Trotwaer. Jaargang 5
(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
in diskusjestik
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
A. It perspektyfYn eardere Trotwaernûmers, to witten 1970-3/4, 1971-7/8, 1972-2 en 3, hat drs. A. van Hijum wiidweidich oandacht jown oan it bigryp perspektyf yn in literaire tekst. Dêrom hjir in koarte gearfetting. Foar it kommunikaesjeproses tusken (skriuwer) - tekst - lêzer is it nedich dat skriuwer en lêzer in mienskiplike foarkennis ha fan tael en wurklikheit. De lêzer bigrypt de ‘konstruearde’ wurklikheit. yn de tekst pas as hy dizze wurklikheit yn forbân bringe kin mei syn kennis fan de historyske wurklikheit. Fan de wurklikheit yn de fortellende tekst krijt de lêzer kunde via de ‘forteller’. De ‘forteller’ sjocht de wurklikheit ûnder in bipaeld perspektyf. F.K. Stanzel ûnderskiedt yn syn boek ‘Typische Formen des Romans’ oangeande it perspektyf de folgjende romantypen: a. Auktoriale roman - De forteller stiet min oftomear bûten it forhael dat er fortelt. Hy is net ien fan 'e persoanen dy't yn it forhael in rol spylje. De forteller stiet boppe it forhael, as hy dat nedich achtet, kin er foarútrinne op de ôfrin fan it forhael. De lêzer mei forwachtsje dat er alle ynformaesje kriget dy't yn de rin fan it forhael fan bilang wêze sil.
b. Ik-roman - De forteller is sels ien fan de persoanen dy't yn it forhael in rol spylje. Hy fortelt yn de ik-foarm hwat himsels oerkomt/oerkaem is of hwat neffens him oare romanpersoanen oerkaem is. De lêzer kriget hjir in byld fan de wurklikheit sa't dy sjoen wurdt troch ien man, hwat de mooglikheit fan fortekening fan de wurklikheit ynhâld. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 6]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
c. Personale roman - De forteller komt hjir net mear eksplisyt nei foaren. It forhael fortelt himsels. De lêzer kriget it idee dat er sels oanwêzich is by it barren dat him yn de roman ôfspilet. It perspektyf kin hjir keppele wêze oan ien fan de persoanen dy't yn de roman in rol spylje. In oare mûglikheit: it perspektyf is keppele oan mear persoanen dy't yn de roman in rol spylje. Yn it earste gefal is der net folle forskil mei de ik-roman: de lêzer is ôfhinlik fan 'e ynformaesje fan ien man. Is it perspektyf oan meardere persoanen keppele, dan kin de lêzer in hwat nuansearder wurklikheit forwachtsje, alhoewol it altyd minder nuanseare wêze sil as by de auktoriale roman.
In oare yndieling makket J. Pouillon yn ‘Temps et Roman’. Hy ûnderskiedet: a. Psychologysk point of view. Hjirby wurdt útgien fan de lêzer. Hoe komt de lêzer yn kontakt mei de wurklikheit yn de tekst.
1. ‘vision dedans’: it perspektyf is keppele oan in bipaeld figuer/bipaelde figuren. De lêzer kriget in byld fan de wurklikheit sa't dy sjoen wurdt troch ien of meardere persoanen. (subjektyf perspektyf)
2. ‘vision dehors’: de lêzer sjocht alle romanpersonages fan bûten út. De ynformaesje oer de wurklikheit is net ôfhinklik fan in romanpersoan. (objektyf perspektyf)
b. Temporeel point of view. Hjirby wurdt útgien fan de forteller.
1. ‘vision avec’: de forteller rint net foarút op de takomst. De forhaeltakomst is foar de lêzer yn die takomst.
2. ‘vision par derrière’: de forteller fortelt syn forhael nei't dat al pleats hawn hat. Hy is op 'e hichte nei de ôfrin fan it forhael en jowt al oanwizingen foar dy ôfrin.
De tekst Twa Deade Sigeuners bistiet út 163 perikopen. Dizze perikopen binne opdield yn 16 haedstikken. Elk haedstik bigjint mei minstens ien ik-foarm perikoop en eindiget yn in hy-foarm perikoop. (sjoch skema I)
Sawol de ik út de ik-foarm perikopen as de hy út de hy-foarm perikopen wize werom nei plysje Romke Meester. Romke Meester is de forteller fan it forhael. It byld dat de lêzer fan 'e wurklikheit kriget, stiet ûnder it perspektyf fan Meester. Romke Meester is ek de haedpersoan fan it forhael. It forhael biskriuwt de wurklikheit fan Meester sa't dy him ôfspilet tusken de earste perikoop en de lêste. It perspektyf yn Twa Deade Sigeuners is dan ek to kategorisearjen ûnder it ‘ik-roman’ perspektyf of ‘vision dedans’. It brûken fan de ik-foarm èn de hy-foarm foar deselde persoan is net botte sinfol. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 7]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De lêzer kriget der gjin inkelde oare ynformaesje troch. Dêrby leveret dit trochinoar brûken fan ik- en hy-foarm problemen: sa út en troch liket it wol oft in alwittend forteller om 'e hoeke komt. En dat is yn dit gefal technysk sjoen alhiel forkeard!
