| |
| |
| |
Thomas Westra
Thus
Toanielbyld:
Trije sikehûsbêdden. De bêdden kinne skieden wurde troch in gerdyn.
Tsjuster.
It lûd fan sykheljende mannen: Van Dyk (1e man), de Jong 2e man) en Van Doorn (3e man)
De 1e suster komt mei in bûslampe foar't boarst. Se rint nei it earste bêd, lûkt de wite kleden tusken de bêdden ticht.
Se sjocht in telminnich nei de earste man. Hy leit to sûzjen, sit heal oerein yn'e kjessens. Dan rint de suster nei it tredde bêd. It twadde bêd slacht se oer.
Jo moatte jo deljaen.
(Giet ôf)
Suster! Suster!
(It bliuwt stil)
Suster! Hoe let is't? Hoe let is't, suster?
(De twa oare mannen wurde ûnrêstich, wuolje om en prottelje yn harsels)
Hoe let is't suster?
Hwer is suster?
(De oare mannen mompelje)
Suster!
(De 2e man krimmenearret hwat om, drukt dan op'e skille njonken it bêd. It beltsje giet en it ljochtsje springt op read)
Net dwaen! Dat meist net dwaen!
Se slacht ús. Ophâlde! Ophâlde!
Hâld dyn harsens to razen.
| |
| |
Suster hat my oerslein! Suster hat net nei my sjoen!
Eigen skuld. O myn lichem. Komt troch dy. Sa'n gedonder.
Sa'n gedonder.
Se moatte dy hjir nachts weihelje.
Suster moat komme!
(Hy skuort de gerdinen fansiden tusken de bêdden)
(De suster komt. Se docht it greate ljocht oan)
Hwat ha'k juster tsjin jo sein?
Deljaen. Dou altyd to krimmenearjen.
Hwat ha'k tsjin jo sein, de Jong?
Hwa hyt hjir fan de Jong?
(Stilte)
Hwa fan 'e hearen hyt hjir fan de Jong?
(Tsjin'e 1e man:)
Hoe hite jo?
Ik hyt fan, ik hyt fan...
(Tsjin'e 3e man:)
En hoe hite jo?
Ik? Hoe't ik hyt, suster?
Sa lang't jo libje, bliuwe jo Van Doorn.
En hwa soe dan de Jong wêze?
Mei'k hwat wetter, suster?
Hwa soe hjir nou de Jong wêze, hwat tochten jimme?
Ha jim de flesse by de hân?
Ik kin net suster. It wol net. It sit fêst.
Lit ris sjen.
(Se sil de tekkens omheech lûke, mar de 2e man hâldt se beet)
Los.
Se moatte it dy ôftaepje.
| |
| |
(De 2e man bigjint to klaeijen, hwat gûlderich)
It docht net sear. Lit ris even sjen.
Los dy tekken!
(Se skuort him los)
Is't wer sa?
(Se lûkt de tuskengerdinen ticht)
Net mei sin, suster. Wier net. Wier net.
(De suster pakt twa skjinne lekkens en lûkt de smoarge fan't bêd. De man giet op'e side lizzen)
Omdraeije.
(Se lûkt it ûnderlekken rjocht)
En omdraeije.
(Se makket it bêd fierder op)
Klear.
(Tuskengerdinen wer iepen)
Lekker sliepe, suster.
(Suster ôf)
Back out.
(yn spot)
Hoe let is't?
(De oare twa sliepe)
Hoe let is't?
(De oare twa wurde heal wekker)
Hwer bliuwt de suster dochs?
(De suster komt op en leit de trije mannen de thermometer oan)
De poeijer is op. Wy kinne mei jo oan'e gong bliuwe.
(Of)
(Hy gûlt in bytsje)
Suster! Hokfoar waer is't?
Alle dagen binne gelyk yn dit gekkefabryk.
Dit is't sikehûs net? Hen? Net?
Alle dagen gelyk yn dit gekkefabryk.
