wol ris hwat ûnnoazel, steurend slim nei myn bitinken yn De rook fan mesjester en Sturtsjebrek. Yn it earstneamde forhael wit er blikstienderse goed hwat foar fint dy Herman is as er by him yn 'e auto stapt, mar net in tel prakkesearret er deroer hoe 't it ôfrinne sil. Yn Sturtsjebrek is de ik mei in stel jonges it lân yn to polsspringen, mar har ûndûbelsinnich geile dwaen en litten lit him sa kâld as in stien, hwant hy snapt der neat fan sa 't hjit. De skriuwer liket hjir slachtoffer wurden to wêzen fan syn dúdlike tsjinnichheit yn it werjaen fan oare dingen as de sichtbere. Op himsels is dat in bêst ding. Der wurdt net sein dat immen dit of dat hat of is, mar hy is it of hat it. It bart hjir lykwols sa konsekwint, dat der psychologyske ûnwierskynlikheden ûntsteane. Nammers ek de mooglikheit om spanning sawol as ienheit tusken de inerlike gesteldheit fan de ik en it gedrach fan de oaren to skeppen, bliuwt troch it negearjen fan tinken en fielen fan de headfiguer ûnbinutte. In útsûndering moat makke wurde foar Heit wie der net by, dêr 't it krektoarsom leit.
De tipearring fan de tsjinspilers is net frij fan iensidigens en stereotipy. Sy wurde fan de bûtenkant biskreaun neffens har gedrach en uterlik. De skriuwer hat in dúdlike foarkar foar it lêste, en der kin neat sein of dien wurde, of men lêst hoe 't de persoan yn kwestje der útsjocht, krekter noch: hoe 't er sjocht. Nou leit sa 'n - biologearre soe men hast sizze kinne - oandacht fan it warleaze slachtoffer dat de ik gauris is foar syn beulen wol yn 'e reden, mar de biskriuwing dêrfan is to faek op harsels en troch herhelling to krêfteleas en soms ek net sûnder tsjinstridichheden. Sa wurdt der binnen it forrin fan twa bledsiden fan Hoatse yn Kooks sein, dat er gnysket, guodlike eagen hat, hwat lake, fyntsjes glimke (hwat fan efteren to sjen is oan syn rêch!), ynienen bigoun to laitsjen, net ynhâldde fan laitsjen, hikke, ynienen ynhâldde en mei greate troebele eagen seach, dat syn eagen gluorken, dat er hastich sykhelle en fyntsjes glimke. It withoefaek foarkommende glimkjen kin gauris better gnyskjen foar lêzen wurde.
Foar in part binne dizze biswieren ek it gefolch fan it bernlike perspektyf dêr't de dingen yn sjoen wurde. Sûnder berne - eftich to wurden, is it de skriuwer bêst slagge en ming him net yn it forhael fan de fortellende jonge. It is sykjen om him op dit stik fan saken op flaters to trappearjen. It steurendst fyn ik if brûken fan eigennammen. Yn Boartsje mar is der neat op tsjin dat der oanienwei fan menhear Dekker praet wurdt en net fan hy: it fatsoenlike Fryske gebrûk wol it krekt sa hawwe. Mar yn de measte forhalen leit it oars. Dêr wurde eigennammen en pronominale oantsjuttingen sûnder sin troch elkoar brûkt en past de neamende foarm net by de jonge. De skriuwer kin it ek allinne wêze, dy 't Omke Douwe bigjint mei: ‘It wie it needlot dat my oan dizze man yn 'e hannen joech (...)’, sûnder dat wy fierder hwat fan him bispeure.
De tael is ek dy fan it bern: de sinnen binne ienfâldich, byldspraek ûntbrekt sa goed as. Op ien punt lykwols leit it oars. Ofsjoen fan Sturtsjebrek dêr 't de dingen planút by de namme neamd wurde, sa 't grif bern dat dogge (of tinke),