- Fiif.
- Netwier, trije.
Sûnder in kik to jaen, sette Ike it blauwe piontsje yn in hok. Hy krige in kaertsje fan it boerd, draeide it om, lies en skoude it ûnder it steapeltsje dêr't it fan ôf kaem. It reade piontsje wie wer oan bod.
- Bigrypstou der hwat fan?
- Net folle, dou?
- Sjoch, hy keapet wer in kaertsje.
- Haha, hy spilet tsjin himsels.
- Nou stiet er op in lokomotyf.
- Mei 'k meidwaen? frege Nelis ynienen.
Ike sei gjin wurd, hy spile troch, seach net iens op.
- Ik wol meidwaen, bigoun Nelis wer. - Wy lizze it plankje tusken ús yn.
- Dan moatte Murk en ik aenst ek in kear, sei Koos.
- Toe dan, trune Nelis oan.
- Ik wol net mei jimme, sei Ike súntsjes.
- Hwat seit er?
- Hy wol net mei ús.
- Opskepper.
- Né, hy wol mei suster Henny, fansels.
- Lekker neuke.
- Huorrefeint.
Nelis syn foet skeat ûnder de tekkens wei en hy joech in traep tsjin it plankje. Alles hwat der op lei forskoude, mar Ike steapele de kaertsjes en it jild wer geduldich op en sette de omfallen piontsjes to plak. Doe joech Jan fan de oare kant in traep tsjin it plankje. Diskear foelen in pear jildbriefkes oer de flier. Nelis dûkte der gau op ta en fiske se op.
- Twa fan fiifhûndert en ien fan tsien. Jonges, ik bin in ryk man. Hwa wol der ek ien ha?
- Ik, ik, ik, rôppen de jonges.
- Meije wy dan ek meidwaen, ja of né? Nelis stiek Ike de briefkes ta, ré om se werom to lûken. Ike skodde fan né. - Dan krijst se net. Nelis helle se fluch nei him ta. - Hjir, Wim, hast ek hwat. Wim krige in fiifhûndertsje.
- Wy ek hwat, Nelis, kinst noch wol mear pakke, rôp Koos.
Ike klaude gau alles byïnoar en gyng roungear oer it spul sitten.
- Toe mar, Nelis.
- Sil ik even helpe?
- Moatst him dêr nou ris sitten sjen. Smoarge frek.
- Hy wol noait dele.
- Sille wy him op syn soademiter jaen?
- Hy is krekt sa'n eigenwize stonkert as syn heit. Dy praet ek sa heech.
- Nou en syn mem dan.
- Hast dy rinnen sjoen?
- Dy draeit mei de kont en stjonkt nei poeijer.
- Dat is ek in hoer, fansels.
- In huorremem.
Ike seach op. Hy hime, syn stim sloech oer: - Jim krije der neat fan, neat,