Alle dagen gelyk yn it gekkefabryk!
(Hy laket)
Hartstikke gek binne jim!
(Hy laket)
| |
| |
Lêst fan'e holle ha'k. Lêst fan'e holle. Oars neat.
Se moatte it jo ôftaepje.
Se moatte it jo ôftaepje!
Se moatte jo mar better to pakken nimme. In âld keardel fan neat binne jo. Kin allinne net iens mear rinne.
Ik kin noch goed út'e broek.
Jo skite alle nachten yn't bêd ommers.
Sjoch nei josels! Bêdmiger!
Suster! Ik siz it tsjin de suster!
Hâld op to razen. Tink om myn holle.
Se moatte jo hjir weihelje.
Freegje it mar oan dokter.
(Tsjin'e 3e man:)
Né. Jo.
Juster hat hjir gjin dokter west.
Juster hat er it sein. Faeks snijt er him der wol ôf.
Hy snijt him der ôf. Forrotte.
Sa'n âld keardel as jo forrotsje. Stikje foar stikje sneit dokter fan jou lichem ôf.
Hy makket my net dea wol?
Dat moatte jo noch ôfwachtsje.
Hy makket my net dea wol?!
| |
| |
Faeks wol. Se wolle jo hjir wol kwyt.
Sa'n âld keardel as jo ha se hjir allinne mar lêst fan.
Hwat soene se mei my wolle?
Sa'n âld keardel as jo kinne se hjir wol slite.
Sa is't. Oars neat as wurk.
Myn holle! Jo moatte ophâlde!
Sjogge jo wol? Dêr ha jo it al. Dat is it bigjin.
(1e man suchtet)
Jo hoege net sa to suchtsjen.
Dy komt hjir net wer. Moatte jo net op rekkenje.
Dy bliuwt thús. Gelyk hat er.
Hwannear ha jo foar't lêst bisoek hawn?
In foech wike is't wol lyn.
Justermiddei hat myn suster noch west.
Dat is al in wike lyn, keardel.
Justermiddei hat se west.
Hjoed foar in wike wie't.
Soene se my dea ha wolle?
Justermiddei hat myn suster west.
Lekkere sinasapels ha'k krige. Hwer binne dy dingen keard?
Yn in glês. Lekker.
Hat de suster al mei de meter west?
Wy krije de meter net mear. Dat wie destiids sa. Yn't bigjin doe't wy hjir wiene.
| |
| |
Stil. Komt se dêr net oan?
(Stilte)
Se rint op'e gong om.
In apperaet fansels.
Hokfoar waer soe't wêze?
Hwat fielt it my raer yn't gat.
(De suster komt yn. Se nimt de pols op fan'e 1e man)
Moat ik opereare, suster?
(De suster seit neat)
Suster?
(De suster rint nei de 2e man ta, nimt de pols op)
Ja suster.
(Even stil, dan krimmenearret er hwat)
Ik moat ôfblaeze.
Ik kin't net langer ynhâlde!
(Hy draeit him om. Der knapt hwat. Hy bigjint to krimmenearjen)
Ik koe der neat oan dwaen, suster!
Jo binne der wer op lizzen gien. Dat moat ris út wêze mei jo!
Dat witte jo sa stadichoan nou ek wol, tocht ik.
| |
| |
Hy kriget gjin meter wer.
(De suster lûkt in tuskengerdyn ticht, set it skerm der foar)
Is't sa?
(Hy bisiket it gerdyn fansiden to lûken en der achter to sjen)
Ofbliuwe van Doorn.
(De man lit wer los)
Net sa'n gestin. Der is neat stikken.
Hat er him snijd?
(Hy lûkt it tuskengerdyn heal iepen)
Hâld op! Hy hoecht myn kont net to sjen!
(Wrot oerein om it better sjen to kinnen. De suster lûkt it gerdyn wer ticht)
Au!
