Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 134]
| |
R.R. van der Leest
| |
[pagina 135]
| |
- Bliid jo to hearren, suchtet Nier. - Ik wie hast fordwaeld. Mei Nier Hinnebruijer yn Ald-Appelskea. Ik moat kontakt opnimme mei mynhear Iishynder. - Ik sil jo even trochforbine. - Om de deale net! Jo moatte myn boadskip opskriuwe. - Ik sil jo mynhear Iishynder sels even jaen. - Dy is der noch net. - Dan syn assistint, mynhear Eameliter. - Dy is der ek net. - Dan moatte jo aenst mar even wer skilje. - Opskriuwe! - Opskriuwe?! - Opskriuwe!! Oarder fan mynhear Skuorhannes. It fanke bynt har yn. Nier diktearret. It hinget der yn. As sy einlings klear is, leit hy foar munt. - Sadré't mynhear Iishynder komt, moat er my skilje. - Moat ik dat ek opskriuwe? Har stim slacht oer fan binaudens. - Dat meije jo him sizze. - Is dat alles?, freget se forromme. - Jo ha noch in punt op de i forgetten. - Hokker punt? Nier byt op de hoarn om. Hy slacht de eagen nei boppen ta. Oare kear sil er hwat mear yn it kollektebuske smite. Dan tûtet de telefoan út harsels. Hy leit ek op. - Dynte, kom hjir!, ropt er. - Ik liz der oan to kommen, seit Dynte Planteit dy't noch op bêd leit. Har stim komt earne út de omkriten fan de Stille Súdsé wei. Nier giet nei de koken ta en set it ombyt ré. Sûpe, hwat grienfoer, in timpe tsiis, twa sinesappels. Boppe op de breatromp fynt er it oerskot fan in stokbôlle. Sa hurd as in kneppel. Hy sil it mar yn daelders snije en rusterje. Dynte is ek altyd sa oergeven slofGa naar eind(2) yn it húshâlden. - Dynte, kom hjir! Mar Dynte bliuwt op har tropysk eilân lizzen. In grouwe mich sit poatsjestrikend op de tsiis. De motor fan de koelkast slacht oan. Dat makket de stilte dûbeld djip. De telefoan forbrekt de noflike fredichheit. Hy rint nei de hal en nimt op. - Mei Nier Hinnebruijer yn Ald-Appelskea. - Reisburo ‘De Iene Provinsje’. Goemoarn. Hjir is mynhear Iishynder foar jo. It lûd fan in nylhoars dy't ûnder wetter oan it noassnuten is. Dêr komt Iishynder. - Jo binne ryklik let. Ik bin wend oan flugger bisluten. As it negatyf útfalt, kin ik myn maetregels nimme. Reservekrêften oproppe en ynskeakelje. Ik ûnderstel dat juffer Planteit en jo mei de bitingsten akkoart geane? De man hat de stim fan in robot. Der sit in metalen klank yn. Tusken elk | |
[pagina 136]
| |
wurdlid hâldt er like lang skoft. Nier soe al sa leaf wegerje wolle. Mar hy is bang dat er koartsluting makket. Dat de telefoankabel trochbrânt. Dat Iishynder syn rêdwurk him om de earen spat. - Ja, mynhear, andert er dimmen. - Kom dan togearre op ús buro om it kontrakt to tekenjen. Tsien ûre 42. Gjin tel letter of earder. Myn tiid is kostber. - Noch tige bitanke dat jo it kerwei oan ús gund ha, seit Nier freonlik. - Jim wiene de leechste ynskriuwers. De forbining wurdt forbrutsen. Nier leit de hoarn del. Dynte sit yn de koken. Hwat docht se? Sûpe? Né, drinke. Sûpe drinke. - Nier, freget se mimerjend, ast drinkst, hâldst dyn tonge dan yn of ûnder it glês? Nier wol it probearje. - Net dwaen, earst sizze. - Nou, der ûnder fansels. - Mis! Doch it marris. Nier drinkt en wrachtich, hy hâldt de tongpunt in eintsje yn it glês. - Hast gelyk. - Sjochst wol?, seit Dynte monter. Nier skoddet syn wize holle. Dynte wer mei har nuvere oanslaggen. Soms is se noch krekt in bern. ‘Hâldst dyn tonge yn of ûnder it glês?’ Hwa freget soks nou? Forgemy, dêr griemt er ek al. It rint by syn kin del. De sûpe dript út syn boarsthier. - Hwat is der oan?, laket Dynte. - Dou makkest fan alles in probleem, prottelt Nier. - Ik ha altyd yn frede myn sûpe dronken. Ik ha der noait by neitocht. It gyng fansels. Dan komstou mei dyn healwiis praet. Nou doch ik it mei omtinken en nou kin ik net mear normael drinke. Dynte hat wille. Nier lûkt syn saeklik gesicht. Hy jowt in oare draei oan it petear. Der binne wichtiger dingen. - Se ha ús oannaem. Dou selskipsdame en ik sjauffeur fan baron Pappsack. Tsien ûre 42 moatte wy yn Ljouwert wêze om it kontrakt to tekenjen. Dynte forlûkt gjin spier. - Ik bin bliid datstou ek ris meidwaen meist. Al is it mar yn in figuranterol. - Dou moatst as Fryske baronesse, ik kin lekker mysels bliuwe. - O ja, ik moat noch in namme útsykje. De wittenskiplike list fan Fryske frouljusnammen wurdt der by helle. Togearre lêze se de hele rige. - Der is mar ien by dy't ik moai fyn, seit Nier. - Orsel. - Dat meist net heal sizze! Moatst it útsprekke as ‘ûwarsel’. - Dan fyn ik der neat mear oan. - Dou meist ‘orsel’ sizze, hear. - Wy moatte opsjitte. | |