Yn 'e hy-foarm perikopen:
Yn de earste perikoop fan it earste haedstik dûkt de alwittend forteller op yn de earste trije rigels. Dizze deskriptive sinnen binne net to plak yn dizze ik-foarm perikoop. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
B. De plotYn earder neamde nûmers fan Trotwaer is Van Hijum ek yngien op it bigryp plot: it gehiel fan faktoren dat meiinoar bipalend is foar dat hwat der bart yn elk forhael. Foar wiidweidiger ynformaesje forwiis ik dan ek nei dy Trotwaer-nûmers. Yn Twa Deade Sigeuners ha wy to krijen mei in ‘plot of action’ yn syn dúdlikste foarm: detektive roman. It wichtichste dat de lêzer fan in plot of action en seker fan in detektive freget is dat er antwurd kriget op de fraech: ‘En hwat barde der doe?’ Yn in detektive story wurdt dan ornaris nei in klimaks | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 8]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 9]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ta wurke. In ûntknoping. Ek yn Twa Deade Sigeuners is dit it gefal. Omt yn Twa Deade Sigeuners it perspektyf oan de haedpersoan keppele is, neist de hy-foarm èk yn de ik-foarm, krijt de tinkwrâld fan dy haedpersoan rûm oandacht. Fral it brûken fan dy ik-foarm docht Twa Deade Sigeuners ôfwiken fan de troch-sné detektive roman. Min ofto mear needsaeklik foar in detektive-story is dat de lêzer sa min mûglik ôflaet wurdt fan de ûntjowing fan de plot. De ynformaesjestream fan earste haedstik, earste perikoop (plysje Meester makket him ré de sigeuner Kore Pretulo oantohâlden) oantenmei lêste haedstik, lêste perikoop (de dea fan de moardner fan Pretulo) moat net ûnderbrutsen wurde. Dizze ynformaesjestream wurdt hjir oanbean yn perikopen, tekstfragminten dy't fan inoar skieden wurde troch in rigel wyt. Dy rigel wyt jowt oan dat der in ûnderskied bistiet tusken foargeande en kommende tekst. Dit ûnderskied kin hjir ynhâlde:
Lykwols is nei myn bitinken de perikopenyndieling fan Twa Deade Sigeuners oer it ginnerael frijhwat eigenwillich en sûnder sin. Hja kin op party plakken mei itselde point of view net stânholden wurde mei arguminten a of b boppe neamd. In revisy sa't dy yn skema II jown wurdt, biedt neffens my in bettere en logysker yndieling. Fan de 163 perikopen bliuwe 55 oer.
Sa't sein is, mei men fan de perikopen forwachtsje dat hja de lêzer dy ynformaesje biede dy't needsaeklik is foar it lizzen fan it forbân tusken de earste en de lêste perikoop. Ynformaesje oer de wurklikheit dy't de ôfstân tusken earste en lêste perikoop net lytser makket, moat dan ek as oerstallich oantsjutten wurde. Spitigernôch komt soksoarte ynformaesje wol yn Twa Deade Sigeuners foar, de folgjende perikopen hiene dan ek likegoed weilitten wurde kinnen: 2:2 r1-8 (=haedstik 2, perikoop 2, rigel 1 oant 8); 3:5; 4:3; 5:9; 7:6; 7:11; 7:14; 8:1; 8:5; 10:2; 12:5; 12:6; 13:4; 14:3 r1-7. Oangeande 4:3: al hoe aerdich sa'n prosesferbael ek foar de leek wêze mei, de ynformaesje dy't it bifettet is al bikend. (Foar de aerdichheit hie it better efteryn as taheake opnaem wurde kinnen). Yn it bigjin fan it forhael kin de skriuwer ek de rein en de stoarm net goed yn 'e macht hâlde en sjogge wy herhelling fan ynformaesje of sels tsjinsprekkende ynformaesje.
By it perspektyf (I-A) is it temporeel point of view noch net to praet west. Romke Meester wit de ôfrin fan it forhael net, de tekst is dan ek yn de nou-foarm stelt. As kategory kinne wy hjir de ‘vision-avec’ neame. Foar in detektive roman is dit prosedé tige geskikt, it hâldt de spanning deryn. It brûken fan ik- èn hy-foarm perikopen bringt lykwols in steurende wurking yn dit prosedé. Hwat binne de funksjes fan dy ik- en hy-foarm perikopen yn de ynformaesje-stream tusken 1:1 en 16:16. De ik-foarm perikopen kin men de kearnpunten fan it forhael neame. Hja sjogge werom i.c. reageare op hwat bard is en rinne foarút (antisipeare) op hwat der | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 10]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
komme sil, oanbean yn tinzen fan plysje Romke Meester. Wiist it bigjin fan de ik-foarm perikoop nèt werom nei de lêste of ien nei lêste perikoop fan it foargeande haedstik dan wol nei it net biskreaune barren dat plak foun hat tusken de beide haedstikken. By haedstik 3:1 en 8:1 is dit it gefal. De op de ik-foarm folgjende hy-foarm wurket de yn de ik-foarm jowne anti-sipaesjes út. As foarbyld haedstik 12:2: ‘It is it bêste dat ik nei iten fuortendaliks mar nei it kamp gean’ en 12:3: ‘Ik kin yn elk gefal fannemiddei noch wolris by Sjoerd Dieselsma sjen, en ik moat ek nei Jehannes Kompaan’, ‘Ik moat Jehannes al freegje hoe't hy wist, -, dat de Pretulo's formoarde wiene’ en ‘Ik moat him (= Feike) hwat mear achter 'e kont sitte, hwant oars komt der fan syn biloften neat, bin'k bang.’ Yn de dêrop folgjende perikopen yn de hy-foarm set plysje Meester, nei't er thús in board snert iten hat, ôf nei it kamp, freget Jehannes Kompaan hoe't dy fan 'e moard wist en bisiket yn it folgjende haedstik Feike Straatsma en Sjoerd Dieselsma. Ek de haedstikken 8 en 15 bifetsje antisipaesjes dy't yn de haedstikken 9 resp. 16 útwurke wurde. Mar fierders litte de haedstikken frij konsekwint de trits flash back - antisipaesjeútwurking sjen. Dizze antisipaesjes wize der nèt op dat wy to krijen ha mei in ‘vision-derrière’. Meester wit net hwat der barre sil, hy oerleit by himsels hwat er dwaen sil of tinkt dat dit of dat barre sil. It kin bêst hiel oars rinne. Haedstik 11 is hjir in dúdlik foarbyld fan. Seit Romke yn 'e ik-foarm perikoop: ‘ik lit de baes daliks earst mar hwat útraze en dan gean 'k him mei rêstige wurden en stevige arguminten to liif,’ it yn de hy-foarm perikoop folgjende petear mei de baes forrint hiel oars, side 114: ‘hy is mei stommens slein.’ Ek nije ynformaesje wurdt yn de hy-foarm perikopen oandroegen troch bgl. Gurbe Krante, tillefoan petearen. Lykwols bliuwt de wichtichste funksje fan de hy-foarm perikopen de útwurking fan de ik-foarm perikopen.
