| |
| |
| |
[Nummer 7/8]
Tr. Riemersma/Gysbert op It Skiermuontseach
Paulus Akkerman: Foar de lins, forhalen, L.C. Ljouwert 1968 Dat sadwaende, Laverman Drachten 1969.
Wy wienen oars al moai hwat jierren ôf fan 'e aeklike needsaeklikheit om literair net to bêst wurk mei breed fortoan fan skriftekundich ynsjoch én út toloarstelling fuortkommende grimmitigens fia literair tydskrift, deiblêd en mokrofoan nei de dongbult to wizen. Soks hat wiswier needsaeklik wést. Doe't Schurer de skieding fan literatuer en biweging proklamearre, wie dêrmei ymplisyt de skieding fan literatuer en ‘lektuer’ (kitsch, bocht, nep, folksskriuwerij) oankundige. Dy skieding hat Wadman sines ta dien. Mar dat is in ôfsletten tydrek, dat leit godsijtank efter ús - hwant oars as sommige lju miene, it is helendal net leuk wurk om ien of oar prutsboekje yn 'e groun to wâdzjen, en men bedijt der oars neat mei as in kwea gewisse. It is folle better jins krityk to biheinen ta dat wurk hwerfan't men fornimme kin dat it literaire pretinsjes hat, en de rest, de gjin kwea yn 't sin hawwende folksskriuwerij blau-blau to litten. It bliuwt needsaeklik de pear skriuwers hwaens wurk pretinsjes hat op hakken en teannen nei to gean, en skieding to meitsjen tusken slagge en mislearre, tusken oprjochtheit en kitsch.
En dat gyng nou sa moai. Guon skriuwers hienen it al oerjown om har forhalen nei de Tsjerne/Trotwaer to stjûren, útjowers stjûrden lang net alles mear ta foar bisprek, en de redaksje bispriek allinne datjinge dêr't byt oan siet. Gjin ûnnoadich geskel, argewaesje en toloarstelling mear.
Mar dêr kent my de ien of oare jury de Gysbert-Japicxprijs foar proaza 1971 ta oan Akkerman op groun fan ûnder mear de twa hjir to bisprekken forhalebondels. Né, se binne noait bisprutsen: de útjowers ha se net tastjûrd en de doetiidske Trotwaerredaksje hat se net opfrege. Utjowers en redaksje hienen gelyk; it wurk fan Akkerman is gjin literatuer, hat ek net de pretinsje literatuer to wêzen - is gjin pseudo-kunst (kitsch) - en hoecht dêrom net yn in literair tydskrift bisprutsen of oan 'e kaek steld to wurden.
| |
| |
Mar ien of oare jury kent dé literaire priis fan Fryslân ta oan Akkerman, en biweart dus dat Akkerman literatuer is. Hjir soe men sizze moatte kunne: dy jury is gek, en fierder basta. Men soe as literaire unhappy few jin net drok meitsje moatte om hwat trije oaljekoeken plus njoggentich persint fan it Frysklêzende folk foar literatuer oansjogge. Lit dy minsken - ‘wy’ witte wol better.
Mar sa maklik en souverein kin it net. Hwant lit ús earlik wêze: gjinien is sa ûnwis fan it bisit ‘literatuer’ as krekt de literator, om't it bisit noch réalisearre wurde moat of him al ôfpakt is troch de fans (je kinne net sûnder fans mar je soenen se de harsens ynslaen bytiden...). Gjin folksgroep striidt sa bot oer de literatuer as krekt de literatoaren. Gjinien as de literator wit dat literatuer bidriuwe net is: boekjes meitsje, mar: fan jin ôfslaen om net ûnder fuotten roun to wurden. Literatuer is foar de literator de siken dêr't er nei gappet. Nim dêrfoaroer it konsumearjende folk, dat net oer literatuer striidt. om't it wis is fan syn saken: literatuer is hwat by de tradysje oanslút, net útwrydsk, healwiis geil of gek is; de konsumint dy't net oer literatuer striidt om't it foar him gjin libbensbilang is: hy konsumearret ‘literatuer’ as it puddinkje sneintomiddeis nei it sop en de jerappels mei blomkoal - boppe-sêd, net nedich, mar och, it heart der sa by en it wol der noch wol yn. Set se mar foarinoar oer: de literatoaren dy't skriuwe om harsels to bifêstigjen, om de meiminske ûnderstek to dwaen en om eardere literatuer - ek har eigen - to ûntkennen en to fornielen, om't it ‘folk’ it him al ta-eigene hat. En: de konsuminten dy't wer in boekje njonken de boekjes sette om de tradysje to bistindigjen, dy't har soun fiele by in rêstige skriuwer as Akkerman fan hwaens forhalen men op 'e heale sint ôf útrekkenje kin hwat der barre sil: hy docht syn dingen en bakt se brún.
De literator hat op dit stuit net wetich en souverein to glimkjen om it domme folk; dat domme folk hat de rollen omkeard en gniist de literatuer mei de literator ûnderstboppest. De literator kin op 'en heechsten protestearje, net dat er dêrmei hwat birikke sil, mar opdat er letter himsels net hoecht to forwiten dat er swijd hat. Dramatysk proaza, ja, mar hwat hjir bard is, is dan ek goed slim.
Mei disse bislissing fan disse jury, dy't de net-literatuer ta literatuer forheft en de literatuer fan hjoed oan kant reaget, wurde de proklamaesje fan Schurer en fiifentweintich jier krityske aktiviteit fan Tsjerne en Trotwaer ûngedien makke.
Hoe komme se yn fredesnamme oan disse jury? Ik wurd langer erchtinkend, mar is it faeks sa gien: Van der Mark-en-dy tochten: fjouwer jier lyn krigen wy gedonder troch in jury dy't alteast foar in treddepart forstân fan literatuer hie, dy't in boek bikroande dat omstriden wie, twa jier lyn krigen wy gedonder mei in jury bisteande út literair sjoen net sokke minne jonges - diskear bineame wy in jury dy't gjin mallemoer fan literatuer wit, alle kâns dat se in skriuwer útsykje dy't noait yn opspraek west hat en dêr't elkenien tofreden mei is? As it sa gien is, dan is de opset knap slagge. Der is gjin dalje op kommen, oars as fjouwer jier lyn, oars as twa jier lyn.
Gjin ynstjûrde stikken, gjin pseudo-Gysbertpriis. Jo Smit is sels bliid dat Akkerman de priis krigen hat. De Noasdrip, 1971, 2, 2: ‘Dêrom binne wy bliid
| |
| |
mei de bliden en geane ús hertlike lokwinsken út nei Paulus Akkerman dy't dit jier de Gysbert Japicxpriis kriget. Fan herten!’ Dat skriuwt de foarsitter fan it skriuwersboun. Is der nou ek noch ien fan jimme dy't it hert yn 'e bealich hat om net bliid to wèzen? Ja, ikke. Ik bin duvels.
Even earder hat Smit skreaun: ‘It soe al nuver wêze as wy ús as Boun ôfsidich hâlde koene fan de aktuéle stân fan de literator.’ Nou, ik soe sizze, it boun hat biwiisd dat it dat bêst kin, mar dat is net bilangryk. Jo Smit, dy kin him net ôfsidich hâlde, dy mei him net ôfsidich hâlde, hwant hy is in kundich man, wie er tominsten eartiids: ik haw in hele bulte fan him opstutsen. Ik soe fan Smit graech witte wolle oft hy de trije boekjes fan Akkerman in Gysbert-Japicxpriis wurdich achtet, steld dat der yn 'e ôfroune fjouwer jier oars neat skreaun wie. Mar om't dat wol it gefal is de twadde fraech: hoe tinkt Smit oer de literair-politike kant fan disse priistakenning, hwerby't fornijend en kwalitatyf ridlik goed proaza fan Piebenga en Wadman eftersteld wurdt by slim tradisjoneel en pretinsjeleas proaza?