[pagina 137]
| |
Se geane nei boppen ta. Dynte swaeit de doarren fan al har kleankasten iepen. - Hwat sil ik hjoed wer ris oanstrûpe? - In slobbertrui mei neat der ûnder. - Fynst dat it moaiste? - It aldermoaiste. Mei noch in pear sokken op'e slomp. - Ik soe it graech foar dy dwaen, leave jonge. Mar dat kin nou net. Dou moatst sels ek yn pontifikael. Dynte strûpt in broekpak oan en Nier siket om syn pakbroek. Okkerdeis hat er alles oprêdden, hy kin neat mear fine. Wylst Dynte har opdocht, stapt er nei de garaezje. Hy rydt syn nije oldtimer bûtendoarren. In breed- en bûtenspoarigeGa naar eind(3) Bugatti Type 41, byneamd La Royale. De meast bûtenwenstige auto ea makke. In munster fan 3 ton, 1 meter 70 breed, 4 meter 60 lang. De achtsilinder motor, ynhâld 13 liter, is sa sterk dat de wein sûnder to skeakeljen fan 5 nei 150 kilometer ûrs forsnelle kin. Op de sierlike hoefizerfoarmige radiateur stiet in lytse sulveren oaljefant. Der binne mar sawn fan dizze auto's boud. Dit is de achtste. Hy soe in moard foar dizze wein dwaen wolle. Mar dat hoecht gelokkich net mear. Hy strykt oer de glânzige lakhûd. Boppe it grien fan it leechhout dunet in holle. De holle fan in man mei in flinternet. Nier wol dit anachronisme wolris fan tichteby bisjen. Hy stapt der op ta. De man hat in striehoed mei in swart lint op. In echte knevel fortsjustert it kofjemolkekleurich gesicht. Syn krinte-eachjes speure om har hinne. - Hwat sykje jo? - Reamslabbers, andert de man sûnder mei it sykjen op to hâlden. - Hwat? - Reamslabbers! Forsteane jo gjin Frysk? - Sok Frysk net, seit Nier earlik. - In reamslabber is in soart fan nachtflinter. - Dat wit ik wol. Mar yn myn wurdboek stiet rjemslabber. - Hwat ha ik mei jou wurdboek to krijen? Dat is in dea ding. It echte Frysk libbet as in hert! - Sa goed wit ik it ek net, jowt Nier ta. - Ik bin mar in gastarbeider yn it Frysk. De man spuit forachtsum op de groun. - Wit net iens hwat in reamslabber is. Dat is geef Frysk! Lilk dwerset er ôf en hy hat skoan gelykGa naar eind(4). - Ik soe graech wolle dat jo út myn tún wei gyngen, warskôget Nier. Dat docht de man sûnder noch ien kear om to sjen. Nier giet werom. Hy siket treast by syn auto. Dêr kin er tominsten lampefrysk tsjin prate. Einlings tripket Dynte by de treppen fan it bordes del. Nier set har koffer yn de koffer. Se stappe yn en klappe de portieren ticht. Sûnder to skeakeljen lûkt Nier op nei de hûndert kilometer. Dynte forswynt yn de learen biklaeijing fan | |
[pagina 138]
| |
har stoel. Yn de buorren docht er it hwat kalmer oan. Dynte sjit wer foar it ljocht. Se ride op de haedwei ta. Dêr slaen se rjochtsôf. It giet as it spoar en noch hurder. Dynte sjocht oer it skouder. - Der rydt hieltiten in wein achter ús oan. Ek in moaijenien, hen? Nier sjocht yn it spegeltsje. In Rolls Royce Silver Cloud. - Prachtich, jowt er ta. - Mar forgelike mei in Bugatti Type 41 wol in ôfgong. Hy trapet it gaspedael yn. Se krije in dúst yn de rêch. Tusken Bugatti en Rolls Royce falt samar in gat fan in pear hûndert meter. Nier laket. Nier sjocht nei de wizer. Net folle benzine mear. Even bytenke, hjir is krekt in pomp fan syn merk. Hy skout nei rjochts en swaeit de ôfrydstripe op. Se ride ûnder in great spandoek troch. ‘Fus mei, fus XY!’ stiet der op. - Even fusse?, freget in pompbitsjinder wylst er al mei de spuit tasetten komt. - Ja, andert Nier, fus him mar fol. As er bitelle hat, spriedt de pompbitsjinder in hânfol kaerten waeijerfoarmich