Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
2.Sy rieden troch de strjitten
En swaeiden nei it folk,
Sy sieten yn in Cadillac,
Sy rieden op in wolk.
| |
3.En út in harkenieltsje
Dêr stiek in faem har liif
En út dat fanke stieken
De boarsten ryp en stiif.
| |
[pagina 19]
| |
4.‘Hela, dêr boppe,
Kin it faeks foar tsien?’
‘Né’, sei it fanke,
‘Ik kin it mar mei ien’.
| |
5.Doe sei de alderjongste:
‘As jim it dan net dogge...’
Hy sette op it fanke ta,
Doe wiene der noch njoggen.
| |
6.Njoggen wite mantsjes
Dy sieten yn de kroech
En swetsten der hwat hinne,
Har kielen waerden droech.
| |
[pagina 20]
| |
7.Mar ien fan harren swijde
En tocht oan 't âlderhûs,
Dêr't hy aenst wer soe libje
Mei heibel by de rûs.
| |
8.Doe gyng er bûtendoarren
Yn stjerbinaeide nacht,
Skeanbille dêrfandinne,
Doe wiene der noch acht.
| |
9.Acht wite mantsjes,
Dy kamen op in plein,
Dêr waerden demonstranten
Op hûd en harsens slein.
| |
[pagina 21]
| |
10.Ien sei: ‘Myn bêste jierren
Dy haw ik grif wol hawn,
Mar protestearje sil ik’,
Doe wiene der noch sawn.
| |
11.Sawn wite mantsjes
Dy gyngen nei de kaei
En seagen nei de loften,
Dy wiene as in laei.
| |
12.Ien fan harren rôp doe:
‘Ik gean it ségat yn!’
Hy klattere de lângong op
En spuide tsjin de wyn.
| |
[pagina 22]
| |
13.Sy joegen him in pûde
Tabak foar ûnderweis
En stoarren oer it wetter,
Doe wiene der noch seis.
| |
14.Seis wite mantsjes
Dy rounen troch in steech,
De goatten wiene smoarch,
De muorren wiene heech.
| |
15.Ien seach in negerinne,
Hy sei: ‘Dat wurdt myn wiif,
Se hat in moai brún feltsje’,
Doe wiene der noch fiif.
| |
[pagina 23]
| |
16.Fiif wite mantsjes
Dy kamen op it lân,
Dêr lei in hege bulte
Fan fyn opspuite sân.
| |
17.Hwat fierder makken keardels
In moai breed asfaltspoar,
Har bleate rêgen glommen,
Sy setten har to skoar.
| |
18.Ien sei: ‘Dat noasket my’,
En hy waerd wegenbouwer.
Hy smoarde yn it sân,
Doe wiene der noch fjouwer.
| |
[pagina 24]
| |
19.Fjouwer wite mantsjes
Dy gyngen nei de bosk,
Rein dripte fan de tûken
Yn dobben en op mosk.
| |
20.Dêr sûze noch de stilte,
Dêr koe noch ûnrant dije.
Ien sei: ‘Hjir bin ik hiem’,
Doe wiene der noch trije.
| |
21.Trije wite mantsjes
Dy seagen hoe't de striid
Bislist waerd troch ien goaltsje
Noch krekt binnen de tiid.
| |
[pagina 25]
| |
22.Sy gûlden fan de spanning
En rôppen lûd: ‘Hoera!’
Ien foel tusken de banken
Doe wiene der noch twa.
| |
23.Twa wite mantsjes
Dy stiene foar in tún
Mei ringsom de sanearing
En grouwe stikken pún.
| |
24.Dêr boarten in pear jonkjes
Bolbjirken mei in geit.
De stim fan 't mantsje trille,
Dy't sei: ‘ik bin jim heit’.
| |
[pagina 26]
| |
25.De jonkjes waerden kjel
En stiene as fan stien.
Har mem kaem bûtendoarren,
Doe wie der noch mar ien.
| |
26.Ien wyt mantsje
Dy hie it och sa goed:
Gjin bodzjen en gjin kreauwen,
Gjin sykte en gjin noed.
| |
27.Gjin wiif, gjin negerinne,
Gjin skip op sé forlern,
Gjin reintrochplakte stilte
En gjin bolbjirken bern.
| |
[pagina 27]
| |
28.En as er deis de buorren
Mei fêste stap troch gie,
Dan mennige forgunder
Stil op de stoepe stie.
| |
29.Dy skerpe winterjounes,
Koartby de tsjerketoer,
Skeat er in kûgel troch syn kop,
Doe wie der gjinnent oer.
|
|