| |
| |
| |
Tr. Riemersma/Forsoeningskomparysje
Se hienen der in aparte fleugel foar boud... Mar sels dat wie net wier. Hie oars in moai mopke west yn myn styl: der wurdt langer safolle skaet, dat se hawwe der in aparte fleugel foar bouwe moatten. Hy roun de draeitrep op nei boppen, de gong troch.
‘Dach, Dykstra.’
‘Dach, menear Wiersma.’
De boade krúste syn namme oan. Hy ken my al, noch even en wy doukje inoar. Mar ik kom hjir net wer. Of sy moat net skikke wolle, dan sil wy hjir wol faker hinne moatte. Mar miskien regelje se it ek wol bûten ús om.
De hal siet fol. Né, dêrre wie noch in plakje. Hy groete, en naem de minsken op. Allegear itselde wachtkeamersmoel. Hy gyng sitten en draeide in sjekje. Yn 'e griffy siet it moaije fanke to typen, dêr'ter fjirtjin dagen lyn mei praet hie. Mar eins is se helendal net moai. Har skonken, dy foelen my it earst op, heel moai foarme, mar even to meager, foaral boppe de knibbels. Harteskonken. En de eagen, dat argeleaze en hwat skouwe, dy forwûndere blik. Siedfreegjende eagen, seit myn freondintsje dan. Mar om sied giet it sasear net, it is mear in loaits fan: sjochst wol, dat ik sjoch, datstou my sjen kinst en dêrom sjen moatst en datst my dêrom... Ja hwat? En dan komt it dochs op sied del. Har útklaeije en op bêd plantsje, fynst it fijn leave, is it lekker, mei ik dêr oan komme, fielt dat fijn? How to manage the sex-act. Dochs haw ik it útholden. Mar ik bigjin der net wer oan. Net wer sa'n hartefamke, mei fan dy sleine-houne-eagen: sjocht de baes my wol, sjochst my wol? Ik freegje neat en easkje neat, as ik mar wit datstou my sjen wolst.
| |
| |
‘Maria Geertruida Bakker,’ rôp Dykstra.
In frommiske stiigde oerein en stapte efter him oan. Net ûntsjep fan efteren. Jé, mar dat kin ôffalle. Lykas lêsten yn'e trein doe't ik miende dat der in moai frommiske foar my siet. Har hier kaem krekt boppe de rêchleuning út. Letter seach ik dat it in âldeftich frommis mei in hierstikje wie. Alles falt ôf. Se ha der net iens in aparte fleugel foar boud. Der moast mear rûmte komme foar de administraesje, en doe holden se in pear keammerkes oer, der hie earst hwat oars yn sillen, doe seinen se: lit ús dat dan mar foar de skiedingen brûke. Allegear tafallich sa roun. Der is neat greats, neat forneatigjends by. It ymponearret net, it slacht jin net del, jo geane net kapot. Kin ik wol kapot? Ja, doe't se sei dat se him leaver hie as my, doe, mar dêr bin 'k oerhinne. By einsluten fyn 'k it stom fan har. Myn mearweardichheitskompleks tilt my oeral boppe-út. It helet hurd, it lit amper groeden nei. Jo skrilje even wekker, allinne om to ûntdekken dat alles noch like banael is. De earste kear foun 'k it hjir wol nijsgjirrich, mar nou... ik haw it sjoen. De oare kears siet dy tryste swarte frou dêr, mei dy moaije knibbels. Har poedel kuijere hieltyd om har skonken en dan moast se it ketling wer loswine. Sei dy kearel neist my: se kin net fan 'e poedel skiede. En dat tryste famke wie der doe ek om in forsykskrift yn to tsjinjen. Jé, hwat in forskriklik ûnsjoch famke wie dat, pûkelich, sleau hier, in dom gesicht, feale mantel fan forblikt read, meagere poatsjes yn swarte learskes. Se is der nou net, mar 't is ek noch mar healwei trijen. Har man sil hjoed ek wol komme. Tominsten as ik sa'n frou hie, soe 'k alles dwaen om in skieding to kearen. It moat ellindich wêze om sa'n trutsje achter to litten. En dou silst der bern by ha. As ik bern hie by sa'n trutsje, en se woe skiede, dan makke ik har leau 'k dea, dan koenen de bern yn in pleechgesin.