Tink om jim meters. Pas op as jim se stikken meitsje.
Ald en wiis genôch om der sels om to tinken.
Sitte litte dy meter, Van Doorn.
Sa. Klear.
(Se pakt it skerm op en lûkt de gerdinen wer fansiden)
En nou jim meter.
Suster hat my noch net by de pols hawn.
Jo slach ik hjoed oer. Dat witte wy sa stadichoan wol.
Jow my de meters mar.
Lit ris sjen?
(Sjocht)
Hwer ha jo dat ding? Jo ha him der net úthelle wol?
Even wachtsje.
(Tsjin'e 1e man)
Jo meije der net oankomme, dat witte jo ek wol.
Hwannear komt de oare suster to waskjen?
Hjir leit er fordikke ûnder it kjessen.
Dêr ha jo him sels ûnder treaun.
Ik haw him net hawn. Dan is er der útgliden.
Myn wetter, suster. It docht sa sear! It docht sa sear!
Flink wêze hear.
(Sjocht nei it sekje dat njonken it bêd hinget)
It rint oars goed.
Komt myn soan hjoed ek del, suster?
| |
| |
Hwannear komt de oare suster to waskjen, suster?
Krije wy hjoed ek in aei?
Snein.
(De suster is noch mei de 3e man dwaende)
Faeks wol. Mar ôfwachtsje.
Sa. Klear. Kin't sa?
Ja.
(Suchtet)
Ja ja. It is hwat.
Hwat is der oan? Van Doorn?
Krije wy allinne sneins in aei, suster?
Moed hâlde man.
(Suster giet ôf)
Hwannear kin'k wer nei hûs, suster?
Meije wy der hjoed ek noch ôf?
(Stilte)
Hoe soe't mei de fisken wêze?
Wy moatte earst wosken ha.
Se kinne net oer de sepelucht.
Ik ha myn bril hjir net. Jo?
Wolle jo ris troch minent sjen?
Hy moat yn't laedtsje lizze.
Suster hat him meinommen doe't jo hjir kommen binne.
Hy leit yn't laedtsje, tocht ik. Ik haw him op as ik nei de fisken sjoch.
(Hy klaut yn it laedtsje om)
(Twa susters komme op mei in greate goudfiskekûm mei fisken)
De fisken hearen.
(De susters geane wer ôf)
Dêr binne de fisken, seit se.
Suster! Myn bril, suster!
Jo hawwe noait in bril op hawn, keardel.
Hoefolle fisken binne der eins?
| |
| |
Ik kin't hjirwei net sjen.
(Klaut wer yn't laedtsje om)
Hat suster minent meinommen?
(Stilte)
Ha jim myn bril ek sjoen?
(Tsjin'e 3e man)
Jo?
(Stilte)
Jo?!
Ha jo net it lêst myn bril op hawn?
Dat bistiet net, keardel!
(tsjin'e 3e man:)
Hy hat him it lêst hawn.
Hjir dat ding!
(De 3e man bliuwt stil lizzen)
Krij him even foar my út it kastje!
Jo moatte him gewurde litte.
Mar hy hat him!
(Hy skuort nou oan'e beugeltsjes om dy't de sydkanten fan it bêd ticht hâlde. It slagget him in kant del to krijen, mar hy kin net fan't bêd komme)
De suster moat earst tastimming jaen.
Ik wol der ôf! Fordomme, it is myn horloazje op't lêst!
Jo hawwe him it lêst hawn!
Myn horloazje fansels.
(Hy sil mei de fuotten oer de bêdsrânne)
Hé, hwat sille wy nou ha?!
Jo brekke de bonken noch.
| |
| |
It is minent. Jim hawwe it stellen. Stellen!
Ik belje de suster.
(De 2e man hâldt even op mei de wrakseling om fan't bêd. Driigjend tsjin'e 1e man:)
Jo kinne net iens by my komme, keardel.
(Tsjin'e 1e man:)
Jo ha myn horloazje!
