Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 69]
| |
ûnskuldleafde of soksahwat
is soms
fjouwer hannen yn in waskbak
tweintich fingers
elkoar waskjend
kâld wetter yn it hier
klitoris en penis
yn folsleine
rêst
| |
[pagina 70]
| |
Doetiidde bylden fan it forline
lykje lânkaerten
fan ûnbikinde streken
sûnder yndeks
is neat
to finen
en sels mei
is it noch fordomd
net maklik
faeks steane se
der net yn
to ûnbitsjuttend
|
|