‘Jawis, dat is ek sa, in mins kin him forsinne, nou? Mar se like sprekend op dy. Ut 'e fierte dan. En se seach my ek noch oan. Ik tocht: sjocht se it net? Mar dy sil wol tocht ha: hwat wol dat frommis?’
‘Dus, jim moatte tsjintwurdich alles helje.’
‘Ja, der komt ús gjinien mear binei. 'k Haw fan 'e moarn tsjin myn man sein: dou krijst de fyts mar, hwant ik moat boadskipje. Mar ja, men kin ek net oeral parkeare, dat men sjout jin noch útinoar.’
‘Peter, liz dat del. Dellizze, seit mem. En hjirkomme.’
‘Nou, ik trof frou Wypstra lêsten ek. Ik tocht noch: dy hat grif tomin ynslein, of ûnforwachts bisite krigen. Mar dus...’
‘Frou Wypstra? Hwa is dat?’
‘Nou, dy wennet dochs flak by jo, yn dat hoekhûs fan dat streekje.’
‘O, fan dat streekje... Ja, wy wenje yn in bungalow, nou?’
‘Jawis. Mar dêr sille se dan ek wol net mear komme.’
‘Och né. Nou né, miskien net.’
‘Né, doe tocht ik al... Mar men wol ek net oeral nei freegje yn in folle winkel.’
‘Och heden, moat dat der ek noch yn? 't Is hjir oars fol genôch!’
‘Brea leit dêrre. Wolle jo sels miskien even in pakje krije? Né, dêr lofts. Under de chips, ja, de ûnderste planke.’
‘Och, sjoch, dêr komt Enny ek oan mei de pop.’
‘Dach!’
‘Dach!’
‘Even winkelje?’
‘Der moat wer hwat yn 'e hûs, nou?’
‘En de lytse even mei?’
‘Is dy der fuort even út, nou? Nou ja, ik kin him dochs ek net allinne litte.’
‘Né, dêr is se to lyts ta.’
‘'t Is in hỳ. Ja. 't is in jonge!’
‘O ja, bern? Ik miende dat jim in famke krigen hienen.’
‘Né, hear! In jonge! Ja, in soan!’
‘Dus! In lytse stamhâlder!’
‘Ja, en Keimpe?’
‘Oh, hwat sjocht er gutich. Keimpe, seiste?’
‘Ja, nei Klaes syn heit.’
‘Krekt! Dy sil der ek wiis mei wêze.’
‘Oe heden ja!’
‘Hoe âld is er nou? Trije moanne sahwat?’
‘Njoggentjin wike op in dei nei.’