Risseltaet fan dizze komposysje is dat de ynformaesjestream dy't it forhael fan de earste nei de lêste perikoop bringe moat, hieltyd ûnderbrutsen wurdt troch flash backs en antisipaesjes, hwat in steurend effekt hat op de dynamyk fan it forhael en de lêzer ôflaet fan de ûntjowing fan de plot.
Resumearjend moat ik konstatearje dat Twa Deade Sigeuners oangeande hjirboppe neamde technyske aspekten in mislearring neamd wurde moat. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Part II: De kontekstNeffens de esthetyske opfetting refereart de literaire tekst NET oan de historyske wurklikheit. Literatuer is autonoom. Hja hat in eigen wurklikheit. Har ienige funksje is in kultureel-esthetyske (sjoch Trotwaer 1972-2, side 75). Yndie is de biskriuwing dy't in tekst biedt fan in historyske wurklikheit net identyk oan dy historyske wurklikheit. De tekst transformearret de historyske wurklikheit yn ‘betekenisstrukturen’ (wurden, sinnen, tael). Dit hâldt altyd in reduksje fan dy wurklikheit yn. It is sinleas, sa net ûnmûglik, de wurklikheit | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 11]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 12]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
folslein yn ‘betekenisstrukturen’ oer to setten. De tekst soe dan redundant, oerfolledich wurde. As bgl. yn in tekst it wurd ‘mem’ brûkt wurdt, meije wy it wurd ‘bern’ derby tinke. De ‘betekenisstruktuur’ ‘mem’ forûnderstelt a) in frou en b) in frou mei bern. De tekst mei dus ‘minder’ biskriuwe fan de wurklikheit dan dat yn prinsipe mûglik wêze soe. De transformaesje en reduksje fan de historyske wurklikheit yn in tekst bart fanút in bipaeld stânpunt t.o. dy wurklikheit. Tael ymplisearret in fisy op de wurklikheit. Fanút in hâlding, in ‘stellingname’ ûntstiet tael. Fanút in stânpunt wurdt de wurklikheit sjoen (Hodges). Yn de tael wurdt de minske him fan de wurklikheit biwust. Wittgenstein gie sels safier dat er sei dat de grinzen fan 'e tael, de grinzen fan 'e wurklikheit binne. Tael wiist op in mienskiplike wrâld, it bitsjut ynterminsklik kontakt. De historyske wurklikheit is altiten is sosiale wurklikheit. De literaire tekst is in tekst tusken oare teksten. Sa't yn part I sein is, ûnderskiedt hja har yn formeel-tekstueel typologysk opsicht fan oare teksten. In fundamenteel ûnderskied tusken in historyske tekst en in literaire tekst leit dan ek yn de tapassing fan de útspraken wier/net wier op de yn de tekst biskreaune wurklikheit. De fenomenen transformaesje, reduksje en perspektyf yn acht nimmend, nimt de lêzer fan de historyske tekst oan dat de biskreaune wurklikheit wier is, oerienstimt mei de empire. Of hij forgeliket de biskriuwing mei de empire, of giet nei yn hoefier transformaesje en perspektyf de wurklikheit fortekenje en bislút op groun fan dizze forgeliking ta it as wier oannimmen of it as net-wier forsmiten fan de tekst. By de literaire tekst bart dit alhiel net. De útspraken wier/net-wier binne hjir folslein irrelevant. Yn in útsûnderlik gefal sil de lêzer it predikaet ‘wierskynlik’ brûke. De wurklikheit fan de literaire tekst is in konstrueerde wurklikheit. Mar dat is hwat oars as it autonoom en net-referentieël wêzen fan dy wurklikheit! De literaire tekst kin net autonoom wêze: de tekst kin pas skreaun wurde op groun fan de bitsjuttingen en funksjes fan syn eleminten. Dizze bitsjuttingen en funksjes binne troch lêzer of skriuwer takend op groun fan de relaesjes fan de tekst mei it taelsysteem, oare teksten, de psycho-sosiale wurklikheit. De lêzer kin de konstrueerde wurklikheit fan de literaire tekst pas ‘bigripe’ as er har yn forbân bringe kin mei syn kennis fan de historyske wurklikheit. Net-referentieël wêzen hâldt in net-bigripen yn. Foar de kommunikaesje tusken (skriuwer)-tekst-lêzer is it needsaeklik dat de tekst refereart oan de tael en wurklikheit fan de Lêzer. Skriuwer en lêzer moatte foar kommunikaesje in mienskiplike foarkennis ha fan tael en wurklikheit. M.o.w. de literaire tekst kin net los sjoen wurde fan de sosiale (= historyske) wurklikheit (Lukács). De literaire tekst is net in selsstannich, bûten de sosiale wurklikheit steand gehiel. Wol men in literaire tekst adekwaet biskriuwe dan moat men net stean bliuwe by de biskriuwing fan syn ‘ynterne struktuer’ (part I), mar ek oandacht jaen oan syn eksterne relaesjes: de relaesjes tusken tekst en sosiale wurklikheit: skriuwer, lêzer, kultuer, maetskiplike struktueren, tael, oare teksten etc., oandacht jaen oan de kontekst. T.A. van Dijk forgeliket yn syn boek ‘Moderne literatuurteorie’ de forhâlding tekst-kontekst mei de forhâlding ‘grammatikaliteit’ en ‘akseptabiliteit’ fan in sin. In sin is grammatikael as er troch de rigels fan de grammatika ûntstiet (formeel | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 13]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
aspekt). Yn de praktyk kin sa'n sin bêst to lang of to yngewikkeld wêze, ûndúdlik en net-akseptabel. Dêrtsjinoer kinne akseptabele sinnen net-grammatikael wêze. Akseptabiliteit blykt yn 'e praktyk it measte gewicht to hawwen. Sa is it ek by de literaire tekst. In tekst dy't qua ynterne struktuer literair hite mei, kin as ‘kitch’ ôfwiisd wurde. De kontekst bipaelt yn lêste ynstânsje de literaire akseptabiliteit fan in tekst. As A. van Hijum yn syn evaluaesje fan ‘In kwesty fan hûd’ yn Trotwaer 1972-3, op side 185 ta de konklúzje komt dat ‘In kwesty fan hûd’ in goede roman neamd wurde moat, dan seit er allinnich dat de ynterne struktuer fan ‘In kwesty fan hûd’ foldocht oan de rigels fan in literaire grammatika. Oer it literair wêzen fan it boek seit it net safolle. Hwêrmei ik bislist net sizze wol dat in literaire grammatika sûnder wearde wêze soe, it tsjinoerstelde! Mar foar it adekwaet hifkjen fan in literaire tekst moat men net by de tekst (part I) stean bliuwe (lykas esthetici dogge), mar ek de kontekst yn de evaluaesje bilûke.
Lykas de skriuwer in stânpunt ynnimt tsjinoer de historyske wurklikheit dy't er yn ‘betekenisstrukturen’ oerset, nimt de bisprekker in stânpunt yn tsjinoer dizze literaire wurklikheit. Kin de bisprekker op de tekst rigels út in literaire grammatika tapasse, foar de kontekst hat er gjin paskleare rigels by de hân. De literatuer-sosiology dy't de bistudearing fan 'e kontekst ta objekt hat, stiet noch yn 'e berneklompen. Yn dit bisprek fan de kontekst fan Twa Deade Sigeuners sil ik my biheine ta de relaesje tekst-maetskappijstruktuer en dizze relaesje bisjen ûnder twa aspekten: A: it stânpunt tsjinoer sigeuners B: de sosiale rol fan haedpersoan Romke Meester as haedagint fan polysje. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
A. Stanpunt tsjinoer sigeuners1. UtgongspuntDe frânske strukturalist Michel Foucault hat sein dat ús maetskippij in konsintraesjekamp-maetskippij is. Minsken dy't oars binne as de ‘gewoane’ minsken wurde isolearre yn ûnderskate gradatys. Hy hat dit taljochte fral oan de hân fan de hâlding fan de ‘normale’ minsk t.o. de ‘gek’, it weisluten fan sokke minsken yn gestichten. Eat soartgelikens sjogge wy ek yn 'e hâlding t.o. groepen as bijaerden, gastarbeiders, oare rassen, homoseksuelen, wenweinbiwenners etc. Dizze lêsten hawwe okkerjiers dizze tendins werris dúdlik ûnderfoun troch de sintralisearjende maetregels fan ‘Den Haech’, dy't it oanwizen fan konsintraesjekampen (yn dûbele bitsjutting) foar wenweinbiwenners bifetten. Dat dizze isolearjende tendins yn hege mate op sigeuners fan tapassing is, hoecht hjir net neijer taljochte to wurden. It sil dúdlik wêze dat dizze isolearjende tendins in greate bidriging foarmet foar de essintiële en existintiële frijheit (Sartre) fan de minsk. Net allinne in bidriging fan de frijheit fan de minsken dy't isolearre wurde, mar ek fan dy fan de minsken dy't isolearje. Myn frijheit is de frijheit dy't ik de oar jow. De meiminske makket my myn frijheit mûglik. (Christoff). Dizze frijheit yn essintiële en existintiële sin kin men it kriterium neame hwer't | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 14]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
neffens de hâlding yn de tekst Twa Deade Sigeuners t.o. wenweinbiwenjende sigeuners hifke wurde sil. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2. SitatenDe hâlding t.o. sigeuners komt nei foaren yn de folgjende sitaten. Oanjown is hokfor persoan in sitaet útsprekt.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 15]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3. GrafykDe hâlding t.o. sigeuners sa as dy nei foaren komt yn boppesteande sitaten leveret nei hifkjen oan neamd kriterium in byld dat yn grafyske foarm werjown wurde kin. Yn dizze grafyk binne horizontael de rangnûmers fan 'e sitaten werjown, fertikael oardere op de wurdearingssifers -2 oant +2. It sifer -2 stiet foar de isolearjende hâlding lykas dat by 1-útgongspunt biskreaun stiet. Minsken dy't oars binne as de trochsné boarger (hjir de sigeuners) binne ‘healwiis’, moatte meit wurde, binne grif gefaerlik en net to fortrouwen. Men moat der mar net mei omslaen. Sifer +2 stiet foar de hjir tsjinoer steande hâlding. Men moat de meiminske de frijheit jaen dy't men jinsels jaen wol. Myn frijheit is de frijheit fan myn meiminske. Dit is alhiel gjin ûnyntressearre hâlding yn de trant fan: ‘hy docht mar’, ‘ik doch sa, hwat hy docht kin my net skele’. Omt iksels frij wêze wol dit to dwaen, moat ik de oar tastean dat to dwaen. As iksels bgl. de frijheit ha wol net nei tsjerke to gean, moat ik de oar syn frijheit jaen wol nei tsjerke to gean. Neamde ûnyntressearre hâlding jowt de oar gjin frijheit, mar nimt allinnich de eigen frijheit dy't yn wêzen gjin frijheit is omt er oan de oar foarby giet. Dizze ûnyntresseare hâlding stiet op 'e nullijn, mei in hâlding dy't men ambivalint neame kin: sawol de isolearende as de net-isolearende tendins is oanwêzich. In troch- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 16]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
slach nei it ien of it oare lit noch op him wachtsje. Op de nullijn stean ek de mear deskriptive sinnen, dy in bip. stân fan saken werjowe, sûnder dat in miening hjiryn bilutsen is.
