Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 22]
| |
Fers.Hurde swarte muorre
in to swiere taek foar de wurden
fan de dichter
útskreaun yn it moaiste hânskrift
dat de dekadinsje foarskriuwt
moai moat hja weze
in kreas liif moat hja ha
en de maten 92 - 42 - 92
hwant it komt krekt
en it lyk stiet fêst
al to lang boppe de groun
hwant it stjonkt al
mar de maten jowe de trochslach
swart.
| |
[pagina 23]
| |
LeafdeDe sweltsjes fan de nocht
oan dyn waerme frouwelichem
swypsturtsje troch myn bloed
dyn boarsten sa ticht by my
stjûre
in hite flam troch myn krús
sweltsjes fan nocht
boarsten sa ticht by my
ik bidoel
ik bidoel oars neat
as dat ik in man bin
en dou in frou
en ik wol dastou myn bêd
waerm makkest.
|
|