| |
| |
| |
G. Buising/Forhael
Neffens my doogde it dochs al net en nou mei dit nije gebou is it hielendal neat mear wurdich. Wy hawwe as learar nou ienris in swier fak - en in rotfak - en nou't ik yn dit nije gebou sit (it hie om my net hoegd) komme der fiersten tofolle omballingen by. Nim nou bygelyks dy kantine. It sil wol moai wêze en it sil sa wol hearre, mar ik tink dat it in greate binde wurdt en boppedat it hoecht net. Hwat sille dy rotjonges nou yn'e goedichheit fan pantsjes to iten, mei in mes en in foarke en alles? Ik haw it op de gearkomsten fan de leararen ek wol sein, op de lytse gearkomsten dan, dat ik per pûr op tsjin wie, mar der waerd net op yngien, krekt lyk as altiten. As ik hwat siz, op de gong of sa, dan hearre se it net, of se prate deroerhinne. Ik haw it wolris hawn dat se my útgniisden, tominsten dat tocht ik en as ik der dan hwat fan sei, dan diene se alle war om it goed to meitsjen: it wie net wier, se laken om hiel hwat oars, om in mop of sa, en ik soe fuort sa mâl net. Mar ik wit it wol, se moatte my net; ik bin to krekt en to strang en ik easkje tofolle. Mar mei myn erfaring foar de klasse woe ik noch wolris ien sjen, dy't it oars dwaen soe as ik. Men moat der boppe op sitte, oars rinne se oer jin hinne. Se bigjinne oer de klas to roppen, se geane fan har plak ôf en goaije mei kryt of de spouns en mear fan dy grappen. Mar by my slagget dat net. Ik haw alles efter slot yn de kast en de kaei yn de bûse. As ik ris in ûre frij haw en der komt dan in oar yn myn lokael, dan klaget er der letter wolris oer, dat der neat to finen is, gjin kryt, gjin papier. Mar hwat haw ik der mei nedich? Lit elkenien mar foar himsels soargje, dan rêd ik wol mei mines.
Dêr is nou dat gedonder mei dy kantine. Se wolle hawwe, dat alle leararen om bar en twarisom in dei oerbliuwe om tolve ûre en dan tasicht hâlde yn dy
| |
| |
kantine, oars wurdt it in binde, sizze se, en dat moat útsoarte net. Jo moatte de jonges leare, hoe't se har yn sa'n kantine to hâlden en to dragen hawwe, der sit ek noch in pedagogyske kant oan, it heart, as it derop oankomt, by ús wurk. Se kinne my mear fortelle; ik bin net sa gek, dat ik dêr fan tolve ûre oant healwei twaën yn dy smoarge kantine stean gean by dy baltende jonges en hwat op in brochje omkôgje en dan jouns pas waerm ite. En boppedat, se kinne ek wolris bigjinne to skellen en fan ‘murd’ to roppen, dy kringen, dat dogge se wol faker. It soe de earste kear net wêze, dat se my útskelle. Dat hoech ik fansels net heal tsjin dy saneamde kollega's fan my to sizzen, dan soene se my mar wer útgnize en sizze, dat eltsenien yn dit fak in skelnamme hat en dat men dêrboppe stean moat. Mar ik haw it noch nea heard, dat der in oarenien útskeld waerd as ik.
Né, foar my gjin kantinetsjinst. Se hawwe in list mei nammen en datums opmakke, mar ik stean as reserve en dat is mar goed ek, hwant ik kom der nèt Der wie fan'e wike al ien, dy't sei dat ik ynfalle moast, om't der ien fan harren yn it sikehûs lei of sokssahwat, mar ik bin der net op yngongen, oars soe it ek noch mar op rûzje útdraeije.