ûnder syn noas. - Jo ha kar-út. Dizze wite kaert is foar ús amusante kwis. Tûzen goune as jo alle maklike fragen witte. Dizze readen kinne jo opgarje. As jo tsien ha, ynwikselje foar in keapsjek. Dy jowt automatysk rjocht op it keapjen fan in draechbere kleure-tévé foar de helte fan de priis. Forgelykbere winkelwearde f 3500, -. De blautsjes binne nûmers yn ús lotterij sûnder neaten, haedpriis in ton. Foar acht grienen krije jo forgees om'e nocht in atlas fan de moanne. As jo in giele kaert nimme, dogge jo frijbliuwend mei oan ús forneamd ienfâldich letterspul. Trije fan dizze pearse binne goed foar in brokje lava út de bikendste fulkanen fan de wrâld. De oranje kaerten... - Ik pas, seit Nier en rydt fuort. Laerjekoek. Der moatte wer pompen komme dêr't se him neat ta ha wolle. Hy kin al sa min wegerje. En hy wol net tsjin it sin gelokkich makke wurde. It is net drok op de dyk. Swarte eilannen driuwe boppe it asfalt. Tichteby is der neat mear fan to sjen. Fata morgana yn Fryslân. Sa waerm is it. Dêr sjogge se wer in plat protsje oer de dyk. Dat forswynt net. It is ek donker, mar it hat substânsje. - Hwat leit dêr? Net sa hurd!, ropt Dynte. Hy mindert faesje en lit de wein amper tritich ride. - Hwat is it? - In deade fûgel. - In stikelbaerch. - It is in mol. - In kat. - In mol. - Netwier, in kat! - In mol... of né, in hountsje! - In kat! | |
[pagina 139]
| |
- In hazze! - It is dochs in deade fûgel. - In hazze! It falt gelokkich ta. As se by it protsje lâns ride, is it mar in poetslape. De Bugatti set wer gong. Yn it spegeltsje sjocht Nier hwat oars, net hwat nijs. In Rolls Royce Silver Cloud. Deselde fan niis. Wol dy smoarge skierkert nochris in tobeksetter krije? Goed, hy freget der om! Nier triuwt it gaspedael djipper. De motor bigjint twa oktaven heger to sjongen. Mar dizze reis falt der net samar in gat fan in pear hûndert meter. Rolls Royce bliuwt as in klitte oan Bugatti hingjen. Nier kin him net ôfskodzje. Krekt foarby Donkerbroek wurdt alles yn de bulten jage. Unforwachts swaeit in Pontiac Fjûrfûgel Safari de dyk op. Nier trapet de rem hast troch de flier hinne. Dynte stiet op de kop yn har stoel. - Greate kloat, skelt Nier. - Hoe hiest dat nou?, wol Dynte witte. - In sneinsrider op tongersdei. Wit net iens hwat in foarrangswei is. Nier kin de sneinsrider net foarbykomme. Dy rydt net hurder as sawntich. Hy skeanbillet oer de dyk. Iderkear as Nier by him lâns wol, slingert er nei lofts. Toeterjen helpt gjin sprút. Nier moat efter de Pontiac Fjûrfûgel Safari bliuwe. In sneinsrider yn sa'n auto. Skande. - Kinst net in bytsje hurder?, freget Dynte. - Né, en ek net stariger. Wy sitte middenyn in file fan trije. Nier set alles der foar. Hy docht krekt oft er de Pontiac oan de lofterkant foarbygean sil. De auto slingert ek nei lofts. Nier jowt noch mear gas en dûkt yn it gat rjochts fan de Pontiac. Se snije der bylâns, inkeld de bumpers skampe even. - Sisa, suchtet Nier, nou kinne wy ride. Hy giet der noflik foar sitten. Syn blidens saksearret meiïens. De Rolls Royce is de sneinsrider ek foarbykommen. By Duerswâld makket de wei twa skerpe bochten. Troch de earste giselje se sûnder kantroeren. Troch de twadde ek, mar dêr ha se gjin sicht. In auto stiet dwers oer de dyk. Hy dammet it paed. Hoe't Nier ek toetert, hy bliuwt deagewoan stean. Hy is kwarteldôf. Nier lit de motor yn in leger register sjonge. Sels sjongt er net, hy flokt. Hy kin wer in skynbiweging nei lofts meitsje en der dan rjochts bylâns stouwe. Mar noait itselde foefke twaris tapasse. Dat bringt ûngelok. Hy sjocht oer it skouder. De Rolls Royce rydt tsien meter efter him. Hy skat de breedte fan de dyk, fan de bjirmen. - Fêsthâlde!, warskôget er. Dan fortoant er it treflikste staeltsje rydfeardichheit dat him ea slagge is. Hy makket in útbocht nei rjochts, skuort it stjûr om en kriemt yn ien hael foar de blokkearder. In ûnwierskynlike swaeisirkel. Mar Nier makket him. Yn folle faesje! Se sjitte roerdelings by de Rolls Royce lâns dy't har sa gau ek net keare kin. | |
