kinne soe - hwant it visuele en it proazayske allinne hoege dat perfoarst net - dat is de partij-kar. De kar foar de bisochten. En dan net dy fan de bûtensteander dy't it opnimt fóar, mar de dúdlike blyk fan lotforbounens méi. It jin ôfsetten tsjin rounten en ynstellingen of opfettings dy't de ienling, of de kliber fan ienlingen bihearskje, dat makket de wiere toan út dêr't men elkaor oan ken.
B.G.: ‘mannich kearen/ha'k myn nocht/fan dy sosjalisten/dy't it allegearre/ sa goed witte’ (s. 16); of: ‘hjir bin net/safolle út/op in karrière’ (s. 20).
Yn dy teneur komt in essinsiëel minsklik forlet ta utering: de jildingsdrang, de erkenning, de solidariteit, de kammeraetskip: it wêze of net-wêze.
De kommunikaesje is einliks it Leitmotiv fan dizze bondel. Alwer, net biwust, mar as in reade tried by't troch de bledsiden rint. It forlet fan, de fraech nei bigryp, akseptaesje, op forskate manieren útwurke, klinkt aloan wer troch.
Bylsma dichtet oer Jan-Pyt Knor - ek yn de foarige bondel, hweryn't er de kliber mei dy namme oantsjutte - mar ek dêr fóar. Dat jowt de greatst mooglike kâns op kommunikaesje mei de greatst mooglike lêzersrounte. Hwant net allinne yn it uterlik, de middels, wurdt dat birikt. Ek de ynhâld slút dêr by oan. Soms bliuwt it by in bisykjen, de tanadering, dy't troch de tsjinpartij ôfwiisd wurdt. Faek giet it om in relaesje fan ienling ta ienling, mar meastentiids om de forhâlding fan de ienling ta de massa en oarsom.
Yn de earste fariaesje sjocht men in biskate foarm fan tanadering dy't de mooglikheit fan kommunikaesje ôftaest: b.g. yn it iepeningsfers: n.t.m. special: ‘ik seach nijsgjirrich/de details ris nei/hwant it wie de/muoite wol’ (s. 5). Of yn: bigraffenis fan mem: ‘doe't de kiste sakke/ha'k se allegearre/goed en dúdlik sjoen/ - /de eagen fol triennen’ (s. 18). En deselde oanset, deselde observearjende en konstantearjende, noch stjûrbere hâlding fynt men werom yn b.g. apollo XII en makaber kabaret, hieltyd yn in oare kontekst, mar yn wêzen gelyk.
Mar aloan rint de dichter stomp (yn dyselde gedichten): ‘sjochtst dy fize/âld-keardel ús/wol biloeren...’ (s. 5); of: ‘deselden dy't twa dagen letter/it dressoir leechhellen’ H(s. 18); ‘as't net sa/yn-yn tragysk wie/dan wie der/hwat to gnizen’ (s. 28); ‘de makrokosmos is/hwat minder ekplorabel’ (s. 29).
De folsleine ôfgong is gauris de ein fan it liet, yn hokker foarm ek: ‘en dan bist/fiifentritich en moai/tofreden oer dysels’ (s. 5); ‘ik wie yn-tryst/ôfgryslik âld...’ (s. 18): ‘hwa't kanker hat/mei 't hâlde’ (s. 29).
Fansels, forpakt yn irony, of skamperjend en hurd, mar de eangst foar de forbanning, de útwizing komt hieltyd wer boppe.
It kommunikaesjeprobleem mei ‘de oar’, leveret neffens my poëtysk de bêste resultaten op: