje jaue, os dur neat is, don is ut leeg. Do kómst bijgelyks út Ljauet wei óm un ûre of tsien. Do waarmest wot snert óp en ytst dy lekker sêd, en do tinkst bij dysels: east mar even de kronte tróchsjen en don strak noch un pilske helje. Do gjist nei bóppen mei de kronte, stelst de termostaat wot heger, gjist nóflek yn 'e kessens hingjen, stekst un sygret oan en tinkst: no soe 'k ek wól dea wêze wólle. Lykos ut famke dot har taks sherry hôn hie: ‘No soe 'k wól sin oan un tonicje ha.’ Net oas os dot, óp deselde fleurege wize, ut smakke skoan, dêr net fon, mar no woe 'k wólrus wot oas. Ut feesje slagget hatstikke goed, de sfear wie dur fwóttendaleks, wij draaie plaatsjes en frette chips en sûppe pils en ôdehoere en dónderjeie, en 't is noch net iens tolve oere en wij hôde fwar trijen net óp, san fuif ha wy yn gjin tiden baud, ut kin wer net stikken en - tja, ik wól mar nei hûûs. ‘Mar wot mankeart dy no?’ Neat, mar ik woe mar fwót. ‘Fiinst ut net geselleg?’ Jawol! ‘No don! Dur is noch genôch bier, en 't is noch net iens tólve oere! Wêr matst don hinne?’ Neane. Gewoan fwót. ‘Mar wêróm don? Is dur wot?’ Neu, ik ha 't bêst adeg fûn, mar ik woe no mar fwót. ‘A, bliuw jir no, wês no gjin spultsjebrekker.’ No ja, os jim ut ljevver ha, wól ik ek wól bliuwe. Se sei: ‘Ik ha myn libben ynklaaid sat ik ut woe. Ik ha 't bêst nei 't sin. Mar ik freegje my wólrus ô wot ik jir dog. Selsmoad is ûnsin natuerlek, dot kinst net meitsje. En fwar ús heit en mem, en de oaren, 't kin net, mar fwar mysels soe 'k ut net slim fyne óm dea te gean.’ ‘Do bist noch sa jóng, utlibben leit noch fwar dy.’ ‘Do bist gek,’ sei se. (‘Is dur wot mei har?’ ‘Nee, mar sij mei graag yntressont dwaan.’) Do sitst oan 'e bar, do hast un pear slókken fon dyn easte pilske nómmen en ynienen tinkst: Tjé, ik mat dot healglêsfól noch ópsûppe, en aanst mat ik noch wól un pear nimme, ik kin net nei ien fwótgean, se meie wól tinke dot dur wot is, wêr lit ik dot ollegjer, en 't is ek noch mar jelwy tólven, ik bin jir súver krekt, ik kin net fwótgean. Don rûggelje dur un pear yn en ut wud noch bêst un gesellege jûn, do prakkesjerrest neane mear oer en 't is ol oer tiid os wij nei hûûs geane de grêft lôns, enwar goede nacht weenskje. ‘Kómst moanmiddy even oan?’ Ja, ik kóm even del. 'k Hoopje dot ik lekker sliepe kin óp dy pils. 'k Soe ek wól tróchslipee wólle. Ik sil ut ómmes dochs net merke os ik net wer wekker wud. Ja, ik soe wól tróchsliepe wólle. Hij sjógt dur gjin got mear yn, sizze se. O ja, gotten genôch, mar se kómme my ollegjer lyke bekind fwar. Miskien bin ik noch wól kréatyf genôch óm un nij got út te fynen, mar don sil ut my hyltyt bijstean dot ik dot got tróchkrûpt bin óm de ferfeling te ferdriuwen, en don is ut ûnecht, forsjerre, en don is de lol dur ol wer ô. Witst wot leuk is? Un kater dot is leuk. Ost yn 'e mwantyd fon mislekhyd en mei un bastende pynehólle wekker wudst. Do kinst dur net ô óm un tobke, de ieren yn dyn kop kinne wól springe, skoost dyn snút oer de rône fon ut bêd en jagest de boel durút, net iens fólle, un bytsje fócht dotst noch yn 'e mage hiest. Mar don kómme de krampen óp 'e nij óp 'e lege mage, de rêg gjit dy krûm stean, dyn mage klapt tsjin 'e nieren en de pyne skwórt dy tróch de hûûd. Un lyts gjolpke golle rint dy út 'e snút. Net mear, net mear, leist te bidden en te smeken - flókke | |
[pagina 90]
| |
dógst net mear, bist fwargoed lytsmon no - triuwst dyn kop yn ut kessen wei en wólst dur net mear oan tinke, don kómt ut net weróm, os ik stil lizzen bliuw kómt ut net weróm, ik besykje te sliepen oant ut wot better is, ûntsponne, dut net oan tinke, amr út kómt wól weróm, leist óp 'e knibbels yn 't bêd, ut kin óp ut bwast, de kop yn ut kessen treon. Trije fjauer kear knypt de mage dy gear, dur is neat mear út te wringen, wie ik mar dea, os dit mar oer wie, en os ut fwarbij is en ost nei leist te hymjen tinkst ik mat wot drinke, wont dit is net te fernearen, en don gjist fwarsichteg oerein, ut gjit wûnder bóppe wûnder, mar o ost ienkear neist ut bêd stjist, do hôdst dyn kop mei de honnen beet en skúffelst fwótsje fwar fwótsje nei ut trepsgot, do matst dyn hólle loslitte, do matsty mei beide honnen oan 'e leuningen fêsthôde, o myn hólle, o God wot haf ik misdien, myn hólle. En don skarrelst un healflesfól molke óp en mjuksest dur wot wetter tróch wont oas kin de mage ut net ferneare. Do jitst wot yn un kópke en drinkst en sykest un tóbke en nimst de boel mei nei bóppen. En don gjist sa lókkeg wer lizzen, ut is slagge, dur kin my neat mear gebeure, krûpst yn ut waerme bêd, do bist kôd, ut bêd stjónkt nei swit, en sels stjónkst ek, mar dot is ut slimste net. En dêr is ut ynienen wer, do kinst de hólle noch krekt bóppe ut tóbke hôde en dêr spuitet yn ien kear ut kópfól molke dy ta de strôt út, mar dur is neat mwaier os sa spuie te kinnen. Gau wer wot drinke jet dur krampen kómme. Do bliuwst stil lizzen te wachtsjen oant de hammerslaggen yn dyn kop dyt tróch ut spuien wer ópjage binne ta rêst kómme. Mar don merkst dotst os de wjerljocht nei 't húske matst, ut tóbke mat mar mei, wont do witst net hûlangt de molke duryn bliuwt en wotst east en lêst matst. Mat ut hie net hûgd, de mage akselt wól tsjin mar hôd ut noch binnen, oantst weróm bist en wer óp bêd leist, don kómt ut wer ómheeg, yn twa trije kear bist ut wer kwyt, mar ut hat diskear langer dwórre. Drinkst óp 'e nij en sykest de bêste hôding fwar dyn kop, ut slimste is no fwarbij, fon ûnderen en bóppen is olles durút en ut switten bekómt ek ol, olinne dyn fwarhólle is noch klam. En dom jaut de mage him del, ut bwóllet noch wólrus wot, mar hij nimt ut. Noch even wachtsje, en don nimst noch un kóp molke mei un pear asperynes, os de mage dot ek nimt, bist un heel ein de goede kont út. Don skarrelst yn sliep en ost wer wekker wudst is ut ien oere. Fielst neat mear, ut koe wól oer wêze, mar ost oerein gjist begjint ut wer te bûûnzjen, net sa slim mear os strak dôt de kop dy baste, ut is no noch un gewoane slimme pynehólle. Nimst noch un pear asperynes en gjist wer lizzen. Hast sin oan un sygret. Hij smakket net, mar 't is un goed teken dotst dur sin oan hast. Sliepe wól net mear, leist wot te prakkesjerjen, mar besykest net oan justerjûn te tinken ost oan drank tinkst wuost fwót wer mislek. Om un oere of trije gjist dur ô, de pynehólle is noch net oer, mar ut is no te fernearen, en meskjin ost wot yten hast en dy wot ópfrist, dot ut don wól hielendol saksjerret. De mage gnwarret ol wot ost de bôle mei bakt aai tróchslókst, ut is ut bêste yten meskjin ek net, mar hiest dur sin oan, en wêst sin oan hast dot nimt de mage yn 'e regel wol. Do woskest en ferskjinnesty, en don gjist de strjitte óp, frisse lucht silst wól fon ópknappe. Matst de fwótten ol wot fersichteg delplontsje, mar fjidder gjit ut ómraken. Do rinst de grêft lôns en stekst un sygret óp en sjógst nei de winkeljende frôlju. De kómst un drankwinkel fwarbij, sûnder erch, mar ynienen tinkst: ut dógt my neat mear. Gjist weróm en besjógst olle flessen en besykest dy de smaak fon pils, en jónge en vieux en bearenbwarg yn 't sin te bringen, en ut dógt dy neat mear, do wudst dur net | |