[pagina 140]
| |
By de bocht slacht Nier nou rjochtsôf in sekundaire dyk op. Hy is bang dat se de sneinsrider wer moetsje sille. Alle wegen liede nei Ljouwert. Ek dy oer Weinterp en De Hemrik. It wurdt him hjoed forgund. Midden oer de dyk skout in swiere sânauto op him ta. Dy wykt gjin tombreed fan it rjochte spoar ôf, krekt in trein. En efter Nier himet wer de Rolls Royce. It hountsje hat syn baes ynhelle. Se ride to pletter tsjin de sânauto. Of de Rolls botst tsjin har op. Of se wurde as in harmonika yninoar treaun. - Fêsthâlde!, warskôget Nier jitris. Op it alderlêste momint stjûrt er op in boerespultsje ta. Se flitse oer de daem, troch twa perkjes mei goudtsjeblommen, reagje it waskguod fan de line, misse op in hier ôf de reinwettersbak en forswine yn de heaberch. July is heamoanne. Ynienen wurdt it roettsjuster om har hinne. De motor draeit syn heechste toeretal. It skuort der nuver troch. Alles trillet, alles dreunt. Se skodzje as smoarge sokken yn in waskmasine. As dit mar gjin heabroeijen wurdt. Troch de tunnel nei it ljocht! Dêr springt de auto. Se binne der. Se binne troch de heaberch hinne! It is skimerjoun. Noch net ljochtskyndei, hwant foar de ruten plakke in stikmennich himden en broeken. Nier rydt op de dolle rûs. Se hearre knappen foar har, roffeljen boppe har en keakeljen ûnder har. De himden en broeken bliuwe stykjen, strûpe foar de ruten wei. Nou sjogge se hwer't se ride. Troch in appelhôf. It waskguod hinget oan de brutsen tûken. Hinnen stouwe fladderjend foar har út. Appels falle by de bult op it dak. July is gjin rispmoanne. De Bugatti kin wer faesje meitsje. Se ride it hôf út, in stoppellân yn. Oan de fierste ein stiet inhikke iepen. Se komme op in reed mei beammen en leechhout oan beide kanten. Tagelyk sjogge se oer it skouder. It boerespultsje en de heaberch stekke noch krekt boppe it beamte út. Fan de sânauto en de Rolls Royce fornimme se neat mear. Troch in netwurk fan reedtsjes bisiket Nier de dyk to birikken. Ien kear forrydt er him, de reed rint dea. Wer stiet in hikke foar him iepen. Hy makket in prachtige U-bocht om in iensume bolle hinne. It bist draeit hielendal mei en rekket bitiisd yn syn ketting. Nier rydt werom nei it krúspunt. Dêr giet er in oare wei út. Fiif menuten letter sûzje se op De Gerdyk ta. Dynte hat eagen as molkflessedoppen. Se skuort in pûdtsje fan sulverpapier iepen. Mei in papieren bûsdoekje fol klonje dipt se it swit fan Nier syn foarholle. Hy fielt him in helt. Under de reek fan Ljouwert hâlde se. Hwat binne se bliid dat se sels in ein út de reek wenje. By reisburo ‘De Iene Provinsje’ is it in fleurige boel. Allegear sloppe flaggen fan lannen dy't bistean en noch yn de maek binne. It gebou hat in glêzen gevel. Se moatte om de yngong sykje. As se dy foun ha, komme se yn in keakelbûnte hal. Yn it midden de baelje, in ovael fan stiel en donker hout. It rint om in Marokkaenske palmbeam hinne dy't hast de souder rikt. By it winter stiet dêr in Noarske dinnebeam. Efter de baelje sit it personiel. De namme fan elkenien | |
[pagina 141]
| |
is yn in stikje moarmer grifke. De greate klok wiist tsien ûre 41. Se ha gjin tiid om alle personielsleden bylâns. Nier sjocht it grêfstientsje fan juffer Rûchhjouwer gelokkich fuortendaliks. Hy lûkt Dynte mei. - Hinnebruijer út Ald-Appelskea. Hwer is mynhear Iishynder? De telefoaniste har gesicht is neat fan to sjen. In gerdyn fan hier hinget der foar. It gerdyn giet in bytsje omheech, mar skout net fansiden. - Hwer is mynhear Iishynder? Se hâldt in spits wiisfingerke op, mear net. - Hwer is mynhear Iishynder?!, raest Nier. It hiergerdyn wurdt yn it midden justjes iepen skoud. Ien fûl each en in part fan in telefoanhoarn komme foar it ljocht. Se is yn petear. It spitse fingerke wiist. It wiist nei de man mei de kealste plasse dy't se ea sjoen ha. De rânne fan de harsenpanne is dúdlik to sjen. It liket oft er in helm fan glimmend fel op hat. It ljocht wjerkeatst der forblynjend