Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 10]
| |
Frjemdling (1)ûntflechte de stêd
it systeem
dêr't er in ûnbilangryk
part fan wie
de wei werom
woe er
folge rivieren
socht smelle paden
roun troch sânflakten
draefde troch bosken
| |
[pagina 11]
| |
de nachten wiene lang
ûlen makken him kjel
waerd wekker
fan ûnbikende lûden
skimen miende er to sjen
en huvere
dan bidobbe er him
ûnder ôffallen blêdden
bisocht it libben om him hinne
to forjitten
bliid mei in nije dei
teach er hastich fierder
miste immen om mei
to praten
boeren út efterbleaune
doarpen
wiene him frjemd
griisde fan harren
wrede riten
kobolten
makke de bosk
stjûrde ynsekten
op syn paed
swijde as er gûlde
joech gjin antwurd op syn razen
der wie gjin wei werom
beam woartels
namen syn harsenfocht op
blommen bloeijden
fan syn fleis
| |
Frjemdling (2)allinne nachts
komt er yn it doarp
bisjocht in kat yn 'e finsterbank
heart it lette gicheljen
earne
efter in tomûk forljochte rút
hy kuijeret hwat
núnderet hwat foar him út
laket soms
in djip rocheljen
sykhellet djip en
priuwt in bytsje doarp
foar it skimerjen
giet er werom
oer kûlen springend
leechhingjende tûken
ûntwikend
fordwynt er tusken de stammen
prottelet in frou
op in kat
|
|