Yn de fakânsje haw ik it net troffen. It wie fansels wol moai waer, dat wol, mar ik hie gedonder mei de auto. Yn Bolzano waerd er my ûntstellen, doe't ik in dei fuort wie to riden mei de húshâlding en der sa nedich oanstutsen wurde moast. Wy koene de jouns mar mei de bus werom nei de camping. Ik haw him wer krige, nei trije dagen foun de plysje him yn in lyts doarpke, in pear kilometer fan it plak, der't er stellen waerd, mar doe seach er der dan ek út as hie er yn de sleat sitten; dat blykte letter ek sa to wêzen, hwant hy woe net ienris oanslaen en de biklaeijing wie alhiel forinnewearre. Myn frou naem it - as altiten - fierstento licht op; se sei: ‘Wy moatte noch bliid wêze, dat wy net mei de bus nei hûs hoege’, mar ik wie pûr. Dat haw ik dy slome plysje ek wol goed merke litten. Praet my net fan dat Itaelje. Ien greate binde. En de forsekering bitellet fansels gjin sint werom: ik kin der sels foar opdraeije. Ik freegje my trouwens ôf hwat ik altiten mar wer yn dat gleone Itaelje doch. As it oan my lei gyng ik allinne fuort to fiskjen, of ik pielde hwat mei myn hinnen om, dat fyn ik moai. Mar de frou en fral ek dy beide fammen wolle erflik op de flitter (al hong it der fan't jier mei de âldste noch al hwat yn) dus heit bitellet mar en hy riidt mar. Men wurdt fan dy skoalle al deawurch en dan kin men jin yn de fakânsje ek noch yn it swit jeije en yn noeden en eangsten sitte, hoe't men wer weromkomt. Mar hawar, men is âldergeloks in wike of fiif, seis fan dat ‘murd’-gerop fan dy jonges ôf, en dat is al in hiel ding. In jiermannich forlyn wie it seis wike, mar it is ‘roostertechnisch’ de lêste jierren altiten krekt sa útkommen, dat it mar fiif mear binne. It is op in skoalle al krekt lyk as oeral: rekkenje kinne de hearen allinne mar nei harsels ta. Trouwens dy plysje dêrre yn Bolzano liet skine, dat de
kâns great wie, dat it stellen fan myn auto ek jongeswurk west hie; hy sei it wol net mei safolle wurden, mar hy hie it al oer joy-riding en dan wit men it ornaris wol. Praet my net fan jonges; ek net fan fammen trouwens; as it der op oankomt binne dy gjin hier better. Dy beide loeders, dy't ik sels haw, is ek net alles; of eins siz ik dat forkeard: se binne fan myn frou. Doe't ik har troude, hie sy dy
| |
| |
fammen; sie wiene doe fansels folle lytser as se nou binne en it wie, sa't it ek faek yn de adfortinsjes stiet: ‘ien of twa bern gjin biswier’. De lêste jierren giet it wol aerdich tusken myn wiif en my, mar eartiids moast ik wolris mei de fûst op de tafel slaen, foar't it kaem, sa't ik it hawwe woe en as it heech roun, kaem de fûst ek in inkeld kear op in oar plak tolânne as op de tafel. Mar stadichoan hat se dan dochs bigrepen, dat se nei alle gedachten nou noch yn de goatte lizze soe mei har bern, as ik har der yndertiid net úthelle hie. Wy binne nou sa fier hinne, wy sizze it measte mar net mear tsjininoar, wy rêdde ús sa ek en rûzje hawwe wy hast nea mear.
Mar dy forrekte fammen, dat is hwat oars. Fral dy âldste, sawntjin jier en op de kweek, woe earst net ienris mei nei Bolzano; se woe leaver mei in ‘vriend’ nei it eilân ta. It kring hie my net iens sein, dat se forkearing hie en boppedat hie ik har dat gedonder mei jonges noch forbean ek. Earst marris fan skoalle ôf dan prate wy wolris wer, sei ik doe. Mar ja, wol de hiele fakânsje wrokje fansels. It is jins eigen dochter - nou ja, eigen - mar men soe se ûnder de bealch wâdzje, sa fier is't hinne. Se moat my net my dy jonge op it hiem komme, dan doch ik it grif; dat haw ik har ek sein, doe't se ris in kear leaver sinnebaeije woe as mei de auto fuort, fan't simmer yn Bolzano. It waerd fansels wer trammelant De frou sei: Lit dat famke dochs, it is op't lêst gjin bern fan acht mear en mear fan dat praet mar ja, de rûzje wie der al wer.
