nei, fuotleasten op it strân, mar soest eins nea weromkomme moatte. Eins soest fan dyn libben ien lange tocht meitsje moatte en nea weromkeare nei hwerst earder west hast. It griist dy oan, de bank dy't der doe net wie - in miste kâns? - dêr't nou in bank stiet, dêr't nou in pearke sit. Kinst net sizze: gadfordarry, soademiterje op. Kinst net iens sizze, kinst neat sizze, kearst de holle ôf, sjochst de fjilden oer dyst doe mei har seachst. Der barde neat - in miste kâns? Net iens, hwant hwa't ûnripe apels plukt en yt, brekt it letter sûr op. Seist: ik wachtsje op dy, en ast ryp bist en dy falle litst, dan falst yn myn hannen. Mar ik hâld hielendal net fan apels, tink ik ynienen, de apels dy't ik nou en dan keapje, lit ik meast forrotsje. Ik hie eins sizze moatten: ik wol dyn hier om foar myn eagen to hingjen, ik wol dyn boarsten om treast by to finen, ik wol dyn wiete lippen om hertstochtlik to wêzen, ik wol dyn skonken om neist my to rinnen, mar net mear, hwant mear kin ik net oan, ik lit it rotsje. Ik wol dy as it fiskersskip dat foarbygyng en op syn toeter blies. Toeter? Nou ja, wit ik hwat ik wie, in rotgelûd as fan in walfisk dy't diaré hat. Mar hâldstou fan dy bigreatlike leave lytse rottoeterkes? Mar ik tocht op in stuit echt wier wy koene fordomd wol nei Doggersbank gean, en ik ha de angel net iens by my. Né, it net ek net. Dou witst wol: ik span gjin net. Ast komme wolst: graech, mar it tyldriftich geâldehoer kin ik net mear opbringe. Tjé, tocht ik, hwer bidarje wy, it boat lei skean foar de weagen en koertste it noardwesten yn. Wy stiene op it dek as cowboys mei de forneamde far-look yn ús eagen. Né deale, dat wie net foar de sjeu, wy eagen nei de kym om net dronken to wurden fan it giseljende efterskip - siet dat noch oan it foarskip fêst of hobbele it op eigen manneboet efter ús oan? De fuotten wiid
faninoar en de hannen yn 'e bûs hartstikke stoer, en elk foar oar tinke: tjé, hoe ret dy fint dat om stean to bliuwen, ik moat hyltyd stikum in foet forsette en mei myn fingerseinen yn 'e broeksbûsen it lykwicht biwarje. Ik bin bliid dat sij it stjûr hat, ik hie net tocht dat ik sa'n ein boppe myn téwetter wie. Mar hwer bistou nou, hwer is dyn lang hier, en hwer is myn dronkemansoermoed keard? It reade kring fan dy dêr't ik útknoffele bin en dat doe mei dy de rounwei op skeat. It lêste dat ik seach, en dat ik hyltyd wer seach, letter, doe't de kater kaem. Dyn fuortsnuorjen yn 'e nacht. Doe dine de ierde en letter it bêd, ik wie séslik, ik hie in bankskroef om myn harsens, mar ik mocht noch tankber wêze dat ik op bêd lei en net yn in foartúntsje. Der wie kop noch sturt oan to finen, alles meald trochinoar, en hyltyd dyn hier, dyn hier. Mar doe kriemde de boat, wy foelen yn flak wetter, froulju en bern kamen wer boppe, en wy foeren de haven yn. Mar dat is stom fansels, dou kinst fan it elysium dreame, mar moatst net in kaertsje keapje om derhinne to farren. Nim dan in kaertsje foar de bioskoop, dan witst datst forneukt wurdst. Ach elysium, ik hie noch gjin tsjen stap yn 'e bosk set doe hie ik de skuon fol sân. Op driuwsân stean, dat is noch hwat - jammerdearlik oan syn ein kommen - mar gewoan sân is rotsân. Tristan en konsorten kamen út op 'en minsten tolve wounen bliedend by har minnares, ik hie allinne mar smoarge poaten en in seare snút fan tofolle smoken. Knoffelst in lyts ûre troch de beammen yn 'e hoop dat skeanoer koarter is, mar fynst by tsjuster noait wer in útwei. Lit my dan forhongerje of forskuord wurde troch ien of oar préhistoarysk meunster dat yn dizze negoarij efterbleaun is de sandalen