op. Dynte en Nier knipperje mei de eagen. Se stouwe op Iishynder ta. De man hat ek gjin wynbrauwen. Syn eagen binne great en fiskich. It hier waekst him inkeld yn de earen. It hat de kleur fan woartels út in blikje, ekstra fyn. De noasters stekke út syn plat gesicht. De mûle is in skuor. Hy lit in folslein regelmjittich en geef gebyt sjen. It sil wol as in glimk bidoeld wêze. Mar it is de bek fan in hurdlivige stinder. - Hinnebruijer, himet Nier. - Ik tocht dat ik to let komme soe. - Jo binne omtrint to bitiid. Syn mechanyk spuit de wurdlidden ien foar ien út. Hy kin it mei de tosken op inoar. - Hjir is it kontrakt. Nier bisjocht it flechtich en sil it al ûnderskriuwe. Mar Dynte wol earst de lytse letterkes lêze. As se dat dien hat, knikt se tofreden. Iishynder rikt har in pin oan. It kontrakt hat de foarm fan in greate pûnskaert. Der sitte allegear rjochthoekige gatsjes yn. Sa'n mannichte, dat se har hântekening mei bochten der tusken troch skriuwe moat. Nier set syn namme ek. Rjochts ûnder. Lofts ûnder stiet in stimpele krúske. Dat is de hântekening fan de direkteur. Nier skout Iishynder it kontrakt ta. De man teart it iepen. Hy skuort it efterblêd der ôf en jowt dat oan Nier. It trochslachfel flaeiket er yn it bakje foar de trochslachfellen. It boppeblêd hâldt er sels. Dêr docht er in plestik slúf om. De slúf docht er yn in map. De map docht er yn in oardner. De oardner docht er yn in laed. En it laed skout er yn in kast. Syn lûdsprekker ropt om: - Foar fierdere ynformaesje nei mynhear Swietekau. Loket 36. Swietekau sit al op har to wachtsjen. Yn it hingelmatsje fan syn hannen rêst syn kin. Syn mûle is in spjalt fan ear ta ear. Syn eachjes blierkje. Hy is forlegen mei syn eigen freonlikens. As se lyk foar him stean, komt er oerein. Hy jowt in slop kliemsk hantsje. - Sille wy even apart sitten gean? It is bitroulik. Hy komt efter de baelje wei. Hy aeiket Dynte nei in keammerke ta. Nier folget. - Fal mar del, hear. | |
[pagina 142]
| |
Hy skout in stoel efterút. Dynte giet sitten. Se kin noch krekt syn strikerige hantsjes ûntwike. Swietekau slacht in foliant iepen, sa great as it boek fan Sinteklaes. Hy brimt. - Baron Julius Pappsack komt út Prusen. Hy is in rike bouboer mei in bulte niget oan Fryslân. Hy kin Frysk prate en skammet him der net foar. Dus perfoarst net mei him yn it Dútsk of Nederlânsk petearje! Hy hat binammen nijs oan ús kultuer. Dy moat him yn al har fasetten toand wurde. Grounfynsten, pronkkeamers, drachten, âlde tsjerken, folksdounsjen, jo witte hwat ik bidoel. Sport hâldt er lykwols net fan. Dat skûtsjesilen, fierljeppen en keatsen komme spitigernôch net yn'e bineaming. Der bliuwt fansels noch gâns in forskaet oer. It is jou taek, juffer Planteit, de baron to bigelieden. Mei lichem en geast. Wy hâlde fan styl. Dêrom mei nimmen witte dat jo gjin baronesse binne. Ha jo al in echte Fryske namme útsocht? - Orsel, andert Dynte. - Orsel! Baronesse Orsel. O, hwat prachtich! Jo ha in treflike smaek. Jo binne ek gjin leek op it kulturele mêd. Ik kin jo it wurk rêstich tabitrouwe. It doel fan de baron syn reis is oriëntaesje. Hy sil in miljoen ûnder de Fryske kulturele ynstellings forpartsje. Swietekau swijt mei opsetsin. It jowt syn wurden noch mear gewicht. Dynte en Nier sjogge inoar ûnleauwich oan. Swietekau is tofreden en set fuort. - Dat moat geheim bliuwe. Wy ha gjin ôfspraken mei ynstânsjes makke. Inkeld dat de baron by jo... eh... to jouwes sliept. En dat hy, Hinnebruijer, sjauffeur wêze sil. Mar dan al yn livrei! - Dêr wit ik neat fan!, protestearret Nier. - Dat stiet net yn it kontrakt. Dynte knikt. - Wis al, de lytse letterkes. - De baron komt mei de trein fan 13 ûre 59 út Swol, fornijt Swietekau har. - In fortsjintwurdiger fan ús rayon-om-utens is by him. Hy sil de baron oan jo bikend meitsje. Wachtsje foar it stasjon yn jou auto. Us fortsjintwurdiger wit der fan. It kin net misse. Noch fragen? - Né, mynhear, andert Nier lakswiet. - In frjemd wol in miljoen oan de Fryske