(Twa susters komme op)
Hwat sil dat, de Jong?
(De 2e man giet lizzen)
Ja goed.
(It tuskengerdyn komt ticht. Se lûke de man it pyamajaske út. De 2e suster bigjint him de holle en earms to waskjen, de 3e suster it boppelichem)
(sjonge)
I love you, yea yea yea
I love you, yea yea yea ensfh.)
Jim moatte ophâlde to balten.
'k Ha sepe yn'e eagen.
Hwat binne jo oars noch in lekkere skat net?
Sil'k jo ris even kitelje?
Wol pake ek in spekbokken?
(De susters gnize)
Hâld jo de snút to razen man!
Wy meitsje in peaskehazze fan him.
(se gniist. Se nimt in stik forband, docht it de man ûnder it kin lâns en dan mei in strik boppe op'e holle)
Dat helpt. Nou is er samar better.
(Op'e gong giet trijekear de skille)
Fansels Boanstra wer. Makket it dochs net lang mear.
| |
| |
Sille wy him hjoed lizze litte? Sa'n gedonder elke dei mei dy klean.
(De skille giet wer)
(De susters geane foar it bêd stean. De 1e man komt net oerein.)
Kom op, jo binne noch sa flink. Jo kinne bêst sels fan't bêd komme.
Jim ha de gek mei sa'n âld man as my!
Jim ha gjin hart yn jim lichem! Jim litte ús hjir like leaf stjerre!
Mantsje mantsje! Wy sille jo helpe hear.
(Se krijt him beet)
Bliuw fan my ôf!
(Hy wrakselet tsjin)
Bliuw mei jim poaten fan jim ôf! Myn holle! Myn holle!
(De susters litte him los)
Suster, it sekje is fol. It docht sa sear. It docht sa sear, suster.
Van Dyk. Van Dyk hearre jo my?
(De man leit mei de eagen ticht)
Van Dyk. Binne jo lilk?
Wy lûke him der ôf hear. Wy komme sa noait klear.
(Se docht it sydsket fan it ledikant los)
Wolstou it weintsje even krije?
(De oare suster hellet it kuijerweintsje en set it njonken it bêd)
Kin er net better earst de klean oan ha?
'k Wol der ôf, suster!
(De skille op'e gong giet wer. De 2e suster giet ôf)
(Lûkt de 1e man syn sokken oan)
Ik haw him in spuit jown. Binne wy fan'e moarn fan him ôf.
Lokkich.
(Se bisykje de man de broek oan to krijen)
Suster! Suster! Ik barst! Ik barst!
It sekje is noch lang net fol.
It is hielendal fol, suster!
Dêr sjogge jo neat fan, man.
(De 3e man skriemt yn himsels)
Net sa oanstelle. Wy binne daelk oan jo ta.
Ja. Jo binne earst oan beurt.
O God O God O God. Ik stjer. Ik stjer.
Dan jo earst mar.
(Se litte de 1e man lizze mei de klean heal oan)
Jo ha gelyk. It sekje is helendal fol.
| |
| |
Alle pasjinten moatte der deis ôf fan dokter. Foar't bloed.
It moat fan dokter, Van Doorn. It is it bêste foar jo.
Mar it kin net! It kin net!
Binne jim hast oan my ta?
In spuit suster! In spuit!
(De 3e suster pakt in skerm en set it foar it bêd)
Né! Net dwaen! Lit dat nou mar! Bliuw der nou ôf!
Bliuw der nou ôf! Au! Au suster! Au suster!
Ik wol godfordomme nei hûs!
(Hy skuort oan it bêd om. De 3e man jammeret)
(Achter it skerm wei)
Hâld jim stil to razen oars krije jim in klap.
(De mannen hâlde har stil)
Sa. Klear. Noch even bikomme en dan is minhear Van Doorn daelk wer de âlde.
(De susters pakke it skerm op. Se hawwe in kleur fan ynspanning)
Sille wy earst mar om kofje?
