Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 36]
| ||||||||||||||||||||||||||||
De Man.
Hy slûpt mear as minder. It is krekt as bûcht er him foar hwat. Faeks flechtet er foar immen. Nou en dan sjocht er achterom.
STIM
Hast har sjoen? MAN
Hm? Hwa? Ik?
Hy tinkt nei, syn gesicht forlûkt
STIM
Dou MAN
Ik? STIM
Dou witst wol. Ik ha't dy al faker sein. Dou witst wol.
De man spuit op'e groun. Hy sjocht machteleas.
| ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 37]
| ||||||||||||||||||||||||||||
STIM
Net nédich. Holle koel hâlde. Regels binne regels. MAN
Né. STIM
It systeem. Wet brekt wollen. MAN
Ik haw in frou sjoen. STIM
Ha'k dy dochs sein: neat nijs ûnder de sinne.
De man spuit op'e groun
STIM
Net nédich! Gean rjocht stean! Hâld dyn mûle ticht! Doch dyn eagen ticht! It is net nédich datst om dy hinne sjochtst! Twa froulju flije harren tsjin him oan en biwurkje him erotysk. Hy raest. De froulju binne fuort. De man draeit in tillefoannûmer. MAN
Kinne jo my sizze faeks. 1e FROU
Siz it mar. MAN
Kinne jo my sizze hwannear't in trein fuort giet? 1e FROU
Elk momint, mynhear. Hwannear't jo mar wolle. MAN
Nei elke bistimming? 1e FROU
Tiid, plak en doel binne net fan bilang. Jo kinne gean hwannear't jo wolle. Is't wier?
Stilte
MAN
Tanke. Mar ik bin hjir net botte bikend. Kinne jo my ek sizze hokker perron ik ha moat? 1e FROU
Alles stiet oanjown. Wy wurkje mei buorden fan forskillende kleur. Les earst dúdlik de ynstruksjes hwannear 't jo ynkomme. In goed bigjin is it heale wurk. Fierder wiist alles him fansels. MAN
Tanke. Tinke jo... dat ik de ynstruksjes wol bigripe kin? 1e FROU
Hwa't leard hat him yn syn omjowing to orientearjen, sil it séker net swier falle. Jo lêze hwat jo lêze. MAN
Ik bigryp jo net.
Warskôgingssinjalen klinke en rounom knippertje ljochten.
MAN
Kinne jo it my noch net ris útlizze? 1e FROU
De forbining wurdt forbrutsen. Ik ha mear tiid oan jo bistege dan tastien is. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 38]
| ||||||||||||||||||||||||||||
2e FROU
Kom fierder. Gean sitten. (sekretaresse)
MAN
Tanke. 2e FROU
Nûmer 35. MAN
Hoe lang moat ik wachtsje? 2e FROU
3 ûren. Jou birop?
De man sjocht har frjemd oan.
2e FROU
Leeftyd? MAN
Fiifentritich. 2e FROU
Troud as net troud? MAN
Troud... wol'k leauwe. 2e FROU
Tal bern? MAN
Trije... wol'k leauwe. 2e FROU
Oplieding?
De tillefoan giet.
2e FROU
Ja, hallo.
De frou harket.
2e FROU
Goed. Tanke. Jo kinne nei de wachtkeamer gean. MAN
Ik woe jo freegje... 2e FROU
Hwa folget? Hwa folget? Nûmer 36!
Yn it park. Simmer.
2e FROU
Goemiddei. 1e FROU
Goemoarn. 2e FROU
Mei'k sitten gean? 1e FROU
Gean sitten. Hoe let ha jo it? 2e FROU
Ik ha myn horloazje thús lizze litten. 1e FROU
Tinke jo dat it al middei is? 2e FROU
Ik ha hjoed myn frije dei. Dan rinne moanne en middei yn elkoar oer. 1e FROU
Jo seine: Goemiddei. 2e FROU
Faeks ha'k my forsind. 1e FROU
It is to hoopjen foar jo. 2e FROU
Hoe woene jo sizze? 1e FROU
Jo binne noch jong. 2e FROU
Hwat woene jo dêrmei sizze? 1e FROU
Jo moatte gebrûk meitsje fan de dei, safolle as jo kinne. Foar't jo âld binne. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 39]
| ||||||||||||||||||||||||||||
2e FROU
Hwannear is in minske âld? 1e FROU
Hwannear't er wachtet. 2e FROU
Jo binne ek noch jong. 1e FROU
Fiifentritich.