kultuer kwyt, mimert Dynte. - De baron neamt it sels syn ‘Spendereise’, glimket Swietekau. - ‘Spendereise’. Dêr is gjin goed Frysk wurd foar, tinkt Nier lûdop. - Gelokkich ek gjin goed Nederlânsk!, byt Swietekau him ta. Se stappe op. Swietekau triuwket Dynte nei de útgong ta. Nier folget op de foet. Bûtendoar stelt Dynte út: - Dou moatst earst mar yn it pak. Se ride fierder de biboude kom yn. Se parkearje de auto yn in garaezje. Geandefoet sette se nei de âlde binnenstêd ta. Dêr witte se in forhierder fan toanielklean. Se komme by in sportwinkel lâns. Foar it raem steane croquetspullen. - Wachtsje, seit Dynte, wy soene altyd noch ien keapje. Lit ús dat nou even dwaen. Sa faek binne wy net yn de stêd. | |
[pagina 143]
| |
Yn de winkel is it net drok. Se wurde daliks holpen. - In croquetspul. - Wy ha se yn alle maten en prizen, seit de winkelman. - In geweldige sortearring. Hjir, jo kinne mar útsykje. - Ik sjoch inkeld spullen mei in karke der by. - O, in karke is tige maklik. Dan hoege jo de hammers en ballen net mei to tôgjen. - It gersfjild leit om myn hûs hinne. Hwerom soe ik in karke keapje?, freget Dynte. - Dat heart der by. - Ik wol gjin karke. - Oan de priis kin it net lizze. Dit spul jildt noch gjin fiifentwintich goune. - Man, hwat moat ik mei in karke? As de spilers sels har hammer en bal net sjouwe kinne, hoecht it om my net mear. - In karke heart der by. - As jo gjin spullen sûnder karkes forkeapje, binne wy útpraet. De winkelman swaeit de doar foar har iepen. - Ik kin jo net helpe. - Dat spyt my neat. Mei de noas yn de loft stapt Dynte de winkel út. - Moatst it dy net sa oantsjen, treastet Nier har. - Sokke dingen meitsje my pûr. Even letter steane se foar de saek fan Kobus en Kompanjon. Se triuwe de brike doar iepen. It is in sloppe tiid foar toanielkleanforhierders. Kobus en Ko sitte mei de fuotten op de toanbank. Se lêze togearre yn Lúsjefer fan Vondel. Se ha der reade earkes fan. As Dynte en Nier der yn komme, moffelje se it boekje gau ûnder de toanbank. As in springfear sjitte se tagelyk oerein. Dat makket har net folle greater. Se binne mar pikemantsjes. Har broeken rikke oan har earmsholten ta. Brede galgen hâlde de mantsjes to plak. - Ko, jow mefrou dyn stoel, kommandearret Kobus. Ko set syn gammele stoel foar Dynte del. Hy blaest it stof fan de sitting. De stoel stint der fan. Foarsichtich giet Dynte op in puntsje sitten. Ko fottelt werom en forswynt tusken de klean. Kobus kriget in brune stofjas en strûpt dy oan. Hy docht de hannen gear. - Hwat is der fan jins boadskip? - Ik soe graech klean hiere. - Dat kin. Hwatfoar in stik is it? - In sjongspul. - Soa, in sjongspul. Dat meitsje ik langer komselden mei. - Der spilet ek in baron yn. - Jonge noch ta. Hoe hjit it? - Bouffonneries. - Boef fan rys? - Bouffonneries. Mâlle oanslaggen. - Dat stik kin ik net. | |
[pagina 144]
| |
- It is in kostúmstik. - Ja, dat kin ik fan tinken wol ha. Mei in baron... boef fan rys... noait fan heard. Ha jo net in tekstboekje? - Dat moat noch skreaun wurde. Kobus is tsien tellen sprakeleas. As de stoarm yn him delbêdde is, seit er kalm: - Nou ja, ik ha klean by de rûs. Hoefolle pakken moatte jo ha? - Ien. It duorret diskear langer ear't er by syn sûpe en stút is. Einlings kin er wer hwat freegje. Hy doar it omtrint net. - Mar ien? - Inkeld foar mysels. Ik spylje it allinnich. Solo. - Ik ha in moai poarsje baronnepakken to hingjen. Sille wy ris sjen? Jo ha in greate maet. - It muoit my oprjocht, mar ik moat gjin baronnepak ha. Kobus giet der by sitten. Dit moat er earst ynwendich forwurkje. Hy bigjint hast to skriemen. Dan formannet er him. Hy forbyt syn triennen. Ynienen giet him in ljocht op. - Nou wit ik it! Jo moatte in boevepak ha! - Ik bin it livrei foar in sjauffeur fanneden. Kobus is ridderslein. Mismoedich freget er: - It is grif foar sa'n modern stik? - Tige modern. Hast ûnbigryplik. Dat antwurd jowt Kobus wer hwat fleur. Hy springt oerein. - Kom mar ris mei. Hy fotelt tusken de rigen