[pagina 91]
| |
mislek mear fon. Do bist wer ynwuadder, os út 'e deaden ópstien fielst dy. En don, wylst fjidder skarrelst oer ut trotwaar, bij de winkeljende famkes lôns en óm frôlju mei lytse bên hinne, tinkst: famkes binne dochs wól leaf, tinkst don. Mar hûlang is ut lyn dot ik un fijne kater hôn haf? Wól un mwanne of trije fjauer tink ik. Ik mat tsjintwuddeg safólle drinke jet ik wot rûzeg wud. Ik ferlies wól de kóntrôle oer myn spieren, ut praten wud net better, mar ik bliuw sa freesleke helder. Noch mar kwat lyn, dû koe ik óp un stik of fiif seis pilskes hearlek sliepe, no jaut ut my neat mear. Ik lis mar te wachtsjen en gean dur marrus ô te pisjen, en don sljipst helendol noait mear. No ja, sjachrijneg praat fonsels. Ik haf helendol gjin sin oan óm un romon te skriuwen. Os ut fwar de lêzers adeg wie, meskjin soe 'k ut don noch dwaan, olhûwólt ik dur ek net iens fólle behûfte oan haf dot elkenien mij mar lêst, ik bin óp 't lêst gjin prostytúee, mar ik bring jim dur mei óp 'e doele, jonges, en dot wól ik net. Un ûntsponningsbûkje, dot is bêst, un detective, un Lucky Luke of Asterix, dot lês ik ek graag. Mar os ik un romon lês dyt de preteensje hat wot te sizzen oer un meenske of de meensken, don stel ik easken. En hûfaak sjógst net dot de persoanen beheind binne yn har mooglekheden, krekt os aapkes óp un mesykbox dyt hyltyt óp 'e selde wize trómmelje of tûtterje of mei de kop skokke, en dot ut honnelingspetroan durútsjógt os un spoaremplasemint, dur binne gôns mooglekheden, mar ut tol is beheind en oan 'e hôn fon ut tol wiksels te berekkenjen. Yn 'e romons, de measten dyst lêste, skwórt de gaos net mear oan syn kjetling, de gaos is deamakke en ynblikt. De romon wjerspegelet faak net un fragmint réalytijt, mar is un ysoljerre en vréeel skynwrôdsje, un park ynstee fon un stik oerwôd.Ga naar eind12) Dot is de skriuwer har doel net - ik hoopje temeensten dot se libbene réalytijt skeppe wólle - mar de ús oerlevere tradysjonele romonkónstruksje lûkt wot wij stôl jaan wólle nei him ta en ferfwarmet ut dot krekt ut karakterestyke ferlen gjit en plakt ut eane del. De romonskriuwer lyket óp un hondege skwalmaster dyt fwar syn freonen de belestingformúlieren ynfóllet. Trije meensken bringe him trije ferskillende bóndeltsjes dokúminten: gyrokaatsjes, bankrekkens, leansteaten, kwytônsjes etc. Elk bóndeltsje freget un apatte behonneling en hat un eigen story. Mar dy hondege skwalmaster kin dur neat oan dwaan dot dy trije formulieren ôsjoen fon 'e persoansnammen en un rist deade syfers ydentyk binne.Ga naar eind13) Lis marrus twa romons neist enwar: dur kómme oare meensken yn foar en de aventoeren ferskille, mar fjidder binne se gelyk. No ja, ik driuw oer, fonsels.Ga naar eind14) Fergelyk mei ut kwatte ferhaal kómt de romon un ier of fyfteg efteroan. De novelle is kepot makke en dur binne gôns oare fwarmen fwar yn 't plak kómmen, en noch lyket ut tol faryaasjes ûnbeheind. Ut kwatte ferhaal is un sammelnamme fwar un ûntychelek tol typen kwat proaza. Un romon is un romon en men kin óp un heegsten un anty-romon skriuwe. De romon is net mear en noch net un fólweadeg útdrukkingsmiddel fwar un skriuwer fon disse tiid.Ga naar eind15) Ut kwatte ferhaal is dot ol, mar men wól ek wólrus wot oas werjaan os grúskes en spwónnen, mun wól wólrus un stikje libben yn syn kómpleksens stôle. Mar dy romon oer Flylôn, dot dóg ik net. Jim, os jim him út hienen, soenen meskjin sizze: ‘Heden, wot gie dot dêr neet óp Flylôn, net?’ Of, wêt mear kôns óp is: ‘Hm, óp Flylôn is ek gjin mallemoer te fersieren, dêr hûgst ek net hinne te gean ost dy ferfeelst.’ Mar dot is net wichteg, dêr gjit ut helendol net óm, dot | |
[pagina 92]
| |
Flylôn kin óm mij yn 'e see sinke en dy saneamde haadpersoanen yntresjerje mij lykemin. Ut gjit óm jim en óm mij en net om meensken dyt net besteane of dyt meskjin wól besteane mar óp un heel oar plak wenje en dyt noait óp Flylôn west ha, of heel lang lyn mei un skwalreiske, mar dû wienen se noch lyts, en hiene se noch net sókke eksistinsjele problemen, sis mar. Nammes, dot skwalreiske wie ek net mits-nofimber, dot wie yn 'e easte helte fon júnny. Lyteratuer is gjin kopij fon 'e réalytijt, do matst ûntychelek ferienfôdegje en de dingen oandikje en do matst dur wólrus wot bijhelje.Ga naar eind16) Mar dur binne greenzen, do matst net olles oer de kop skwórre en dur un fólkeferfarren fon meitsje en dot frómmes dy har klean oan lûkke en dy fint un oar syn problemen yn 'e mage splisse. Dot hat neat mear mei de werklekhyd út te stean, dot is ien grutte komeedzje. Ik kin wól ien of oare fint nimme út Ynskedee bijgelyks, of lit ús sizze Hingelo, wont ik haf olrus oer un fint út Ynskedee skreon en jo wólle ek wólrus wot oas. Hû sjógt dy fint durút, ol un bud of net un bud? En os ur un bud hat, hûnnent hat ur don? En wotfwar klean lûkke wij him oan? San mesjesteren safarypakje? Ja, dot is wól hondeg, wont do kinst dur olle konten mei út. Klaaid en en dochs sportyf. Mar ho rus, hû kómsto óp ut ydee fon un safarypakje? Just: Thom hat ien en Douwe hat ien. En osto dot net sjoen hiest, hiest noait óp dot ydee kómmen. Mar wêróm mat dy fint yn un oar syn pakje rinne? Dot begryp ik net. Sóks is gjin fútylytijt, dit is fon wêzentlek belang. Os ik sókke ûnsin skriuwe mat óm oan 'e lyteratuer meidwaan te kinnen, don skriuw ik mar ljevver net mear. Dy fint sil wól klean oan ha, ut is óp 't lêst mits nofimber, en 't is oltyten kôd óp see, mar wêrúm un safarypakje? Ja wit ik ek wól, dot 'k ut sels keazen ha, mar jónges os ik dur wot oas fon meitsje bliuwt ur probleem gelyk. Un heel deagewoan ûnópfollend griis pak? Goed jer, mar ik haf totaal gjin skeppende fantasy, ik mat dot grize pak eane sjoen havve, en net yn Hingelo, wont dêr bin ik mar ienkear tróchriden en dû haf ik noait grize pakken sjoen. Dot pak mat my eane ópfóllen wêze yn Frjentsjer of Ljauet en hû kómt dy fint oan dot pak. Keapet dy syn klean jirre meskjin? No goed, don un spykerpak, dot kinst rûnóm krije, en ot ut Lee of Levi Strauss of Wrangler is, dêr litte wy ús net neier oer út, dot litte wy gewoan blau-blau, un gewoan blau spykerpak wêrfont ut merk net neamd wud, en dot dógge wy yn romons dochs ol noait, dus ut folt net óp, un gewoan spykerpak dotst rûnóm keapje kinst. Moai, don wól ik graag witte wêt dy fint út Ynskedee, dy fint dyt sa graag haadpersoan wêze wól, wêt dy fint dat pak kocht hat. Is dot un detail dot ur ferhaal mar óphôd? Dot is mooglek, dêr haf ik my net yn ferdjippe. Ik wist nammes net dot dur un ferhaal oan 'e góng wie en 't yntresjerret my ek net. Is ut net wierskynlek dot dy fint óp 'e boat dut oan werómtinkt wêr ur dot pak kocht hat, of ut soe ol poertafolleg yn un flashback foarkómme matte? No, jo hûgge jo net te skamjen jer, dur ûntkómt mij ek wólrus un grau wud, mar ik soe wól graag witte wolle wêt dot pak weikómt, wont ut lei mij bij dot dy ferkeaper bij un oanriding yn Hingelo betrutsen west hat. No dógt blyken dot de haadpersoan him fersind hat, dur wie dy deis un oare ferkeaper, en dy hat bij un oanriding betrutsen west, mar de ferkeaper dyt ik óp ut eag hie, dy wie dy deis út stel, en dy hat neat, mei hókker oanriding ek, út te stean. No binne dur twa mooglekheden, wij freegje fjidder oer de sûnne ferkeaper of oer de sike, mar jónges, wij sjógge even letter dot dy twa rúzje hôn havve óm un frómmes, hût ut mooglek is dot ien him drók makket óm un frómmes wit ik | |