Graech. It wurk bliuwt der wol.
(Se geane ôf)
(Stilte. De trije mannen lizze elk mei har eigen gedachten. Nei in skoft:)
Hoe is't mei him?
(Hy wiist yn'e rjochting fan Van Doorn)
Goed, tocht ik. Ik hear neat.
(Stilte)
Hoe... eh... hyt er eins?
Hy.
(Wiist yn'e rjochting fan'e 3e man)
Is't net fan'e... Is't net fan Feenstra?
| |
| |
Dat soe fansels ek kinne.
(Stilte)
Soe it... soe it mei ús ek sa gean?
Komt er net fan Boalsert?
As er hjir nouris weirekket, hwat dan?
In oaren ien. In nijen. Der steane genôch op'e list.
En as er nou dea moat, hwat dan?
Dea moat er, dat stiet fêst.
Der steane genôch op'e list.
(Stilte)
As leauwe jo my net?
(De 1e man is yn gedachten. Hy sjocht earnstich)
Hearre jo my net?
Hwer geane jo hinne as jo hjir wei moatte?
Hwannear geane jo hjir wei?
Dat duorret net lang mear.
Der moat ien by de fisken bliuwe.
Libje jo ek noch? Jo moatte hwat fleuriger op! Jo lizze mar to sliepen!
(De 1e, 2e en 3e forpleechster komme op)
| |
| |
(Tsjine 1e man, dy't noch de strik op'e holle hat:)
In peaskehazze leau'k?
Ja suster. Van Dyk hat hjoed sa'n bêst sin, dat wy ha him mar forsierd.
(De susters gnize)
Mar gau de klean oan, Van Dyk. De fisken steane al in hiel skoft to wachtsjen.
(De 1e man docht krekt as heart er neat. De 3e en 2e suster helpe him yn'e klean en dogge him it wynsel fan'e holle)
Hoe is't mei jou soan, Van Dyk?
(De man hellet de skouders op)
Hy hat in oar wiif, net?
(De man hellet de skouders op)
As stiet it sin op min waer?
(De man reagearret net)
Set him mar gau yn'e stoel, oars komme wy noait klear hjoed.
(De 2e en 3e suster helpe him fan't bêd. It wol min. De man falt sahwat. Dan sette se him yn in leuningstoel, deun foar de goudfisken)
En nou is de Jong oan'e beurt.
(De susters bigjinne him to waskjen.
De 1e man sit by de goudfisken. Hy lit de holle foaroer hingje. Dan bigjint er lûdleas to gûlen)
Moatte wy ek even sjonge, de Jong?
Toen onze mop een mopje was?
(De susters bigjinne to sjongen. De 1e man sit lûdleas to gûlen. De 1e suster sjocht om. Se sjocht de 1e man sitten)
Ho ris even.
(De oare susters hâlde op mei sjongen)
Van Dyk.
(De man sjocht foar him del)
Hwat is der?
Hy kin de fisken net goed sjen.
Is der hwat? Van Dyk? Ha jo lêst?
(De man reagearret net)
Sjoch my ris oan.
(De man sjocht har mei greate eagen oan)
Hwat is der? Fortel it mar.
Hy.
(Hy wiist yn'e rjochting fan'e 3e man)
| |
| |
Van Doorn?
(De 1e man knikt)
Hat er jo pleage?
(De 1e man skodhollet)
Hy.
(Wiist wer nei de 3e man)
Hwat is der mei van Doorn?
Sille wy mar trochgean? It is aenst iterstiid.
(Se waskje de Jong en helpe him yn'e klean)
(Tsjin'e 1e man)
Jo binne hwat down. Hindert neat hear.
Daelk komt de fysiotherapeut. Hwat oefeningen en jo binne der sa wer boppe op.
(Se rint by him wei, nei de 3e man ta)
En, Van Doorn?
(De 3e man sliept)
Van Doorn! Wurd ris wekker!
