Foarste brief.
Achte Frjeun!
‘Dat gaat naar den Bosch toe,’ sa seit it sangkje. Ik hie it wol ris as jonge meigûnze, mar nea hie ik tocht, dat ik it yet ris sjonge koe sûnder to lîgen.
Ja, 't gyng nei den Bosch, dêr moast ik hinne, do 't ik yndeeld wier ûnder de fordedigers fen 't heitelân.
Dat wier my in reis! Hwet waerd it ús ûnderweis dúdlik dat wy yn in hegere stân kommen wierne; hwet waerd er in noed for ús stien! Min paste op ús krekt as op 't fé, dat mei de treinen forfierd wirdt. Hwet hiene wy ûnderweis in toarst! Mar al gûlden wy 't ek út, 't holp ús allike folle as de kij.
To Utert bleauwen wy in nacht en dêr koene wy ús hwet opknapje. It liket my ta dat Utert wol in moaije stêd is, en fen dat oangeande hie 'k er wol lizze wollen. - In soldaet leit altiid. Mar ik wier al sa wiis, dat ik neat for 't wollen hie; ik moast folgje, hwêr 't min my ek hinne laette. Dat ik net yn 't fjûr hoefde wist ik;