My tinkt dat de antwurden op disse fragen bilangryk binne, en dat jo net sa snoad wêze moatte om literaire kritearia yn to wikseljen foar minsklike sympathyen, dat jo net bang wêze moatte om in freon to forliezen as jo miene dat de wierheit sein wurde moat en dat it lullich is om samar bliid to wêzen as in oar bliid is. Als Kees in de sloot springt, doe jij het zeker ook?
Jawis wy binne, sa't Smit seit, ‘ek forplichte om it fjild fan de minsklike relaesje earnstich to nimmen.’ Mar it is in heel fjild, en bihalven bliid mei de bliden soenen wy dan ek wol even toloarsteld mei de toloarstelden wêze kinne. Ik lês dêr net fan, by Smit. Mar it is dochs forhipte sneu foar Anne en Tjitte, en foar Hannah ek, en foar Hylkje, net to forjitten. 'k Hie Hannah bêst in nije jurk gund fan de sinten. Nou sil se dy fan forline jier noch wol in winter drage moatte. Sneu en spitich. Mar it wurdt wol in hele drokte om fan 'e iene nei de oare to draven en by dusse to laitsjen en by jinge to grinen. En it wurdt, tocht my, ek nochal in ridlik ûnoprjochte fortoaning.
Men kin oan dy dûbeldslachtige en ûnwisse hâlding ûntkomme as men it boek en de man prinsipieel skaet. Wurdearring foar it wurk en meifielen mei de man dy't sa ôfgryslik syn bêst docht, binnen twa dingen dy't noait in keat meiïnoar yn 't lyk to bringen binne. Mei fatsoen en meilijen, piëteit en minsklikheit kin men op it literaire fjild neat útrjochtsje. Dêr jilde literaire regels En oer dy regels mei striden wurde, dêr wurdt altyd oer striden, de tradysje fan 'e literatuer is dat er him tsjin 'e tradysje ôfset, der kin net striden wurde oer it feit dat it om literaire regels giet. Dy regels binne strang, en minsklikerwize sjoen is de literaire wrâld in hurde wrâld, mar dat wit elk fantofoaren, en nimmen wurdt optlêst twongen om forhaeltsjes to skriuwen, kritykjes to komponearjen of yn De Noasdrip of Trotwaer syn eigen wysheden to poepen. Dy't net oer it hurde klimaet kin, moat mar nei hûs gean en him treaste litte troch syn frou, of troch in oar syn frou, dy bigrypt him faeks better.
Ik sil tige eksplisyt wêze. It is wier dat Wadman alris earder in Gysbert-Japicxpriis woun hat, en minsklikerwize sjoen is it net fijn dat de iene dûbeld krijt en de oare neat, mar it falt net to ûntstriden dat De feestgongers
| |
| |
literaire kwaliteiten genôch hat om yn 'e bineaming to kommen foar de Gysbert-Japicxpriis. En inkeld dat telt.
It kin wier wêze dat Piebenga gjin proazaïst yn ieren en sinen is. Nei lêzing fan Retour juster en De rook fan mesjester liket er my gjin fakman to wêzen. Nammers, ek de roman It lyk wurdt oantaest is technysk net sa bêst, de komposysje rattelt, guon stikken geane de mist yn.
De bêste parten út dy roman binne net de frucht fan oerliz en bihearsking, mar fan wrok en forbittering, gefoelens dêr't men yn 'e maetskippij leaver net mei to keap rint. Dit boek hat der wêze wollen en it hat him skriuwe litten troch de hân fan Tjitte Piebenga. Mar it resultaet is Piebenga syn fortsjinste net. Dêrom hat Piebenga de Gysbert-Japicxpriis ek net fortsjinne, Mar it boek al, en inkeld dat telt.