(De 3e man wurdt wekker. Yntusken wurdt de 2e man fan't bêd holpen en yn in leuningstoel by de goudfisken delset)
Der ek mar even ôf, net? Jo ha al wer salang lein.
As suster it seit, sil it wol moatte.
Om my hoecht it net, mar dokter wol it graech. En dokter is baes, menhear van Doorn.
Hy hoecht net mear wosken. Wy ha him niis al in beurt jown.
Goed, Dan mar gau de klean oan.
(Se helpt him yn'e klean. De 2e en 3e suster lizze de bêdden torjochte en geane ôf. De 1e en 2e man sitte stil foar har út to sjen nei de fisken. De 3e man wurdt yn in weintsje holpen en der ek by set)
Sa. Dat is wer klear foar hjoed. Hearen, oant sjen.
(Se giet ôf)
(Stilte. De 2e man hat in gongelstôk yn'e hân. Nou en dan stampt er der mei op'e groun. Dan bigjint er yn himsels to sjongen. It is in núnderjen sûnder wurden. Der sit gjin inkelde lijn yn'e wize. De 1e man bisiket nou en dan ek lûd to jaen. Mar hy komt net fierder as in ynset. De 2e man stampt mei syn stôk op'e groun, as soe er it ritme oanjaen. Der sit lykwols gjin inkeld forbân tusken syn sjongen en syn stampen)
(De 2e man sjongt troch)
Skynt de sinne noch wolris, de lêste tiid?
Ik sjoch him komselden. Jo?
Eartiids wie't waer gâns better.
Eartiids skynde de sinne noch wolris.
(Stilte. Allinne de 2e man sjongt noch sûntsjes yn himsels)
(Tsjin'e 3e man)
Hoe hite jo eins?
| |
| |
(De 2e man is opholden mei sjongen. Hy komt ta himsels)
Jo moatte net oeral de bek yn slaen. Wy wiene togearre oan't praten.
(De 2e man is forbjustere. Hy seit neat)
(Tsjin'e 2e man)
Hoe hite jo eins?
(Tsjin'e 3e man)
Jo moatte jo de bek hâlde. Jo meitsje it net lang mear.
Hwat soene jo hjir to sizzen ha?
Dy spuitet jo samar dea, as er dat wol.
(Tsjin'e 3e man)
Jo moatte jo de bek hâlde.
Jo telle net mear mei.
Wy kinne jo togearre noch wol oan, myn maet en ik.
(Wiist op'e 3e man:)
Hy en ik.
En ik dan?!
(Hy slacht mei de stôk op'e groun)
Lit mar. Hy is net wizer.
(Tige lilk)
As jim sa wolle! As jim sa wolle!
(Hy bisiket by de 1e man to kommen en him mei de stôk to slaen. Hy docht in slach yn'e loft en rekket de stoel)
Ik slach jo dea! Ik slach jo dea!
(De 2e man is nou tichter by de 1e man kommen. Hy sil de 1e man pakke)
(As de 2e man de 1e to pakken hat, forslappet de 1e. Syn holle falt him op it boarst en hy sakket skean yn'e stoel. De 2e man skrikt. Hy lit de man hurd los en skuvelet werom nei syn âld plak. Hy sjocht eangstich nei de 3e man)
| |
| |
Hwat nou?
(De 2e man seit neat, mar sjocht in pear kear skril fan'e 1e nei de 3e man)
Docht er net mear mei?
Dan kin er better op bêd gean.
(De fysiotherapeut komt yn. Hy hat hwat ballen en oar ark by him)
Dei hearen. It is wer safier. In pear spultsjes foar de linigens. Sitte jim klear?
(Syn each falt op'e 1e man)
Menear Van Dyk!
(Hy rint nei de man 1e ta, sjocht even. Dan hurd ôf)
Dan sil er daelk wol wer komme.
(Tsjin'e 1e man)
Hé! Wurd ris wekker!
