Meidieling fan de redaksje
Yn forbân mei syn bineaming oan it Mayo yn Skagen (N.H.) hat Josse de Haan mei yngong fan 1 oktober bitanke as redaksjelid. Farwol Josse! Haw tank! Forjit ús net!
Wy lêze út de ljouwerter krante fan 7 augustus 1971:
‘...Efter de skermen hat er in heap wurk forset en dêrfoar neffens fryske tradysje mear krityk as wurdearring krigen. Hy sil ek, neffens âld-fryske tradysje, priizge wurde sadré't er de ôfslútdyk oer is. Sa giet dat hjir.’
Amen. Net gûle Josse jong, de kop der foar, hear.
Oene Spoelstra en Bartle Laverman hawwe ûnderwilens de redaksje oanfold.
de redaksje