toanielklean troch. Dynte en Nier drafkje efter him oan. Hy forswynt om in hoeke. As se dêr komme, sjogge se him net mear. Se roppe. - Dit út!, ropt Kobus werom. Se sette op it lûd ta. Mar se fine him net. Se roppe jitris. - Tusken de sérôversklean en de harembroeken!, hearre se efter har. Se krieme en rinne werom. Dêr ropt Kobus rjochts fan har. Se reagje yn de klean om. Lang om let sjogge se in pear skonken. Se dûke ûnder it guod troch. It is Ko. Dy bringt har to plak. It slagget har en hâld Kobus dizze reis by. Hy kriget in blaugriis pak fan in stokje. It is gjin misse taest. It past Nier presiis. Oan de jas sitte epauletten en sulverkleurige knopen. In sulverkleurige bân is op de broeksboksen naeid. By it livrei heart in pet. Dy is rynsk mei sulvertried binaeid. Nier bisjocht himsels yn de spegel. Hy hat it smoar yn. Hy bylket fan goedkeapte. - Ik soe it mar oanhâlde, swietmûlket Dynte. - It stiet dy al sa kreas. Op sokke mominten soe er har forgrieme wolle. Se bitelje yn it foar en stappe bûtendoarren. Hân yn hân rinne se troch de stille strjitsjes. Midden oer de dyk. Op de smelle stoepen is gjin plak. Dêr steane forlitten auto's to brieden. De koperen ploert skynt ûnmeilydsum. Nier stekt in finger by de board yn. It knoopke springt der ôf. Dat jowt forromming. Se litte it Prinsessehof lofts lizze. - Dêr moat ik ek mei de baron hinne, suchtet Dynte. | |
[pagina 145]
| |
- Forjit foaral dit net, merkt Nier op. Hy wiist op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum. Dat litte se rjochts lizze. Se rinne deun by in twaddehânsk wein lâns. It portier wurdt mei alle gewelt iepen smiten. It klapt Nier tsjin it liif. Hy rekket ûnder de fuotten. Wylst er falt, kriget syn kin fan it raemke in optuter. In puntskoech skopt him yn it gesicht. Syn holle sjit sydlings nei de stiennen. Fan nekke nei ankels snijt pine troch him hinne. De puntskoech trapet yn syn milt. Nije pine, oerdwers op de âlde. In krús fan pine. Hy kin himsels noch op de rêch draeije. In keardel stiet oer him hinne. In oarenien is dwaende Dynte to tramtearjen. Nier wol in gjalp jaen. It wurdt in rocheljen. In hân knypt syn kiel ticht. Troch in read flues komt in skaedbyld op him ta. Hy bisiket it fan him ôf to triuwen. Mar it wurdt hieltiten greater. Syn strôte knapt. It flues is nou poarper. In fûst skuort efterút foar de lêste stomp. Hoe is't mooglik, mar op dit pas komt de brânwacht om de hoeke giseljen. Great materiael. In greate en in lytse ljedderwein. In sike-auto. In bus mei ekstra mannen. In persoane-auto grôtfol kommandanten. In reparaesjeweintsje foar mankeminten ûnderweis. En hielendal efteroan de biezemwein foar útfallers. De beide keardels steane yn it gat bineile. De sirene gûlt, de trijetoanige hoarn earmoedet. Tagelyk krije se har bisleur werom. Mei in snoekesprong dûke se troch it iepen portier yn har auto. Krekt foar't de brânwacht by har is, springt dy fuort. De greate ljedderwein reaget har de strjitte út. Op it kantsje ôf kinne se in hoeke biride. De staesje stout rjochtút. Foar Nier syn eagen is it wer read. It flues wurdt ljochter. Hy sjocht oranje, giel, wyt. Syn eachlidden binne sa swier as de Beatrixbrêge. Mar hy kriget se iepen. Hy krûpt nei de stoepe ta. Syn hannen klauwe by in finsterbank op. Se sykje hâld. Hy skrept omraek. It duorret in fearnsjier ear't er oerein stiet. De iene helte fan syn gesicht is gefoelleas. De oare helte ûntploffe fulkanen yn. Dynte leit yn de goate. Hy knoffelt op har ta, lûkt har omheech. Har holle bongelt slop op har lea. Hy strykt it hier út har gesicht. Se skokt. Har holle knikt efteroer en bliuwt stil hingjen. Hy sjocht de fordraeide eachballen ûnder de lange teisters. Se skokt wer. Dan ûntspant har gesicht. In skaed fan kleur krûpt der oer hinne. Se knippert, slacht de eagen iepen en sjocht him oan. Nier glimket. - Gau hjir wei, seit er. - Moat ik dy sjouwe? - Bist net wiis? Se stroffelje der nuver hinne. Se wolle de fuotten djipper sette as de stiennen it talitte. Dynte stiet stil. - Hwer geane wy eins hinne? - Nei de plysje fansels! - Hoe let is it? -Healwei twaën. - Gjin tiid mear. - Mar Dynte... | |
