Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 297]
| |
Ut it libben fan Jouwert JouwertsmaOan'e ein fan de foarige ieu is mannich folksskriuwer warber west yn Fryslân. J. Piebenga seit oer dizze skriuwers ‘dat se har mear om wierheit, frijdom, reedlikens en rjocht bikroadzje as om de literatuer yn ús sin.’ Se hawwe somtiids mei fraechstikken wraksele dy't yn ús tiid ek noch aktueel wêze kinne, byg. de tastannen ûnder tsjinst. In great part fan harren is yn it forjitboek tolânne kommen. Lit ús it stof der ris ôffaeije en it boek iependwaen. Us each falt op de namme Jouwert Jouwertsma.Ga naar eind1) Hy wurdt berne to Skearnegoutum op 31 augustus 1857. Syn âlden binne Jehannes Jouwertsma en Antje Cornelis Kuipers. Se wenje sûnt july 1854 to Skearnegoutum. Heit is bakker en komt út Frjentsjer, mem is in kûpersdochter út Terherne. Jouwert is de âldste fan fjouwer soannen. Lykas de wizânsje is yn dy tiid, giet Jouwert, as er âld genôch is, nei in baes om in fak to learen. Sa komt hy op syn fjirtjinde jier as smidslearling to Rien. In jier letter forhuzet er nei Baerd. Hy wurket efterinoarfolgjend noch yn Lytsewierrum en Warkum en komt 20 jannewaris 1876 werom yn syn berteplak. Ut itselde jier binne syn earste gedichten yn hânskrift biwarre bleaun. Dat hy earder al de pinne yn'e hannen nommen hat, blykt út in koartswilich forhaeltsje fan 1875 oer in slachter dy't er tige de slinter fan hie om hounen en deade lammen yn it gehak to mjoksjen. De earste gedichten binne nochal kritysk tsjin de wenstige tsjerke oer. - Sels is Jouwert herfoarme, syn mem lykwols is dopersk -. Binammen as njoggentjinjierrige hat hy in stikmannich gedichten skreaun oer it orthodokse Kristendom. Yn it gedicht ‘Treasten of pleagjen’, ek wol ‘Baes Kûpers stjerbêd’ neamd, seit baes Kûper û.o. oer it leauwe: Och sei hy dan, dat is in ding
Der kin men wol oer prate
Mar freegje earst jimsels ris ôf
Soe't ús wol folle bate!
Baes Kûper lit him net bikeare op syn stjerbêd, hwant foar him is de ethyske frage, ‘wie ik in goed minske?’ folle wichtiger. By Jouwertsma komt it gefoel foar it minsklike yn opstân tsjin it deade gebiedende wurd fan'e preekstoel. Under tsjinst to Hartoggenbosk moat itselde gefoel oanlieding foar him west hawwe om de ‘Soldatebrieven’ to skriuwen, dy't in goed plak fine yn it ‘Friesch Volksblad’, in foarútstribjende krante, ûnder lieding fan Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra. Stellingwerf foaral sil yn Jouwertsma in meistanner sjoen hawwe yn de striid tsjin it sosiale ûnrjocht. Yn 1877 moat Jouwertsma foar syn nûmer ûnder tsjinst. In bylage fan syn houliksakte út 1881 fornijt: ‘Jouwert Jouwertsma is in het inschrijvingsregister van de gemeente Wymbritseradeel van het jaar 1876 ingeschreven voor de ligting van het jaar 1877, dat hem bij loting is ten deel gevallen no. 10, dat hij op 8 mei | |
[pagina 298]
| |