Of ik makke mysels fan kant, dan hoegde ik net to sjen dat se fortutearzen. Mar dat is egosintrysk, better har deameitsje. Hwerom moat in man winliken syn bern mei in frou diele? Der soenen froulju wêze moatte dy't in bern foar je berne woenen foar in tûzen goune en der dan ôfstân fan dienen, in soart froulike donors. Mar noch leaver soe ik myn sied yn in blompot sjitte en it mei myn hannen waermte jaen en it waeksen sjen. In frou forlieze je, ier of let, en bern dy't je by in frou hawwe, reitsje je kwyt.
Mar it is net ôfgryslike slim, it is foar harren slimmer as foar my. Ik rêd my wol; nuvergenôch folle better as ik tocht hie. Ik libje sa't ik tolve jier lyn net libje doarst, ik meitsje gjin plannen mear, ik forwachtsje net tofolle, mar ik stean iepen foar it aventûr. En fordomd, it komt, ik haw yn 'e reade wolken boppe de ûndergeande sinne Tahiti sjoen. It is machtich, ik hoech der gjin LSD foar to brûken. Ik wurd gewoan binnenstobûten teard. Myn forkrongen romantyske gefoelens slane nei bûten. Ik haw mear yn my as ik biseft haw. Ik ha my forskûle efter myn masker, ik kom nou tofoarskyn. Ik ken mysels bytiden net mear. Ik haw al wer in pear kear mei aerdige famkes praet. It bitsjut winliken neat, mar it is machtich.
Der gyng in âldere man neist him sitten, in man dy't de yndruk makke in prater to wêzen. Hy sei ‘dach’, mar net to tasjitlik.
‘Meist wol in boarrel?’ frege de man.
Tjé, moast it op dy toer? Hwerom komt dat soart sloppe manlju altyd op my ta?
| |
| |
‘Jawol,’ sei er.
‘Hast nou al ien hawn?’
‘Né, nou net.’
‘Ik ha fan 'e moarn al in heale liter opdronken, mar fornimst neat oan my, nou?’
‘Né.’
‘Ik kin wol in liter op. Dan bliuw 'k noch gelyk.’
Hy helle it boekje út 'e bûs en bigoun to lêzen. In rottich seksboekje fan njoggenennjoggentich sinten. De seksaventûren fan in famke fan sekstjin. Hwerom lês ik dy bocht, oars as om to provosearjen? Alle minsken sitte hjir to tinken en litte de rotsoai fan 'e lêste moannen nochris yn har omgean. Ik net, ik bin opholden mei tinken, ik sil har noait bigripe. Myn forstân rint stikken op har ûnreedlikheit, de faits accomplis, dêr't se net oer diskussiearje wol of kin. It moast sa, it koe net oars. Ik lês, ik demonstrearje dat it fan my net mear hoecht. Ik bin fansels wer rankuneus dat se net iens in aparte fleugel foar my boud ha. Ik bin lilk dat se my op 'e selde wize troch de masine helje wolle as al dy oaren. De ûre krije fyftjin à tweintich persoanen tastimming om in proseduere to bigjinnen. As in toskedokter ek sa hurd koe, waerd er smoarryk. Mar ik fordom it om in figuranteroltsje to spyljen, dêrom lês ik in seksboekje. Jé, hwat blaes ik my wer op, dy heechmoed is in joy forever.