[pagina 93]
| |
ek net, mun kin jun oeról wól drók óm meitsje, mar lit ús oannimme dot Hingelo un efterbleon gebiet is dêt se noch spul óm un frómmes meitsje. En don kómt dur ynienen un nije mooglekhyd: is dy iene ferkeaper meskjin siik wudden om de oare fwar dy oanriding ópdraaie te litten? Kinne jim wól sizze: dêr gjit ut helendal net óm, ut gjit oer dy dint dyt un wykein nei Flylôn gyng - ut wie mits-nofimber. Ja, dot kin bêst wêze, dêr haf ik helendol neat óp tsjin, lit dy fint mar stil nei Flylôn gean, 't kostet no noch acht gûnne, skielk kómt dur yn ryksdaalder bij os de plonnen tróchgeane, dus ik soe mar evenseare is ik him wie. Nee, ik haf dur helendol neat óp tsjin, mar ik yntresjerje mij fólle mear fwar dy twa ferkeapers, hût dot ôrinne sil, en dot frómmes dêt se óm fóchten, no ja, fóchten, mar temeensten rúzje hôn havve, dot is meskjin bêst un leuk frómmes. Net dot ik achter frôlju oanrin, gewoanlek net, mar as jo yn Hingelo binne, mat je je bij de heaskjende seden oanposse. Jawól! Dy fint út Hingelo soe haadpersoan wudde yn myn ferhaal en drager fon myn ydeeën en problemen. De arrogônsje - ydeeën haf ik noait lêst fon en myn problemen kin 'k sels wól drage, en os ik fyn dot dêr oer skreon wudde mat, don kin 'k dot wól gewoan rjóchtút dwaan sûnder atfokaten út Unskedee, o nee, Hingelo. No ja, kin ek neat skele, 't is ien grutte tekstylnegoarij dêre. O ja, ik kin dy grapmakkerij wól, dy fint dyt don myn ydeeën draagt sit yn ien of oare krûg. De Witte Zeeman of de Oude Stoep, oan 'e bar en ferfeelt him dea, wont myn frouleke haadpersoan hat ur noch net tróffen - dot is dot frómmeske út Rotterdam, hie 'k dot ol sein? - 't is fonsels wól núver dot er har net tróffen hat, wont se binne mei deslede boat kómmen, dy fint skynt don ek de eagen fól strónt te havven, mar dêr wit ik neat fon, ik haf dur net bij west óp dot skip, ik wit fon neat. De measte skriuwers steane oerol óp kop en earen bij, san ydee krije je, dy witte hût un fint jûûns óp bêd gjit, de sygret útdrukt en ut ljocht útlûkt, krekt of ha se tróch 't rút sjoen en dy kinne dy krekt fertelle hût un pearke yn 't park sit te frijen - wot sees ik?: leit te frijen, de smwargste details wudde jun net besparre, ja skondaleg is 't, mij tinkt dot ut park jûûns nei sinne-ûndergóng sletten wêze mat, don is dy swijnerij temeensten út, wont Frjentsjer hat un namme óp te hôdden, mar os jo mij freegje binne dy skriuwers stykeme strúnjagers dot se olles sa presys werjaan kinne, of se sûge dy smwarge ferhalen út har tûmme, dot hat ek wól eigenskip. Mar ik wit fon neat, ik wit net hût hij en sij óp Flylôn belône binne, meskjin binne se wól swómmen, ol slagge jo mij dea, ik wit ut net, mar meskjin bedoelt dy fint ek wol dot ur har neit se fon 'e boat gien binne net wer tróffen hat. Sjóg, soks is heel wól oannimlek en ferkljerret gôns. Don is 't dúdlek no, don ha se ut net goed meienwar ôpraat, wont wêr soenen se oas sitte, dur is óp dot roteilôn gjin ien môle rotmoer te fersieren, jo kinne oas neat os jo bedrinke. Dus sit hij te wachtsejn en ferfeelt him en sjógt dêr fjidderóp un lyts ópdónderke sitten mei królleg swat hier en tinkt bij himsels, dot wól sizze, myn saneamde haadpersoan dyt myn ydeeën draagt, en ek noch ferkundeget, ut kin wer net óp, dy tinkt dêr, of nee, hij tinkt net iens jónges, ut is un stream of conciousness, ik wit net iens hût 'k staverje mat, mar dit is hyperaktúele lyteratuer jónges, it streamt him tróch syn bewustwêzen dus, un lyts los streamke, un tinkfladsje: un moaiswat famke mei un lytse noas dyt wot wipte, en kûltsjes yn 'e wangen, un móllege hols hie se en un móllege hôn dyt óm ut glês sherry sleat...Ga naar eind17) | |
[pagina 94]
| |
En sóks haf ik beswier tsjin. Der hûgt út myn namme net ferkljerre te wudden dot ik móllege lytse famkes moai fyn. Ik hôd dur nammentlek net mear fon os fon oare famkes, os ik earlek bin is ut myn type net, en wipnoazen, nee, dot hielendol net, ik hôd fon grutte gevels. En soe ut tafolleg myn type ol wêze, don soe 'k dot net samar yn un bûk skriuwe, olles hûgt net swat óp wyt tinkt mij, don gjit de poëzij ferlen. Wot myn type ol is, dot wit ik net krekt, lang hier en sarkastyske eagen, sóks-sawot, mar salangt se un fetsoenleke distônsje yn acht nimme, kin 't my net fólle skele hût un frómmes durút sjógt, en os dut ien tichterbij kómt don sjóg ik dur dochs neat mear fon, ik wud wot fiersjende haf ik fernómmen, ja ôderdóm matst tinke, os un gesicht ticht bij my is, tryteg tweinteg sintymeter, don sjóg ik ut lang net skerp mear - 'k ha 't noait net skerp sjoen mei frôlju jer - mar sorry, don rinne de eagen tróch enwar en ut hier en de mûlle, krekt moderne keunst, do sjógst dur gjin grevel mear fon wot ut fwarstelt, mar 't is bêst leuk. 'k Haf rus jerd fon un frómmes, dy hie de klómpen útdien fwar ut skjinskróbbe gielstjinnene strjitsje en hie har yn 'e góng óphóngen. Fûnnen de meensken núver, wot fwar sin hie ut óm east ut strjitsje noch te skróbjen. En os ut strjitsje no ienkear skróbbe wie, wêróm de klómpen út te dwaan en wuasfwótling fjidder te gean óm de stjintsjes net te besmwargjen en wêróm de klómpen sa kreas neistenwar te setten, wotfwar sin? Krekt os wie ut har yn 'e góng ynienen oanflein, os wie har warberhyd ynienen stuite tróch de teens: wêróm fjiddergean? Ik wit noch san gefol, ut frómmeske wenne olinne, en wot iensem, mar se slûg har dur wól tróch, de oare deis soene dut útfonhûzers kómme, dot hie se noch tsjin 'e bwórlju sein, en dot kaam ek út, dy kamen ek, en dy seagen dot alles yn 'e hûûs helle wie, wuasjes en wyn en drank en un bats griente en jerappels fwar un dei of wot en ut útfonhûzerskjemmerke wie reemakke, mar ut frómmeske wie dea. Wêróm east noch olles ynwuadder meitsje, soe mun seze? No, ik soe seze salangt ut meenske noch net olles fwarenwar hie en net olles noch ynkocht, dû hie se noch oanslag, en bljo se warber, mar dût ut klear wie, ja dû wie ut klear, en dû hie se neat mear te ferstryken, dû gie se sitten en seag rus óp 'e klok en tocht, ja, dêr sit ik no en wachtsje oant se moan kómme en olles ópyte, en dot is ollegjerre goed en bêst, mar wêróm sil ik dêr bij sitten bliuwe? 