De 1e man komt tichteby.
MAN
Hawwe jim der ek biswier tsjin dat ik op dizze bank sitten gean? 2e FROU
Gean sitten. MAN
Tanke. Kreas waer hjoed. 1e FROU
Witte jo faeks ek hoe let it is? MAN
It muoit my, ik ha myn horloazje thús lizze litten. 1e FROU
Haw ik jou stim net earder heard? 2e FROU
Haw ik jo net earder met? MAN
Fan moetsjen wie gjin sprake. Jo ha my ûntwykt. Gean sitten. Nûmer 35. 1e FROU
Jo ha my net to wurd stien. MAN
Ik bigryp jo net goed. 1e FROU
Ik ha jo nei it krekte perron frege. MAN
Hoe soe'k jou dat ea sizze kinne. 1e FROU
Hwerom ha jo jou horloazje forgetten? Jo hearre de tiid to witten yn jou birop. MAN
Ik? Jo moatte in oaren foar ha. It is myn frije dei hjoed. 2e FROU
Minent ek. En jo, mefrou? 1e FROU
Ik? Ik siz altiid mar: salang't de dei der is is de nacht der net. Salang 't de simmer der is, is de winter der net. Dêrom sit ik hjir nou yn it park. Foardat it tsjuster is as winter. En letter siz ik dan: Hearst al dy fûgels, leafste? Soest in krekte omskriuwing jaen kinne fan hwat se dogge? En dan seit it bern, yn'e winter, yn it donker: In fûgel sit yn'e beammen. Soms fjlocht er fan'e iene beam nei de oare. Der binne fûgels fan forskillende kleur. Der binne manlike fûgels en froulike fûgels. Se bouwe in nêst. Soms wurde jonge fûgels berne. Dan siz ik: Tige goed.
Njonken de 1e frou sit in robotachtich wêzen
2e FROU
Is dat jou bern? 1e FROU
Forwachtsje jo in antwurd? MAN
Sommige fugels ha bisûndere eigenskippen. Bygelyks de ljurk. Hy sjongt hwannear't er wille hat. 2e FROU
In houn jankt hwannear't er bang is. 1e FROU
Jo meitsje in forsin. Jo sprekke in tael dy't op gjin inkele wierskynlikheit birêst. Bern? BERN
De ljurk is in sjongfûgel. Soms sjongt er. In mooglike hypothese is, dat dit in réaksje is op in waersforoaring. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 40]
| ||||||||||||||||||||||||||||
1e FROU
Ho mar. Ha jo it heard? MAN
Is dit in bern, mefrou? 1e FROU
Myn eagen en earen is der neat fan bikend. Boppedat, ik haw him noch net lang. Om krekt to wêzen: trije wike. MAN
Ha jo him kocht? 1e FROU
It laboratorium foar experimentele genetica hat him my yn brûklien jown. 2e FROU
It liket in aerdich bern, allinne... 1e FROU
Siz it mar. 2e FROU
Hy... hy sjocht sa frjemd út syn eagen. It is krekt as sjocht er neat. 1e FROU
Dat docht er ek net. 2e FROU
Is er blyn, mefrou? 1e FROU
It docht der net ta. Hy kin him tige rêdde. Ik tink dat er mear sjongfûgels opneame kin as jim. MAN
Kin er skilje, mefrou? 1e FROU
Better as jo, mynhear. MAN
Wit hy dan net hoe let it is? Jo kinne it him freegje. As hat er hjoed ek syn frije dei faeks? 2e FROU
Kin er op in skriuwmasjine skriuwe? Minsken to wurd stean? MAN
Dat hoecht er net to kinnen. 2e FROU
Op myn kontrakt stiet yn kode: ûntfange en trochforwize fan minsken. 1e FROU
Yn prinsipe kin er alles. MAN
Lit him dan sizze hoe let it is. 1e FROU
Dat is net yn syn systeem opnommen. 2e FROU
Hy is gjin minske. Hy is gjin minske. 1e FROU
Nim my net kwea, binne jim it wol? Binne jim der folslein wis fan dat jim net út it laboratorium foar experimentele genetica komme? MAN
Ik ha noch in beppe. 2e FROU
Myn pake en beppe oan memme kant libje beide noch. 1e FROU
En dou, bern? BERN
Myn âlden libje beide noch. Myn mem hâldt in bulte fan my en myn heit net minder. 1e FROU
Jim hearre it. Jimme binne de forliezende partij! 2e FROU
Hwat dogge jo mei dat bern! It heart net by jou, mar by syn alden! 1e FROU
Ik bin syn mem. 2e FROU
En syn heit dan? 1e FROU
Jo binne tige yndiskreet.
