Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 15] [p. 15] Jelle de Jong/ Gedichten Astronaut de bern ha greate pûden oer de holle en in kistke op 'e rêch foarsichtich geande oer de moanne en sûnder folle wurden hja bin ik of dy't ik wêze woe in astronaut fûleindich sykjend nei in nije wrâld de poëzije as romtepak as pûde oer de holle as kistke op de rêch in soarte bear ûnhândich springend sûnder folle atmosfear [pagina 16] [p. 16] Oan B. en W. ien kear sille wy opstean: dy't it net rêdde koene de sûpers en de hoeren de doomny's en de minsken dy't net leare koene en de âlde wyfkes dy't allinne bidde kinne en pe-te-rus en paulus lazarus en magdalena in hiel folk dan trekke wy op nei't stêdhûs en wy geane op 'e setels sitten in tsjerke sil der net mear wêze: hiel de stêd wurdt tsjerke jim slimste dreamen komme út Frjemde peaske - - - en doe't de deaden yn har iepen kisten my har earmen rikten en ik wer yn dy oare wrâld wie dêr 't gjin wetten binne en gjin sûnden doe wiestou dêr wer - dyn liif dyn heupen en dyn ûnderguod dyn swit dyn hierren en dyn wurden - forrize út 'e dea en skriemend fear ik dyn skerte yn en wie wer bern en boarte mei de kraeltsjes fan dyn broek hast sûnder erch [pagina 17] [p. 17] Ek dizze dei ek dizze dei forlern de kâlde praetsjes by de trochbraek dy't net komme woe ek nou wurdt der ôfgryslik sûndig' yn 'e tsjerke: it rjochte wurd wurdt selden sprutsen Op karnaval bikeard doe't hja him tsjin de fuotten skopte hat hy har dochs mar yn 'e knibbels knypt it bin de lêste tiden yn ear en deugd is ek de duvel troud de hear is by de goddeleazen hjoed hwant tichteby leit nou de himel as in kafé: hy rint der samar yn en de kastlein is wûnderbliid dat dizze oer de drompel komt de ingels sjonge yn 'e juke-box en bûten yn 'e mist rinne de skiep forsutere Vorige Volgende