De twa wurkgroepen, dy't my persoanlik it meast oanlûke soenen binne it Literair-Histoarysk Wurkforbân en de Wurkgroep foar Taelsosiology en Taelpsychology. It is wol aerdich om ris nei to gean hwat dizze Wurkgroepen yn it ôfroune jier út 'e wei set ha.
Fan it Literair-Histoarysk Wurkforbân wurdt yn dizze Smidte, dy't ek in forslach fan de aktiviteiten fan de wurkgroepen fan de Akademy oer it jier 1970-71 bifettet sein:
‘It Literair-Histoarysk Wurkforbân hat de organisaesje fan de skriuwerswykeinen oerdroegen oan it Woodbrookershûs to Koartehimmen, dat se (eventueel yn 'e mande mei it Skriuwersboun) fuortsette sil. It Wurkforbân hat yn maeije '71 in gearkomste mei twa ynlieders hâlden. Der is dêr in hiel nij bistjûr foarme. Sjoch fierders it jierforslach fan de Fryske Akademy ûnder literatuerkunde.’
Siket men nou yn deselde Smidte ûnder literatuerkunde dan stiet dêr: ‘It bibliografysk apparaet en de dokumintaesje binne byhâlden en útwreide. Yn 'e “Iduna-rige” is in nij dieltsje útkommen. Fierders is der in bondel stúdzjes oer Waling Dykstra forskynd en in kar út dy syn forhalen. Yn'e rige “Minsken en boeken” is diel 4 fan ds. J.J. Kalma's “Dit wienen ek Friezen” by de printer en stiet de bibliografy fan Reinder Brolsma (M.K. Scholten) op priemen. De redaksje hat tarissing makke foar in yn 1974 to forskinen wurk oer T.G. van der Meulen.’ Mei oare wurden: It Literair-histoarysk Wurkforbân hat neat dien it ôfroune jier, mar middels it apparatski fan de Akademy binne der noch al inkelde histoarysk orientearre boeken op it mêd fan de literatuerskiednis forskynd of sille meikoarten forskine. En dat wylst der op it mêd fan de literatuerskiednis noch safolle, om net to sizzen hast alle, terrein braek leit. Tink bygelyks mar ris oan in wittenskiplik forantwurde literatuerskiednis. Dy is der net, en sil der, as de Akademy sa trochgiet, de earste 25 jier ek net komme. Tink bygelyks mar ris oan in wittenskiplik forantwurde analyse fan it, yn elk gefal foar de Fryske literatuer, wichtige fenomeen dat boerenroman hiet. Tink bygelyks mar ris oan in wittenskiplik forantwurde ûndersiik nei de relaesje tusken de opkomst fan de Fryske Biweging en de, dy Biweging bigeliedende, literatuer. Mar né, soks bart net fan Akademywege.
Fan de Wurkgroep foar Taelsosiology en Taelpsychology wurdt yn de Smidte sein: ‘Dizze wurkgroep hat dit jier mar ien gearkomste hâlden. De hear K. Boelens joech in ynlieding oer de twataligens yn Kanada. Foar dizze gearkomste waerd ek personiel fan de twatalige skoallen útnoege. Fan de wurkgroep sels - dy't in jier of hwat lyn frijhwat warber wie - is mar in lytse aktive kearn oerbleaun, trochdat in tal leden troch oar wurk of oare drokten net mear meidocht. Dizze kearn - dy't bistiet út jfr. A. Feitsma, L. Pietersen en R. Straatsma - is ûnderwilens opnommen yn de wurkgroep twataligens fan it Pedagogysk Wurkforbân.’ Summa summarum: ek dizze Wurkgroep hat neat dien, of men soe it jin opnimme litte yn in Wurkforbân in foarm fan aktiviteit neame moatte wolle.
As dan ek boppe it jierforslach '70/71 fan de Fryske Akademy stiet ‘It jier fan de hope’ kin dat perfoarst net slaen op dizze Wurkgroepen. En dat wylst men oannimme moat dat krekt ditsoarte fan wurkgroepen, as se adekwaet to wurk geane en aktuele ûnderwerpen oan 'e oarder stelle, foar jonge minsken noch it meast akseptabel binne om der tiid oan to spandearjen.
Hjir komt dan noch in aerdich stikje proaza om oer nei to tinken. (kopy-wright De Smidte): ‘Ir. K.A. Rienks, haedbistjûrslid sûnt 1951, lei yn forbân mei syn jierren syn funksje del doe't it nije haedkarbrief yngien wie. Foaral foar it wurk dat hy jierren oanien as foarsitter fan it Lânskip-Genetysk Wurkforbân dien hat binne wy him tankber.’ Krekt fierderop wurdt der sein: ‘Neigien wurdt noch hwat der barre sil mei is (lês: it; a.v.h.) Geakundich, it Lânskip-Genetysk en it Nammekundich Wurkforbân.’ (kursivearring a.v.h.)
A. van Hijum.