1877 is ingelijfd.’ Hij tsjinnet bij it fyfde regimint ynfantery en neffens it jierboekje fan ofsieren lizze it eartse, twadde en fjirde bataljon yn Hartoggenbosk. Hoe't it him dêr forgiet is skoan to fornimmen út syn ‘Soldatebrieven’. Op 1 maeije 1878 lûkt Jouwertsma de wapenrok út. In goed jier letter fine wy him as smidsfeint bij baes D. van der Hoek, mr. smid to Raerd (gemeente Raerderhim). Dizze jongfeintejierren to Raerd hawwe him grif in soad fleur en wille jown, hwant as it Raerder merke is yn 1879, hat Jouwertsma hiel hwat skreaun foar dit feest: In Slotsang, songen op'e Raerdermerke; Oer âld en nij; in praetsje, op forsyk holden mei it Tonielspyljen to Raerd yn'e merke mei it wyt om de Doarpskomeedzje omheech to hâlden; In Toast, útspritsen op'e Raerdermerkedei fan 1879. Yn it lêste gedicht forhellet Jouwertsma û.o. fan in âld wyfke dat yn'e ûnderwâl fljocht en him foar de duvel útmakket, as hy op syn vélocipède oanriden komt. Yn itselde jier wurde de ‘Soldatebrieven’ yn boekfoarm útjown troch Waling Dykstra to Holwerd. Oer de forkeap fan de ‘Soldatebrieven’ skriuwt Waling Dykstra oan juffer G.C. Jentink, de takomstige frou fan Stellingwerf: ‘Ut Hartoggenbosk ha'k ek oanfrage krige om Soldatebrieven. Ek fan orthodokse boekforkeapers yn en bûten Fryslân; ûnder oaren Kenink en Zoon to Utrecht.’ Alhoewol't ‘Soldatebrieven’ it bikendste wurk fan him is, syn débút is it net. Yn it ‘Friesch Volksblad’ hawwe earder al in stikmannich gedichten fan him stien.Ga naar eind2) Letter falt Pieter Jelles Troelstra syn each op Jouwertsma. Komt dat om't Jouwertsma in lofdicht skreaun hat op it toanielselskip ‘Gysbert Japiks’ dat yn 1880 troch Troelstra to Ljouwert oprjochte wurdt? Yn alle gefallen jowt Troelstra plak oan fjouwer leafdesgedichten fan Jouwertsma yn de bondel ‘It | |
[pagina 299]
| |
jonge Fryslân’. Ek moat Jouwertsma mei Troelstra mei west hawwe to ‘sprekken’, fortelde ien fan syn pakesizzers. Of hat hy soms meispile yn it toanielselskip fan Troelstra? It is slim nei to gean. It is ek wol mooglik dat Jouwertsma sprutsen hat op gearkomsten, hwant yn it tydskrift ‘Forjit-my-net’ fan 1886 stiet in nutspreekje fan him ôfprinte. Troelstra sil him wierskynlik met hawwe by Oebele Stellingwerf to Ljouwert, hwaens hûs ‘een centrum is van verkeer tusschen allerlei persoonlijkheden uit de literarische en demokratisch-politieke beweging in Friesland.’Ga naar eind3) Mei stipe fan syn oansteande skoanheit siket Jouwertsma yn 1881 in eigen smidte. Hy fynt ien op Snakkerbuorren by Lekkum, en kin trouwe mei Tietsje Jans Odinga, in keapmansdochter út Weidum. Yn har houlik forhúzje se noch twaris, yn 1887 nei Oentsjerk en it oare jiers nei Ljouwert, hwer't hja op'e Baljeebuurt koartby de Kazerne komme to wenjen. De tiid sil harren net meisitten hawwe, hwant Fryslân is dan toheistere troch in lânboukrisis. Acht jier duorret it houlik, febrewaris 1889 komt Jouwertsma wei to reitsjen troch in longûntstekking. Syn frou bliuwt efter mei trije lytse bern. Tapaslik op him binne syn eigen wurden: Weits op den, lânslju! Lit ús stride!
Net mei gewelt fen fjûr en swird.
De skiednis leart troch alle tiden:
De measte krêft dy sit yn't wird.Ga naar eind4)
R.A. FABER | |
[pagina 300]
| |