(Twa susters en de fysiotherapeut komme yn mei in brankaer. De 1e suster sjocht nei de man, fielt him de pols en docht him de eagen ticht. Mei syn trijen lizze se de man op'e brankaer en ride him fan'e seal ôf)
Hwat soene se mei him wolle?
Thús is't better as hjirre.
Hy soe mei nei myn suster. Dy mei dat reade hier.
Dy't hjir wol gauris komt?
Is er jo ek noch yn't foar.
En nou binne jo oan'e beurt.
(Twa susters komme yn en helje it bêd ôf fan'e 1e man. Der komt skjin bêddeguod op. Ek wurdt it kastke leechhelle)
Hwer is er hinne, suster?
Nei hûs, menear Van Doorn.
| |
| |
Hwannear komt er wer, suster?
(De suster is oan't wurk. Se jowt gjin antwurd)
Suster?
Dat moatte wy nochris bisjen, menear Van Doorn.
Soe menear de Jong foartoan om'e fisken tinke wolle?
Komt er ek noch om ús dach to sizzen, suster?
Soene jo dat graech wolle?
Ik wol, suster. It wie myn maet.
It wie myn maet ek, suster.
Ik sil dokter ris freegje.
(De susters geane ôf)
(Stilte)
Hoefolle sitte der eins yn?
Se binne fan ús meiïnoar.
Suster hat sein, se binne nou fan my.
Hoefolle sitte der eins yn?
Dat kin'k net krekt sjen.
Hy.
(Hy wiist nei it bêd fan'e 1e man)
Nergens sa'n bêst plak as thús.
Hy komt noch wol even del, net?
It wie myn maet op't lêst.
Hy giet nou sa net fuort, soe men hoopje?
(Twa susters komme yn. Se helje de kûm mei goudfisken út'e keamer)
Jim meije him noch ien kear sjen.
(De susters sette in skerm op, sadat de 1e man aenst net sichtber is foar it publyk)
| |
| |
Hiene jo in hoed, doe't jo hjir kamen?
(Tsjin'e 2e suster)
Wolstou even yn'e gongskast sjen?
(2e suster ôf)
Jo kinne der wol oer net, Van Doorn?
(De 2e suster komt werom mei in swarte hoed. Se jowt him oan'e 2e man, dy't him fuort op set)
Hie ik ek in hoed doe't ik hjir kaem?
It wie myn buorman. Dat leit neijer.
(De susters komme yn mei in brankaer en ride dy achter it skerm. De 2e man giet rjocht sitten. De 3e man wit net hwat er der oan hat)
Jo moatte jo net sa oanstelle, keardel.
(Plechtich)
Eare oan'e deade!
Mar... hy is net... Suster!
(De suster komt achter it skerm wei)
Suster, is er... eh.
(Hy wiist mei de holle en in finger nei it skerm)
( Van Doorn bilûkt)
Sille wy dan mar, suster?
(De suster steunt him, wylst er mei de stôk rint. By it skerm bliuwt er stram stean en docht de hoed ôf. Dan giet er achter it skerm)
Suster!
(De man rekket yn panyk)
Suster moat by my bliuwe!
(Stilte)
Is er dea?! Suster!
(De 2e man komt wer achter it skerm wei. Hy draeit him noch in kear om yn'e rjochting fan'e 1e man en makket op syn wize in boeging, mei de hoed yn'e hân.
Mei steun fan in suster rint er wer nei syn stoel.
Hy bisiket weardich to rinnen en hy sjocht plechtich.
As er sit jowt er de suster de hoed, dy't him fuortbringt.
Twa susters geane mei de brankaer ôf en rûmje it skerm op)
| |
| |
Hoe't jo der aenst bylizze.
Jo meije it der om dwaen en liz der sa kreas by.
(Hy kin net sizze hwat er yn him omgiet)
En... en nou?
Nei hûs. Gjin better plak as thús.
