ôfspegeling fan it lijen fan Kristus; sinding, missy en evangelisaesje as in ôfspegeling fan de oerwinning fan Kristus.
Om werom to kommen op jou taek as wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy, hwat moatte jo nou presiis dwaen?
De V.: Ien fan de wichtichste taken fan de Akademy is publisearjen, is 't net sa? Ik bin forantwurdlik foar it wittenskiplik peil fan de útjeften fan de Akademy. Keimpe Sikkema, de saeklik direkteur, moat bisjen oft it foar de Akademy, saeklik sjoen, mooglik is ta publikaesje to kommen. Ik jow dus in adfys oer al of net publikabel wêzen oan it Deistich Bistjûr.
Nim t it Deistich Bistjûr sa'n adfys fan jo altyd oer?
De V.: Ik ha 't, leau ik, noch net meimakke dat it Deistich Bistjûr tsjin myn adfys yngie, mar dêr wurde wol krityske fragen steld. As der in manuskript oan 'e oarder is op taelkundich mêd, giet dat nei in man as Dr. Poortinga; en jo bigripe wol, it adfys fan Poortinga nim ik dan oer. Ik nim skiednis foar myn rekken, koördinearje fierder en dat hat yn de 7 jier dat ik dit nou doch noch nea ta forskil fan miening laet.
Men kriget as bûtensteander wolris de yndruk dat de Akademy it feit fan de publikaesje faek wichtiger fynt as it nivo. It liket oft de kwaliteit wike moat foar de kwantiteit.
De V.: Akkoart, mar jo moatte sjen nei it doel hwer't de Akademy foar oprjochte is. De Akademy is in produkt fan de Fryske Biweging. It hat fan it bigjin ôf it doel west dat de Akademy net de wittenskip bioefenje soe mei it idé fan l'art pour l'art, mar foar de ûntjowing fan de Fryske kultuer. Dus folskaerdige publikaesjes gean wy net út 'e wei en dêrfoar moat de stêf fan de Akademy in great part fan har tiid oer ha.
Is it foar in man mei in wittenskiplike oplieding en ynteresse net muoilik om in great part fan syn tiid to jaen oan ditsoarte wurk?
De V.: Né. It is miskien oan de iene kant wol hwat ûntankber wurk, mar oan de oare kant kin op dizze wize in stik idealisme yn 'e praktyk brocht wurde. Wy kinne meihelpe oan de ûntjowing fan de Fryske kultuer.
Hoe leit de forhâlding Fryske Akademy - it Fryske folk? Binne dêr gegevens oer biskikber?
De V.: As jo mei dizze fraech bidoele oft wy wolris in enkête ynsteld ha mei it doel to witten to kommen of ús wurk by it folk libbet, moat ik in ûntkennend antwurd jaen. Wol binne der foarbylden oan to wizen dy't de yndruk jowe dat ús wurk wol oanslacht by it folk. Ien sa'n foarbyld is it boek oer de skiednis fan Suwâld. Dit boek fan 200 siden is skreaun troch in Grinzer