It is fansels net leuk om as nommele jury, froed stedsbistjûr, trêftige deputearren en heechkulturele kultuerdragers yn it sneinze pak to Bolswert gear to kommen fanwegen sa'n rottich boek as dat fan Piebenga, it is earlik sein hwat pynlik. Ek foar de priiswinner; as ik foar sa'n boek de priis yn ûntfangst nimme moast, soe ik my bisopen fiele, en wierskynlik ek bisopen thúskomme.
Guon lju founen it destiids ek nochal pynlik dat it boek op in oanwiisbere werklikheit birêstte. Né, gjinien hat der oer skreaun - dêr wie it to pynlik ta! - mar ik haw it al fan inkelden heard. Piebenga sette inkelden to kyk, joech oaren in traep nei en spile sels de moaije jonge.
Disse minsken forsinne har, disse minsken witte net dat literatuer fiktyf is, dat wol sizze: net-identyk mei de werklikheit, net ôfhinklik fan de werklikheit. It boek is in selsstannige werklikheit.
As immen ha wol dat notaris Swart út Wolsum model stien hat foar de doarwarder Blau yn it boek dat Streekstra oer Wolsum skreaun hat - nou ja, hy neamt it yn it boek Netsum -, en dat soks in minne streek is, om't notaris Swart de hear Streekstra lang net sa min bihandele hat as ‘ik’ yn it boek skriuwt, en dat ‘ik’, dat wol sizze Streekstra, ek net sa'n blanke broeder is, dat wit sa'nien net hoe't er in literair wurk lêze moat. Sa'n man moat mar folders oer koelkasten lêze, hwant dy birêste yndied op in oanwiisbere werklikheit en binne der ôfhinklik fan. As der yn sa'n folder it iene of oare net kloppet - yn it aeirekje kinne mar seis aeijen docht bliken as jo de koelkast thúskrije, en yn 'e folder stie fan tolf - dan meije jo sizze dat dy folder forkeard is en dat se de boel bidonderje. Mar doch soks net mei in roman, test net in fiktyf literair wurk op syn ‘wierheitsgehalte’ troch it to forgelykjen mei de deistige réaliteit dêr't it in ôfspegeling fan liket to wêzen; fan Droogstoppels is gjin forlet.
As men it boek bisjocht yn syn forhâlding ta de auteur en ta de ien of oare tastân dêr't it troch ynspirearre is of wêze kinne soe, dan kin men, as men dat graech wol, eventueel fêststelle dat literatuerprodusearjen in fize beuzichheit is, dy't men nei bileaven bineame kin mei skelwurden út it hânboek foar seksuology: masturbaesje, ekshibisionisme, sado-masochisme en prostitúsje. Dit is allegearre wier: de skriuwer griemt mei syn dinkje om, hy lit dat dinkje graech oan oaren sjen, hy skopt om slein tu wurden dat er yn in nij boekje wer jammerje kin, en hy prostituearret yn syn boeken de minsken dy't him
| |
| |
nei binne.
Mar dat binne allegearre dingen dy't gjin rol spylje meije as it derom giet de literaire wearde fan in wurk fêst to stellen. Men moat it boek bioardielje, net de auteur, it skeppingsproses, de miskien oanwiisbere ûntsteansgrounen en de persoanlike bykomstichheden.
Hoe't disse jury to wurk gien is, wit ik net. Ik tink dat se net sa botte kloos riden hawwe, mar ik wit it net. Wy sille it ek wol noait to witten komme. It binne alle trije folslein ûnbikende figueren yn de literaire wrâld, fan har opfettingen is neat bikend, har mieningen oer literatuer hat noait ien hwat fan lêzen. Miskien is disse priistakenning har mienskiplike iennige literaire miskream en sinke se nou wer werom yn 'e ûnbikende massa.
Hwerom't deputearre steaten trije juryleden oansocht hawwe fan hwa't net bikend wie oft se ynsjoch yn literatuer hiene, wit ik net - of it moast wier wêze hwat ik hjirboppe ynsinuearre haw.