(Tsjin'e man:) Wurdt it gjin tiid foar jo om nei hûs ta? Jou frou wachtet op jo mei it iten, ek op jou frije dei.
MAN
Jo ha gelyk. It is de heechste tiid. Goemiddei. 2e FROU
It is myn tiid ek. Ik moat fuort. 1e FROU
Witte jo dan hoe let it is? | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 41]
| ||||||||||||||||||||||||||||
2e FROU
Ik ha gjin idé. Ik tink fan op'e middei. 1e FROU
Hoe komme jo dêr by? 2e FROU
Mynhear hjir krekt... 1e FROU
Jo ha gelyk. Goemiddei. 2e FROU
Goejoun...faeks? 1e FROU
Goemiddei. De sinne is noch net ûnder. 2e FROU
It hinget fan'e tiid fan it jier ôf. Soms skynt er bitiid op'e middei en soms let op'e middei. 1e FROU
Dan is it let op'e middei. 2e FROU
Binne jo der wis fan dat er jouns nea skynt? 1e FROU
Ik ha it nea meimakke. 2e FROU
Derom is it noch wol mooglik. Jo kinne ek noch net alles meimakke ha op jou leeftiid. 1e FROU
Der is my neat frjemd. Dêrom sit ik hjir ek yn it park. Ik wachtsje op hwat bisûnders. Mar jo soene gelyk hawwe kinne. It is mooglik, dat my op in seker stuit hwat ûntgien is. 2e FROU
Tinke jo dat it nacht wêze koe? 1e FROU
Dat liket my folslein ûnmooglik. Mar hwat is ûnmooglik tsjinwurdich. Hark!
Elektroanyske muzyk klinkt yn e fierte
BERN
Ik harkje. 2e FROU
Hark. BERN
Muzyk. 2e FROU
Dan kin it ûnmooglik nacht wêze! Nachts is alles stil! 1e FROU
Eartiids. Nou net mear. De werklikheit is omkeard. 2e FROU
De omkearde werklikheit? BERN
It muzyk komt tichterby! 2e FROU
Litte wy fuortgean!
Burositewaesje
MAN
Hoe lang moat ik wachtsje? Trije ûren? Fannemoarn? Fannemiddei? Fannejoun? Fannacht? 2e FROU
Twa tellen asjebleaf. Ik ha nou gjin tiid. Komme jo nochris del, asjebleaf. MAN
Ik moat it jou nou sizze. It is tige wichtich. 2e FROU
In myn kontrakt stiet kodearre: ûntfange en trochforwize fan minsken. MAN
It moat nou. As it nacht is, is it to let. 1e FROU
Witte jo hokker wei wy gean moatte? MAN
Wy wurkje mei buorden fan forskillende kleur. Alles wiist him fansels. 1e FROU
Kinne jo my ek sizze... | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 42]
| ||||||||||||||||||||||||||||
MAN
Siz it mar. 1e FROU
Kinne jo my sizze hwannear't de dei oergiet yn nacht? MAN
Ik bigryp jo net goed. Witte jo hwêr't ik it fine kin, dan sil'k it foar jo opsykje. 1e FROU
It stiet nergens dudlik oanjown. Dat is krekt it probleem
Tillefoan giet. De man nimt op.
