Wiene de ‘Trije fan God’ (by definysje, of 20 jier lyn skreaun?) noch stiif sabeare rymjend (it tredde fers ha'k wyslik mar oerslein), de trije teksten fan ‘Trije-dûk’ misse de rymtwang folslein. Yn it fers ‘Blauwe diaken’ giet Afke (13) fan It Hearrenfean oer Utert nei Rotterdam. De kondukteur (diaken) helpt har oerstappen yn Utert. In echte Diaken. By't lêzen fan dit berneforhaeltsje skeat my it forhael fan Jelle Boksum yn't sin, dy't ek troch de kondukteur holpen wurde soe, mar yn Jellum/Boksum (forkeard) útstapte omt er miende dat syn namme ôfroppen waerd op dat stasjon. Oene Bult hat it forhael nea heard, hwant oars hie er it brûkt yn de ‘Blauwe diaken’. Gedichten hawwe meast mear mei humor to krijen as men tinkt.
Foardat hy mei in trijesprong eindigt, hat de dichter der ‘Samar’ noch hwat tusken ôfprintsje litten:
net wol brânne:... (ja, ja, ja).
Dêrnei komt it fers ‘Swalkstiennenmannen’, it neffens my iennichste nijsgjirrige en akseptabele fers fan de syklus. It greate biswier is ek hjir wer it forskriklike gelul om'e feiten en yntinsjes hinne. Fan de 62 rigels hiene in stikmannich genôch west:
/it fiskersdoarp Veders/ in greate swalkstien/ mei inkeld syn namme/ KAJ MUNK/ it heidedoarp Boelensleane/ mei krekt sa'n swalkstien/ DURK M. VAN DER SLUIS/
Inkeld dizze 7 rigels hiene neffens my genôch sein. Geëamel oer opstanning, bruorren, herkennen en soksahwat binne net mear relefant yn de kontekst. Poézij is tichtmeitsjen, de tael sa brûke dat der mear sein wurdt as der (soms) stiet, en net lykas by Bult, mear stiet, as der (neat) sein wurdt.
Yn't koart sein, ik haw bettere sinteklaesfersen lêzen as dizze, dy't de pretinsje hawwe út to stigen boppe de rymstikjes op brulloften en bigraffenissen. De sjarlatannerij met kwasy-symboalen (wittenskiplike bigripen en ynhâlden) en de forneukerij tsjinoer de poézij kinne je nei it lêste fers net mear om hinne. Utsein it fers ‘Swalkstiennenmannen’ - en dan ek noch allinne hwat de yntinsje oanbilanget - binne alle teksten breklike foarbylden fan in misfoarme tinkwrâld, breklik omt de tael foar 99% forkrêfte wurdt. It is net allinne tryst dat der gjin poézij ûntstien is, mar ek it feit dat de man de tael net brûke kin, kwalifisearret de bondel ta sjit...
In gefal fan kleare taelûnmacht. Mei de skriuwer sels soe'k sizze, bliuw mar yn dyn fleanmasjine, en nim earst mar ris hwat ôfstân: