Mei hwat mear ynsjoch yn it fak, hie Tryater witte kinnen dat de wurkwize fan Burkunk rjochte is op technysk perfektionisme: in training fan lichem en stim. It binne sûnder mis wichtige fasetten, mar it is net genôch as men net takomt oan mentaliteitstraining. Dat forwyt jildt net alline foar Tryater. De measte Nederlânske toanielselskippen wurkje noch sa.
De Amerikaenske regisseur Peter Feldman, dy 't ûnder oaren by de Noarder Kompagnie ‘Gelukkige Dagen’ fan Samuel Becket regissearre, skriuwt yn Mickery Mouth, desimber 1970, hoe frjemd en ûnecht him hjir de wize fan wurkjen oankaem. De akteurs hawwe in tal technyske trucs leard, dy 't dan op alle stikken tapast wurde moatte. It hjoeddeiske kultuerpatroan, mei in al mear tanimmende wurdearring foar it intellektuele, spilet hjiryn ek parten. It Amerikaenske theater is folle mear ynteressearre yn 'e akteur, misbrûkt him net as in marionet, siket nei oarspronkelike ympulsen en ynstinkten. Sensitiviteit wurdt by ús net wurdearre. Technyske bikwaemheit stiet foarop.
Foar de opbou fan Tryater lykwols, hat men in spyldersploech nédich dy 't dit yn him hat. Oars bliuwt de akteur ôfhinklik fan 'e knopkes dy 't de regisseur yndrukt. En as in regisseur lyk as Burkunk fan fuortgiet, lit er in mechnisme achter dat allinne mar funtionearret by syn graesje. In autoritaire, net op groepsbilangen rjochte wize fan wurkjen, lit gjin inkelde groepssfear achter, mar in tal minsken dy 't as persoan frjemd foar elkoar bleaun binne en dêrom net folle oanstriid fine by elkoar om har foar de saek yn to setten.
Mooglikheden binne der by de rûs en ik soe wolris by Tryater bisykje wolle hwat mooglik is. Mar salang 't gjin papierkes toand wurde kinne as in lange list fan aktiviteiten...
Foarbylden fan net - toanielminsken dy 't de kâns krigen om sjen to litten hwat se koene ek op it mêd fan 'e regy, sille Tryater wol net bot oansprekke. By in oar kin ommers altyd mear as by jinsels. Mar Hugo Claus, de skriuwer, het dochs foarbylden fan regy sjen dy 't hichtepunten waerden, bygelyks syn ‘Vrijdag’. En Lodewijk de Boer, de musicus, liet itselde sjen. Syn opfierringen fan Arrabal syn stikken ‘De keizer en de architekt van Assirië’ en ‘En zelfs de bloemen werden geboeid’ joegen it bigjin oan fan nije regy - opfettings. Opfettings dy 't oanslute op hwat fierder yn 'e wrâld geande is.
Sels myn wittenskippelike basis, dêr 't kommunikaesje - en ynteraksjetraining in part fan útmeitsje, sille wol gjin foech jaen yn Fryslân. Kinne wy it ús sa min permittearje hwat to weagjen? Binne wy sa bot oan mentaliteitstraining ta?