Der kaem in pearke de gong del, in goeije tritich. Sy gyng op 'e middelste bank sitten, hy ien fierder. Der wienen ek net twa plakken neist inoar frij. Dy kloat koe dochs wol freegje as se even foar him opskikke woenen? Mar ja, as je frou ek sa demonstratyf sitten giet, sa dollemina-achtich frustrearre, nou ja, lit dan mar. Bûter oan 'e galge, mei sokken, hwat je ek bisykje. Se sjogge gjin oare útwei mear, it moat sa. Trutwiven. Hat - hoelang bin se trou? - grif fiifhundert kear neaken by him lein. Mar nou ken se him net mear. Fan 't iene stuit op it oare wurdt alles ôfbrutsen, fornield en forrinnewearre. In bytsje relativearjend en ironisearjend tinkformogen ha dy trutten net. Se meitsje it jin suver ek noch ûnmooglik om hwat goede oantinkens mei to nimmen. En hwat hat soks foar doel? Hwat west hat kin ommers nea forkrongen of negearre wurde. Men kin net sûnder skea foar jinsels in part fan jins libben forsmite. Je hawwe lokkich west, nou, ûnthâld dat, wês tankber. En 't is misgien - soit. Praet dy út, nim in boarrel, en wês net rankuneus.
De man neist him skeukte om. Grif lêst fan 'e healliter. Hwerom komme sokken op my ta? Ik haw grif hwat noegjends yn my, dat moatte se oan my sjen kinne. En 't is ek sa, tryste minsken deare my oan. Mar oan 'e oare kant, ik wol se net helpe, ik stegerje se ôf, ik kin net oer minsken dy't har minderweardichheitsfielen en har swakte yn in negoasjebakje foar har út drage.
It frommiske op'e bank neist him, tusken dy twa âlde wiven, wie grif net âlder as seisentweintich jier. Se wie wol moai. Mar de mûle stie hwat strak. Se hie in maksymantel oan en kleurde hoazzen. Helendal net in trutsje. It brune hier hie se strak kjimd en yn in knoedel gearboun. Is dat it? Is dat in yndikaesje foar netheit, regelmjittichheit, humorleazens, foar hwat men ynbannich en ynfieren neamt? Ik hie dêr stúdzje fan meitsje moatten, hwat de korrelaesjes binne tusken lichemsbou en karakter, en de manier hwerop't
| |
| |
ien it hier draecht, oft dat hwat seit oer it aerd.
Der kaem in man mei in learen jaske de hal yn. Hy hong it jaske oan de standert en gyng op 'e bank rjochts sitten.
De jonge neist him, dy't hieltyd heal mei de rêch nei him tasitten hie, en op in yrritearjende manier sacht sitten hie to fluitsjen, waerd fuortroppen. Rotjonge. Syn frou is net kommen. Hé, dan binne se nou ek al mei de forsoening dwaende. Ja, ik haw dy jonge hjir dochs earder sjoen, doe't er mei in maet stie to swetsen? Mar dy oaren ken ik net. Miskien ha dy hjir forline wike west. Mar hwerom moast ik dan fjirtjin dagen wachtsje? Miskien koe ik der forline wike net mear by, ik sit yn 'e ein fan 't alfabet. De man sil syn regels ha, moat men ûnderstelle. De man is miskien allinne mar in regeltsjetapasser. Jezus, juristen is stom folk. It rekest dat har advokaet opsteld hie, stie stiif fan 'e klisjé's. It is de maklikste stûdzje ek; al dy trutten út 'e high society hawwe ommers in masterstitel. Mei hwat folk jow ik my eigentlik ôf? Juristen, godbettert.
Hy blêdde fierder nei de folgjende koitus. Mar it boeide net, it wie sa'n houtene styl. Miskien haw ik ek tolang troud west om soks nijsgjirrich to finen. Seks wurdt stadichoan minder bilangryk. Hwat is foar my eins noch al bilangryk? Lekker iten, drank, smokerij, en omgong mei minsken. Mar dat lêste sûnt koartby. Earder hie 'k der net folle bihoefte oan. Ik haw my tofolle opsletten, tofolle in húsfadersrol spile. Mar ik haw it noait west. Ik kin neat hielendal wêze. Ik jow my noait earne hielendal yn, ik hâld altyd reserves. Ik liket my fijn om earne hielendal yn opgean to kinnen, mei hert en siel grienteman to wêzen, bygelyks. Yn jins fak folslein bifrediging to finen, of yn jins húshâlding of hobby. Ik doch wol myn bêst, ik doch wol as wie ik dit en dat, mar it binne rollen dy't it libben my opleit of dy't ik keazen ha. Ik bin neat hûndert persint. This world is not my home.
