Trotwaer. Jaargang 4(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 85] [p. 85] Josse de Haan Affisjes yn rest In pearse chaos op'e floedline achter de dúnen groeije wer affisjes reproduksjes stimmen fan in inktfisk museums fan tiid waer sâlt. De paddestuollen omfiemje it konsert kresjendo útlibbe fisken smite de angel út in séfûgel sammelt de bêste boerewoarst de bonkefiker set de tosken skerp. Sâltfretten sandalen lizze yn kopulaesje de kunst wurdt plestyfisearre mei âljend mos spikers lûke krom en 't semint bigjint to praten eksodus molekuul ta molekuul ta molekuul. Glêzige ielsoarten forgreatsje it hûs fan waskmiddels roeken frette godstsjinstige fornijsels it wetter krûpt stom en dronken by de skoarstien lâns omheech. [pagina 86] [p. 86] Maria mei kers Ik knoffele troch it kâldbisnijde lân forlerne leafdes yn't húske oan'e muorre datums fan bigjin en ein en snie der oer elke dei in farske sigret in goeije died yllúzjes lykas de baernende penis foar't mariabyld yn 'e hoeke fan dy greide. Ik haw in monumint fan hûndert hannen boud ta eare fan't applaus oanelkoar laske mei myn eigen sied de iiskast winter wie myn neiste freon mei myn sigret stek ik de brân yn d'âld beam foar't monumint hwa wit bigjint se to libjen. [pagina 87] [p. 87] Swiete raepkes Ik lit myn wurden it wetter knieze kâld as de jierlikse merke dôf as de slachrein fan kranten. De forensenfoarstêd ien hynstespul elke hûskeamer in kloon op in leech perron bikroand mei biferzen pretinsjes. Myn letters ite swiete raepkes kunstdong foar strjitte en trotwaer sliepende stikjes fé mei knipperljochtsjes op'e boarsten. [pagina 88] [p. 88] Myn fers is myn fers is in út har jas groeide foarstêd soms wiis doarp fan de city tael in iepenbier forfier fan tekens en symboalen meastens in forstoppe boel autoklisjés en epigoanefytsen antiremeedzje sûnder paraplu falt alles del hjerstich klimaet strjitten mei drek fan sûkerbiten. Vorige Volgende