Hwerom't ‘de Fryske Akademy’ (hwa binne dat?) disse juryleden - hwerfan't net de wissichheit bistie dat se kompetint wienen - foardroegen hat, wit ik ek net.
Men bisaut jin, men freget jin ôf hwerom't dit sa om en ta gien is, men kriget gjin antwurd, en men skopt in hele bats iepen doaren iepen. Mar miskien stroffelt dêr sels gjinien oer. Miskien rinne de saneamde literatoaren en literatuerminnaers hjirre mei sa'n planke foar de kop, dat it neat útmakket oft jo tichte doarren tichtlitte of iepen doarren iepenskoppe.
Oké, dan bliuwt der neat oars oer as allinne foar jinsels even eksplisyt to meitsjen hwerom't neffens jins oardiel Akkermans wurk de Gysbert-Japicx-priis net fortsjinne hat.
De beide forhalebondels haw ik trochlêzen en der is neat fan hingjen bleaun, gjin scène dy't jin even treft, neat dat fierder komt as it netflues, neat dat yn 't fleis rekket. Mar ek neat dat jin nidich makket, gjin passaezje hwerfan't men sizze kin: hjir biduvelt Akkerman de boel. Akkerman syn wurk is gjin kitsch, it is gjin falske literatuer, it is gjin wurk dat syn pretinsjes net wiermeitsje kin. Dit wurk is hwat it wêze wol: it hat gjin pretinsjes, it wol neat wêze, en it is neat. Dit is folslein earlik wurk.
De tael is goed Frysk, sels dat jowt gjin argewaesje. Styl hat it wurk net. Gjin sin dy't derút springt. Gjin diksje. Ja fansels, in pear eigenaerdichheden as ‘útkerken’ en ‘onnoemlik’ binne wol oan to wizen. En as men de hele boel útslachtet en yn 'e kompjûter triuwt, komt der grif wol hwat út dat typearjend hite mei: foarkar foar net botte komplisearre sinbou, leafst oanienskeakele haedsintsjes of ‘ellyptyske’ sintsjes. Sokssahwat. Mar - in forsin dat wolris makke wurdt - de som fan alle eigenaerdichheden is net styl. Styl kin earst sprake fan wêze as de sinnen de fuotten ûnder it gat krije en steane to roppen of to spytgnizen, jin by de strôt pakke of jin foar de kop slagge - ik kin it allinne byldsprakich oantsjutte. Ik moat libje, der moat bloed troch streame, en it moat sykhelje. As de wurden yn de biskate oardering dy't wy sin neame oars neat dogge as fortelle hwat der stiet, dan is der gjin sprake fan styl. Styl is it resultaet fan de wrakseling fan de man mei syn matearje.
| |
| |
Akkerman wrakselet net. Ek net yn 'e passaezjes dêr't it derom spanne moast, dêr't gefoelens ta in útbarsting komme (moatte soene) of it forhael nei in hichtepunt rint (rinne moatte soe). Akkerman jowt dan yn sobere wurden in koart forslach, hy omsylt de konfrontaesje tusken himsels en de dingen dy't er oproppen hat. Hy giet de wrakseling út 'e wei. Dêrmei bihoedet er him foar útgliden, foar kitsch, mar hy mist sadwaende ek de kâns om skriuwer to wêzen. Akkerman is in opskriuwer fan forhaeltsjes dy't er optocht hat.
Dêrmei is it measte wol sein. Hwant hwer't it oer giet, de ûnderwerpen, de persoanen, de formiddens, dat telt net mei by de bioardieling fan it resultaet. It is wol wichtich; in skriuwer moat dy ûnderwerpen en karakters kieze dêr't er him it bêste oan útlibje kin. Mar dat útlibjen, dêr giet it om. It soe wêze kinne dat Akkerman ditsoarte persoanen, formiddens en foarfallen kiest om't er wit dat se de hele man en de hele persoanlikheit net freegje.
