in krús oer harren hollen en by Anna ek op har skurte.
De buorfrou kloppe op'e bûtendoar. Hja sei, de klean dy't hja bisocht hie to waskjen, wiene ta de rotsefotsen út.
- Smyt alles mar fuort, sei de man, ek dizze klean fan it bern en har skuon. De plunjesek is noch goed.
Hy die de foardoar ticht, klaeide him by it ljocht fan it hurdtsté út en joech him yn it oare bedsté del.
Anna seach nei it flakkerjend ljocht op'e muorren. Hja tocht djip nei, mar wist net hweroer. Hja suchte en foel yn'e sliep. Har liif beweegde. Maria sliepte mei de mûle heal iepen, stiif tsjin har mem oan; hja like tofreden. Har hollen hienen de swietrook fan huning.
Doe't der omtrint in wike om wie, frege Anna oan'e man:
- Wolst witte hwer't ik wei kom, hwa't ik bin en hwat ik dwaen sil?
- Né, sei de man. Dou komst út'e búk fan dyn mem, ik sjoch hwa'st bist, ik neam dy by de namme, en dou silst in bern krije. Bliuw fan't winter hjirre, dat is better foar dy en de beide bern.
- Wy wolle hjir graech bliuwe, sei Anna. Hwerom wolst neat oer it forline witte?
- Juster is net wichtich, andere de man. Ik sjoch it hjoed. De rêst is lêst. Hjoed en moarn telle, oaremoarn amper, juster alhiel net. Hy roun de doar út en gyng oan't wurk. Anna stie deastil. Maria wie by de geiten; de houn knypeage nei har.
De jouns kaem Anna fan't bedsté ôf. De moanne skynde yn'e keamer. Neaken kaem hja foar it oare bedsté.
- Ik wol dy hwat sizze, sei hja tsjin de man.
- Dou wurdst kâld, antwurde hy en sloech it tek op. Hja klom yn'e bedsté en krûpte stiif tsjin him oan. Hja omfetten elkaor en hy gyng ta har yn.
- Ik wol net mear fuort, sei Anna.
Maria waerd wekker, miste har mem en rôp.
- Dyn mem leit by my, sei de man. Hja hellet dy op, dan binne wy ticht by elkoar. Doe't Maria oan'e oare kant fan'e man lei, sei er tsjin har:
- Dyn mem wol hjir altijd bliuwe. Hja is myn frou wurden en dou myn leaflik famke.
- Dan bist dou ús heit, sei it bern.
- Ja, sei de man. Dan binne wy alle trije lokkich.
Hy tute syn leaflik famke en hja him.
- Mar der komt nòch in bern, sei hja.
- Ja, en noch wol méár, sei de man.
- Dy oare manlju foun ik net sa aerdich, sei Maria.
- Dy sille net ûnaerdich west ha, mar dyn mem woe se net as man foar har en as heit foar dy.
- Hoe wist hja datst dou hjir wennest? frege hja.
- Freegje it harsels, sei hy.
- Ik ha lang socht, sei Anna.
En doe foelen hja alle trije yn'e sliep.