It sprekt dat de rangoarder fan de sitaten ûnder de wurdearringssifers ek nei it oanjaen fan de bioardielingskriteria in subjektive saek bliuwt, in kwestje fan ynterpretaesje. Dêrom hjirby in pear oantekeningen. sitaet 1: It feit dat Meester de tastân op it wenweinkamp ôfwiist, tsjûget net sasear fan meilibjend gefoel foar de sitewaesje fan de kampbiwenners, mar mear fan meilijen mei himsels omt er yn rein en stoarm yn 'e dridze fan it kamp omstappe moat. It sitaet jowt net in hâlding fan Meester tsjinoer wenweinbiwenners, mar biskriuwt in sitewaesje. sitaet 4: Hat twa wurdearringen. Op himsels is it sitaet biskriuwend en jowt gjin hâlding tsjinoer sigeuners. Der binne safolle minsken dy't oanholden wurde moatte fanwege ‘dieverij en oplichting’, dit kwea is net oan bipaelde sosiaele groepen boun. Yn de rin fan it forhael blykt dit sitaet lykwols in folle minder deskriptive funksje to hawwen as men op earste gesicht tinke soe. It moat as alibi tsjinje foar de sitaten 25, 26 en 27. sitaet 8: Yn sitaet 6 binne de sigeuners al ûnderbrocht yn de kategory ‘frjemd folk’. De juste bitsjutting fan it bigryp ‘frjemd’ stiet hjir net fêst. Yn sitaet 8 wurdt de bitsjutting fan ‘frjemd’ dúdliker, Meester neamt kriteria hweroan foldien wurde moat om oars as oars to wêzen. Dit persoanlik oardiel (sa frjemd) oer sigeuners bringt Meester yn de foarm fan in algemiene biwering (binne sa frjemd). Hy leit de relaesje tusken it bang wêzen foar sigeuners fan de oare wenweiners en it sa frjemd wêzen fan dy sigeuners. Dizze relaesje is foar Meester net ûngewoan. Yn hoefier dizze relaesje ek foar him jild stiet hjir net fêst. Fuort hjirnei lûkt Meester dit bang wêzen fan de oare wenweiners foar de sigeuners nei it ekonomyske flak: ‘de oergunst fan de minsken dy't neat hawwe en neat krije.’ sitaet 9: Dat sigeuners harren neat oanlûke fan wetten en gesach blykt net út de tekst oantsafier. Dizze miening fan Meester stuolket dus op erfaring en/of foaroardiel. Yn it forfolch fan it forhael komt dit ‘neat oanlûken fan wetten en gesach’ net nei foaren. It tsjinoerstelde. De wenweinen stean kreas op it fierstento lytse kamp, de auto's stean goed út 'e wei (side 150/151), de fjurren wurde goed yn 'e gaten hâlden en de bigraffenis de oare deis jowt alhiel gjin dusoarder: ‘de rêstichste út 'e histoarje fan it doarp: (side 160). Forklearjend foar sitaet 8 (en 9) is de tekst ûnder oan side 20: ‘Yn feite kinne him wetten en gesach ek neat skille. It komt yn it libben oan op it lok fan de frijheit en op de frijheit fan it lok.’ De lêste sin bifettet pseudo-filosofyske ûnsin. Hwat wurdt bidoeld mei lok, hwat mei frijheit, hwat mei frijheit fan it lok, hwat mei lok fan de frijheit. Yn de earste sin sprekt Meester syn ûnfrede út mei syn birop: plysjeman, fortsjintwurdiger fan wetten en gesach. Dy wetten en gesach kinne him yn feite ek neat skille: yn de sigeuners projektearet Meester syn gebrek oan frijheit tsjinoer wetten en gesach. ‘Hy moat plysjeboartsje foar de sinten. - Hja binne sa frij as in fûgel, lûke har neat oan fan wetten en gesach.’ Resumearjend kin men sizze dat sitaet 9 de projeksy bifettet fan de frijheit dy't Meester sels mist. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 17]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Grafyk fan ‘de hâlding t.o. sigeuners yn it boek Twa Deade Sigeuners
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 18]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
sitaet 10: Yn sitaet 10 komt yn fysische foarm de isolearingsproblematyk nei foaren sa as dy by 1-útgongspunt’ neamd is. Mei fysische foarm bidoel ik dat der net sasear sprake is fan in stellingname tsjin it isolearjen yn geastlike sin - hja binne oars as oars, dus tink der om. Net de attitude tsjinoer sigeuners is hjir it ûnderwerp mar in risseltaet fan dy attitude: it ynstellen fan ommuorre kampen. Meester makket him hjir drok oer in bipaeld symptoom, de sykte sels lit er rêste. sitaet 11: Meester soe troch de grinzen fan fatsoen en oarder brekke wolle. Hy sjocht de tapassing fan dizze grinzen ek yn 'e ommuorre wenweinkampen en neamt dan it opsluten tusken de grinzen fan fatsoen en oarder misdiedig. sitaet 13, 16 en 17: Dizze sitaten jowe net sasear in positive of negative hâlding t.o. sigeuners. It bigrutlik finen fan it deameitsjen fan jonge lju seit net sa'n soad oer dy hâlding. sitaet 14 en 15: Ut dizze sitaten blykt dat de Pretulo's net mijd waerden troch de doarpsbiwenners. sitaet 18: wurket sitaet 15 út. Is sitaet 15 