Hwant hwêr giet soks op ta, de bibliotheek fan it Ynstitút ‘Ubbo Emmius’?
Neigeraden it tal fakulteiten groeit sa'n bibliotheek op 'en dûr dochs gau nei in 30-50.000 bannen. Dêr giet in bibliothekaris oer, dy't in help ha moat. It kin tafalle, mar alles byelkoar skaeije dêr nei forrin fan tiid in man as 5-8 om.
Dêr moat romte foar komme, nei in pear needoplossingen in definityf ûnderkommen, dat hwat eigentiids opset en foaral outilearre wêze moat: magasinen, útlienburo, ynformaesje-ôfdieling, kantoaren, in lêsseal (mei gau in 200 tydskriften), in studyseal, studykabines; mei it winsklike boartersguod: kompaktakasten, randtriever-systeem, bibliofoan, mikroviewers, fotokopiëarapparatuer, teletracers ensfh. Tink om de tovenerslearling!
Och, it bigjint hiel biskieden, nochris, mar in miljoen oan ynvestearring is neat. En in pear ton per jier is dan ek gau nedich om it hwat by to hâlden.
Hwat moat hjir oan dien wurde? In jier lyn spile de kwesty Provinsiale Bibliotheek, nei oanlieding fan it Rapport Van Ommen. Deputearre Steaten woene yn dy P.B. mar leaver net tofolle haechske ynfloed ha. Dy P.B. wie foar de Provinsje it lokies foar de Fryske Universiteit, dêr woe hja har net tofolle foar bine.
Sa'n ‘Ubbo Emmius’ komt fansels in aerdich ein yn 'e rjochting. En dêr sil dochs omtinken oan jown wurde moatte, binammen nou't prof. Snijders - foarsitter fan it Stichtingsbistjûr - yn itselde kranteforslach sitearre wurdt: ‘Ik zie Ubbo Emmius eerder op de Bullevlakte dan de universiteit’. Dêrmei lit er in bytsje hoop oer foar dy Universitaire fêstiging.
Dan kin der dochs al hwat barre. Deputearre Steaten sille dochs wol ynfloed ha op it bistjûr fan ‘Ubbo Emmius’, om hjir hwat oan dwaen to kinnen. De desyntegraesje fan de ljouwerter bibliotheekforsjenningen moat perfoarst net greater. Hjir leit in kâns foar it gripen om de Provinsiale Bibliotheek in dúdlike taek to jaen. Hwer't sá'n bibliotheek stiet praet men to'n earsten net oer nochris in ynstitútsbibliotheek! Dêr komt by dat men nou al útrekkenje kin, dat der oer in jier as tsien, tweintich ris in heldere kop oan it biwâld komt - oan hwat kant fan de matearje ek - dy't de P.B., dan evt. al universiteitsbibliotheek, en dat spultsje fan ‘Ubbo Emmius’ byelkoar bringt. Fansels! Der kin ûnderwilens al hwat bard wêze, fansels, mar út sa'n útspraek fan de hear Stellinga wurdt wol dúdlik dan men net alto optimistysk hoecht to wêzen. Dêr blykt yn alle gefallen út, dat der yn dit stadium fan oprjochting fan it opliedingsynstitút, dat al mei it earste jier út ein is, noch gjin ôfspraken bistean. Dat ferget fan wjerskanten ek wol hwat. Op 'n minsten fiergeand oerliz oangeande it oankeapbilied. En dat hâldt yn dat elk foar oar elkoars spesialismen erkenne en akseptearje moat, en dat kolleksjefoarming en biskikberstelling troch ynbring fan twa kanten bipaeld wurde sil.
Hjir stiet in folsleine apparatuer gebrûksklear!
En soene Deputearre Steaten net mei nammersto mear klam yn Den Haech oanstean kinne op subsidiëarring fan rykswege fan de P.B.? Op it earste gesicht lykje dit ûnôfhinklike bilangen. Mar pas op, D.S. tingje ommers om de gunst fan it Departemint fan ûnderwiis. Dat kin nou. En dat koe de Provinsje jiers ek noch wolris hwat skele yn 'e eksploitaesje fan de P.B.
Ofsjoen dêrfan, it soe binaud wêze as aenst twa bibliotheken op heale krêft draeiden, dat der ûnnedich duplisearre waerd yn gebouwen, stêf, apparatuer, boeken, tydskriftebesit ensfh.
Yn dit stik kinne de forantwurdlike autoriteiten har net op 'e Bulle-flakte hâlde.
l. popma