MAN
Even geduld. Ik forbyn jo troch. It spyt my tige mefrou, ik bin yn earsten biset. Goejoun. 1e FROU
Hwat sizze jo? 2e FROU
Mefrou? 1e FROU
Siz it mar. 2e FROU
Hwêr is mynhear bleaun? 1e FROU
Ha jo gjin idé? 2e FROU
Ik soe it net witte. 1e FROU
Tink ris goed nei. 2e FROU
Hoe docht men dat ek krekt? 1e FROU
Ha jo it net leard op skoalle? 2e FROU
Ik bin der net wis fan. Ik ha it nije ûnderwiissysteem net mear meimakke. 1e FROU
Hokker systeem bidoele jo? It erkend âlde systeem as it erkend nije systeem? As ha jo yn ien fan'e fiif experimentearsystemen sitten? As faeks yn twa experimentearsystemen tagelyk? 2e FROU
Ik wit it net mear. 1e FROU
Ik bigryp it. De forskillen wiene yndie lyts. Binne jo bikend mei de moderne logica? 2e FROU
Doch it ris foar? TEAM
A stiet ta A is B stiet ta B. 1e FROU
Wy wurkje it leafst mei abstrakjes. 2e FROU
Neam nochris hwat. Ik bigryp jo net goed. 1e FROU
Bygelyks: Jow de kontradiksje en sa mooglik in kontrast fan de folgjende sinnen: TEAM
Alle kommunisten binne skurken. Guon sneltreinen komme op tiid oan. Wurkjen op tiid makket ta wurkjen ré. Guon bargen kinne net fleane. Guon minsken binne net earlik mei harren ynkomstebilêsting. 't is in lange wei as der nea in bocht yn sit. Alle Ieren ite slakken. Gelike muontsen drage gelike kappen. Skientme is wierheit. Goede minsken hingje net oan genot.Ga naar voetnoot*) | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 43]
| ||||||||||||||||||||||||||||
1e FROU
Bigripe jo it? 2e FROU
Ik bigryp allinne de kode fan myn kontrakt. 1e FROU
Jildt foar jou kontrakt ek de yndeling fan Premisse - Redenering - Conclusy? 2e FROU
Hoe woene jo sizze? TEAM
2e FROU
It klinkt tige goed. Ik moat sizze, it klinkt my as muzyk yn'e earen. 1e FROU
Ha jo muzyk studearre? 2e FROU
Né. TEAM
Ooh. 2e FROU
Ik woe sizze... 1e FROU
Siz it mar. 2e FROU
Ik ha blokfluit spile. TEAM
Aha. 1e FROU
Tige goed. En ek piano faeks? 2e FROU
Né. Dat net. 1e FROU
Jo komme dochs út in goed gesin? 2e FROU
Dat wol. 1e FROU
En jo ha nea piano spile? 2e FROU
Né. Nea. TEAM
Wol slim. A-sosiael faeks. Hwa wit noch folle slimmer. 1e FROU
Blokfluitspylje is tige yn tsjinwurdich, mar: Kinne jo jou talen? 2e FROU
Yn myn buro leit in frjemde wurdenboek. Dat mei ik neislaen as ik it nédich haw. TEAM
Hwat is it forskil tusken: Ynduktyf en déduktyf
Kontradiktorysk en kontrair
zoölogysk en botanysk
2e FROU
Ik wit it net TEAM
It forskil tusken: In rjochte hoeke en in fjouwerkant
In trijehoek en in sirkel
In sirkel en in ellips
| ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 44]
| ||||||||||||||||||||||||||||
2e FROU
Ik wit it net! 1e FROU
Tink rêstich nei, foar't jo antwurd jowe. 2e FROU
Dat kin ik net! TEAM
Slim. Tige slim. Debyl. Faeks wol psychopatysk. Jawis. Dat yn elk gefal. 1e FROU
Hwat is jou birop? 2e FROU
Ik bin earste sekretaresse, reseptioniste en haed-assistente. 1e FROU
Ha jo nea oan in oar birop tocht? 2e FROU
Der binne in bulte mooglikheden tsjinwurdich. TEAM
Bou oan jou karrière. Staflid Gewoan heechlearaer - bûtengewoan heechlearaer, Energike meiwurker - kréative meiwurker, Ondersiker - konsulint, Pedagogysk assistinte 1e lieder - 2e lieder - 3e lieder Haedlieder faeks as Teamlieder - projektlieder Direkteur as mei - direkteur Toiletmefrou as garderôbemefrou Mar foar alles: mei ambysje Foar bûtentsjinst as binnentsjinst Oankommend as foardere Enthousiast en kréatyf Kréatyf en ynventyf Mar boppe alles DINAMYSK 2e FROU
Ik hie tocht... 1e FROU
Siz it mar. 2e FROU
Ik hie tocht... faeks...
Sjongt:
'k Zou wel graag
een koning willen wezen
'k Zou wel graag
een koning willen zijn
Al was het maar voor heel even
en misschien de allergrootste schijn
'k Zou zo graag voor heel even
een ander mens willen zijn.
Stilte. De 2e frou drukt op in knop. In grien lampke baernt. In bel giet. It team.
| ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 45]
| ||||||||||||||||||||||||||||
2e FROU
Kom fierder. Gean sitten. MAN
Tanke. 2e FROU
En... siz it mar. MAN
It falt my hwat swier om it út to drukken. 2e FROU
Fansels. Ik bigryp it. Sil ik jo helpe? MAN
As jo wolle. 2e FROU
Mar fansels. Dêrta is ús buro. Wy binne folslein eksperimenteel. MAN
Alles is mooglik, woene jo sizze? 2e FROU
Yndie. Siz it mar. MAN
Ik wit it net krekt. 2e FROU
Biseksueel, woene jo sizze? MAN
It kin wêze. 2e FROU
As jowe jo de foarkar oan hwat oars? MAN
Ik lit it oan jo oer. 2e FROU
It úteinlike bislút leit by josels. MAN
Dat kin ik net bioardielje. 2e FROU
Wolle jo dêr stean gean?
De teamleden fluitsje nei de man.
2e FROU
Gean mar. MAN
Hwat moat ik dwaen? TEAM
Toe mar. Toe mar. Sjoch ris. Toe mar. Sjoch ris. Wolst net? 2e FROU
Ho! Bigripe jo de bidoeling net? MAN
Ik lit it oan jo oer. 2e FROU
Wy binne folslein eksperimenteel. TEAM
Wy binne in rûmtinkend pear Wy sykje in earlike freon In sakeman 50er Ik ha in manlike ynstelling Tige goede minnaer mei eigen hûs Bist húsfeint faeks Nim dan in frijfochten echtpear Foar ynteressante petearen mei gefolgen faeks As oars... 2e FROU
Wolle jo erotyske brieven? MAN
Né, tanke. TEAM
Lieningen foto's - dia's | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 46]
| ||||||||||||||||||||||||||||
in elektrysk kondoom as in frou allinne faeks? MAN
Ik wit it net... Ik wit it net... 2e FROU
Wolle jo in proefpakket? MAN
Lit mar! 2e FROU
In nije freonekring opbouwe? TEAM
Nim ús. As ús. Ja gesellich Doch mei. MAN
Lit my los! 2e FROU
Konsintraesje asjebleaf! MAN
Ik soe de kar jaen oan... 2e FROU
De tranquilizer asjebleaf!
In teamlid set de man in apperaet mei elektroden op'e holle
MAN
Ik soe de kar jaen oan...
De man forsufket. Dan: Tige hinderlike ljocht en lûdprikkels. De man leit foar dea. It team stiet om him hinne, mei maskerachtige gesichten. Nei in skoft bigjinne de teamleden to mompelien, stadich oergeand yn razen.
TEAM
Genóch. Genôch. Sa kin't wol. San kin't wol. Net mear! Net mear! Ho! 2e FROU
Einde... nou!
Ljocht en lûden hâlde op. De frou rint foar de teamleden lâns.
2e FROU
Hwat hear ik? Hwa docht hjir syn mûle iepen? Herhaling asjebleaf!
It team bliuwt ûnbiweechlik stean.
2e FROU
Wy binne folslein eksperimenteel. En demokratysk. Herhaling asjebleaf!
De teamleden bliuwe ûnbiweechlik.
2e FROU
Hawwe jim my net forstien? Tanke. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 47]
| ||||||||||||||||||||||||||||
TEAM
Wy wolle net langer... It is net forantwurde... 2e FROU
Tanke. Ik ha jim forstien. Bring him yn ûntspanning.
Swiete muzyk klinkt en de man wurdt wreaun. Hy komt by, giet stean, sjocht frjemd om him hinne.
2e FROU
Wy binne folslein eksperimenteel. Wy kinne jo net helpe. TEAMLID
Nim my dan! TEAMLID
Help my, asjebleaf! 2e FROU
Komputerkaert, asjebleaf!
De man jowt har in kaert.
