| |
| |
| |
Tr. Riemersma / Twa uren spraekklanken
Tiid: in sneinoerdei fan 3.30-5.30 ûre.
Plak: Ingelske keamer, foare hwat breder as efter. Foar bank mei twa maklike stuollen. Efter ytkeamerstafel mei fjouwer stuollen. Fierders twa nou en dan fan plak foroarjende keukenstuollen, in dito poef, in dito krukje.
Spraekklankprodusinten: Strûksma, mefr. Strûksma, Eke Strûksma, Akke Strûksma, Wibe Hansma, Jan de Boer, Tine de Boer, Evert de Boer, Jan Bouma, Sijke Weening, Wytske Röling.
Strûksma sit oan 'e itenstafel tsjinoer it trochjowlûkje. Eke en Wibe sitte yn in maklike stoel. Jan de Boer sit njonken Eke op in poef. Neist him sit Akke op in keukenstoel.
(pendule slacht ienris. pauze)
(gappet) Dus, net safolle.
(pauze)
(lûd fan fallen foarwerp plus net forsteanbere minsklike stim)
(docht trochjowlûkje op) Hwat nou? (pauze) Litst hwat knoffelje?
(lúkt holle út lûkje wei, docht lûkje ta) Ast hwat falle lietst?
Hastou noch gjin kopkes krigen?
(pauze)
Mem is noch jong en fluch.
Fluch mei de mûle, mar...
(pauze)
Lichemsbiweging docht dy gjin kwea. (krijt kopkes, jit thé yn) Knapst omtrint út 'e klean wei.
| |
| |
Mar ík hâld der rekken mei.
Nou earlik, Wibe, fynstou net dat Eke wolris hwat oan 'e lijn dwaen mei?
(lit hân fan Akke los) Dêr seit Wibe al in wier wurd, Strûksma. (pauze) Dêr hast net fan werom, Eke.
(pauze)
(dielt thé om) Dy sit neat yn.
(pauze)
Kees Dykstra hat al wer in nije wein.
Kees Dykstra. Dy't mei greate Tette troud is.
Ja-ja. O...! Al wer? Hy hie dy snoekebek oars... Nou hoelang?
Eè, welné, noch lang net in jier.
Hat mem noch by Wierstra west?
Hy hie him sahwat tagelyk mei my.
Mar dêr hat er hwat op sitte litten!
Oan hwa hat er him forpatst?
Hat mem dy maksyjurken net sjoen?!
Hy hat der in moai stik op sitte litten, sei 'k.
O ja? Ynruile! Dêr hat er grif moai hwat op sitte litte moatten.
(tsjin Akke) Sjoch, dyn thé.
| |
| |
Nou! Hwerom sille wy net in bytsje by de moade?
Eè, gean wei! Dat kin wy net drage!
Nou, dat wit ik net fan himsels, mar... Wie it net...?
Hwerom net? Hwerom in oar wol?
Sille wy mar in gebakje ha? Ik sil se even helje. (ôf)
(sunich) Witst wol dat Ytsje forline wike yn 'e nachtpon de dyk opflein is?
Sjit nou op, Akke. Se binne allegear like djûr!
Hè, jassus! Kinstou Durk net?
Ja, wiswol. Kin ik Durk wol.
Durk sei, Strûksma, Durk sei dat Kees hie der twaëntweintich hûndert op sitte litte moatten.
Twaëntweintich hûndert? Nou, falt my noch net iens ôf.
Né, dat falt my ek net ôf.
Hwerom kin wy dat net drage? Mem?
Nja, it earste jier riidst it djûrst. Kinst him better nei fjouwer jier ynruilje.
Doch ik ek! As ik dizze wein fjouwer jier hawn ha...
Maksyjurken? Bin wy fiersto grou foar. Lykje wy krekt massive
| |
| |
O ja? Nou en... Nou, frou Wielenga dan?
Twaënheal tûzen hie my gjin nij dien.
Nou, hwerom dy wol? Hat mem dy sjoen yn har maksyjurk?
Nou ja, 't hie noch slimmer kinnen, mar twaëntweintich hûndert... Mar jo moat net forjitte, dy snoekebek wie djurder as dy Ford, hy is der ek op efterútgien, dat moat jo der ek yn birekkenje!
Frou Wielenga is in heel oar type.
Hat mem har sjoen yn har maksyjurk?
Ja... Wis... Dat is wier.
Dat meiinoar wurdt it gau...
Né. Mar frou Wielenga hat in fyn gesicht, en opfallende eagen...
Se draecht de jurk net oer har kop!
In gesicht docht alles. En by ús is alles like flets en kwabbich. Dou krijst ommers ek al in ûnderkin, bern. En dat kleurleaze hier fan ús...