't Sil bêst foarkómme dot meensken dur un ein oan meitsje ómt se ut net mear oankinne, de swirregheden har ópsteapelje, os ut net mear te dragen is, os olles swat en tryst is, dot sókken don belies jaue en dur fwar ómlezen geane en un útwei sykje. Dot ljo ik wól en ik jau sókken gelyk, ut is gjin skonde dot dur wot bóppe jo macht gjit, dêr hûg je je net fwar te skamjen en dêr hûgge je nei-besteanden har net fwar te sjenearen. Os un kjetling te swier belêstege wud, don knapt ut stikken en os un meenske refólle sponning kryget, don brekt ur. Mar fon sókken haf ik net praat en dêr wól ik yt fjiddersoan ek net oer ha. Ik skriuw fon harren dyt dur klear mei kómmen binne, dyt har strjitsje skjinmakke havve. Ja, ik soe ut ljo 'k krektsa dien ha, de klómpen kreas neistenwar sette, wont ut mat unferdraaglek wêze os jo dêr hingje en dur sit noch un drip bloed yn jo hassens en jo kinne dus noch tinke en jo jerre bats! - dêr folt mij un klómp fon 'e foet. Fwat ut bewustwêzen ûndergjit tinke jo noch: sa sille se my fyne, ien klómp oan en ien óp ut strjitsje, un eintsje fwótrôle, sjóg dêr leit syn oare klómp seze se. | |
[pagina 95]
| |
Ik wit wól dot gwódden sa mar út ut libben weibrúze, se rinne bij de tafel wei en dógge harsels te kwat en litte un oar de bród óprêde, un gaotyske heap pepieren en rekkens dêt de neibesteanden dagenlang mei sitte te plúzjen. Hij seag der gjin got mear yn en dû is ut ur útknypt, no mei un oar de saken fwar him ópknappe. Leuk jer. Nee, ik praat fon meensken dyt har saken bijhoden havve oant de seldege dei. Brieven binne beontwudde en rekkens binne fóldien, de wosk hinget óp un rekje bij de kachel, ut búro is ópret en de flier is fage. Haf ik noch wot mei immen te bepraten? Nee, ik haf neat mear óp myn lever, ik stean bij nimmen yn 'e skuld. Soe dur ien wêze dyt miend dot ur of se bij mij yn 'e skuld stjit? Nee, dot is net oannimlek, ollegjerre dyt ik de lêste mwannen en wyken en dagen met haf, bin ik yn freonskip bij wei gien. Ik haf jir neat mear te ferhakstûkjen, o ja, dy kronten soe 'k noch wól even nei 't hok bringe kinne. Mar kómst oait klear mei de dingen? Nee, fonsels net. En ek net iens dotst sizze kinst: os myn ynteresse fwar ut libben ûnder un beskaat nyvo sakket, don bin ik dur ree fwar. Krekt noch siet ik fwar my út te sjen nei de oare kont fon 'e grêft, ut trepgeveltsje, de neakene bjemmen, en ynienen tocht ik: hee, ik ha dêr niis noch un blêd oan dy beam sjoen, en no is ut durô. Ja, ut is durô. Mar wêr stie ik. Lit mij nochrus sjen. Nee, ferdeold, ik ha my fersind, de beam durneist, dêr sit noch un blêd oan. Wonnear soe dot blêd durô folle? Ek ol witst dot de dingen barre matte, do bist dochs noch nijskjirreg wonneat en hût ut wêze sil. En sa sjóg ik ek nei jim jónges, dy en dy - nee, ik neam gjin nammen, dot kin ik net meitsje - wonnear soenen se bijenwar wei gean? Se havve ut no sa moai tegjerre, ut is san fijn stel, wonnear soe sij har út ferfeling tróch un oaren fint fersiere litte? Dy jóngtraude wyfkes mei un póp yn 'e wein, dot is un adeghyd. Fonnewyke tróf ik noch un pear bij ut park, dût ik myn deistege kuier makke. Moaie famkes noch, un goed tweinteg ier, moaie skónken en brede heupen, lang hier. De gesichten haf ik net sjoen wont se rûnnen fon my ô, mar kinst wól riede hût se sjógge, ontûzjast en hautain: wij binne arrivé, wij ha de takomst yn 'e wein, bij ús kin 't net mear stikken. Dot is leuk. Matst se wer sjen ot se twa bên havve. Ut wie óp ut Hocquart ljo 'k dêt ik ien mette. Ek un goede tweinteg ier, un bên yn 'e wein en ien oan 't hontsje. Ut skjinwóskene readege ontlit seit se woe dur even út, se mwast even meensken sjen, en de bên mwasten dur ek sa nodega even út, se is dur even útrûn, se koe ut net mear úthôde, se mwast even oare klean oan ha, en dot hûûs út. Mar se is ut lykegoed net kwytrekke, se hat olles noch bij har, se tôget ut mei, do sjógst ut yn 'e fletse, wurge en fertrjitleke eagen, do kinst ut sjen, os wienen ut dyas har eagen, de bwadskippen óp ut oanrjócht, en de keukensflier dyt se dweile hat, de amer mei ṕûpruften dyt strak noch mat en de wosk dyt se úthóngen hat mar net drûgget, aanst mar wer ynhelje en óm 'e kachel, Tsead syn strûper dêt un knoop ômist, en de kaat mei sparsegels dut hast fól is. wot sil se dêrfwar keapje, dy tsiis wie wól djoer en ut wie ek net dyt se besteld hat, dy mon dógt mar wot, mar se hat gjin sin óm ut óm te ruiljen, os Tsead mar net sangert, mwast hij jûn net fwót? meskjin soe se don un brief skriuwe kinne oan Janke, se soe sa graag werrus mei Janke winkelje wólle, lykos fwarhinne sa faak, en os dur tiid oer wie even dêr sitte dêt se destiids oltyten, ol sit ut middys wól stilder wêze os jûûns, ut sil dochs hast krekt sa wêze os un pear ier lyn dût se oltyten mei Janke óp en út wie, | |
[pagina 96]
| |
mar se wit net ot se dur wól útbrekke kin, en de bên binne safaak hingereg, se mat beslist wot útfyne fwar dot bedsje, wont hij leit oltyten neaken en hij kin wól smoare yn ut lekken, meskjin soe ut óp un freed kinne, wie dur wól sûkker bij de bwadskippen, se hat ut dwaske net goed tróchsjoen, de blómkoal yn 'e amer mei sôt wetter, se woe einleken dy stof wól keapje, se hat un moai petroan sjoen, mar wonnear kómt se dur oait oan ta, Tsead mat jet ut fwótgjit noch ol even nei de gwatstien sjen wont dot is san lijen en ut stjónkt ek, en de slang fon 'e stofsûger is hyltyten ferstoppe, dêr sit grif wot yn, un spjeld of sa of un lúsyfesprikke dêt ut efter hingjen bliuwt. Ik oerdriuw net, jónges, os jim ut net ljooe, don haf ik ut net goed skreon mar ut is otentyk. Gean marrus nei de nije wenten, 't kin neat skele wêre, wont ut is oerol gelyk, en sjóg mar wot dêr wennet en hût dot dêr libbet, fon 'e iene dei óp 'e oare tusken de maoie meubeltsjes en dot dur gjin útkómst is. Matst even óphôde en net mear meidwaan, don sjógst ut. Salang ost sels meidraaist hast dur gjin erch yn, krekt os bij un typkurses, do hast gjin lêst fon ut lewaai dotst mei syn trytegen makkes, mar do matst sels even óphôde en harkje, don wudst knettergek, of do matst óphôde mei smoken don rûkst hût ut stjonkt, of do matst oan 'e bar sitte en ynienen dij ôfreegje wêrómst pils drinkst, lykos ik dy kears, wêróm dóg ik ut, wot ydyoate senúwpees bin ik dot ik jir jûn óp jun pils sit te drinken, en wot dógge dy oaren jir olle dagen, wotfwar ydyoat sakramint is dit, wot besielt ús óm pilskes te drinken en te dóbbeljen en grapkes te meitsjen, wotfwar stúpyde robotten binne wij?Ga naar eind18) Do matst