Oan de abonné's fan Trotwaer,
Yn oansluting op de redaksionele meidieling yn nûmer 3/4 fan dizze jiergong, diele wy jimme mei dat jier noch twa nûmers fan Trotwaer forskine sille.
It kommende nûmer is in bisûndere útjefte dy't yn tekst en byld wijd wêze sil oan de Drachtster bruorren Rinsema en har kontakten - om 1923 hinne - mei de Dadaïst Kurt Schwitters en mei Theo en Nelly fan Doesburg. Dit nûmer sil in oanfulling foarmje op de katalogus fan de tentoanstelling ‘Dada in Drachten’ dy't op 19 novimber o.s. yn Frjentsjer iepene wurdt. It Trotwaernûmer sil op deselde datum forskine.
It sechsde en lêste nûmer fan dizze jiergong komt ein désimber út.
de útjowers