2e FROU
Hwa binne jo? MAN
It stiet op'e kaert. 2e FROU
Net jildich. Jou kaert fan it nije systeem. MAN
Dit is alles hwat ik ha. 2e FROU
Binne jo nimmen? MAN
Hwat sizze jo? TEAM
Gean fuort! MAN
Kinne jo my net helpe? 2e FROU
Bisykje it by in oar buro. TEAM
Gean fuort! MAN
Hwêr moat ik dan wêze? 2e FROU
Ik kin it jo net sizze. MAN
Kinne jo hjir de omkriten net? 2e FROU
Allinne bikend op eigen terrein. MAN
Tanke. Goemiddei.
Muzyk yn'e fierte
STIM
Hwa sikest? MAN
Hm? Hwa? Ik? STIM
Dou MAN
Ik? STIM
Dou witst it dochs wol. Ik haw it dy al faker sein. MAN
Né. STIM
It systeem. Regels binne regels. MAN
Ik haw in frou sjoen. STIM
Net nédich. Hearst dy muzyk?
Froulju streakje him erotysk.
| ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 48]
| ||||||||||||||||||||||||||||
MAN
Né! Lit my los!
It myzyk is opholden. De froulju binne fuort.
STIM
Dou silst der yn leauwe moatte. MAN
Mar hweryn dan? STIM
Ik haw it dy dochs sein. Doch dyn mûle net iepen. Eagen ticht. It is net nédich datst om dy hinne sjochst. MAN
Ik wit net hwêr 't ik hinne moat! Ik wit net hwa't ik bin! 1e FROU
Komme jo mar. MAN
Moat ik my útklaeije, dokter? 1e FROU
Hwat dogge jo sels it leafst? MAN
Faeks kin ik operearre wurde, dokter. 1e FROU
Hwat binne de klachten? MAN
Ik wit net hwa't ik bin, dokter. 1e FROU
Aha. Jou kaert asjebleaf. MAN
Ik... ik ha gjin. 1e FROU
Hwat sizze jo? MAN
Sizze jo my hwa't ik bin. Jo ha apperatuer ta jou biskikking. Jo kinne ûndersykje hwat jo wolle. 1e FROU
Haw ik jo net earder met? MAN
It wie myn frije dei. Hoe giet it mei it bern, mefrou? 1e FROU
It is dea, mynhear. MAN
Kjeld skipe yn it park faeks? 1e FROU
Net dat ik wit. Syn termyn wie ôfroun. MAN
Ha jo der fortriet fan hawn? 1e FROU
Ik... ik kin dat wurd net, mynhear. MAN
Net mear fan dizze tiid. 1e FROU
Sa't jo sizze. MAN
En jou kaert, mefrou?
Stilte.
MAN
Hwerom jowe jo gjin antwurd, dokter? 1e FROU
Jo kinne net wer better. Jo sille net lang mear libje, mynhear. MAN
Bihalven as jo my rêde.
Stilte.
1e FROU
Hwat my oangiet... MAN
Ha jo syn kaert noch? 1e FROU
It is net tastien. Oerbifolking, bigripe jo. MAN
Dan soe'k sizze kinne hwa'k wie. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 49]
| ||||||||||||||||||||||||||||
1e FROU
Wy binne dochs allegear nimmen, mynhear. Yn dit systeem. MAN
Jo binne tominsten noch in nûmer, mefrou. Jo wurde erkend. Ik bin neat en nimmen mear. Noch yn it erkend âlde systeem noch yn ien fan'e oergongssystemen. Ik bin nimmen mear mefrou! 1e FROU
Hwerom al dy emoasjes? MAN
Ik wol der ek by hearre. Mar ik wit de krekte ynstânsjes net. Tiid en plak kin ik net oersjen. Hwannear't de dei oergiet yn nacht, ik wit it net mear, dokter! 1e FROU
Ik... ik wit it eins...
in warskôgingssinjael giet.
STIM
Genôch. 1e FROU
Mynhear, faeks kinne wy... STIM
Genôch tiid bistege. 1e FROU
Yn it park faeks? STIM
Tanke. Hwa folget.
Park
1e FROU
Kreas waer hjoed. 2e FROU
Tige noflik.
Stilte.
1e FROU
Net folle minsken hjoed. 2e FROU
Sa't jo sizze. 1e FROU
Drok dwaende faeks. 2e FROU
Hwa sil't sizze. 1e FROU
Ja, hwa sil't sizze.
De man komt tichteby.
MAN
Goemiddei. Sil'k mar... 1e FROU
Gean sitten. MAN
Tanke.
De man sjocht hoeden nei de le frou
MAN
Kreas waer hjoed.
De oaren swije.