De earste moarns nei de fakânsje wie it wol aerdich goed gongen, tominsten mei dy jonges Foar't wy oan it wurk moasten, hiene wy gearkomste yn de kantine. De baes rôp ús in wolkom ta, sa't dat dan neamd wurdt. En dan prate se meiïnoar oer de fakânsje en it waer en de pech en de kilometers, dy't se makke hawwe. It kin my it measte net skele, dus ik kom altiten mar hwat letter Om in ûre of tsien, as de kofje op is en de jonges deryn litten wurde, kin it ek noch wol. Se soene it fuortdaliks yn de kant sette, doe't ik mei de les bigoun. Mar de earste, dy't de mûle opdie, joech ik in reis foar de holle, dat doe leauden se it wol. Ik wol nou ienris gjin gerop en geraes oer de klas, ik wol it rêstich hawwe en as dat net yn goedens kin, dan huf ik deryn. Hoe't oaren dat hawwe, wit ik net en ik haw der ek neat mei nedich: eltsenien hat syn eigen manear en ik haw mines; hwat der oer dat saneamde oarderfraechstik sein of skreaun wurdt, is allegearre geouwehoer, men keapet der yn de praktyk neat foar; gjin praetsjes en grapkes, oanpakke en op syn tiid in foarbyld stelle, dat is hwat ik derfan fyn.
Dêr hawwe jo nou wer sahwat: de direksje stiet net efter de leararen op dit punt. Hoe faek men ek mei in jonge by de direksje komt, se lulle har der erflik út, tominsten dat bisiikje se. De direkteur hoecht men alhiel net hinne to gean, dy is dochs altiten fuort, nei den Haech, of nei bisprekkingen of hy ûntfangt lju. Mar dy adjunkten, dy witte dochs wol better, soe men tinke; dy binne op't lêst út it personiel bineamd. Mar ja, dy mannen hawwe der ek mear bilang by om nei boppen ta in goed figuer to slaen as nei ûnderen, hwant dan wurdt har kâns op in direkteursbaentsje folle greater. Se beare dan mar wakker oer it ûnderwiis en it bilang fan de jonges, mar promoasje, dat binne de boer syn guozzen.
En as men dan by harren komt mei in jonge, dy't mei kryt smiten hat of
| |
| |
soksahwat, dan wurdt earst sa'n aep de doar útpraet - as er syn eksús oanbean hat, is er der alwer ôf - en dan paeije se noch in skoft mei jin om, dat jo sa mâl net moatte en dat jo dochs net om'e nocht peda hawn hawwe en dan kin men mar wer gean. Mar my hinget it sa stadichoan de kiel út, dan moat ik it fuortoan sels mar regelje.
Krekt foar de fakânsje hie ik noch in kear heibel. De klas, dy't ik op in stuit hawwe moast, wie op ekskursy, dat ik hie in ûre frij, tocht ik. It wie tafallich it earste ûre, dus ik koe moarns noch efkes it fjild yn, by myn twa lammen sjen. Mar de bidoeling wie, ik soe ynfalle foar ien, dy't siik wie of sa, dus se skillen my op, oft ik daelks mar op skoalle komme woe. Myn wiif sei dat ik der net wie, dus it waerd neat. Doe't ik in ûre letter op skoalle kaem, stie ien fan de adjunkten foar de klasse.
