Frjentsjer, 5 oktober 1971.
Oan Boargemaster en Wethâlders
fan Bolswert,
Jongemastrjitte 2.
Achte Hearen,
Mei't ik fan bitinken bin dat de Gysbert-Japicxpriis dit jier tige ûngelokkich fallen is, wol ik de útrikking derfan net bywenje.
Neffens literaire kritearia hifke, komt ik wurk fan P. Akkerman net yn 'e bineaming foar de Gysbert-Japicxpriis, dat in literaire priis is, nét in treastpriis, oanmoedigingspriis, of in útkearing foar trou bodzjen en dreech úthâlden.
De Gysbert-Japicxpriis wurdt takend oan it wurk dat yn'e forroune fjouwer jier neffens it oardiel fan de jury de heechste eagen smyt. Dat ymplisearret dat der meardere wurken foar de Gysbert-Japicxpriis yn 'e bineaming komme kinne, en dat der dus skifte en forgelike wurde moat.
Ik moat dan konstatearje dat wurk fan moderne alluere en fan in ridlik literair nivo, ik tink oan It lyk wurdt oantaest (Piebenga) en De feestgongers (Wadman), troch de jury en de akkoart-geande Deputearren fan Fryslân eftersteld wurdt by slim tradisjoneel en pretinsjeleas proaza.
Histoarysk sjoen bitsjut dat in tobekgong nei de tiid fan foar 1946 (proklamaesje-Schurer) en sels nei de tiid fan foar 1914/15 (Jongfryske biweging).
Literair-polityk sjoen bitsjut disse priistakenning de dea yn 'e pot.
Mei heechachting,
Tr. Riemersma,
Gods-acker 10,
Frjentsjer.
Ofskrift fan it brief dat de redaksje ûntfong fan de winner fan de Gysbert Japicxpriis (proaza) 1968.