Ja. Sokssahwat. In bytsje mear...
Wy kinne allinne mar ûnopfallende klean drage.
Sokssahwat, moatst tinke.
Ja, as mem har sin krige rounen wy der altyd as trutten by!
Dan moat er ek wol goed fortsjinje.
Nou, hoe sitst der nou by? Dat koarte rokje strûpt dy ommers hielendal omheech ast sitten giest. Dou rinst mei alles to keap. Tinkst dat Wibe dêr hwat oan fynt?
Eè jonge ja, mar dat fortsjinnet wol!
Nou, dan sjocht er mar in oare kant út.
Ik tocht dat dy moai hwat op it boekje hie!
Dêr sil er aenst ek wol mei bigjinne, as er it nou noch net docht.
Leau dat mar net! Hwat dêr ynkomt, giet der ek daliks wer troch.
Nou ja, mar hy fortsjinnet dochs bêst. As er hwat suniger libbe...
Dan hienen wy allegear moai hwat op 't boekje. Silst it fornimme ast troud bist!
| |
| |
(giet ta de keamer út) Ha, dy Wytske.
(praet stadich, skandearjend) Dach Strûksma. Fan harte gefelisiteard.
Né, mar jo binne de heit fan Akke, nou? En Akke forlooft hjoed.
Evensagoed is se noch net snotterich.
Nou, dat is kreas, Wytske. Gean der mar yn.
(op) Dach allegear. Sil 'k mar even...? Akke, fan harte gefelisiteard.
Jan, fan harte gefelisiteard.
Eke, fan harte gefelisiteard.
Wibe, fan harte gefelisiteard.
Mei 'k der wol even lâns? Frou Strûksma, ek fan harte gefelisiteard hear.
Tankewol, hear Wytske. Fijn datst even komst. Mantel even út?
Nou né, mar net. Ik soe hjir mar even bliuwe, ha 'k tsjin ús mem sein, en ik bin al let.
Ja, dou bist let. Dou wiest dochs ek yn tsjerke?
Jawis, mar dy jonges fan Bijma rôpen my nei, en doe haw ik dêrhinne west.
Ja, dêr haw ik hinne west. Hwant ik bin al seisentweintich jier, ik hoech my net útskelle to litten.
Nou, dat is ek sa, Wytske. Dat is flink datst dêrhinne gien bist. Hwant soks heart sa net.
Gean mar even op 'e bank sitten. Lûk dat taffeltsje even oan, Wibe. Wolst wol in kopke thé, net?
Dou bist ek mar yn 't lang, Wytske.
Tja, Wytske docht ek al oan 'e moade.
Sjoch, thé. En in gebakje.
Ik hie 't earst net iens sjoen, ju! Gean ris stean. Ja, dat manteltsje past der ek moai by. Dat hast hjir net wei, wol?
Né, út 'e stêd. De jurk ek, hear.
Sjoch. (docht manteltsje los) Hiel ienfaldich. Ik hâld net fan dat
| |
| |
't Stiet dy werklik moai.
Ja, 't stiet dy echt moai.
Noch ien dy't der forstân fan hat!
Mar wy ha wol kijk op froulju, nou Wibe?
Wolle jimme de kopkes even oanhâlde?
Ja, 't is in moaije jurk. En lekker waerm, tink?
Hat jim heit de jerappels derút, Wytske?
Al sahwat. Noch in lyts hoekje moat nije wike.
Dus, dou hast dyn bêst wol dien.
Hastou wer yn myn kast sitten?
Né-né, dêr bimuoi ik my net mei. Froulju yn 'e hûs.
Akke, hastou yn myn kast sitten?
Hm? Hwat soe ik yn dyn kast moatte?
De hele boel leit trochinoar.
Alles slingert oer de flier. 'k Ha 't sels sjoen.
't Silst dan sels wol dien ha.
Bin dut dyn eigen hoazzen of hast dy fan my pikt?
Hè, hwat wolstou? Alde teapert!
Ho-ho, nou krijst lijen mei my, Akke! It is noch in moai jong teapertsje.
Dêr binne de broerkes en suskes.
O hea, de hele famylje komt del.
Skik in bytsje om, Akke, dan kin dêr hwat stuollen by.
Nou, dan gean ik mar wer.
Kom nou! Dou hast dyn thé ommers suver krekt op. Hoechst foar dy minsken net út to naeijen. Se meije wol miene datst bang fan har bist.
(op) Goeijendach! Dus, jim sieten al op ús to wachtsjen? Ha, Wytske, bistou ek al op 'e taertsjes ôfkommen?
