Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 62] [p. 62] Ids Feanstra Pussy-cat Groufleizich, grûzlich, hurd, de koartsige eagen skade, Iepenet hja foar him de knip. Wif stapt er yn. Ta falt de doar. In heane houn sneupt om yn smoargens. Hôl klinke stimmen yn in keldermagazyn. Opslûpen jonges, sútrich, âldsk, boartsje op in bakfyts. In bâldrich bleek âldwiif mêd eaget troch 't gerdyn. Nei 't iennichste stik fleur yn dizze feale strjitte: In pôt mei wilige blomkes op in skurf kezyn. Geraes, geflok, getsier: de keardel fljocht nei bûten, Tichtknoopjend nei 't kerwei syn slabberjende pak. Hjasit wer gapsk foar 't glês, sjocht saeklik oer him hinne... Kom yn en keapje 't lok: hjir fyn' jim jim gerak! [pagina 63] [p. 63] Drôge Foar Pavel Dumitrache, freon, dichter, boxer Ik drôge fan in kant jongfaem, Igaelbrûns sinnebaernd, bliereagich, Yn aubergine supermini slipke; Ien helte fan har kiere buozzem dutsen Mei har wolskepen hân, de oar 'my winkend. Ik foun har nei sawn dagen swalkjen Op ynskjin fyngoud sinnestrân Mei dounzen barning oer djipblauwe sé; In fjûrreade tûmelder, har ta eare, Rêstleas foar d'igge jinten op-en-delle. Hja sei my: ‘wy bin lykme-allinne Mei 'r weagen barsang en de mylde wyn. Ik liz hjir mar foar fûgelweide: O myn dichter, nim my, 'k langje sa... Nim my mei, nei ji se blije blauwe fierte Fan 't bushalt, hwer 't ús heit stiet mei patat: Myn foet sliept, 't is al let en heit Hat 't spaenske drok, moat nou nei hûs om iten. Ik soe yntiid ús heit forpoazje. Né, né, 'k moat fuort nei 't diske mei patat.’ Vorige Volgende