dur bûtten stean gean, don sjógst ut, de leeghyd, de stómme monotony en de doffe illinde fon un houlekje mei twa of trije leave bên. Wont leaf binne se wól, salangt se lyts binne, en heal prate, grappeg os jónge hûnnen, ûnder en bóppe de wet, se kinne olles noch seze, en se meie olles noch dwaan. Lykos ien fon myn swannen dût ur fjauer wie, un frau óp 'e hûûd slûg en har útskóld fwar sak petat. Sóks gniis ik my stikken óm. en dot soe 'k sels ek noch wólrus wólle, ost un pear fon dy gekke wiven sjógst, bij de merk óp 'e Voorstraat, un pear fon dy ôde knapen mei grutte bwasten en kónten en grutte wuódden óp 'e kop, os óptûûgde sylskippen, don leit ut my óp 'e lippen óm te sizzen: Dag, ôde tate-doazen. Mar dot kinst net meitsje, ik ha de jirren óm fólwûksen te wêzen, en ach, ol jóng matst dy oan 'e fwarmen hôde. Os un bên un ier of seis wud don matst ut leare dot ut net samar tsjin elkenien sizze mei fon ‘gekke ôde pake’. En dot is spyteg, wont dur binne gôns ôde paken. Se wudde ôder, se ferlieze ut apatte en gekke, wudde skwalbên en kónformjerje har oan olle oare bên, ut wudde klysjeetsjes, dyt deselde grapkes meitsje os olle oare bên, en deselde wysheden spuie. Do sjógst gjin ydentytijt mear, en do matst mar ôwachtsje ot dur, os se un ier of tweinteg binne, tróch de klysjeemjittege ferve fon ut learproses noch un stik persoanlekhyd brekke sil. Ik haf gjin krytyk jer, ik sees net dot ut oas mat, ik wiis gjin oare wei, ik bin gjin weiwizer, ik bin gjiniens lid fon 'e ANWB. Ach jónges, wot sil ik jim fertelle oer de Westjeropeeske meenske, ik haf de meensken net yn 'e bûs en net oan un tautsje, wot sil ik dur fon fertelle, ik wit neat fon un oar ô, ik wit olinne fon mijsels en kin olinne skriuwe oer de dingen dyt mij bewege en wot dur yn my ómgjit, wot my oandeart en wot my oangriist, de dingen dyt mynes binne en jimmes ek, de dingen dyt wij wól witte, mar dêt wij net bij stilstean kinne, mar | |
[pagina 97]
| |
dêt ik diskear fwar sitten gien bin. Ik sit en dóg net mear mei, ik sjóg jimme rinnen, ut streamt oan mij fwarbij en ik notjerje. Ik bin sitten gien óm te fertellen, óm te praten en tagelyk ûntskuldegje ik mij durfwar dot ik stil sit en net meidóg en ik ferdigenje mij tsjin jimme. Ik wit wól dot ut flau is jónges, jim dógge jim bêst ol witte jim dot ut net fólle doel hat, jim hôde de kop durfwar, en ik haf jimme yn 'e steek litten en stean fonsyden te lekskoaien. Mar jónges, ik kin dur niks oan dwaan, mun kin net tagelyk skriuwe en werke, mun kin net libje en skriuwe tagelyk, os mun skriuwt don gjit mun yn un hûkje sitten en lûkt mun jun wêróm, en wot mun skriuwt, dot is net ut libben sels, dat staat dur ók un bitsy naast en bûtten. At een fan jim an 't muerkemetselen is, dan metselt y, dan het y stynen in 'e hôn, mar at ik skryf over de bar, dan sit ik nyt an 'e bar, dan sit ik tús, en selfs at ik an 'e bar sitten ging te skryven, dan sú ik mij noch in mijself terugtrekke, en nyt mear na jim lústere en myn pils ferslaan late en út mijself fut un stimming óprûppe. Jónges, dat kin nyt anders, ik mut wel un bitsy lyterêr doen, ut het geen sin dat ik skandaalferhaaltsys maak over ut Froanackertsy of ut Godsackertsy. Ik mut un bitsy apstraheare fan 'e réalyteit, anders beginne jim gewoan an te wizen fan dut is in werklekhyd dat en met dat kyn an 'e bar bedoelt y natuerlek dat kleine meiske út 'e Kaatsersbuert, weetst wel, met dy faufyts. Su het ut geen sin óm te skryven, dan wud ut un legpúzzel, un spelletsy dat jimme nyt raakt. Maar ik mut ók nyt su fer fan hús gaan dat ut un afgerónd ferhaal wud over andere minsen daar jimme niks met fan doen hevve, en dat as un ballón in 'e lucht sweeft, ut lykt wel leuk, maar ut raakt jimme nyt. Ik mut ergens tussen deuze twee klippen doorseile, ut kopyearen fan 'e réalyteit en ut fertellen fan un sprookje, nau un ferfelend sprookje en un sjachrijnegeneen meskyn, maar toch un sprookje, un ferhaal út un andere wereld. Ik mut skryve dat jimme ut anwize kinne, maar dat jimme ut nyt pakke kinne, ómdat ut jim wear óntglipt, ik mut su skryve dat jimme ut self binne, en dat jim ut wete, maar nyt dat un ander ut in 'e gaten het en dat geeneen jim nawize kin. Och, meskjin is dot ek ollegjerre wól ûnsin, wêróm sil ik jimme un spegel fwarhôde, ut is sa preteensjeus, ik kimjim óp un heegsten witte litte: sjug, sa tink ik duroer. Mar fjidder, wês gerêst, ik ûndergraaf jim húzzen net, ik lês de Franeker Courant ek, ik drink utselde bier os jimme, ik bin ek lid fan de Sternse Slotlanders, of donateur don, ik fyn Drees ek un kwal, dêr tinke wij dus gelyk oer, en ik ljo ek yn God, fonsels, ik bin gjin ymbesyl, ik lit de tsjerke midden yn 't dwarp stean, ik lul ek wól mei oer kambodja dêt wy dochs neat oan dwaan kinne, ik kóm graag bij jimme óm un kóp kófje of tee, ik fyn Asterix ek moai, en ik haf ek wot kitsch-ontyk, krekt os jimme, ik hôd ek fon famkes, en eigentlek havve jim wól gelyk: twa is better os ien, mun hat wot oanspraak. Mar nim mij net kwea jónges dot ut my sóms oanfljógt os ik jimme bin, en dot ik ljest fwótrinne soe nei un plak dêt ik net mear wie, ómt ut sa útsichtleas is bij jimme en sa dea, en ómt jim net witte wot jim langer sille, un bên nimme of net un bên nimme, en dot jimme tegjerre binne ómt jim net olinne wêze wólle, en ómt jimme dur net oer prate wólle en elk ut dochs wól wit ómt ut yn jimme eagen te lêzen stjit: wij wudde ollegjerre fon deselde twivel oanfretten en útholle. Ut soe makleker wêze de feiten te fertsjusteremwanjen yn un ferhaal dot óp Flylôn spylet, ús rotsoai te lûûgjen óp 'e skouders fon un fint út Hingelo en un frómmeske út Rotterdam, en har nei un eilôn stjoere óm har dêr úttjirgje te litten, | |
[pagina 98]
| |
en don wij mar skódhólje fon heden heden, wot bûkkelje gwón meensken dóchs núver tróch ut libben en wot binne gwódden ol raar dekluts kwyt. Krekt os havve wij noch wól un kluts. Ik ferûntskuldegje mij, dot ik net un gewoane romon skriuw. Mar jónges, echt wier, ut hat gjin sin, ut is dwasferkead en ut is boerebedroch. Ut knyntsje bijgelyks, dêt ik fon skreon haf, dot soe un plakje krije yn 'e romon, ut soe eane óp Flylôn fûn wudde yn 'e dúnnen, en dur soe ien of oar ‘gefoel’ oan demónstrjerre wudde. Ik wit net wot presiis, ik haf dur noch net oer neitocht. Ik hie ut kónsept fon disse romon noch lang net tróchtocht, ik hie noch mar un pear fage notysjes, en ik hie noch mar un pear syden skreon, dût ik ûntdiek dot ut ollegjerre nep wie. Mar lit mij norus besykje dot fragmint oer ut fynen fon dot knyntsje te skriuwen sat ik ut yn 'e romon sa lykernôch ek dien havve soe, don kin ik faaks ut bêste demónstrjerje dot ut nep is. Se rûnnen swijend de bósk út en bedarren óp un skulpepardsje dot de dúnnen yn slingere. Fjidderóp wienen dur stikken fon te sjen, grille strepen dyt ómheeg rûnnen. De wyn wie kôd, jir óp 'e rûmte, strak weróm soenen se meskjin better oer ut strôn gean kinne. Dêr wie ut yn 'e lijte. Of soe de wyn oer de dúnnen hinne flappe? Hij bljo stean óm de piip oan te stekken. Se rûn un pear stappen tróch en bljo dû ek stean, de rêg nei de wyn ta. ‘Smooksto piip?’ frege se. ‘Ja,’ sei ur, wylst ur de lúsyfesprikke fwótsmiet. ‘Sóms smook ik wól piip.’ Hij stapte har óp 'e syde en se gyngen wer fjidder. ‘Ik fyn 't wól lekker,’ sei ur, ‘en fwarol bûtten, en os ut waait, don is un sygret neat wuddeg.’ ‘Ik fyn 't sa monlek,’ sei se, ‘un piip.’ ‘Ja?’ sei ur. ‘Ja,’ sei se. Se rûn deun tsjin him oan, har earm en skauder rekken synes, Hij gyng útterst lófts rinnen, nee, se fólge him net, ut hie dochs gjin ópsetsin west. ‘Bist kôd?’ ‘Un bytsje,’ sei se, ‘mar dot koenen je fontefoaren witte.’ ‘Ja,’ sei ur, ‘dot is sa.’ Un hele bulte dingen witte je fontefoaren, en dochs dógge je se, mar lykegoed fiele je ut don wól. Hij sei ut net, ut kloppe nammes ek net, ut wie un hele núvere formúljerring. Wot woe ik eigentlek ûnder wudden bringe? Je dógge dingen, en don fiele je ut. Ja fonsels, mar wot is dêr fwar núvers oan? Dot is neat nijs. Je dógge dingen, wêrfont je witte dot se;.... Hij lei un earm óm har skauder. Se seag him even oan, glimke. ‘Hiest dur un jos oerhinne dwaan matten,’ sei ur. ‘Of wie dyn jos noch wiet?’ ‘Dot ek. Mar ik woe dor ôd ding ek net oan ha. 'k Mat un bytsje elegont ferskyne, net?’ Se seag him wer oan. ‘Fwar dot inkele lnyntsje jirre?’ ‘Bijgelyks.’ ‘Of ek fwar mônlju mei pipen?’ ‘Ek,’ sei se. | |
[pagina 99]
| |
‘No, ut is wier, do bist dur kreas yn.’ ‘Dot seist dur mar óm,’ sei se. ‘Ja,’ sei ur. Se dúste mei har lytse knûst tsjin syn bwast oan. ‘Dot hiest net sizze matten.’ ‘Mar ut is wier, Emmy, ik let noait óp 'e klean dyt un frau draagt. Ut folt my net óp, ik ha dur gjin erch yn.’ Wêróm sees ik dot ollegjer, ut is un fólslein ûnópfollend brûkpak, en ut stjit har ek net iens, wêróm ûntskuldegje ik mij? ‘Hindert neat.’ sei ze, ‘mar hiest ut net sizze matten. Hiest sizze matten: nee, ik fyn ut echt moai, ik fûn ut fwót moai dût ik dij seag óp 'e boat.’ ‘Mar ut is net wier, Emmy.’ Hij lake. ‘Ik sjóg nei de eagen en ut hier fon un frau, en nei har honnen. Mar noait nei de klean.’ ‘'t Hûgt ek net wier te wêzen,’ sei se, ‘os ut mar moai klinkt.’ ‘Do wólst dingen jerre, mar 't kin dy neat skele ot ut miend is.’ ‘Nee, un mon jert te sizzen dot un frau dur leuk ûtsjógt. Dot jert sa.’ ‘Do hast moaie slanke honnen, en do hast moaie eagen. Dot seit mij mear. Klean kinst keapje.’ ‘Nee, do witst net hût ut jert. Do matst gewoan sizze: wot sjógst dur leuk út.’ Se lake him oan en har eagen gleensteren. ‘Ik spylje un spultsje, de jónge seit oltyten east fon: wat sjógst dur leuk út.’ ‘Soks stjit yn 'e Margriet,’ sei ur. ‘Ja, sa begjinne sókke ferhaaltsjes. Klysjeeferhaaltsjes. Mar ik bin un frau mei famkesdreamen noch, dyt net stjerre wolle. Ik dream noch en ik fontasjerje oer de jónge dyt kómt en seit: wot sjógst dur leuk út. Ik spylje spultsjes.’ ‘Hm,’ sei ur. ‘Spylesto ek spultsjes?’ Ut petear sûze yn syn earen nei. Hij naam de piip út 'e mûlle en wuasse. ‘Ja,’ sei ur, ‘ik ljo dot ik ek spultsjes spylje.’ Ut wie os ferstive har skauder ûnder syn hôn. ‘Ik hie ut witte kinnen,’ sei se. ‘Emmy,’ sei ur. Se glimke un bytsje tryst.: Ach natuerlek, wij spylje ollebeide.’ Se tútte him flechteg óp syn wang. ‘Mar do bist lykegoed wól leaf.’ ‘Sóks mwast ik faker jerre,’ sei ur, ‘dêr soe 'k un oar meens fon wudde.’ Se jerde ut grif net, se gyng dur net óp yn. Hij liet de jiske út 'e piip rûgeljeg en trjo him yn 'e bûs. ‘Witste,’ sei se, ‘ik hoopje oltyten dot ik ien moetsje dyt gjin spultsjes spylet, dot ut echt is, don soe ik ek óphôde kinne fon spyljen.’ ‘Soest duryn ljowe?’ ‘Ja,’ os ik wist dot ut heel echt wie. Mar dot witte je eigentlek noait. Je kinne ut net bewize. Mar je witte ut fon binnen út, dit is echt. Hasto dot noait hôn?’ ‘Ja.’ ‘Ja?’ ‘Ja, ik seag har, en ynienen wist ik ut, of nee, ut jûg my east olinne mar un skok en letter tocht ik: dot wie se. Witst wol, krekt os hast eane yn dyn hólle un foto fon de ydéale frau dyt bij dy post en sjógst se don ynienen libben fwar dy.’ ‘En hast har wer sjoen?’ ‘Ja, ik haf un skóft kóntakt mei har hôn. Mar ach... Sij dwast net rjócht en ik | |
[pagina 100]
| |
dwast net rjócht, witst wól?’ ‘Nee,’ sei se. ‘Wêróm ut net te besykjen, os jimme bijenwar posten en fon enwuar hoden?’ ‘Sóms is ut ferstondeg óm bang te wêzen.’ ‘Dot wit ik net.’ ‘Ja,’ sei ur, ‘dot is sa. En nammes, os je fonenwar hôde, dot betsjut noch net dot je traue. Sóms is ut better óm enwar los te litten.’ ‘Do hast har net loslitten.’ ‘Nee,’ sei ur, ‘mar...’ ‘Dot jer ik wól oan dy, do hôdst noch fon har.’ ‘Ja, fonsels. Ik hôd fon har, dêróm. Os ik minder fon har hoden hie, hei 't my ek minder dónderje kinnen, en don hie 'k meskjin wól mei har traud. Mar krekt disse frau, dy wól ik net ûngelókkeg meitsje.’ ‘Un oare frau dus wól?’ ‘Dot sees ik net.’ ‘Dot bedoelst ol!’ ‘Ik besykje ut net wer te dwaan.’ Hij swei un skóft. ‘Mar Emmy, ost fon ien hôdst don matst fwar twa tinke en fwar twa beslútten nimme.’ ‘Wie dit fwar har út bêste?’ ‘Ik wit ut net... Earlek sein, ik hoopje fon net. Mar dot is egoïsme.’ ‘O ja! En dêr binne mônlju fjoerbenaud fon!’ Hij swei. ‘Sa hat myn freon mij ek oan kont set. Hij dwast ut net mear oan mei mij. Hij koe mij net echt lókkeg meitsje, en ut soe selssuchteg wêze os ur frege dot ik dochs bij him bliuwe woe. Dus mei oare wudden: dónderje sa gau mooglek óp.’ ‘Do bist noch oltyt gifteg.’ ‘Ja, wot tinkst!’ ‘Ut is dochs ol even lyn?’ ‘Sôn ier, mar wot is sôn ier?’ ‘Hôdst noch fon him?’ ‘Ja, natuerlek. Oas hie 't my gjin pest skele kinnen. Ja, ut slyt wól út, en letter hat ur un oar famke óppikt, no, don matst dy durô sette. Mar noait helendol, en os ik him tsjinkaam, don soe 'k wer mei him gean, os ur my frege.’ ‘Do bist net wiis!’ ‘Nee, ik hôd fon him.’ ‘Dot is gjin leafde, dot is olinne mar ûnferstonneg. Os hij gjin priis stelt óp dyn leafde, don matst dur mei óphôde fon him te hôden. Os dur gjin ôsetmooglekhyd is, don matst net mear prodúsjerje.’ ‘Do hast gjin het.’ ‘Ach kóm! Mar ik rin net blyn efter myn gefoelens oan. Ut ferstôn mar baas bliuwe.’ ‘Mar wot haf ik him ek hate! Ik hie him deameitsje wóllen bijtiden. Ik hie dur gewoan fontasijen oer, hût ik him deameitsje soe.’ ‘Hast ut net besocht?’ ‘Dû? Nee. Hij wie ek un bear fon un fint, wot soe ik? 'k Haf un sêne makke, o ûntsettend, 't Wie ut jinnege dêt ik him mei ha koe. Hij wie dur fólslein mei oan, hij woe my medysynen jaan. Hij wie dokter, no, feedokter don, mar hij hie | |
[pagina 101]
| |