De bou fan 'e forhalen is min. Dat kin ek net oars, hwant it giet net om in biskaet yngripend barren, net om de spanning tusken in persoan en in ding. It giet net om de wize fan bistean fan in minske, it giet net om it bistean sels. As it earne om gyng, as der hwat op it spul stie, soe de skriuwer by himsels to riede gean moatte hoe't er it forhael konstruearje moast sa, dat ‘it probleem’ it bêste oerkaem. Mar it giet net om hwat sintraels, om hwat yngripends, en sadwaende is der neat dat spanning útstrielet en dat as in magneet de wurden en scênes nei him ta lûkt. De sinnen lizze as skieppekeuteltsjes neist inoar.
Ik nim der ien forhael út om it neijer to bisjen. It hyt Hannel (Dat sadwaende, 102):
(1) Op 'e Sweach gyng Doede Hankel út 'e tram.(2) Hy hie syn fyts by ‘De Klok’ yn 'e trochreed stean.(3) Dy koe er dêr weikrije, mar hy moast syn fatsoen hâlde.(4) Dêrom kocht er twa slokjes, minder koe it al net, mear hoegde net.
Om earlik to wêzen, dy Doede yntresearret my neat, net dat er út 'e tram kaem, likemin dat it op 'e Sweach barde. Moat ik earst fierder lêze? Mar hwerom sil ik fierder lêze as it my net yntresearret. My tinkt dat de earste sin de lêzer wach meitsje moat en nijsgjirrich. As dat net sa is, kin dy sin likegoed weilitten wurde.
Mar goed... Twadde sin. Ik bigryp dat Doede syn fyts ophelje sil. Mar ik nim oan dat it safier net komt, hwant as er deadgewoan syn fyts pakt, dan is der neat bysûnders to rêdden en hie dit likegoed net skreaun wurde kinnen.
Tredde sin. Nou bin 'k derôf. Hwat is ûnfatsoenlik om hwat to pakken? Dy trochreed? Dat sil sim gean. Dy fyts? It is dochs syn eigen, hwerom soe er dy net pakke meije?
Fjirde sin. O, wurdt dat bidoeld. Nim my net kwea, mar ik haw jierren myn fyts to Skearnegoutum yn 'e trochrreed set en my noait forplichte field om in slokje to keapjen. Bêst mooglik dat it op 'e Sweach al wizânsje is, net elke lêzer hat dat fuort troch. Nammers, dat hat Akkerman ek wol yn 'e rekken, oars hie er net eksplisyt skreaun dat Doede syn fatsoen hâlde moast, en dan hier er ek net skreaun dat it twa slokjes wêze moasten. Mei oare wurden: hoewol't Akkerman wit dat hwat er meidielt foar de lêzer nij is, skriuwt er in ûnbigryplike sin as: ‘Dy koe er der weikrije, mar hy moast syn fatsoen
| |
| |
hâlde.’ Hy hiet better skriuwe kinnen: Dy koe er der sûnder mear weikrije, mar dat foun er (dat jildde op 'e Sweach foar) ûnfatsoenlik.
(5) It wie dêr op dy lette neidei yn 'e moanne fan febrewaris wol útsûnderlik stil yn dy jachtweide.(6) De hospes sei dat de dagen moai wounen en men it al wer skoan sjen koe. (7) Hankel woe 't him gjin ligen hjitte, mar op dat stuit koe it 'm in bidroefd bytsje skele hoe lang as de dagen wêze woene, dat moasten se suver sels witte. (8) Hy hie wol hwat oars oan 'e kop. (9) Hy hie nei de hynstemerk yn Swol west. (10) Twa dagen ûnder wetter, dat wie dêr oan ta, mar de merk wie sa jammerdearlik ôffallen en dat wie aerdich minder.
Ik fyn dat dy konstatearring dat it stil is yn 'e jachtweide hwat let komt. Doede hie al twa slokjes kocht, ik nim oan: net tagelyk, mar earst ien, dy't er stadich oppriuwt - de earste smakket noait - en dan noch ien. En dan earst krijt er yn 'e rekken dat it stil is. Dat wol net oan.