Gjin better plak as thús.
Ik doch der hwat om as ik er sa kreas by liz.
Jo geane nei jo suster, net?
Ja, dy mei dat reade hier.
Dy't hjir wol gauris komt.
Soe'k..... soe'k net meikinne?
(Twa susters komme yn mei in karre mei iten)
It sit der wer op mannen.
(Se helpe de beide mannen yn't bêd en lûke harren de klean wer út)
In noflike moarn hawn, Van Doorn?
Hy hat gjin famylje mear, suster.
(Se docht him in servet om en jowt him in board mei iten.
De 2e man is yntusken ek oan't iten.
De susters rûmje it ien en oar op)
| |
| |
Net prate mei de mûle fol, de Jong.
(Stilte)
(Hy wiist op it bêd fan'e 1e man)
Daelk nei't iten komt in nijen. Hy is al ûnderweis, tocht ik.
Jo moatte net sa skrokke, man. It iten krijt net iens tiid om to fortarren.
Smakket it hwat, de Jong?
Ik kin't jo net sizze, man.
Op?
Ja.
(Hy jowt har it board)
Ja.
(De susters geane ôf mei de karre mei smoarge boarden)
(Stilte)
It ljocht moat earst noch út ommers.
(Wiist nei it bêd fan'e 1e man)
Ik jow my mar del, leau'k.
(Hy draeit him om en jowt him del)
Feenstra, tocht ik.
Soe't net?
(De 3e man sliept)
Hen?
(Hy sjocht nei de 3e man)
Dan net.
(Hy jowt him ek del)
(Stilte. Nou en dan snoarkje de mannen. De 1e suster komt yn. Se sjocht dat de mannen sliepe en dôvet it ljocht)
(De 2e suster komt yn mei in man (de 4e man). Hy hat in oerjas oan en in hoed op'e holle. Hy sjocht frjemd om him hinne)
| |
| |
(praet súnich)
Doch jou jas mar út.
(De man docht it. Hy sjocht tige forbjustere)
En nou jou hoed noch.
(Hy jowt har de hoed. De susters geane ôf en de 4e man bliuwt allinne achter. Hy sjocht skrutel nei de twa sliepende mannen. Dan giet er op in stoel sitten by it taffeltsje yn it midden. Hy sjocht in skoftsje foar him út en giet dan mei de holle op'e tafel lizzen. Nei in skoftsje bigjint er mei de holle op'e tafel to bûnzjen. Ek slacht er mei de fûsten op'e tafel)
(De 1e en 2e suster komme wer yn)
(Tsjin'e 2e)
Mar gau de klean út.
Earst mar even op bêd, net Oastra?
Né! Né!
(Hy leit noch mei de holle op'e tafel en hâldt him stiif by de rânne fan'e tafel beet.
De 1e suster docht de mouwe fan syn strûper los en jowt him in spuit yn'e earm. Hy wurdt nou al gau rêstiger en de susters pakke him beide by in earm en wippe him mei klean en al yn't bêd.
De 2e man is wekker wurden)
Even wachtsje, de Jong.
(De susters lûke de 4e man de klean út en dogge him in pyama oan)
Sa. Klear.
(De susters geane ôf. It ljocht wurdt noch hwat dimt)
(Stilte)
(Tsjin'e 4e man)
Hoe hite jo?
(Stilte)
(tsjin'e 3e man)
Hé, wurd ris wekker!
(Stilte)
(tsjin'e 4e man)
Dy oare is nei hûs ta gien!
(De stilte tusken de sinnen fan dizze monolooch wurdt hieltiid langer, krekt as stjert it stadich út)
| |
| |
(tsjin'e 4e man)
Ha jo ek in bril?
(Stilte)
Ha jo ek in apperaet?
(Stilte)
Hoe hite jo?
(Stilte)
Dan net. Dan jow ik my ek mar del.
(Hy draeit him om. It toaniel wurdt stadich tsjuster)
|
|