oltyten genôch trûp yn 'e hûûs, wont ik wie wólrus faker oer myn toeren. Mar dû, o, dot hiest sjen matten! Hût ik my dû oansteld haf! Os ik un ko west hie, hie ur my ômakke, sa hie ur de pest yn. Mar ûndertusken die ur mar leaf, wont hij wie stjerrende benaud dot ik ut wetter ynrinne soe. Dêr drigeminte ik hyltyt mei, hin? Dû bin 'k nei myn suster gien, en letter wer yntern wudden. Dût ik bij myn suster siet, belle ur sawot olle dagen noch óp hût ut mei mij wie, hij wie spûûkbenaud dot ik mij tekwat dwaan soe. Don naam myn suster de tillefoan oan en don die se heel út 'e higte en makke de sytewaasje fólle slimmer os dy wie. Sei se dot ik apatysk óp bêd lei, en don wie ur helendol lytsmon. En don letter fertelde myn suster mij ut hele petear en don leinen wy te hikken fon 't gnizen.’ ‘Do bist sa gek os un sypel!’ ‘No ja, ik ha myn lol duroan belibbe. Ik ha my wreekt.’ ‘Fijn gefoel!’ ‘Ja, hearlek.’ ‘Ach kóm, ut is lytsbenneg, sók dwaan.’ ‘'t Kin bêst wêze, mar myn gefoelens matte har útterje. Jimme binne sókke ferstônsmeensken, jim riddenjerje olles fwót. Kin ut dij helendol neat mear skele?’ ‘Nee,’ sei ur. ‘Hûlang bist olinne?’ ‘Fjauer ier.’ ‘En dot fóldógt goed?’ ‘Ridlek.’ ‘Of soest wer traue wólle?’ ‘'k Wit net. 'k Ha dur gjin ydee fon wot ik wól. Meskjin wól ik wól helendol neat.’ ‘Hûfólle bên hast?’ ‘Twa jónges, tólve en tsien.’ ‘Dus, noch un pear ier...’ ‘Ja,’ sei ur, ‘don begjinne se te masturbjerjen.’ ‘Dot ek,’ sei se. ‘Fiinst ut slim?’ ‘Ja, slim. of net slim, ik wit ut net. Ik fyn 't besopen. Ut is un besopen ydee.’ ‘Sjóg, dêr leit un knyntsje.’ ‘Myksomatoze,’ sei ur. Se bljowen stean en hij stoppe syn piip óp 'e nij. ‘Hôd san sykte noait wer óp?’ ‘Dur sille óp un doer wól knynen kómme dyt resistint binne, mar dot sil noch wól heel wot jirren dwórje.’ ‘Ja?’ ‘Jir is de sykte trauens yn 't neigean, haf ik krekt lêzen. Mun sjógt jir net sa faak mear un slachtoffer.’ ‘No, disse is wól echt dea.’ Hij pafte de piip oan en seag nochrus nei ut knyn. ‘Hij leit jir noch net sa lang.’ ‘Nee?’ ‘Nee,’ sei ur, ‘matst marrus sjen, syn facht is drûg en fonnacht hat ut spield.’ ‘Matst net oankómme, ju!’ rôp se. | |
[pagina 102]
| |
‘Hindert neat,’ sei ur, ‘ik bin jir wól fertraud mei.’ Hij tilde ut knyn óp en befielde ut. ‘Tû, Thomas, dóg dot no net. Jakkes!’ Hy glimke. ‘Meitsje dy net ûngerêst, ik bin byoloog, ik wit olles fon knynen en myksomatoze ô.’ ‘Do kinst dur wól siik fon wudde.’ ‘Dot is healwiis!’ sei ur. ‘Wotte?’ ‘Dot beest mat jir krekt lizze, en dochs is ur fólslein stiif.’ ‘No ja, dot kin dochs?’ ‘Nee, dot kin net. Dot beest is ol oeren en oeren dea. En salang hat ut jir net lein, don hie ut wiet west.’ ‘Hôd no óp mei dot fize beest!’ ‘Dot knyn is jir dellein!’ sei ur. ‘wa soe no sa gek wêze!’ ‘Wit ik net, waat sa gek is. Mar ik bin net gek.’ Hij stiek de piip dyt útgien wie óp 'e nij oan. ‘Ut is nammes gjin Flylôn knyn, disse kómt fan 't Amelôn.’ ‘Ach, Thomas, do bist net wiis!’ ‘Matst de earen marrus sjen, sókke earen ha de knynen óp Flylôn net. Nee, dot is un feit. De knynen óp 'e eilonnen binne ysoljerre en tróch yntylt kómme dur yn 'e rin fon iuwen ferskillen oan ut ljocht. Elk eilôn hat syn eigen type knyn.’ ‘Ja?’ ‘Ja,’ sei ur. ‘Ik ha de Amelônske knynen bestúdjerre, dêr haf ik myn prûfskrift oer skreon, mar ik kin de oare typen ek wól un bytsje.’ ‘Bisto promovjerre?’ ‘Ja.’ ‘Dus, do bist doktor.’ ‘Ja,’ sei ur. ‘Dit is un Amelônsk knyn, en fon 't Westlek pat fon 't eilôn, soe 'k wól sizze. 't Soe my neat ferwûnderje os 't yn 'e Hollemer dúnnen fûn wie.’ ‘Do bist wól jóng promowjerre, net?’ ‘Ja, twa ier lyn, dû wie 'k twaëntryteg. 't Had un hûdfól wurk west. 'k Bin jong traud, ha bên krygen, mar dot is my heal en heal fwarbijgien, ik siet oltyt te stúdjerjen en gaurus nei 't Amelôn ta óm de bisten yn 'e natuer te bestúdjerjen. Ik woe wot berikke, en dot haf ik.’ ‘Ja,’ sei se, ‘un bûk yn 'e kost.’ ‘Ja.’ ‘En un leeg bêd.’ ‘Un meens kin net olles ha.’ ‘Wotst don mar ut ljeste hast.’ ‘Wit ik net, dêr wit ik neat fon wot ik ljevver woe of ljevver wóllen hie. Ik ha yn olle gefollen wot presteard. Ik ha myn tiid net ferdien. Bêst mooglek dot ik un ferkeade kar dien ha, mar un meens hat ut rjócht him te fersinnen. Ik haf yn olle gefollen wot dien, en ik ha wot goeds dien. Cum laude, wot wólst mear!’ ‘Wólsto neat mear?’ ‘Wit ik wot ik wól? Un frau oanhelje? Ach, myn stúdzje is my súver olles. Meskjin hast wól gelyk, meskjin is myn haulek dêr wol óp stikken rûn, óp dy knynen. Matst rekkenje, ik siet hast olle jûnnen oant yn 'e nacht óp mei myn | |
[pagina 103]
| |
knynen te pielen, en myn frau woe ek wólrus wot.’ ‘Do koest mei Johan yn 't spon, dy hie sómtiden mear ómtinken fwar de kij os fwar mij.’ ‘Tja, wot wólst? Un ko mei rus aam yn 't jaar ha of skerp yn, mar hij sangert jun net de godgônske dei óm 'e kop. En hûgst ek gjin blómmen mei te nimmen of te sizzen: ik hôd fon dij. Ost him melke wólst don jaust him mar gewoan un skóp ûnder de beoleg en don gjit ur oerein.’ ‘Ja, ja,’ sei se. ‘Mar do hast wól ferwachte dot dyn frau oltyten fwar dij klear stie. Ut yten óp 'e tiid en dyn kófje óp 'e tiid en se hat dij rêsteg stúdjerje litten, en se hat noait oandacht fwar harsels frege.’ ‘Sa wienen sy ôpraat. Ik soe east myn prûfskrift skriuwe en don soe sij wer oan 'e stúdzje.’ ‘Ja, en dût dyn prûfskrift klear wie, hiesto har net mear noadeg, en dû is se fwótgien. Hast har noch betanke?’ ‘Nee,’ sei ur. ‘Witst wól, oas stjit dur os lêste rygel fon ut fwarwud faak: Ja, sûnder waans tawijing etcetera, kin jir spytegernôch net neamd wudde.’ ‘Hiest dot duryn sette wóllen?’ ‘Nee,’ sei ur, ‘ik ha nammentlek noait begrepen wêrómt ut spytegernôch net neamd wudde kin dot je un frau ha. Krekt of is 't un skonde dot je dur un seksueel libben óp nei hôde os wittenskipsmon. Nee, ik hie 't mei safólle wudden oan har ópdrage wóllen. Mar dû wie se ol fwót.’ ‘Sij hûgde gjin knyn mear.’ ‘Emmy!’ sei ur, en hij lake. ‘De lêste snein dot se tús wie, dû ha wij knyn yten. Apsurd gewoan! Knyn, of hie se 't duróm dien. Se wie de hele moan ol stil en ûnder yten ek, mar ik hie dur gjin acht óp slein. Ik snijde de knyn oan, dot wie myn wurk, ik wit olles fon knynen. En ik tocht noch: dut hat un maoi knyn west. Bakt wie ur nammes ek moai. Wij plúzzen him óp en súûgden de bónkjes ô. Moaie, geve bónkjes. Nei yten hólp ik har te ôwoskjen, de jónges wiene durútgien. Wij stiene yn 'e keuken, sij hie ut bwadsje mei knynebónken yn 'e honnen, se soe ut yn 't jiskefet leegje, en dû sei se: Thomas, dit is it lêste miel dot ik fwar dij klearmakke haf. En dû kaam ut hele ferhaal, koel en saaklek, of hie se ut preparjerre, en dot sil 't ek wól, se hie 't goed oertocht, wot se woe. Mar ut rekke my net, ut wie krekt os sei se un oar syn tekst óp. Ik seag mar nei dot bwadsje mei bónken yn har honnen, en ik tocht mar: knyn, dot hat un knyn west, myn lêste knyn. Meens, tocht ik, leegje dot bwad no! Emmy, ik wól har net begekje, mar ut wie apsurd, ut wie hatstikke dwaas sat se dêr stie te praten dot ús haulek dea wie, dot se neat mear fwar mij fielde en sa, mei dy knynebónken yn 'e honnen. Dû wie ik núvergenôch noch wól un bytsje ûnder de yndruk, mar letter, dû hie 'k ut net mear. Ik ha my de bûssen útroppe. Apsurd, san sytewaasje!’ ‘Thomas,’ rôp se. Se hong mei beide jermen óp syn skauder en lake dot se skódde. ‘Thomas, do bist de ferskriklekste rotfint dyt ik ea sjoen ha.’ ‘Ja,’ sei ur ynienen jênsteg. ‘Do hast fólslein gelyk. Mar kin ik ut helpe dot ut bryke fon un sytewaasje mij oltyten ópfolt?’ Hij trjo de snút fon 'e skûûg ûnder ut knyn en trape ut un ein de dúnnen yn. ‘Fwót mei olle rotknynen,’ sei ur. Sjógge jim no wól, jónges, dot ut net doogt mei dot knyn? Súver byologysk doogt dur gjin spoen fon, sat jimme jerre kinnen havve, dot knyn jert dêr net, dot | |
