wêzentlike fryske fan ús folk en yn ús persoanlik, is mei gjin wurden to sizzen, lit stean fan yn in definysje fêst to lizzen. By alle folkswêzen komt men op in djipsten foar in skeppingsmystearje to stean.’
Sjoch, as ik sokke wartael ûnder eagen krij ha ik oanstriid en praet nea wer in wurd Frysk en skriuw it al helendal net mear. Ik kin net bigripe dat in man as bakker safolle wurden smoarch makket oan eat hwat net yn wurden to sizzen is. It bilibjen fan it Frysk wêzen fan minsken as bakker bigjint op sa'n manear in forrekt protte to lykjen op in religy. Diskusje is dan fansels sinleas. Jo nimme oan hwat der sein wurdt of net. Gjin stjerlik minske dy't biwize kin hwa't gelyk hat.
Even letter wurdt de terminology fan bakker bipaeld om to grizen: ‘(...) Friezen meiinoar foarmje it fryske folk, it folksnasjonale Fryslân.’ Got, got, hwer ha ik ditsoarte dingen dochs earder lêzen. Bakker jowt ek in forklearring fan it bistean fan de Fryske tael. De muoite fan generaesjes taelkundigen is yn ien klap oerstallich wurden, nou witte wy hwer't it Frysk weikomt:
‘It ynwindich-subjektive folkswêzen fan de Friezen hat him nei bûten ta objektivearre yn hwat men neamt it folkseigene. De skoanderste objektivearring, it earst en meast folkseigene is it Frysk.’
Ik ha it idee dat de fryske biweging yn dizze twa stikken út de Stiennen Man wol sa ûngefear de twa útersten sjen lit fan de minsken dy't lid binne fan de biweging. Sa'n fryske biweging hat dan heel hwat fan bygelyks konfessionele partijen. Yn de konfessionele partijen bisykje minsken, dy't oer ien saek (har konfessy) gelyk tinke, oer alle oare saken, dy't yn it libben in rol spylje, ien mïening nei bûten to bringen. Dat slagget fansels net op in langen dûr. Ik ha sa'n idee dat itselde op in dûr ek jilde sil foar de fryske biweging. It is ûnsin om to foarûnderstellen dat alle Friezen, omt se tafallich in tal saken, dy't kulminearje yn it brûken fan de Fryske tael, mien ha, gelyk tinke soene oer bygelyks de ekonomyske machtsforhâldingen, dy't ús libben foar in great part bipale.
It soe dan miskien ek in goed ding wêze as de fryske biweging him ris útspruts oer ditsoarte saken.
Nou ha, sa kin ik my yntinke, nochal hwat minsken muoite mei in sa ambivalint ynstitút.
A. v. HIJUM