Se wie net kommen, en it wie al fier oer trijen. It hie ek gjin sin. As se kaem, moast se har eigen oantigingen ek ynlûke. Dat soe se grif net dwaen. Se soe har nou wol driuwe litte oan'e ein ta. Skielk - ás er har skielk nochris mette - soe se faeks sizze dat se eins wol graech werom wollen hie, mar dat se tocht dat hy net woe.
It fanke mei de maksymantel kaem yn 'e hal werom - hy hie net murken dat se fuort west hie. ‘Giet mem mei?’ frege se sunich. Jé, dat greate foarse wiif is har mem! Hwa nimt yn 'e goedichheit in mem mei om to skieden. 't Wiif sil 't sels wol útfoun ha, tink: ik woe it fanke dêr net allinne hinne ha, ik sei, it wurk ret him wol, en nou't it fanke der sa ta sit, ik sei, fanke, mem is der noch... Hwat soe dat wiif tsjin har man ha, dat se fia har dochter... Of sykje ik it tofier? Mar ik fortrou it dochs net, in wiif dat har dochter stipelearret yn in skieding, bihoarlik frustrearre as ik myn sin siz.
‘It is dyn eigen skuld! Ik ha dy warskôge! Ik ha dy genôch warskôge! Dou moatst nou mar witte hwat der fan komt.’
O jé, de forsoening mislearre! Man wist fansels likemin as ik de earste kear dat soks in farce is. Wie it dat healliter dat niis neist him sitten hie?
It wie net to forstean hwat it minske sei. Elkenien siet tomûk to harkjen, hy seach it. ‘Ik ha dy altyd op hannen droegen! Dou giest nou nei de godfor- | |
| |
dommenis! Mar ik ha dy warskôge. Ik ha 't dy genôch foarholden.’ It minske preuvele wer hwat. ‘Tochst dat? Nou, ik sil dy sizze... Dou hoechst net to mienen...’
‘Nou, minsken, meitsje nou gjin scène mear.’ Dat wie Dykstra. It waerd yndied stil. ‘Wachtsje dan even yn 'e hal.’ Dat wie Dykstra wer. Hy kaem der oanrinnen mei in sleau, bonkich minske. Se gie tusken de banken by it rút stean.
De man fan it learen jaske gie op 'e bank foar him oer sitten, dêr't in plak frijkommen wie. Dat frommis mei it reade jek wie syn wiif?
‘Ik doar net nei ûnderen ta,’ sei it sleauwe wiif. ‘Ik bin bang dat er my opwachtet.’
‘Hy sil jo neat dwaen,’ zei in oar frommis.
‘Anna van Hulzen en Dirk Wever,’ rôp Dykstra. Fan forskillende banken riisden in man en in frou oerein. Dykstra brocht se fuort en kaem doe de hal wer yn. ‘Hy is fuort, hear. Jo kinne nou wol gean.’
‘Ja,’ sei it sleauwe wiif. ‘Mar ik bin bang dat er op my wachtet.’
‘Nou, jo meije hjir bêst even sitten bliuwe, mar hy is fuort. Oars nimme jo de foarútgong, dan sjocht er jo net.’
‘Mar hy wit wol hwer't ik lâns moat,’ sei ik sleauwe frommis tsjin 'e oare froulju. ‘Ik wenje op 't heden by myn suster yn, en hy wit wol hwer't ik lâns gean.’
‘Jo rinne him mar gewoan foarby.’
‘Ja, mar jo witte net heal hoe'n rare man at it is!’
‘Eh, hwat! Der binne genôch minsken op 'e strjitte. Hy docht jo neat.’
‘Nou, ik wachtsje mar even.’
It frommis mei it reade jek gie foar it rút stean. Se woe grif net by har man sitte.
‘Hy sil hjir wol ergens omrinne.’
‘Is dat him?’
Hy seach ek om, der skarrele in kearel oer it trotwaer.
‘Né,’ sei it sleauwe wiif. ‘Hy sil wol oan 'e foarkant stean.’
‘Nou, dan geane jo ommers efterom!’