Nammers, disse brede sin stiet hjir hwat frjemd, nei dy koarte ynliedende sintsjes. Winliken hie disse fyfde sin alsagoed de earste sin wêze kinnen: Men kin út disse fyfde sin opmeitsje hwer't en hwannear't it spilet, en men bigrypt dat der in ‘hy’ is, dy't stilte konstatearret, de haedpersoan. Dat er Doede Hankel hyt en mei de tram kommen is, kin letter, as dat perfoarst nedich is, meidield wurde. Dit hie in goede bigjinsin wêze kinnen. Mar goed.
Sechsde sin. Hwerom stiet it praet fan 'e hospes yn 'e yndirekte rede? Dêr wurdt it minder libben troch. Mar, it is wier, mooglik komt it aksint net to lizzen op it petear.
Sawnde sin. Dy makket sin seis goed. It is nammers op himsels in goede sin, der sit gong yn, en der blykt in stik argewaesje út, dy't, mei men oannimme (?), de kearn fan it forhael útmakket.
Sin acht is oerstallich; dat Doede wol hwat oars oan 'e kop hat, blykt al út de foargeande sin.
Sin njoggen wurdt tocht troch hwa? Troch de skriuwer, bin ik bang. Hwant dit is in eksplisite meidieling oan 'e lêzer, dy't net fan Doede ôfkomstich wêze kin. Doede, dy't foar himsels tinkt, fleane dingen troch de kop as: dy forrekte merk, of: gadfordarry, fljocht men dêr hinne en bedijt men noch neat.
Sin tsien is ek in meidieling fan 'e skriuwer. Doede kin fan himsels net tinke dat er twa dagen ûnder wetter west hat, hy wist duvelse goed hwer't er wie: hy wie foar saken op reis. Nammers, dat wit de skriuwer ek wol, mei men ûnderstelle. Lit ús sizze: de skriuwer fortolket hjirre de miening fan Doede syn doarpsgenoaten dy't net witte dat er foar saken fuort west hat, mar dy't him deagewoan in pear dagen mist hawwe. Wy hawwe dan yn sin 7, 9 en 10 trije forskillende points of view: Haedpersoan, skriuwer en doarp - wol hwat bitiizjend.
Mei trije fjûrskiters hie er oan it stek stien. Dravers, de fûnken ût 'e stiennen. Hynderkes om de pet foar ôf to nimmen. Arabieren gelyk, net oars, alles hie er der by opset en hwat hie er der foar krige? De strûp om 'e hals. Hannel, hwat oars. Mar sokke hannel koe hy net mear
| |
| |
forneare. Dy trije hege stappers hiene him goud oanbringe moatten, hy hie der ek sa fêst op tidige en Joukje hie er sward: ‘Ik kom út Swol werom mei in swiere ponge.’
Dit is allegearre útliz en herhelling fan sin sawn, en it bringt it forhael neat fierder. It is trouwens ek wer to ‘meidielderich’, de skriuwer stiet hjirre wer tusken syn haedpersoan en de lêzer om it allegearre even goed dúdlik mei hannen en fuotten út to lizzen. Nim in sin as: ‘Mar sokke hannel koe hy net mear fornearre’ - sa tinkt Doede net. En dan ‘Dy trije hege stappers’ - in omskriuwing dêr't Doede - tink oan syn argewaesje út sin sawn - op dit stuit net bysteat ta wêze kin.
Nou siet er hjir yn 'e Klok, de ponge koe er mar amper yn 'e wyn opsmite. Hie er better fuort nei hûs gean kind? Oan Wynjeterpsterhoek ta mei de tram? Mar hwa sjocht der nei út om mei sa'n boedskip by 't wiif to kommen? Dêrby, syn fyts stie hjir noch. Duerswâld wie ek net út 'e wrâld, by Poasen oer de de heide wie er ommers ek sa mar thús. Hy soe dy kant mar út, de deadske stilte yn dy smelle hege jachtweide fleach him ynienen oan.
