Taelbifoardering is mear
Hwat in tael ûnderskiedt fan in dialekt is foaral it bistean fan in literatuer. Mar in literatuer kin ek net op him sels bistean; dy moat woartele wêze yn in taelmienskip, en kin allinne mar bistean, salang't dy tael yn dy mienskip yn libben gebrûk is. Dêrom sil de taelbifoardering him net biheine kinne ta de literatuer.
Yn dit forbân is it faeks wol gaedlik, dochs noch mar efkes werom to kommen op de Tichelwurk bylage fan Trotwaer nûmer 3/4 (1971), dêr't G. van der Zwaag krityk yn leveret op in stikje fan my yn De Stiennen Man oer de subsydzje-regeling foar Fryske tydskriften. Ik haw dêr net earder op réagearre, omt ik it gefoel hie, dat wy it as it der op oan komt dochs wol in hiel ein iens wiene.
Sa't guon lêzers faeks noch wol witte, gie it der om, dat neffens dy regeling allinne subsydzje jown wurdt foar de Fryske teksten yn tydskriften dy't foar op syn minst 3/4 frysktalich binne. Yn prinsipe bin ik dêr foar, omt it hjir op't lêst giet om it bifoarderjen fan it Frysk taelgebrûk; in lytse kompensaesje foar de neidielige posysje fan it Frysk yn ûnderwiis, tsjerke, administraesje, kommunikaesjemiddels, ensfh.
Nou hat Van der Zwaag hjir út ôflaet, dat ik tsjin ‘de artistike kommunikaesje yn meartalichheit’ bin: ‘Fan Straatsma meije der yn in Frysk literair tydskrift gjin Hollânske teksten stean’. Neat is fansels minder wier. Hwer't it hjir om giet, is allinne oft Hollânske teksten wol in provinsiael subsydzje hawwe moatte as se yn foar mear as 3/4 frysktalige blêdden steane en net as dyselde teksten yn hollânsktalige of foar minder as 3/4 frysktalige blêdden steane. Men hoecht dat kommunisearjen yn meartaligens op't lêst ek net to forsearjen.
Ik hie dan ek earder biswier forwachte tsjin de willekeurige grins fan 3/4. Hwerom wurdt der gjin subsydzje jown foar fryske teksten yn blêdden dy't krekt ûnder dy grins bliuwe? Yn it ramt fan de taelbifoardering en ek om it kommunisearjen yn meartalichkeit to bifoarderjen, soe it opnimmen fan Fryske teksten yn net-frysktalige blêdden bêst hwat oanmoedige wurde meije. Allinne om praktyske redenen is dy grins fan 3/4 mar to fordigenjen; dy wurdetellerij jowt fansels in soad administrative rompslomp, en allinne dêrom soe der miskien ek wol hwat foar to sizzen wêze, blêdden dy't foar mear as 3/4 frysktalich binne mar alhielendal to subsidiearjen.
Fierders docht út Van der Zwaag syn stik hielendal net bliken, dat it by dizze subsydzjeregeling net yn it foarste plak gie om literaire tydskriften, mar om frysktalige tydskriften yn it algemien. Hwat hy seit oer kommunikaesje mei oarstaligen en oer fortalingen jildt binammen foar literaire blêdden. Foar de biwegingstydskriften leit dat hiel oars.