It wie in stel smearlappen, dat hie ik daelks foar't forstân, dat ik wie moai bliid, dat ik net earder kommen wie. Mar dy adjunkt sei dat, al wie myn eigen klas op in stuit net bywêzich, ik like goed op ûre en tiid forwachte waerd, hwant neffens it roaster hie ik gjin frij, wier of net? It hie him noch wol oplost, mar nou hie er der sels in ûre foar stien en ûnder sieten lju op him to wachtsjen, dat it kaem mynhear al wakker ûngelegen. Ik frege him, hwat wichtiger wie, de jonges of de lju ûnder en hy sei, dat it wichtichste wie, dat eltsenien op skoalle syn plicht forstie, om't men oars foar de jonges oer ek gjin rjocht fan praten hie. Ik woe gjin spul, dus ik hâldde my stil, mar ynwindich sear ik. Letter, yn it skoft om in ûre of tsien, bigounen dy saneamde kollega's fan my der ek oer. Ik sei, dat de adjunkt der gjin spier minder fan waerd, as er nochris in ûre foar de klasse stie en dat ik der fierders gjin praet fan hawwe woe. Ien grommele noch hwat dat se it bistjûr opskilje soene of dat al dien hiene. Ik gyng der net op yn, mar it mealde my de hiele dei yn de holle om. As it wier wie, koe der noch wolris dalje op komme en dêr haw ik it útsoarte net op stean. Ik haw mar neat tsjin myn wiif sein, oars hie dy ek mar wer hwat to lêbjen hawn.
Ik mei graech hwat buorkje. It forbrekt de sleur fan de dagen hwat en boppedat komt men ek nochris bûtendoar en yn it fjild en foar lju yn dat fak fan my is dat in ding fan bilang. As men de hiele dei tusken dy knapen ynsit en men komt thús en fynt dêr oars neat as in wrokjend wiif en twa bretale fammen, dan blykt âlde Gysbert syn praetsje sa gek noch net to wêzen, al leau ik net dat hy it krekt sa bidoeld hat as ik it opfetsje.
Ik slach hwat yn de hinnen om, ik haw in houn en twa lammen. Dy rinne yn in stik greide fan de man, der't ik se fan kocht haw. Ik haw alle jierren in pear lammen, en ik forkeapje se meastentiid by't hjerst wer. Ik bin yn de lokkige omstannichheit, dat ik soks dwaen kin: in frijsteand hûs mei aerdich romte deromhinne, yn de stêd en bûten de stêd, om sa mar to sizzen. It hat wol djûr west, stomme djûr mar it is foar in great part bitelle mei it erfskip fan de frou har kant. Doe't dat loskaem, nei de oarloch, is it pas goed wurden mei de sinteboel, alteast yn myn gefal. Foar en yn de oarloch wie it neat wurdich. Ik bin út in húshâlding mei acht bern, it wie allegearre earmoed en ellinde. De âldelju lieten my leare allinne om't master sei, dat it skande wêze soe, as se it net diene, mar frije tiid wie der net by. As jonkje al moast ik fan alles dwaen:
| |
| |
út skoalle wei op de lytsere bêrn passe, om't mem oare drokten hie. Fan fjouwer oant seis ûre, as de lytseren op bêd moasten, stapte ik mei twa oan de hân om hûs hinne of troch de buorren, tominsten as it knap waer wie, oars siet ik mei harren yn de keamer. Myn wrok, om't ik net mei de jonges koe, kuolle ik op myn lytsere broerkes of suskes. Ik knypte of sloech se, as se net om lyk woene en dat die ik ek wolris, as se neat diene, hwant allinne, mei't se der wiene bitsjutten se in oanslach op myn frijheit. En ik hie der myn wille fan, as se fuortendaliks yn in hoekje fan de keamer of ûnder in stoel krûpten, as ik út skoalle kaem om op harren to passen. Ik die it ek wolris net, dan gong ik net nei hûs ta en strúnde yn de greiden om, wylst ik wist, dat ús mem net thús wie en dat de lytsen dus gjinien hiene om op harren to passen en dat se dan faeks wol binaud wêze soene, joech my in frjemd, bliid gefoel.