op himsels frij deskriptyf, yn sitaet 18 jowt Meester in wurdearjende draei oan dit sitaet. Neffens Meester is it gjin suvere kofje dat sokke jonge minsken mei âlde núten op stap gean. In motivaesje foar dit oardiel jowt Meester lykwols net. sitaet 19: is in skoalfoarbyld fan repressive tolerânsje. It oars as oars wêzen fan de sigeuners is Meester wol goed, as hja tominsten net by him op it kamp steane. De sigeuners stean nou wol by him op it kamp, dus hat er der nou net frede mei dat hja oars as oars binne. It dwaen en litten fan 'e sigeuners to bigripen, dêr spant Meester him net foar yn: hy krijt der gjin hichte fan, mar folle goeds is der yn 'e regel net by. Yn dit sitaet blykt Meester de attitude to hawwen hwêrfan er in symptoom yn sitaet 10 sa hertgrounich forsmyt! sitaet 21: Ek hjir in gebrek oan bigryp en respekt foar oarmans rituelen. sitaet 22: De plysje en de boskwachter binne it mei de ynhâld fan dit sitaet net ûniens. Minsken dy't in bigraffenis sa oars dwaen wolle, moat men net steune mei it lienen fan jins hynder en wein. sitaet 25: In motivaesje jowt Meester net foar syn oertsjûging yn dit sitaet. As alibi kin men sitaet 4 oanhelje. Tsjinoer de wissichheit yn dit sitaet stiet de folgjende tekst fan side 19: ‘Hoe faek hat er (= Meester) him net forsind yn minsken etc.’ Jelke Braam hat in reden foar de moard hawn dy't by de sigeuners to finen wêzen moat, mient Meester. sitaet 26, 27: liket in bifêstiging fan Meesters' foaroardiel yn sitaet 25. Op de wierheit fan Braam's foarûnderstelling wurdt lykwols net yngien. Hja wurdt foar wier oannaem, as alibi kin sitaet 4 tsjinje. Oan de wierheit fan Kores' biwearing dat Braam sa rûch as tou is (hwa giet nou it hûs út en lit in ‘slompe’ jild op 'e tafel lizze) wurdt foarby gien. Ek wurdt gjin oandacht jown oan it weromfinen fan it jild troch Braam by de deade sigeuners, hwat Braam's foarûnderstelling bifêstigje resp. as foaroardiel ûntmaskerje soe. (De plysje hat yn it foargeande by de sigeuners gjin jild foun ek net yn harren auto) Allinnich mar neilijen foar Braam. ‘De man hat genôch hawn tonearsten - it is ien stik earmoed dat dêr op 'e tafel hinget’. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 19]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
4 YnterpretaesjeIk sil nou bisykje in ynterpretaesje to jaen oan de hjirboppe steande grafyk. Opfallend yn dizze grafyk binne de sitaten 10/11. Hja litte in positive pyk sjen, de ienige yn dizze grafyk. Sa't by de oantekeningen sein is, is hjir by Meester sprake fan in foroardieljen fan in attitude-symptoom: it weisluten fan sigeuners yn in ommuorre kamp, de attitude sels wurdt net forsmiten. Meester skriuwt dit foroardieljen ta oan 'e omstannichheden en it waer: (side 20) ‘Hy wurdt mankelyk. Dat komt fan it waer en fan de omstannichheden, wyt er. Hy forset him der net tsjin.’ Sa jowt Meester sels in forklearring foar it foarkommen fan mar ien positive pyk: it ûntkaem him, de omstannichheden brochten him der ta. Oantenmei sitaet 17 biweegt de kurve him meastentiids lâns de nullijn. Mei as negative pyken in pear foaroardielen tsjinoer sigeuners en wenweiners yn 't algemien fan Meester en ien fan syn chef. Efkes boppe de nullijn lizze twa biskriuwende opmerkingen oer it gedrach fan 'e Pretulo's. Nei sitaet 17 sakket de kurve ûnder de nullijn en rint haedsaeklik lâns de -1 lijn. Yn de tekst binne wy dan by de lêste haedstikken oankaem. Yn haedstik 11 krijt Meester offisjeel opdracht fan syn baes him mei de moardsaek op de Pretulo's to bimuoijen. Foar himsels hat Meester dan al hjir en dêr hwat gegevens sammele. Nou giet er ek offisjeel efter de moardner oan. De oerweegjend ambivalente hâlding yn it bigjin fan it forhael wurdt negatyf as it net him slút om in doarpsgenoat fan Meester. De sigeuners wurde hieltyd mear op ôfstân setten yn it foardiel fan doarpsgenoat Jelke Braam, de moardner. By de ûntknoping is Braam de sielige pyt; sa mâl hie it net moatten mei dy sigeuners, mar hja ha it sels min ofto mear útlokke, wol it forhael ús leauwe litte, sûnder dit deugdelik to argumintearjen. Foar meilijen foar it jonge sigeunerstel is dan ek gjin plak mear, lykemin foar ôfgrizen foar de frijgeselle boer dy't yn opljeppenens om 600 goune twa jonge minsken dea makket. It himd is neijer dan de rok. Sigeuners binne en bliuwe frjemd folk. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5 Relaesje skriuwer - fortellerYn part I-A ha wy sjoen dat de forteller fan it forhael Romke Meester is, it perspektyf is oan him keppele, it sicht dat de lêzer op de wurklikheit kriget, komt út it stânpunt fan Meester. Hjirboppe is ek sein dat de skriuwer de historyske wurklikheit transformearet en redusearet fanút in bipaelde fisy, in stânpunt. Wy meije neffens my dan ek de forbining lizze tusken de forteller en de skriuwer. Troch de persoan fan de forteller jowt de skriuwer syn fisy troch oan de lêzer. De forteller is de transformaesje fan de skriuwer yn in betekenis-struktuer. Dizze identifikaesje fan forteller en skriuwer is meatsentiids taboe by esthetici. By harren is it literaire wurk autonoom en net-referentieël. Hjirboppe is dit stânpunt al wiidweidich bistriden. Wol moat men goed yn 'e gaten ha dat it wurd ‘skriuwer’ stiet foar in bipaeld aspekt fan in persoan. De skriuwer fan ‘Twa Deade Sigeuners’ is net identyk mei Anne Hellinga. Krekt likemin as it plysje-wêzen identyk wêze soe mei Hellinga (nettsjinsteande de efterflap...) It skriuwer-wêzen en it plysje-wêzen binne twa fan 'e talrike sosiale rollen dy't A. Hellinga yn dizze maetskippij spilet. Oan dizze rollen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 20]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
binne, lykas ûnder B neijer útien set wurdt, forskate forwachtingen boun. Derby komt de forantwurdlikens fan de skriuwer foar de tekst. De tekst hat net allinne in kulturiel-esthetyske funksje, mar foaral in politieke funksje. Polityk hat hjir in algemiene bitsjutting, it doelt op de maetskiplike gong fan saken yn it algemien, dy wy troch ús wurdearringen al hanneljend yn mear of mindere mjitte biynfloedzje miene to kinnen. (L. Nauta) Literaire teksten binne net weardefrij. Hja transformeare de sosiale wurklikheit fanút in bipaeld stânpunt. Hwat de Franfurter Schule (Adorno, Marcuse etc.) oer it net-weardefrij wêzen fan de wittenskip seit, kin dan ek fan tapassing wêze op literaire teksten. Ek de skriuwer sil him biwust wêze moatte fan 'e mûglike tapassingen en evt. misgebrûk fan syn teksten. Hy is mei forantwurdelik foar it brûken en mis-brûken fan syn wurk. Hy moat mei syn literair wurk bydrage ta de forbettering (transformaesje) fan 'e maetskippij. Sûnder in polityk-ethyske komponent is it wurk mei of sûnder opsetsin in bifêstiging fan 'e status quo. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
6 EvaluaesjeYn de tekst Twa Deade Sigeuners sjogge wy in hâlding tsjinoer sigeuners dy't past yn in ‘konsintraesjekampmaetskippij’. Ek hjir wurde minsken dy't oars binne as de ‘gewoane’ minsken isoleare. De bisteande foaroardielen wurde net op wierheit ûndersocht, der is gjin rûmte foar bigryp fan dy oar. De tekst Twa Deade Sigeuners liket dus mei to wurkjen oan it yn stân hâlden fan 'e status quo. Of is it tsjinoerstelde ek mûglik? Jowt de skriuwer in byld fan de isolearjende hâlding as wârskôging tsjin dizze hâlding? Hjir is neffens my net folle foar to sizzen. It forhael is in detektive-story. It hannelt oer it oplossen fan in moardsaek, hweryn ‘tafallich’ sigeuners bilutsen binne. Dizze sigeuners binne net de haedrolspilers, dat is de plysjeman Romke Meester. De Pretulo's binne by it bigjin fan it forhael al dea, harren famylje komt allinnich yn it forhael mei de bigraffenis en fordwynt dan wer. In warskôging soe earne út blike moatte, bgl. de ôfrin fan it forhael. Hjirfan is ek gjin sprake; Braam kriget de kâns him to forhingjen omt Meester eat docht dat tsjin de regels is. Mei in hâlding tsjinoer sigeuners hat dit neat to krijen. Men kin sizze dat de skriuwer fan Twa Daede Sigeuners syn lêzers in bifêstiging fan harren eigen foaroardiel biedt. In yn it each rinnend symptoom fan dizze attitude wiist er ôf, mar oan de attitude sels, dy't subtyl yn 'e tekst forweven sit, komt er net ta en wurket sa mei oan of forsteviget (biwust of ûnbiwust docht hjir net ta de saek) de status quo. Ik kin Twa Deade Sigeiners dit oangeande dan ek bislist gjin oanwinst neame en moat it as literair wurk ôfwize. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
B. De sosiale rol as haedagint fan polysje fan haedpersoan Romke MeesterYn it koart nou noch oer Meesters' rol as agint fan polysje. Dizze rol krijt yn it boek it folle ljocht sadat it byld frij dúdlik is en minder taljochting freget, dit yntsjinstelling mei part A. De hâlding tsjinoer sigeuners is | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 21]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
tige subtyl yn de tekst forweven sadat dêr mear rûmte en oandacht oan bistege wurde moast.