2e FROU
Haw ik jo net earder met? 1e FROU
Dat is hast net mooglik yn dit systeem. MAN
Sa't jo sizze. Dochs leau ik dat wy net helendal frjemd foar elkoar binne. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 50]
| ||||||||||||||||||||||||||||
1e FROU
Ik ha jo ek earder met. Hwa binne jo? MAN
Dat witte jo better as ik. 1e FROU
Kom mei. Dan sil'k it jo sizze.
Beide minsken sjogge nei de 2e frou
2e FROU
Wierskynlik net tastien. 1e FROU
Hwat sizze jo. 2e FROU
Bigripe jo my net? 1e FROU
Hwa binne jo, as ik freegje mei?
De 2e frou swijt.
2e FROU
Hwa binne jo, as ik freegje mei?
Stilte
2e FROU
Binne jo net dy frou mei dat bern? 1e FROU
Net mear. 2e FROU
Jo woene sizze... 1e FROU
Wy binne op syk nei ússels. Stean ús nou ta to gean. 2e FROU
Gearhokjen fan twa minsken is net tastien. Mar... ik soe meigean kinne. MAN
Jo hawwe dochs in identiteit? 2e FROU
Forlern. 1e FROU
Jo ek, mefrou? 2e FROU
Kinne jo my helpe, mynhear? 1e FROU
Kom! Gean mei my.
De man stiet tusken de beide froulju yn.
MAN
Wy soene op 'e nij bigjinne kinne faeks. 2e FROU
Litte wy hjir weigean. 1e FROU
Witte jo hokker trein wy ha moatte? 2e FROU
Ik wit net hoe let it is. 1e FROU
Der binne buorden fan forskillende kleur. MAN
Alles wiist him fansels. Faeks. 1e FROU
Litte wy diskant út gean. 2e FROU
Jo forsinne jo. Diskant is better. 1e FROU
Hokker kant tinkt jo, mynhear? MAN
Beide kanten liede nei it doel faeks. 1e FROU
Hokker kant geane jo nou? MAN
Hwa seit jo dát wy geane. 1e FROU
It slagget ús net, tinkt jo? 2e FROU
Ik wol by jo bliuwe, mynhear! | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 51]
| ||||||||||||||||||||||||||||
1e FROU
Lit my net allinne, asjebleaf! MAN
Ik soe... ik woe sa graech... TEAM
Kreas waer hjoed. 1e FROU
Sa't jo sizze. 2e FROU
Hwat wolle jim? TEAM
Kom mei, asjebleaf. Gearhokjen forbean. Tanke. 1e FROU
Wy hâlde fan elkoar! MAN
Wy ha elkoar foun. Faeks. 2e FROU
Wy binne fan doel om hjir wei. Gean jim mei. Unmooglik. Net tastien. Witte jim hoe let it is. Wol graech mei as it kin. STIM
Net tastien. TEAM
Net tastien. MAN
Wy geane. TEAM
Net tastien. Net tastien. STIM
Tranquilizer.
It team is spand. Se witte net hwat se dwaen sille. Dan wurdt de man pakt.
STIM
Tanke. Bring de tranquilizer oan.
De froulju hâlde de man beet. It team slút harren yn.
2e FROU
Net tastien! STIM
Bring de tranquilizer oan.
De froulju wurde pakt.
1e FROU
Lit ús gean! TEAM
Net tastien. 2e FROU
Fortel ùs hoe't it wêze sil. TEAM
Wy witte it net. Nea meimakke. It giet sa't it giet. STIM
Genôch tiid bistege. Pleatse nou.
De traquilizers wurde de trije minsken op'e hollen set.
MAN
Ik soe... ik woe... 1e FROU
Wy hâlde fan elkoar. | ||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 52]
| ||||||||||||||||||||||||||||
STIM
En... nou.
Lûden en ljochten. De man en de twa froulju sakje stadich yn elkoar. It team stoarret ûnbeweechlik foar him út.
TEAM
Genôch Net mear. Ophâlde nou. Ha jim heard. Tanke. Stopje... nou.
Lûden en ljochten halde op. Stilte.
Elektroanyske muzyk yn'e fierte. It komt stadich tichterby glydzjen. TEAM
Ik... Ik... Ik soe... Ik soe graech...
Sy harkje
Stilte
STIM
Net heard. Jim kinne gean. Tanke. |