Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 64] [p. 64] Bartle J. Laverman De flapper I dan forsjoude er de brot wer socht in nije kûle en bisocht it op 'e nij hy gnyske om it eangstich fladderjen oerdwealsk smoarde er forbaernde se mei in sels bitocht ritueel jouns socht er woartels yn 'e bosk strúnde ûnder de sliepbeammen skopte lulk tsjin de stammen knibbele by syn flappen en smeke de wyn om nije fûgels dan kroep er yn syn nêst [pagina 65] [p. 65] De flapper II dy jouns kaem er kermjend út it bosk stroffeljend fierder krûpend sykjend nei in paed boppe syn holle tsierden in pear roeken om in eachbal it mantsje bonkel lyts en mismakke strúnt er tusken de stammen skrabet yn 'e groun sûcht woartelfocht laket tsjin de fûgels of flokt skopt paddestuollen om forskûlet him tusken de blêdden as er fuotstappen fielt hy sjocht de sinne kommen hy heart hoe 't de hôfhounen tsjin syn moanne balte syn skaed falt oer it sân rint fierder swimt yn de poelen as de snie falt rôllet er him op yn syn hoal en sliept Vorige Volgende