earen op. Gradus woe oer hwat oars bigjinne, mar Geart frege planút: ‘Hoe woene jo sizze, Boukje?’ Nochris woe Gradus ûnheil foarkomme: ‘Frouljuspraet’. Hy hie Boukje net better de mûle iepenbrekke kind. ‘Hâld dy net ûnnoazel, Gradus’, en doe tjsin Kroaneman: ‘Ik soe net graech foar de oerbringer trochgean wolle, mar Gradus en ik hawwe al faek tsjininoar sein, as Nynke thús is, is Wibe der ek. Ik siz net, dat der hwat efter stiket, jo moatte my goed forstean. Mar it is al slim tafallich, dat er der dan krekt hinne moat, dat siz ik. Nou kin Gradus wol wakker roppe: “Stil, stil”, mar wy hawwe it der togearre fakernôch oer hawn en siz dû mar, dat it net sa is.’ Dat wie tsjin Gradus. Hy ûntstried it har net. Wol sei er mei klam: ‘Ik soe der foar gjin noch safolle mei inoar oer prate wolle. Wy witte neat, mar dan ek folslein neat.’
In kostlik foarbyld fan ‘de minske kenne’ en fan humor is b.g. ek yn ‘Dat sadwaende’ it forhael op s. 94: ‘De ynbraek’. De humor kipet wol faker om'e hoeke gelokkich, hwant spitigernôch komt men dy to min tsjin, wylst it dochs sa'n wichtich elemint is yn it minskelibben. Ik tink hjir oan in Dútsk segje, ik wit net fan hwa it is: ‘Wohl dem der's Beste nicht verlor im Kampf des Lebens: den Humor’. Ik nim út de greate mannichte inkelde foarbylden, b.g. yn ‘Dat sadwaende’ it forhael ‘It wûnder’, s. 9; it al neamde ‘De ynbraek’, s. 94. Op s. 58 bigjint it forhael ‘De paedagooch’; ien fan de skoaljonges hat ta masters ierdbeijen sitten en dy is dêr pûr om; en dan stiet der sa smout: ‘Hy wist wol dat der nijljochters wiene as Jan Ligthart, dy't seine dat soks glêd forkeard wie; hy lies der fan yn'e ûnderwiiskranten. Welja, dy woe der sahwat op út dat hy Jouke fan Jelle March moarn in pantsje mei ierdbeijen op'e bank sette soe, leafst mei sûker der oer, dan soe sa'n jonkje net wer ûnder de hage trochkrûpe. Hja koene it langer wakker moai bitinke, hy hie net om'e nocht hast fjirtich jier yn skoalle stien. Net dat er syn bluistrich folkje net tagedien wie, mar hja koene jin it bloed faek sûpe meitsje. It moast fansels net to mâl gean, mar hja moasten al witte dat it net alles lije koe en dat er de stôk by de hân hie’.
Noch ien foarbyld, s. 22: ‘Undernimming’. Ynse moat in brief skriuwe, hy wol graech in eigen saek hawwe en nou wurdt der in bakkerij út de hân to keep oanbean, ûnder nûmer. Akkerman fortelt dat sa: ‘Ynse wie fuort út'e rie: skriuwe! Nou wie dat lêste syn bêste net, mar nei gâns ynspanning krige er in mannich rigels op papier, dêr't elk mei in bytsje goede wil de bidoeling wol út opmeitsje koe. Ynse die der in postsegel foar antwurd by yn, ‘dan witte hja fuort dat se mei in fatsoenlik en bitrouber persoan to dwaen ha’, sa spriek er.
Sa soe der mear to neamen wêze, mar ik wol eingje mei in lokwinsk oan de priiswinder, net allinne mei de priis fan dizze dei, mar ek mei it feit, dat syn wurk safolle wurdearring fynt, net allinne by âlderen, mar, gelokkich, ek by de jongere generaesje.