‘Né, ik doar net.’
Kristus, tocht er, Kristus hillich Godslaem dat de sûnden fan 'e wrâld droegen hat, erbarmje jo oer dizze godforgetten trut, hwant as it oan my lei... hwat soe ik har graech de nekke brekke, har ribbekast ynwâdzje, har yn moatsjes snije. Dit trutwiif fan ‘ik kin ek net helpe dat ik in frou bin, mar ik klei net, ik draech myn lot, né, laitsje kin ik net mear, dat is my as frou sijnde wol forleard, en jimme, jimme geane derút en ha jim wurk, mar wy sitte altyd thús, en wy binne om 'e fjouwer wike ûngesteld, en jimme ha de wille derfan, mar wy as frou sijnde moatte der mar foar stean...’ Né, dat sizze se net. Séinen se it mar, dan koenen je noch gnize, mar it is dat wurdleas lijende, dat kleijen mei de eagen, dat suchtsjen dat ek gapjen wêze kin, dat ûnbiwiisbere getreiter. Dat hillich lijende, Jezus Kristus út 'e bernebibel, dat sleauwe smoelwurk. As in laem dat to stom is om syn bek iepen to dwaen, godfordomme.
| |
| |
Hy murk ynienen dat in frommis op 'e bank rjochts fan him mei spotske eagen nei him siet to sjen. De eagen moeten inoar. Se glimke, seach even nei it sleauwe frommis, loek de wynbrauwen op en glimke nochris tsjin him.
Sa'n frou hie 'k ha wollen. Dizze is wol fiifentweintich jier âlder as my, mar se is noch fitael, se is net brutsen. Se hat de gek dermei, se is greatsk. In frou dy't der wêze doar. Net ien dy't by de muorren lâns slûpt en om 't hurtsje yn in portyk biskûl siket as it ûnwaer is, en dy't op in stuit yn panyk in steechje yn flechtet, mar in frou dy't as in keninginne midden op 'e strjitte rint, waer of gjin waer.
Né, se komt net mear, it is al tsjin fjouweren. Ik mis myn bus ek noch as er my noch langer wachtsje lit. Of se moat boppe by de trep stean, dat komt mear foar. Niis rôp Dykstra twa nammen, en allinne de man siet hjir mar. It hat gjin sin dat se komt, mar ik soe har wol even sjen wolle, witte hoe't it mei har is. Ik hoopje net dat it sa'n frustrearre skieden frou wurdt dy't ‘har hielendal oan 'e bern wijt’. By sa'n forbiten wiif komme de bern om. It is better dat se in bulte freonen en freondinnen makket, dan ha de bern alternativen. Mar 'k bin bang dat se har helendal opslút.
O, dat wiif wie fuort. En dy oare froulju dêr't se tsjin stien hie to sangerjen ek. It frommis mei it reade jek skarrele noch by it rút om. De man siet mei de earmtakken op 'e knibbels, de holle yn 'e hannen. Le penseur. It frommis mei de spotske eagen wie oan bar. Se wie ûnopfallend klaeid. Soks hie se net nedich.
Dochs, ik wit net... Sa'n selsstannige frou hat fan gjinien forlet. Hwat sille je der eigentlik by dwaen? In frou dy't der gjin bihoefte oan hat om oanhelle to wurden en har fortrietlikheden to uterjen, en dêr't je noait in hantaest foar hoege to dwaen, hwat is dêr oan? Ik hâld fan leave, ûnwisse famkes dêr't ik op passe kin. Mar it biroerde is dat dy famkes my net opheine kinne, en dat se my gjin tsjinspul jowe. En dan forfeel ik my, en dan lûk ik my op mysels werom.
Der waerd in pearke troch Dykstra ophelle. Hy bleau oer mei it frommis mei it reade jek en har man.
‘Hwerom komst hjir net to sitten?’ frege de man.
‘Ik stean hjir goed.’
‘Komst net wer thús?’
‘Né, noait wer.’
‘Godfordomme!’
Se hienen better thús rúzjemeitsje kinnen. Hwat hat in oar der mei noadich? Mar as it har neat skele kin, hwerom my dan?