Mar ik flikte it net sa faek, hwant as ús mem it fornaem, dan sloech ús heit my en ik rekke sûnder iten op bêd. Foar it greatste part bin ik al dizze dingen forgetten, mar in inkeld kear op skoalle, as ik ris in jonge in feech jown haw, dan komme se my wer yn it sin en dan haw ik itselde frjemde, blide gefoel fan doedestiids Thús komt it my tsjintwurdich ek gauris oer, dat ik dit gefoel haw, binammen as de dames wer ris hwat to wrokjen hawwe. Ik merk it fuortdaliks, as de frou of dy fammen in min sin hawwe; dan hâld ik my stil ik siz ek gjin dach en ik fiel my blier to moede wurden. ‘Toe mar, wrokje mar’, tink ik dan en ik moat suver in bytsje laitsje.
Fan'e moarn moast ik my wer lilk meitsje. Ik wie hwat oan de lette kant, hwant ik moast foar de brêge wachtsje en doe't ik op skoalle kaem, gongen de jonges der krekt yn. Sadwaende kaem ik midden tusken de horde tolânne en as men dan net goed fan him ôfbyt wâdzje se jin súver fan de sokken. Dêr hawwe jo nou wer sahwat: Utsoarte moasten de learaers dochs net troch deselde doar hoege as dy jonges Mar de lytse doar is oan de foarkant fan it gebou en de jonges komme der efteryn, troch de greate doarren en dêr binne de fytsestallings ek, dus as men mei de fyts op skoalle komt, moat men hielendal omrinne nei foaren ta en dêrfoar wie it my al hwat to let en boppedat wie it pûrmin waer, dat ik woe der mar sa gau mooglik yn. Wylst ik my troch de greate garderobe hinne wraksele, hearde ik fan in oare kant ‘murd’ roppen. Ik woe der fuortdaliks hinne, mar it wie fierstento fol om der troch to kommen, dat it slagge my net en boppedat koe ik ek al net mear neigean, hwa't it dien hie, dus ik moast it op dat stuit oerjaen. Ik hie juster de namme opskreaun fan ien, dy't syn wurk net ôf hie en ik hie him strafwurk jown mei de opdracht it fan'e moarn yn to leverjen. Doe't ik boppe wie, wied er der noch net en in kertier letter ek net. Ik sette de knapen oan it wurk en gong der efteroan. Doe't ik him geweken nommen hie en weromkaem, hearde ik it gewelt al fan fierren. De measten wiene fan har plak ôf en stiene foar it boerd to roppen en oan to gean. Ik wie der mei twa, trije stappen en seach hwat har sa yn opskuor brocht: op de efterkant fan it boerd stie mei greate letters ‘MURD’. De jonges wiene al stil weiwurden nei harren plak ta. Ik hâldde my goed en frege, hwa't it dien hie. Der wie fansels net ien, dy't sa dryst wie om it to sizzen. Ik sei, dat in grapke dêroan ta wie, mar dat dy ûnearlikheit om it net to sizzen forkeard wie en dat dan byneed de hiele
| |
| |
klasse mar straft wurde moast. Der wie al ien, dy sei, dat gjinien fan harren it derop skreaun hie, mar dat it der al op stie, doe't hja it boerd omdraeiden om to sjen, oft der ek in skriftlike oerhearing op stie. Oft ik woe of net, ik moast it op dat stuit it oannimme. Ik koe wol út greate gatten bigjinne to blazen, mar as it wier wie en ik hie harren in ôfstraffing jown en se hiene dan har biklach dien by de adjunkt, dan koe der noch wolris gedonder fan komme. Mar ik naem my al foar, it der net by sitte to litten: it wie dy deis nou al de twade kear dat ik tsjin dat forflokte wurd oanroun en ik wie fêst fan doele, de boef, dy't my dit lapte, to pakken, allinne ik wist noch net hoe. De gedachte, dat er foar my stean soe to triljen op syn fuotten fan binaudens, joech my wer dat frjemde, blide gefoel. Né, ik soe him net slaen, ik soe - en dat bitsjutte op dizze skoalle noch altiten hwat - syn âldelju in brief stjûre en him in moanne lang al syn frije middeis by my weromkomme litte om sifersommen to meitsjen, safolle, dat syn fingers stiif stean soene fan it skriuwen; dan soe er it tonei wol litte en skriuw op it boerd; ik soe... ik wist ynienen net mear hwat ik soe, hwant it frjemde blide gefoel wâlle mei sa'n krêft yn my omheech, dat ik it hast net mear forwurkje koe en ik miende dat ik mei in fjûrreade holle foar de klasse stie.
