Klisjé's fan it nije leauwe
Party gedichten wurdt yn bisocht in soarte apokalyptyske wrâldskôging to forbyldzjen. Soks kin; foarbylden út de hiele literatuerskiednis binne dizze mooglikheit treast. It gefaer is dat ditsoarte poëzy, wylst de wrâld jitte stiet, net boppe it dichterlik byld útkomt en omt hja perfoarst mear wêze wol, - hja wol tsjûgje, leare, it paed wize, - stiet hja mei harsels yn tsjinspraek.
Men fielt by it trochlêzen, dat de tekst boun is oan in bisteand, ekstern byld, - it byld yn 'e harsens fan de dichter. It gedicht hat in taek, it moat tsjinstber wêze oan dat idé-eftige byld fan de dichter en it bliuwt dêrom yn wêzen subjektyf. De tekst is net selsstannich, syn eigen subjekt en objekt, - hja is de biskriuwing fan in ekstern byld, in psychologysk proses, in breinroerige fisionaire nachtmerje.
Poëzy dy't tofolle en tolang forboun is mei in eksterne werklikheit, forwurdt ta klysjé. De ienris nije en byldzjende metaforyk wurdt it idioom fan de omgongstael; it ienris subtyl en ynderlik bilibjen wurdt it algemien tinkskema. Dizze bondel bifettet klisjé's yn soarten:
1) It gebrûkmeitsjen fan in bisteand, net poëtysk idioom: ‘opleine wetsregels’, ‘skerp formulearre’, ‘de faktor jild’, ‘sy en hy’, ik mei oare wurden wy’. wy’.
Termen dy't sa út de krante wei opskreaun wurde kinne. Dêr ha se in funksje, mar yn in fers, dêr't it uterste oan ekonomy neistribbe wurdt, binne sokke wurdforbiningen swak, leech en neatsizzend.
2) It brûken fan forsliten metafoaren:
‘de neakene feiten’, ‘de loft biswangerje’, ‘in sykte yn 'e tredde graed’. Dizze, út soarte dichterlike útdrukkings, hoege net mis to wêzen yn in fers, mar dan moatte se al, troch pleatsing en klam, de âlde biferzen forbylding op 'en nij toane. Sa út it spraekgebrûk wei opskriuwe is tarre op in oar syn klisjé's.
3) In dichter kin in eigen foarm sa faek en sa troch alles hinne brûke wolle dat hja ta klisjé wurdt. By De Haan is dit de forliking mei it bynwurdtsje ‘fan’. It docht jin nij yn:
‘krematoriums fan wille’, ‘ballerina fan stilte’, ‘eksters fan forlangen’. De knap konstruearde klimaks fan lûdbylden yn it fers Ljochtkadans biseit wol hoe tige de dichter dizze technyk bihearsket. Mei it wurdtsje ‘fan’ forbynt hy dingen mei inoar dy't in wrâld út inoarren lizze en wurdt de forliking in poëtyske parallel fan in absurd forskynsel yn 'e hjoeddeiske maetskippij. Mar hy rydt gauris tolang op dit hynderke om en relativearret syn eigen fynsten mei neatsizzende forbinings as:
‘konfeksje fan plestyk’, ‘maskers fan ferf’, ‘puollen fan ellinde’. (Omt