(op) Nou, dêr wienen wy al! Ha-ha-ha! Hwat in ynfaesje, net? Nou, frou Strûksma, jo earst mar. Fan harte, hear.
| |
| |
Nou, wy hienen al noed dat jim komme soenen, ja.
Wytske net plaegje, hear!
Hoe liket it, Jan, kinst der noch by?
(op) Altijd! Hwer is it slachtoffer?
Akke, fan herten, hear. Jan, dou ek.
Slach ús mar oer, hear, gean mar gau sitten.
De drokte wurdt Eke al tofolle. De âlderdom nou...
Sille wy de tafel hwat forsette. Dan ha wy hwat mear rûmte.
Fan herten, Akke, mei dyn oansteande man. En noch mar folle jierren...
Hwat hastou in duvels moaije jurk oan, Wytske.
Dy stuollen in bytsje neist Akke, tocht ik...
Mei ik miskien myn naemgenoat...?
Hwer is myn Sijke? O, mijn Sijke sit al.
Meitsje dy dêr mar gjin soargen oer.
Akke, fan herten lokwinske, hear. Hast in moaije jurk oan, ju.
It stikt hjir fan 'e moaije jurken, Ja, tankewol, siz mar neat.
En Wibe sit dêr mar as hie er in fêst plak.
Hat er ek! Komt hjir al sawn jier!
Gean dêr ris wei, ik wol by Sijke sitte.
Hoelang bin jim nou forloofd? Ja, kom dou hjir mar...
'k Kin ek noch lang genôch by dy sitte.
Akke, fan harte gefelisiteard. Broerke, dou ek.
Foldocht skoan, seker. Ha-ha-ha!
| |
| |
As jim hjir sitten geane, jonges.
't Kan weer niet stukken!
Wy ha nou kâns op in hûs.
Hienen jim twa jier lyn ek al!
Meitsje jimme de kopkes even leech? Dan sjou ik de boel fuort.
Krije jim ien fan dat streekje fan acht ûnder ien kap?
Jow my dy kopkes even troch, Jan.
Nou al? 't Feest moat noch bigjinne!
Se woe op 'e tiid nei hûs, sei se ommers.
Giest fuort, Wytske? Nou choui.
(bûten de keamer) Giest wer fuort, Wytske? Kom letter ris hwat langer, ja?
Goed, frou Strûksma. Bitanke foar alles.
Dat wie safolle net! Oant sjen, hear.
Sit sintrale forwaerming yn. Frij greate keuken. Fjouwer sliepkeamers, solder. Dat moat bitelle wurde.
| |
| |
Hoe sit dat nou, Wibe, hast de garaezje by de hier ynbigrepen?
Né, dat komt er noch by. Mar 'k ha gjin auto, en ek noch gjin forlet fan.
(op) Nou haw ik bier, wyn, likeur. Nou, en noch hwat oar spul. Bessen soe 'k wol sizze. Sjoch dou even hwat der wêze moat, dan sil ik glêzen krije.
(op) Nou, de manlju allegear mar in pilske? Wibe?
Jow ús mar in bessentsje.
Thé kin 'k thús wol krije.
Dat falt my noch neat ôf.
Moat je him hearre. Nou hoar!
Dy glêzen bin al omspield. Sjoch, en hjir is in koarkjewipper.
'k Set de romers hjir del. Eke, pak dou de flessen even en jit yn. Dan sil ik noch in gebakje helje.
Kinst dochs freegje, net? (ôf)
Bessentsje. Jow hjir mar, 'k Sil sels wol.
Net sa'n geseur, tapakke!
Nou, daar gaat ie. Proost!
Meije wy dat ding miskien ek even?
Dou kinst joun noch genôch krije.
Mar in bessentsje, net Tine?
Nou, jit my dan ek mar ien yn. 't Giet dy sa linich ôf.
Riidt Kees fan Tette nou al wer yn in nije wein?
Jaseker! Sjoch, Strûksma. Jawis, dy hat al wer in nijen. 't Fortelde Wibe niiskrektsa.
| |
| |
Nou, en hy hie dy snoekebek...
Ha jim noch by Wielenga west?
'k Bin der lâns roun. Hou nou?
O, dêr hongen sokke machtige jurken, lange.
O ja? Hm. 'k Kin net sizze dat 'k dêr sa gek op bin.
Ikke wol. Mar, ha-ha, 't stiet my as in aep. Ik bin fiersto meager. Mar sa'nien as Wytske, ja, dat fyn 'k moai.
(op) Jonges, sil ik jim mar ien jaen? Dat útsykjen...
(pendule slacht ienris)
July 1970 - oktober 1971
|
|