Myn dochter moat trouwe; justerjoune kaem se der mei thús. Se hie dy feint fan har by har en se kamen der togearre yn. Hy sei it en hja siet der sûntsjes by to skriemen. De frou seach eangstich myn kant út. Se wie bang, dat ik it bern hwat dwaen soe, tink. Mar mei de hannen hoech ik it nou net mear to dwaen. Ik haw in oare manear om dy snotbongels to knoeijen: Ik frege har út oer it hoe en het. Se doarst it net fortelle, mar ik ferge har derop, om bysûnderheden op to bychtsjen. Ik frege it ek net oan dy suffert fan in jonge, mar oan it bern sels; ik brocht har mei myn fragen danich yn de forlegenheit, dat hie ik wol troch, mar dêrom die ik it ek; ik woe krekt witte - en se fortelde it my gûlenderwize - hoe faek of se togearre op bêd west hiene, hoe faek se it dien hiene, hwat se dan tsjin inoar seine, of se ek wolris middeltsjes brûkt hiene; ik frege har oft se by dy gelegenheden alle klean úthiene, of mar in part, afijn, ik frege alles; it bern waerd der alhiel oerstjûr fan en dy sûch fan in jonge ek; doe't ik alles heard hie, stjûrde ik har nei boppen en him nei hûs. De frou wie fan doel - dat seach ik - om der mei my oer to praten, mar dêr hie ik gjin sin oan, hwant dat soe it blide, frjemde gefoel, dat my dizkear de holle súver dwyl makke, wer to neate dwaen en dat woe ik net. Ik woe it biwarje, derfan genietsje en it koesterje, krekt lykas Cleopatra de slang oan har boarst. Ik wist nou ek foar de earste kear dit gefoel in namme to jaen: it wie it gefoel, in swiere striid woun to hawwen. Ynsté fan nei it eameljen fan myn frou to harkjen, gyng ik derút. Ik woe nei bûten. Ik stapte it hiem ôf en de dyk op, de buorren út. Ik gyng it fjild yn, nei myn lammen. It wie mistich en stil Ik fornaem neat. Fanwegen de mist wie it ek net hoar. Ik hearde allinne it lûd fan myn klompen op de stiennen. (Ik mei yn myn eigen
tiid graech op klompen rinne). Doe't ik troch de hikke gyng, hearde ik myn klompen ek net mear, allinne noch it hwat slobberjend lûd fan myn rinnen yn it trochwiete gêrs. De mist wie nou sa tsjûk, dat ik neat mear seach, mar ik foun it paed sûnder muoite, ik roun by de sleatswâl lâns. Ynienen seach ik
| |
| |
flak foar my hwat lizzen; ik gyng yn'e hoksen sitten: it wie ien fan myn beide lammen, ik seach it oan it blauwe krúske op de rêch; it wie dea: ik houn moast it de strôt útbiten hawwe. It moast der al in skoft sein hawwe, hwant it wie al stiif. Myn gefoel, in swiere striid woun to hawwen, wâlle frjemdernôch wer yn my op. Hoe gek ik oars ek mei bisten bin, diskear hie ik gjin bigreatsjen. Ik gyng oerein en skopte it deade bist de sleat yn. De oare skiep stiene in lyts eintsje fierder byinoar op. Ik gyng derhinne en socht myn twadde, laem út de keppel. Ik joech it in pear skoppen únder de bealch en woe it beetpakke, mar it bist woe it yn de kant sette. Ik skopte it nochris en sleepte it nei de sleatswâl. Dêr gyng ik der mei ien knibbel op sitten en sloech it mei ien fan myn klompen heal yn de sûs; doe liet ik it mei de kop yn de sleat sakje en hâldde it sa in skoft beet. Doe't ik it de sleat ynglydzje liet, wie it dea. Ik kaem oerein, stiif fan de hâlding, der't ik sa lang yn sitten hie. Myn broek wie trochwiet wurden, ik fielde it op myn skonken en ik hie kâlde fuotten en hannen krige. Myn rêch die my sear; ik fielde de wurgens yn my omheechlûken, doe't ik stadich wer by de sleatswâl lâns nei de hikke tagyng. De mist wie noch like tsjûk as niis. Doe't ik wer op de dyk wie en myn klompen op de stiennen hearde, hie ik oanstriid in wyld, smoarch liet to sjongen.
