Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 66] [p. 66] Meindert Bijlsma ek it birop wekfles sil ústjerre der stiet wer in rychje by it jiskefet op it arbeidsburo wol men se net iens mear ynskriuwe soasiale saken seit gean mar werom nei de baes dy 't jim dien joech hy komt hjir al jierren in hoekje tún foar eigen gebrûk bearntsjes of hennep kin in hongerlean net oerhelje inkelen de bêsten fansels kinne omskoalle wurde ta blomfaes knikkert - of knopepot der stiet wer in rychje by it jiskefet der sil wol wer in beppe dea wêze [pagina 67] [p. 67] De krante it húske en de foroaring (trilogy) in sigerich húske bûtendoar in stikje Friesch Dagblad of in stikje Leeuwarder Courant en dan gau gau wer yn 'e waermte in w.c. mei in buis fan 'e forwaerming in stikje Friesch Dagblad of in stikje Leeuwarder Courant dan noch in stikje Friesch Dagblad of noch in stikje Leeuwarder Courant en noch in stikje Friesch Dagblad of noch in stikje Leeuwarder Courant en dan stadichoan de kjeld wer yn [pagina 68] [p. 68] De spoarbaen lâns nei in nije takomst byls byls byls byls byls byls byls byls byls byls byls byls byls de nije takomst is to fier ik gean mar wer werom slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb slyb Vorige Volgende