Moai Frysk taeleigen, dy ponge yn 'e wyn, mar ik leau net dat Doede yn 'e stimming is foar boekjefrysk.
Dan dy opmerkingen oer doarpen dêr't er al of net lâns kin. It seit my neat. Wit ik hwer't Duerswâld etc. leit? Néné, Duerswâld yn it forhael is net identyk mei Duerswâld dat earne yn Fryslân leit. Mar op 'e titelpagina stiet dochs: Forhalen út 'e Wâlden? Kin neat skele, ek dat is in literaire meidieling. 't Kin bêst wêze dat de skriuwer mei Wâlden in doarp yn Pakistan bidoelt. Ik wit dus net hwat de haedpersoan mei Duerswâld etc. bidoelt. Dat is dêr oan ta. Mar hy eamelt der sûnder folle ynteresse oer, en dat is slimmer, hwant nou yntresearret it my ek net.
Dy konstatearring dat de fyts der noch stie fyn 'k stom. Dêr hie 'k al twa rigels earder oan tocht. Doede kin der sa gau net om tocht hawwe, dat is wier, mar dan hie Doede sokssahwat tocht as: Oja, dy fyts stie hjir ommers, kloat dat 'k bin. Mar disse konstatearring: ‘Dêrby, syn fyts stie hjir noch’ is net fan Doede, mar fan 'e skriuwer. It perspektyf is hjirre wer forkeard.
Dan krijt ynienen ‘de deadske stilte yn dy smelle hege jachtweide’ de skuld derfan dat Doede fuort wol. Dêr leau 'k neat fan. Hy woe al earder fuort. Nammers, dat hele kafé funksionearret net. Twaris wurdt De Klok neamt en twa kear is der sprake fan jachtweide, mar disse wurden krije gjin body. Hwerom stiet der net ris: De kastlein fage mei in snústerige lape de taffeltsjes ôf; of: Der kuijere in mich fan it jiskebakje nei de wiete ring dêr't Doede syn folle romer stien hie. Ik neam har hwat. Hwat Akkerman docht is buordtsjes pleatse en dêr letter nochris nei forwize: jawis, it spilet yn in kafé. Mar as ik it lês, dan hie it likegoed bûtendoar spylje kinnen, wylst Doede op 'e fyts siet. Hjirmei is dan dy kaféscène ôfroun. Der is neat bard, of leaver sein: it wie net in barren. Dit hie likegoed oerslein wurde kinnen. En sa giet dit troch, en sa binne alle forhalen. It doocht net, it is net trochtocht, it is net trochlibbe.
| |
| |
Twa opmerkingen wol ik noch meitsje, oer de hollen fan 'e lêzers hinne nei dy stomme jury.
Oft de forhalen al of net yn 'e Wâlden spylje, al of net it libben fan Wâldbiwenners fan safolle jier lyn goed werjowe, docht literair net ta de saek. Mocht it wier wêze dat Akkerman syn wurk in tige krekte ‘spegel fan folkslibben’ is, dan hat syn wurk kultuerhistoaryske wearde of antropologyske wearde. Mar literaire wearde kriget in wurk pas as de minsken yn de wrâld fan it boek ta libbene minsken wurde.
Oft in skriuwer in bats taeleigen brûkt, hele moaije útdrukkingen troch syn proaza frisselt, is literair net fan bilang. Literair sjoen is it bilangryk oft de tael de sitewaesjes, de gefoelens, de karakters goed werjowt. De tael fan in literair wurk moat men bioardielje nét troch it wurdboek of it learboek foar taeleigen der njonken to lizzen, mar de tael fan in literair wurk moat men bioardielje fanút it wurk sels wei: yn hoefier en hoe goed komme troch dit taelgebrûk de minske en de sitewaesje foar my to stean.
|
|