[pagina 146]
| |
- Wy libje noch. Yn de garaezje bihoffenje se inoar in bytsje. Dynte strûpt in jurkje oan dat se meibrocht hat. Se docht har as baronesse op. Ynnimlik, mar net to bot. Se ride nei it stasjon. As Nier syn Bugatti op it nearzige parkearpleintsje set, is der gjin plak foar oare auto's mear. Se wachtsje. Om twa ûre komt in man út it stasjon. Hy rint op Nier en Dynte ta en fûsket hastich. Eameliter fan reisburo ‘De Iene Provinsje’. Wolle jo even helpe? De baron stiet mei syn bagaezje yn de hal. Nier stapt út en giet it stasjon yn. Eameliter bliuwt by Dynte. De baron is sa maklik to ûnderskieden as in earrebarre op de Aldehou. Hy hat it gesicht fan in oaljekoek en it postuer fan in sek semint. Syn noas hat yn de gehaktmoune sitten. Hy hat in swarte swellesturt en in grize streekjebroek oan. Syn kachelspiip hâldt er yn ien hân. Dêr wurdt syn wite fingerwant net smoarch fan. Yn de oare in ebbenhouten gongelstok. Op syn kraechomslach pronket in reade anjelier, sa great as in sjitskiif. Hwat moat sa'n sek nou mei Dynte? De stomste boeren krije de moaiste ierpels. - Hinnebruijer, jou sjauffeur, makket Nier him bikend. - Tige nei 't sin, seit de baron. Nier pakt de koffers op. Hy nimt de foarstap. Hy sjocht oer it skouder. Pappsack folget. Efter him rint op hege trippelpoatsjes in swarte kat. Nier swaeit it portier iepen. Pappsack wrot himsels yn de auto. De Bugatti hinget út it lead. De baron falt del. It heart oft in bân leechrint. Mar it is de sitting fan de efterbank. Nier flapt it portier ticht. Hy set de koffers to plak. De kat strykt om syn skonken. Hwer is Eameliter bleaun? Nier giet mei de rêch tsjin syn wein stean. Hy slacht de earms oer inoar en wachtet. De sinne is in fjûrbal. Hy docht de pet ôf en jowt himsels meppen op it seare gesicht. De miggen stekke troch. Hy wriuwt syn switterige nekke. Yn syn hân lizze fjouwer fan dy oprôlle kringen. Dan swaeit it portier wiid iepen. Pappsack skuort himsels nei bûten ta. De bigroetingsplechtichheit is ôfroun. Hy swit as in otter. De baron stapt biwûnderjend om de auto hinne. Hy klikket mei de tonge. Syn katsje rint folchsum efter him oan. - Dat se hjir yn Fryslân noch sokke weinen ha. Ik kin der net oer út, seit er skodholjend. - Hy is fan mysels, fornijt Nier biskieden. De baron triuwt it fototastel dat foar syn pampes bongelt tsjin syn snút. De Bugatti komt op de kyk. Nier is greatsk. Mei de mouwe wriuwt er in plúske fan it lofterfoarspatboerd. - Ik bin út'e skroeven!, ropt Pappsack út. - Klasse! Net allinnich oan de bûtenkant, mer ek fan binnen. Hy smyt Nier in ûndogenske knypeach ta. - De binnenkant is ek fan my, seit Nier. Mar dat bigrypt de baron net, wylst er tinkt dat Nier him net bigrypt. - Nou dan sille wy mar ride. Pappsack kriget syn kat op. | |
[pagina 147]
| |
- Moat dat ding ek mei?, freget Nier. - Dat is gjin ding! Dat is Loebes! - Moat Loebes ek mei? - Jawis. - Is se skjin? - Skytskjin! Dat is dúdlik genôch. Mar de wurdkar is Nier net sa wiis mei. Suchtsjend set er him efter it stjûr del. Hy lûkt de flippen fan syn jas ûnder it gat wei en freget: - Hwerhinne? - Siz dou it mar, Orsel, seit de baron. Nier sjocht de baronesse oan. Hy bisaut der fan. In fris jong fanke, hast sûnder make-up. Ljocht hier, griengiele eagen mei echte teisters, In plezierich tin jurkje fan nopkeskatoen. In fraei komponearre gehiel fan harmoanyske maten. Mar it is Dynte net! - Sille wy daliks nei myn hûs ta, Julius?, freget de baronesse. - Ja, fuortendaliks, Orsel!, falt de baron har by. - En hwer is jou hûs?, stammert Nier. - Yn Ald-Appelskea! Dat witst dochs wol?, andert de baronesse minlik. Nier wit neat mear. Hy kin net iens mear autoride. Hy stjûrt samar it terras fan in hotel op. Dêr kriget er himsels wer yn'e macht. Nei Ald-Appelskea ta! Mei alle foarút giet it foarút oer it foarútGa naar eind(5). |
|