It iennichste, der't ik nou noch mei siet, wie it murd-probleem. Wie dit út de wei, dan soe ik alhiel boppe minsken en dingen stean. Dan soene myn oerwinningen folslein wêze, dan soe ik sels folslein minske wêze. Mar hoe? De klas der't er yn sitte moast, wist ik nou. Dat hie ik stadichoan útfoun. Nou moast ik de namme noch to witten komme, hwant ik wie fan doel, in dúdlik foarbyld to stellen: Wis, ik soe oan de âlden skriuwe, ik soe de dieder fan in moai skoft fan syn frije tiid birôvje, mar dat wie my net genôch. Ik woe him lyts hawwe, krekt sa lyts as myn dochter nou wie en it laem, doe't ik it mei de klomp slein hie. Hy soe bang foar my wêze en dêrtroch ek de oaren bang meitsje, dan soene dat geskel en dy skriuwerij út wêze, foargoed. Yn it hok, dat ik as garaezje brûk, biwarje ik in heap rommel en dêr foun ik op in middei yn it skoft in stik tou fan 5, 6 meter. Ik hie der sasear net om socht, mar doe't ik it lizzen seach, foel it my yn, dat ik it noch wolris brûke koe. Ik krige it fan de flier en troppe it yn myn tas dy't yn de auto stie. Ik woe it yn elts gefal by de hân hâlde. In deimannich letter hie ik de klas, dy't ik op it each hie. Ik hie se de lêste twa ûren foar tolven, dus ik koe hwat bigjinne. Al prakkesearjend kaem ik op in idé. Yn de greate stookkelder ûnder ut gebou wie in lyts keammerke, dat foar de stoker ornearre wie, mar dat nea brûkt waerd, om't in folautomatyske ynstallaesje it wurk docht. Wol steane der in taffelsje en in pear stuoltsjes yn en de doar kin op 't slot. Hjier soe ik myn trêdde greate striid útfjochtsje. Ik fornúvere my der al yn't foaren oer, hwant ik wist dat ik ek dizkear winne soe. Mei it skoft om tsien oer tsienen kamen se deryn; se wiene lûdroftich en dryst en hiene nearne euvelmoed yn. Ik bigoun mei it wurk. Ik wie oant sahwat healwei
tolven dwaende en doe sei ik tsjin ien fan harren - in bretalen hont - dat er eefkes mei my nei ûnderen moast. As er it sels net dien hie, krige ik him wol safier, dat er sei, hwa dan al. Yn de lift sei ik neat. Ik hie myn tas mei it tou by my. Der siet ek noch in stik
| |
| |
doek yn. De kaei fan it keammerke hie ik de moarns al bitiid by de congierge weihelje litten mei in smoesje. De jonge roun efter my oan it izerene trepke del. Hy sei neat. Hy like hwat wyt om de noas to wurden. Ik die de doar iepen en gyng deryn. De jonge kaem ek en ik die de doar ticht. Ik gyng oan ien kant oan it taffeltsje sitten en wiisde him de oare stoel oan. Ik sei: ‘Hwerom hast murd op it boerd skreaun?’ Hy sei dat er it net dien hie en bigoun to gûlen. Dat foel my ta en ik wie der bliid om. ‘Hwa hat it dan dien?’ frege ik. ‘Ik wit net’. Ik pakte ûnder it taffeltsje it tou út de tas en it stik doek en kaem oerien. Foar't er wist, hwat er deroan hie, hie ik him beet. Hy wie alhiel forslein. Ik treau him it stik doek yn de mûle en sloech it tou hurd in pear kear om him hinne, oant syn earms tsjin syn liif oansieten. Hy forsette him alhiel net, hy wie mei stommens slein, en deabinaud, dat seach ik wol en it wylde liet spile my wer troch de holle. Ik hope dat ik net read om de holle wurde soe, doe't ik tsjin him sei: ‘Om healwei twaën prate wy wol wer’. Ik biboun him alhiel yn it tou en lei him yn de hoeke fan it keammerke, sa fier mooglik fan de doar ôf. Doe seach ik op myn horloazje: it wie sâwn menuten foar tolven. It koe net better. Ik gyng wer nei boppen, joech de jonges har húswurk op en wachte oant it tolve ûre wie. De bel gyng en de binde stoude fuort. Ik gyng nei hûs en de motor fan de auto song it wylde smoarge liet
Ik sit oan de sleatswâl mei in angel yn it wetter. Se hawwe my thúsbrocht yn in auto. Se hawwe my earst nei in man tabrocht, dy't ik net koe. Dy hat my ûndersocht en my alderhande domme dingen frege; dingen, dêr't dy keardel neat mei nedich hie en ik haw dus ek neat fan bilang tsjin him sein. De adjunkt wie derby en noch in oarenien, dy't ik nea earder sjoen hie. Doe't wy by dy sénuwarts - hwant dat sil er wol west hawwe, al hie er in gewoan pak klean oan - yn de hûs kamen, is dat oare mantsje weiwurden en wylst ik mei dy dokter yn de sprekkeamer wie, siet de adjunkt yn de wachtkeamer. It duorre lokkich net sa lang en de adjunkt brocht my nei hûs. Hy praette efkes mei myn frou en doe gyng er fuort. Ik hie der gjin forlet fan om nei myn wiif har geëamel to harkjen en gyng nei it hok om dêr hwat om to skarreljen: ik hie it nou oan tiid. Ik wie tofreden. Ik haw woun. Ik haw it klearkrige; ik bin baes; ik bin nou baes oer alles; gjinien kin my mear hwat meitsje. As ik daelk in fisk fang, kin ik him deameitsje of him der wer ynsmite, krekt sa't it my yn it sin komt. Ik doch hwat ik wol. Foar my binne der gjin noarmen mear. Ik meitsje nou de noarmen sels: ik bín de noarm, de iennichste. Ik stean boppe alles. Ik bin de Uebermensch. Ik libje net mear as oare minsken, ik bin it doel fan it libben. Alles libbet foar my, de húshâlding, de jonges, de lammen, de fisken, de kikkerts, alles Dat ik net by steat wie libben fuort to bringen, is nou net mear fan bilang. Ik kin it libben knoeije en deroer hearskje en it forneatigje, dat is it bilangrykste. Ik kin nou alles en ik bin alles. Ik bin God en Boeddha en Christus en Mohammed en hoe't dy hiele binde fierders mar hjitte mei. Ik meitsje de earste fisk, dy't ik daelk fang, dea en de twadde smyt ik der wer yn, of krekt oarsom, dat sjoch ik dan wol. Ik helje myn mes út de bûse en liz it neist my klear.
|
|