it ljocht, muzyk, film, kleur. Mei de roman en it gedicht leit it oars. Is it boek ien kear fan'e parse, dan is dat it einprodukt fan'e skriuwer. Net alles hwat yn dramatyske foarm ta it publyk komt, komt foar de lêzer op papier en oarsom: alles hwat oan dramatyske literatuer yn boek as tiidskrift útkomt, kriget noch gjin stâl yn in opfiering. Twad: Salang't it toaniel bisjoen wurdt út'e hoeke fan'e literatuer wei, bliuwt de krityske skôging oer it toaniel in iensidige skôging en giet foarby oan de wiere essinsje fan théater. Skôgingen oer toaniel wurde gauris bidreaun troch minsken út'e literatuerhoeke. Jo krije dan kritiken dy't geane oer it psychologysk al as net forantwurde wêzen, it net goed rinnen fan de plot, as de ein fan it stik dat net to sterk is. It wêzen fan it théater, dat is it oerbringen fan emoasjes, komt meastal folslein net oan'e oarder.
Yn dit forbân soe men it boek fan J. Linschoten: ‘Idolen van de psycholoog’ ris lêze moatte. De skriuwer pleitet hjiryn foar in wittenskiplike psychology en it ûnderkennen fan de eigen foaroardielen, hwannear't it giet om it bioardieljen fan oaren. Hy makket ûnderskied tusken de wittenskiplike, objektivearjende psychology en de psychology fan de sensus communis, de psychology fan de leek sa't men wol.
De wittenskiplike psychology bisiket to kommen ta it sa objektyf mooglik konstatearjen fan'e feiten sa't dy dêr lizze. De psychology fan'e sensus communis sa't wy dy alle dagen bidriuwe, rêst op gewoanten en gedragingen dy't mien binne en sadwaende in noarm foarmje foar hwat wol as net goed as normael is. Ta de sensus communis hearre net yn't foarste plak de oardielen en útspraken sa't wy ús dy deis ûntgean litte oer it hâlden fan oaren, mar mear noch in mienskiplike basis fan gefoelens oer goed as net goed, yn'e romste bitsjutting.
As wy yn ús kritiken oer roman as toaniel prate oer:
‘It sit psychologysk goed yn elkoar’, dan wol dat sizze:
- De noarmen yn dit wurk kin ik neikomme.
- De ûntjowing fan'e figuren komt my as ‘natuerlik’ foar, ôfmetten neffens it noarmpatroan (ethysk sa wol as esthétysk) dat ik goed achtsje, as neffens de ûntjowing dy't ik foar mooglik hâld.
Hwat men hjir docht is neat mear as it útsprekken fan in weardeoardiel oer it hanneljen as it karakter fan de persoanen út it wurk. Men seit allinne: Ik kin der mei akkoard gean. Dit sprekt my oan. Dit ropt neat négatyfs by my op.
Hwannear't it giet om it bioardieljen fan in stik théater en men wol in krityske skôging jaen, dan sil men jinsels earst ôffreegje moatte: út hokker hoeke wei bisjoch ik it? Nim ik it stik sa't it op papier stiet as nim ik it sa't ik it yn'e seal sjoen haw. As kin it iene faeks net sûnder it oare? Der is neat op tsjin en jow in skôging as it stik allinne noch mar op papier stiet. Dat is ommers it wurk fan alle dramaturgen dy't in stik útsykje moatte. De fraech is dan net: jowe wy it stik in kans as net? De fraech dêr't it yn'e praktyk om draeit is: Slacht dit stik oan by ús publyk as net?
Mei dizze fraech komme wy by de yndieling yn auteursthéater en regisseursthéater. Under ‘auteursthéater’ forsteane wy it théater dat yn it foarste plak droegen wurdt, as wol foar it publyk oantreklik is, troch de namme fan'e