Tichelwurk
Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis foar it jier 1971 is takend oan Paulus Akkerman. As it goed is sil dêroan yn dit nûmer fan ‘Trotwaer’ de nedige oandacht jown wurde. Dochs ha ik de yndruk dat it net forkeard is en meitsje by dizze takenning in pear krityske opmerkingen.
Yn it ‘Nieuwsblad van het Noorden’ d.d. 17-9-71 wurdt, nei oanlieding fan it takennen fan dizze priis oan Akkerman sein: ‘Akkerman die al een kleine 40 jaar publiceert, is een zeer produktieve volksschrijver. Zijn werk is traditioneel, maar hij is een boeiend verteller die de volkstaal zeer goed beheerst. Humor en sentiment zijn de belangrijkste elementen van zijn meer dan 20 romans die over het algemeen een christelijke strekking hebben. Hij schrijft verder jaarlijks tientallen korte verhalen in de Friese dagbladen.’
Yn de Ljouwerter Krante wurdt oer it wurk fan Akkerman sein: ‘Syn stoffe is biheind, it giet almeast oer in bipaeld type minsken, ienfâldich, hurd bodzjend. Hjir foaroer steane de positive kanten: faek komt, nettsjinsteande de tryste en sombere sfear ek humor om 'e hoeke, hy hat de minsken skerp opnommen, goed biskreaun; hy hat ynteresse foar syn meiminsken, foar de wrâld, dêr 't hja yn libje, de ûnderskate situaesjes. Dêroer fortelt er knap en meinimmend yn goed, geef, libben Frysk.’
Ik ha it idee dat der eins oer it wurk fan Paulus Akkerman net folle mear to sizzen is as hwat hjir boppe middels in pear sitaten al sein is. En dêrút komt Akkerman nei foaren as in skriuwer mei tige biheinde mooglikheden; hy kiest as ûnderwerp foar syn wurk meastal it type minsk sa't dat yn de Romantyk as ideaelbyld sjoen waerd; syn forhalen en romans ha meastal in nochal kristlike ûndertoan, syn wurk is gauris to situearjen yn boereformiddens: koart sein: Akkerman kin neamd wurde ien fan de skriuwers fan kristlike streekromans, sa't dy der yn de hollânsktalige literatuer by tsientallen binne en sa't dy yn de frysktalige literatuer ek nochal ris foarkomme. Nou is der fansels op it fenomeen streekroman/boereroman neat tsjin: dat soarte fan boeken wurdt lêzen en men kin gjin minske it rjocht ûntsizze it lêzen en skriuwen fan dat soarte fan boeken in aerdich tiidfordriuw to finen. Mar dat bitsjut fansels noch net dat in skriuwer as Akkerman yn 'e bineaming komme moatte soe foar de Gysbert Japicxpriis. Foar myn gefoel hat Akkerman sahwat likefolle rjocht op dy priis as de skriuwster fan de