‘Hwat silst nou by dy fint?’
‘Dêr ha 'k it goed.’
‘Ja, mei him op bêd, hin? Jûtse, dat kinst wol.’
‘Ja.’
‘Hast noch altyd deselde klean oan dêrst yn fuortroun bist. Kin er gjin nije klean foar dy keapje?’
‘Dit is my goed.’
‘Hwerom komst net werom, ju?’
| |
| |
‘Noait wer.’
Dit is hjoed de twadde scène al, dat haw ik hjir noch noait bilibbe. Al to hoopjen dat dy twa by de presidint der gau útkomme.
‘Tinkst datst it by him better hast? Hwat foar skytkearel is hy? Hwat hat er yn syn libben foarinoar bokst? Niks! Stellen hat er, fordomme! 't Is ek noch in dief!’
‘Dat is net biwiisd.’
‘Hy hat al sitten.’
‘Mar hy is frijsprutsen.’
‘Nou, moatst net miene datst hwat fan 'e húshâlding meikrijst. Dou krijst neat. Ik hald alles.’
‘Dou meist alles wol hâlde.’
‘Silst dêr ek wol net folle rêdding ha. Sûpe en frette, oars ha se dêr noait dien.’
‘Wy rêdde ús wol.’
‘Gean hjir nou even sitten, Anny. Komst noait wer werom?’
‘Né.’
‘Dou silst der noch goed spyt fan krije. Mar moatst net miene dat ik dy skielk wer ha wol.’
‘Dat hoecht ek net.’
‘En de bern dan?’
‘De famkes bliuwe by my. De jonge mei wol by dy bliuwe, as er wol. Mar hy mei ek wol by my komme.’
‘Hy sil wol wizer wêze!’
‘Hy moat it sels witte.’
‘Hast fordomme noch noait tosken yn 'e bek! Hwannear krijst in nij gebit?’ It frommiske seach it rút út. It is oeral itselde. Ik haw mear leard as dit mantsje, mar ik skold neat yntelliginter. Myn hurde opmerkingen hienen itselde doel en itselde forkearde resultaet. Nammers, mei sêftens birikt men ek neat as in frou ienkear safier is. Men soe de wysheit opbringe moatte om it forlies to akseptearjen, sadré't men merkt dat in frou har hert oan in oar jown hat. Mar by god, hwa kin dat? Hwa kin fan 'e iene dei op 'e oare...? Mar ik bin neat fierder kommen as dizze man. Hwerom haw ik eigentlik leard? It hat my neat holpen.
‘Sjochst derút as in sloerje! Hast fordomme gjiniens fatsoenlike klean om hjir to forskinen!’
It is wier. Hy is netsjes yn 'e klean. Mar it kin har neat skele. It kin har allegear neat mear skele. Dy oare fint wierskynlik ek net iens, mar se moat in plakje ha foar har hert.
‘Moatst net miene dat ik jim gewurde lit. Ik bin net bang fan him. Ik stek jim beide yn 'e bealich!’
‘Dat dochst net.’
‘Oné, oné? Hy is in greate skytsek. Hy stiet der net foar.’
Hwa't nou ek mar earst oan bar is, sy of ik, ik bin har aenst kwyt. Mar it duorret lang dêrre mei dy forsoening, it koe diskear wol echt wêze.
Der kaem in klerkje nei de griffy tasloffen, griis pak, brune skuon. Hy moast
| |
| |
it hottefyljen hearre, mar syn gesicht foroare net. Ach né, it soe faker barre. Mar ik haw it hjir noch noait bilibbe. It is my de middei wol. 'k Sil 't aensent tsjin Dykstra sizze: in enervearjende middei. En dan sil Dykstra glimkje en sizze: Tja, menear Wiersma!
Hy draeide in sjekje, it safolste.
‘Hwerom komst net werom, Anny? Silst it goed by my ha.’
‘Né, ik kom net werom.’
‘Teade Wiersma,’ rôp Dykstra. Hy gyng oerein en roun efter de boade oan. By de trep stie nimmen.
‘Se is net kommen,’ sei Dykstra.
Maije 1971.
|
|