In yndividu nimt yn 'e maetskippij in bipaelde posysje yn. Oan dizze posysje binne sosiale rollen keppele, relaesjepatroanen, hwêryn't de maetskippy, bipaeld gedrach easket fan de ynnimmer fan de sosiale posysje. De maetskippij hat forwachtingen t.o. de sosiale rollenspiler en wol ‘moet-verwachtingen’ (de wet), ‘plichtverwachtingen’ (zeden), ‘kan-verwachtingen’ (gewoonten). (sjoch R. Dahrendorf: Homo Sosiologicus; de categorie van de sociale rol) By net foldwaen oan dizze forwachtingen past de maetskippy sanksy's ta op it yndividu. Troch de sosiale rollen is it yndividu boun oan de normative struktuer fan de maetskippy. Mar dat bitsjut net dat de minsk ûnfrij is. De minsk stiet by Dahrendorf sintrael yn syn moeting mei de maetskippy (‘een ergerlijk feit’) en bhuwt prinsipieel in frij yndividu. Dit yn tsjinstelling mei earder neamde Michel Foucault, dy't frijheit in yllúzje neamt. De minsk is in knooppunt fan relaesjes, in punt yn in struktuer. Dizze totaelstruktuer is wichtich, de minske net. De minsk is in ding, determineard binnen it systeem. It ik bistiet net, it is in ûnderdiel fan in anonym stelsel: ‘het’. Yn de struktuer fan in burokratyske maetskippy draecht haedpersoan Romke Meester de rol fan haedagint fan polysje. Dizze rol is fierwei dominant yn it boek. De rol fan Meester as echtgenoat is to ferwaerloazjen. Hwêr it ús hjir nou om giet is: wurdt Meester ús tekene as immen dy't determineard is, in ding yn it systeem, immen dy't hannelt neffens de regels dy't it systeem him opleit of is Meester in prinsipieel frij yndividu dy't hieltyd de harmony sykje moat tusken de forwachtingen fan 'e maetskippy en syn eigen autonomy? Dit lêste blykt it gefal to wêzen. Ut it boek sprekt dúdlik de wrakseling fan Meester as autonoom yndividu mei syn sosiale rol as haedagint fan polysje. Syn frou kin wol sizze dat hja net mei dy rotplysje troud binne, (side 107), Romke wit fan himsels dat dit wol it gefal is. Hy is oan dit fak boun. ‘Nei 25 jier soe'k net wite hoe'k oars oan 'e kost komme moat’. (side 108) Mar it stimpel dat it plysjewêzen op him printet, it ûnderdiel wêzen yn in hierarchy hwer't er neat oars yn to leverjen hat as lege briefkes (side 119), ropt wjerstân yn him op, dy't stal kriget yn syn tinzen en útspraken en yn syn dieden. De baes is in kloat yn syn eagen, ‘stjerren en balken op 't skouder en moai stappe, mar as it der op oan komt, binne se útfanhûs’. (side 22) ‘Dat amtnersgedoch altiten, de iene gunt de oare it ljocht yn 'e eagen net’ (side 29); ‘Nuver as plysjes bifoardere wurde, lûke se grif mei de strepen ek in oar sin oan’ (side 29); ‘Dy hat noch net yn 'e gaten hoe'n troep it soms by de amtnerij wêze kin’ (side 50); ‘En opdonders moat men by de plysje mei bilied en net to hastich útdiele’ (side 50); ‘Lit se by de plysje yn Hoarn mar sizze dat in fjild-wachter net tofolle gefoel foar rjochtfeardigens ha mei - ik laitsje derom. Se lykje dêr nammers wol net wiis: dan slacht in brigadier in fortochte heal dea, en dan mei in gewoane plysje der neat fan sizze. Dan hat men in to sterk ontwikkele gefoel foar rjochtfeardigens’ (side 77); ‘Hwat oars: Jan mei de pet op moat toplak setten wurde - hwa't mear is as slochtwei is gefaerlik. Sokken hawwe in frijbrief foar alles en noch hwat, en as se alris fouten meitsje, binne 't kwea- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 22]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
jonges dy't net wite hoe fier as men gean kin - in aeike om 'e holle en mar gau nei mem, en nou moat ik even mei jo prate plysje: pas op jou karrière’ (side 87); ‘Men soe hast wol sizze kinne dat de plysje yn tsjinst stiet fan 'e greaten - en de greaten wolle net lije dat de lytsen de dingen dogge dy't se sels dwaen wolle’ (side 24); ‘In plysje is it ynstrumint fan ferfeling en fan grinzen. Altyd moat men de hege siden op ha - dit kin net dat kin net - Hy is gewoan in mantsje dat plysje boartsje moat foar de sinten’ (side 21); ‘Soks kin men as plysje nou noait ris dwaen’ (= gesellich yn it kafé sitte) (side 146).
Yn dieden lit Meester syn wjerstân blike as er net tajowt oan de forwachtingen fan Kamminga en Raversma, dy't forlange dat er harren helpt troch de wenweiners to ûnderfreegjen. Raversma driget mei sanksy's (side 86), mar Meester lûkt him der neat fan oan. Yn petear mei de baes hjiroer, krijt er wol min ofto mear de opdracht him mei de saek to bimuoien, mar net as hantlanger fan de rechercheurs. Oan de ein fan it forhael kiest Meester nochris mei klam foar syn frijheit en hannelt yn striid mei de regels fan it systeem. Side 170: ‘Hwat er nou docht, is tsjin 'e regels. Men kin as plysje in fortochte better net allinnich litte.’
Yn it forhael komt Meester dus bislist net nei foaren as in ûnmachtich ynstrumint fan it systeem. It giet yn it boek om de minske, syn réaksy's op de opleine rol, syn wrakseling mei dy rol, syn sykjen nei frijheit yn dy rol. En dit is yn it ljocht fan it earder stelde kriterium dan ek in posityf punt to neamen.
Kryst 1972 |
|