De reaksy achter it matgles fan de metafysika
It Frysk Deiblêd dd. 20-11-1971 hat in folsleine side wijd oan it lêste nûmer fan Trotwaer, hweryn't oandacht jown is oan de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 1971. Nou is it net myn gewoante en gean yn tsjin alle ûnsin, dy't yn dizze wrâld boppe driuwen komt, mar yn dit spesiale gefal kin ik der net ûnder út, om't de resinsint fan it Deiblêd, dy't tekene hat foar dit artikel, wol sahwat model stiet foar de misfettingen, dy't der op it gebiet fan de literatuer bisteane. It artikel fan L.V. yn it Deiblêd bigjint sa:
‘De redaksje fan it literaire blêd Trotwaer is net bliid mei de takenning fan de Gysbert Japicxpriis oan Paulus Akkerman.’ Dizze opmerking is folslein torjochte, it is, neffens my ek de ienige opmerking yn dit artikel dy't torjochte is.
De greate resinsint L.V. seit dan fierder:
‘In great diel fan it lêste nûmer fan Trotwaer, dat allinne noch bistiet by de graesje fan in oerheitssubsydzje, wurdt bistege oan it uterjen fan harren leed en hja binne net bang om to biten yn de hân dy't har fuorret.’ By dizze sin, dy't stiet yn de oanhef fan L.V. syn artikel, bigjinne de problemen foar my. Ik kin dêr allinne mar út opmeitsje dat de redaksje fan Trotwaer, om't Trotwaer in oerheitssubsydzje kriget, gjin biswieren ha mei tsjin it bilied fan dy oerheit, of yn elk gefal dy biswieren yn Trotwaer net úterje mei. As men fan dit stânpunt útgean moatte soe wurdt it libben fansels noch in stik nuodliker as it nou al is. Lit ik bisiikje mei in ekstreem foarbyld dúdlik to meitsjen hwat ik bidoel. Stel dat wy in oerheit krije dy't seit dat alle minsken mei in I.Q. dat ûnder de 40 leit eins gjin oanspraek meitsje kinne op it predikaet minske en dêrom yn de Akademyske sikenhûzen formoarde wurde moatte. Akademyske sikenhûzen bisteane by de graesje fan in oerheitssubsydzje en, as ik de gedachte fan L.V. konsekwint oanhâld, soe dat bitsjutte dat de dokters fan dy sikenhûzen tsjin sa'n oerheitsbislissing net yn it gewear komme meije soenen. Ik ha sa'n gefoel dat L.V. dizze konsekwinsje net graech oernimme wolle soe. Dochs bistiet der tusken hwat Trotwaer nou dien hat en it ekstreme foarbyld hwat ik krekt oanhelle, allinne mar in gradueel forskil. De redaksje fan Trotwaer fynt dat se it rjocht en sels de plicht hat yn to gean tsjin in bislissing fan de oerheit as dat yn har eagen in forkearde bislissing is ek al kriget Trowaer sybsydzje fan dy oerheit.
Soe men fan de hjir boppe bisprutsen opmerking noch sizze kinne dat L.V. net goed genôch de konsekwinsje trochtocht hat fan hwat er seit, dat wurdt yn it forfolch al efkes oars. Hy giet earst yn op it artikel fan Riemersma, dy't in pear bundels fan Akkerman bisprekt:
‘Tr. Riemersma skriuwt yn in bisprek fan twa forhalebondels fan Paulus Akkerman - in bisprek dat gjin bisprek hite kin - (kursivearring a.v.h.) in fûleindich requisitoir tsjin de jury dy't it advys jown hat de Gysbert Japicxpriis ta to kennen oan Akkerman, tsjin deputearre steaten dy't dizze juryleden oansochten en tsjin de Fryske Akademy, dy't dizze jury foar-