kenlik ûnformogen om de gefoelswrâld fan de persoanaezjes oer to dragen yn in suggestive réaksje op de aktuele sitewaesje.
Hwant der binne oansetten ta tragyk genôch. De passaezje b.g. (s.173 e.f.) dat Kroaneman him réalisearret dat er winlik út 'e saek set is troch soan Hette en foaral dy syn frou, en Hette him dochs wer rieplachtet, dat momint hie wier in hichtepunt wurde kind. Mar ek dy kâns giet forlern by gebrek oan djipte en útwurking. Kroaneman giet romleas ûnder in lyts, ûnbinullich middenstanderke út in forline tiid. Mar as de skriuwer him op dat stuit noch ôffreget: ‘Hwa soe útmeitsje, oft er woun of forlern hie’ (s.204), freget men jin ôf hwer't er dan in hiel boek lang op ta arbeide hat. Dêrmei bringt er syn lêzers op 'e doele. To faek slacht er as taskôger de bek der yn, hwer't er as skriuwer krekt it forhael syn gong gean litte moat, dêrfoar hat er sels de hân hawn yn de oarsprong dêrfan.
Dy passiviteit al dat wachtsjen en stinnen, dat om 'e hite brij hinne rinnen: ‘moarn mar werris sjen’; ‘mar ôfwachtsje’ ensfh. komme fiersto faek foar om yn de funksje dêrfan leauwe to kinnen. Lâns de persoanen hinne wurdt men nei de skriuwer forwiisd.
As it nypt, yn dy sitewaesjes dêr't men fan de lju in bislút forwachtet, in biwuste kar in yngripen yn it fêstroun bistean, lit de skriuwer it ôfwitte en lit er syn minsken slûpe: ‘oars moatte wy aenst mar op bêd’ (s.152).
Sa slút de sompe fan ûnwittendheit en ûnfrijheit him wer boppe de hollen fan Akkermans folk.
Hy slagget der faken net yn de webbe to spinnen, it komplot to smijen, de gedachten en yntinsjes krúse to litten. De dialooch bliuwt stykjen yn herhellingen, heechút wurdt der hwat meagere ynformaesje yn trochdien om it forhael fierder to dragen. Mar as ynstrumint om de yntellektuele en emosionele forbiningen ta stân to bringen, wurdt de dialooch amper brûkt.
Wadman skreau tweintich jier lyn yn Kritysk Konfoai nei oanlieding fan Akkerman syn It Freark Jabiks Folk oer it geheim en teffens de tragyk fan it fryske skriuwerskip: ‘it net boppe it nearzige, lytse fan eigen hûs en hiem útkomme kinnen. Tusken kammenet en jarrebak, sa soe men in great part fan de fryske skriuwerij yn in formule biflappe kinne. Greater deugd as it “krekt sa't it is” kin in skriuwer in lêzer net dwaen. En it sil wol sa wêze moatte’.
Sûnt liket der wol hwàt foroare, foaral yn in biwuster ûnderskied tusken forskate ‘literaire’ uteringswizen en pretinsjes (al hat it dêr by dizze gelegenheit wer in bytsje fan, nei't it liket). Mar foar Akkerman syn populariteit is dizze typearring altyd noch de forklearring, liket my ta.
En Van der Ploèg herhellet yn 1966 yn in bisprek fan Each om each nochris: ‘Mar ik skriuw hjir ek oer in boek dat likegoed fjirtich jier lyn skreaun wêze kind hie’. Sa is 't mei It roer út hannen wer.
Sjoch, by hwat fortsjinsten ek, mar dit is de réaksy bikroand. Net allinne literair, mar slimmer: ek sosiael, histoarysk en kultureel. It paternalisme, it taboe yn meartal de xenofoby, it defaitisme, de regionale en sosiale minderweardichheit wurde yn Akkerman syn negoasje as hjoeddeiske keapwaer oanpriizge. En dat rjochtfeardige in hommage mei alteast mear ûnderskied.