[pagina 104]
| |
hat ien dur dellein, mar lyterêr doogt ut ek net, en dot is noch wichteger, wont mei de bêtafakken haf ik neat oan 'e klep. Dot knyn is dur bijsleept, sij - dy Emmy - begjint dur ynienen oer te praten, wylst ut petear oer heel wot oas gyng. Ja, kinne jim sizze, ut eag foel har dur ynienen óp, mar dêr ljo ik neat fon, os se de kop bij dot petear hôn hie, don hie se olle natuer óm har hinne fergetten. Nee, ik sil 't jimme better fertelle, dot geôdehoer fon dy twa begûn my te ferfelen, ik tocht: no mat dot knyn marrus fûn wudde. Ut gjit mij óp 't lêst óm dy knyn en net óm de problemen fon dy twa, nammes ut binne my de problemen ek wól. Ot je sa de tiid óm krije matte, mei sók praat, un meens kin ek tefólle mei himsels ómpakke, sees ik oltyt mar. Mun soe dochs ol besykje un bytsje distônsje te nimmen fon 'e eigen swirregheden, snij ut net óm junsels, don óm de meensken dyt ut oanjerre c.q. lêze matte. Net dot ik dot niis tocht, dû tocht ik olinne mar: kóm, no mat dot knyn marrus. Kinst ut sa sjen, 't folt dur ynienen tusken, ut is helendol net taret, gewoan un deus ex machina, de skriuwer tsjoent even un knyn út 'e hege hoed. Os jim ut net witten hienen, hienen jim ut noait fermoede. Ja, jim wisten ut, aanst kómt dot knyn, mar os jim ut net witten hienen, en jim wienen gewoan oan 't lêzen wot dy twa beëamelen, don hie noait un kear de gedachte bij jim ópkómmen: hea, dur soe aanst bêst rus un dea knyn fûn wudde kinne. En dot bewiist olles, dot knyn is net funksjoneel, gjinien hat dot knyn ferwachte en gjinien hat ferlet fon dot knyn. Net olinne jimme net, de persoanen út ut ferhaal ek net, ien durfon skópt ut knyn fwót - un symboalyske honling, fwót mei dingen dyt dur net bij jerre. Nammes, wij wisten ollang, ôsjoen fon byologyske en lyterêre feiten, dot dot knyn fon 't Amelôn kómt. Mar no ut healwize, hûwólt dot knyn dêr net jert, en samar yntrodúsjerre wud, begjint ut óp un stuit dochs funksjoneel te wudden, meidot de monleke haad-persoan begjint te fertellen oer ut lêste knyn dot syn frau fwar him bakt hat. Sóks soe yn 'e réalytijt un ûnmooglekhyd wêze. Os jimme en ik un rol spylen yn un bûk, en wij waden belazere mei un nepknyn, don soenen wij sizze: sa dógge wij net mear mei, dot knyn fwót of wij fwót. En de skriuwer soe syn deaknyn dur wer weihelje kinne, of óm oare persoanen sjen, wont wij soenen óp san bazes net langer gearwurkje wólle. Ut is neat net slim un rol te spyljen yn un bûk, ut is un breawinning os olle oaren, mar de wurkjauer mat him oan 'e kóndysje hôde. Dy mat net samar oerol deade knynen dellizze. Wont os jo dit nimme, wêr bedarje jo don? Moan fyne jo un dea baarg yn 'e dúnnen en wer un dei letter leit jo wiif dea yn 'e dúnnen. No ja - nee stil!Ga naar eind19) Mar ut healwize: dy haadpersoanen wit dot ut un nepknyn is; wij soenen net fjidder kómmen wêze os de kónstatjerring dot ut knyn drûg is en de grûn wiet, en dot dur dus ut iene of oare net doogt, mar hij os byoloog wit helte mear, hij wit wêt ut knyn weikómt, en dot ien ut óp dit plak dellein havve mat. En wot dógt ur don? Hij knopet dur un beskôging oer syn haulek oan fêst, en gjit dus yn óp 'e sugesje fon 'e skriuwer: demónstrjerje oan dit dea knyn dyn gefoelens. Hij dógt ut sûnder tsjinakseljen. Fonsels, dot famke helpt duroan mei, dy bringt him óp 'e tekst en freget dur óp yn. Mar dot kin mun dot famke net kweanimme, dot is un ûnnoazel famke, goed se is achtentryteg, mar 't is un famke bleon. Dot kinst sa fernimme ost se praten jerst. Nammes, wot ienkear un famke is, bliuwt un famke, en de frau dyst un trut neamst wie mei sontjen ek ol un trut, en un | |
[pagina 105]
| |
heks hat oltyt un heks west. Dêr hat leeftyd gjin ynfloed óp, ut aad feroaret net, ol kin ut dúdleker oan ut ljocht kómme mei ut kliuwen fon 'e jirren, dot wól. Dy Emmy wit net better, dy gjit sóks fwarbij, dy hat wól un hele skerpe bek bijtiden en se dógt osa wrôdwiis, mar se trapet dut dochs wer yn, se wól dur sa graag yn ljowe, se wól yn goedens. Ach, dy Emmy is fjiste goed fwar disse wrôd, dy hat noait yn 'e gaten dot ien har belazerje wól, ja os ut te let is, don is se fel en gifteg en rankúneus, mar ut easte ut bêste mônljusskauder akseptjerret se tankber wer. Dy Emmy is dur net óp fertocht dot un korupte skriuwer har un nepknyn yn 'e mage splisse wól. Mar hij, dy gochemet út Hingelo, dy hie wizer wêze matten. Dy hie sizze matten: ‘Do matst sels witte wotst dwaan wólst, Emmy, mar ik gean mei de easte boat nei de wôl, en ost ferstonneg bist gjist mei, wont wij wudde jir yn 'e boat nómmen, en bij de poat ek noch, dêt ik san ûnfûûg wud óm sis. Kóm, fanke!’ Sókssawot soe ik sein havve: Kóm fanke, dit spul hat lúzzen. Witst wot wij dógge? Wij geane mei de boat nei Haans en don nimme wy de trein nei Ljauet, meitsje wy dur un gesellege dei fon. Dy ómkoal út Hingelo hat neat yn 'e gaten. Os ik ynienen un lege bennewein fon un dúntop ride lit, lult ur dêr ek wól wer un kónt oan. Dy fint fontasjerret oerol wól óp fjidder, dêr hast neat oan. Ik soe dot oas dien ha. Ik hie sein: Kóm Emmy, wij stappe út ut ferhaal wei, wij smeare him nei de fêste wôl. Dy skriuwer kin ús dochs net achternei kómme, dy mat jit oant sneintejûn ta bliuwe, wont hij woe un bûk skriuwe oer ús. Kin ur no fijn un leeg bûk skriuwe oer neat.’ Os mij sóks os skriuwer oer kaem, soe 'k ut fijn fyne. Un wjerstribbeg haad-persoan dyt ut tsjin 'e skriuwer yn 'e kont set, dot is machteg. Ien dyt un eigen miening hat en net olles fret wot him fwar de bek smyten wud. Mar dy fint út Hingelo is un suetsje, dêr skriuw ik net mear oer. Dy Emmy, dy is wól leaf, en dêr soe 'k wól un lyts monúmintsje fwar óprjóchte kinne, mar ach, ik ha wól jedder oer dit type skreon, en os ik ut no wer dóg, jau ik san fertekene byld fon 'e werklekhyd, krekt os bestjit de wrôd inkeld út leave famkes mei grutte bekken en lytse hetsjes. En dot is net sa jónges, de trutten en tangen havve de oerhôn fier. |
|