it lyk, de deade.
Doe 't er sels dea gong, ha 'k allinne mar oan dy iene kear tocht dat er slim lilk wie. Nei syn resytal - miskien wie 't maeike wol - bleau ik him rjocht oan sjen, en doe: ‘wolle jo in kwartsje Tsjalling?’
‘Fâl dea dou’, sei er. Ik tocht by mysels, ‘ja fansels ûngelok, dan hiest wer in dei frij’.
Sa wie Tsjalling, en Piebenga hat him goed tekene: ‘hy lake net, en hy gûlde net’. In magistrale typearring fan in figuer út in doarp fan in tweintich jier lyn, ek nei to fielen troch minsken dy 't him net kind hawwe. Der wiene in soad Tsjallings, en miskien noch wol.
It wurdt sa njonkelytsen tiid dat Freark Dam fan 'e hoantsjepôlle tusken Peins en Skingen in foto meitsje lit, hwant ek nou wer wurdt dizze oarde fan bidjêr/wille/spûkerij/boarterij/ frijerij troch Piebenga hiel essinsjeel brûkt (yntrodusearre yn ‘de rook fan mesjester’). Foar Piebenga skynt dizze pôlle wichtiger to wêzen as bgl. Koartehimmen om mar hwat to neamen, en ik kin 't my skoan yntinke:
‘SLEAUWE SUK. JUSTER HAT SE WER MEI
SJOUKE NEI DE HOANTSJEPOLLE WEST.
SE HIE IN ROSE BROEKJE OAN’
Ik wit perfoarst net oft Suk rôse broekjes oan of net oan hie, hwant ik bin noait mei har nei de hoantsjepôlle west. It seit lykwols wol hwat oer de bidoeling fan it ferske as sadanich: it jowt de essinsje wer fan it allinne - wêzen op 'e hoantsjepôlle. In rôse broekje! Net, se hie dikke boarsten of se woe net neuke. Né, in rôse broekje, dêryn leit alles bisletten. En tagelyk seit it hwat fan de skriuwer dy 't it hearde fan Sjouke. Net hy gong mei Suk, né, hy wist it fan Sjouke (selde problematyk yn ‘de rook fan Mesjester’).
En nou leau 'k dat ik mei ‘Suk’ bilânne bin yn ien fan de problemen fan dizze teksten fan Piebenga. Ik nim nammentlik oan dat hy net sûnder opsetsin (sjoch Tsjalling) nammen brûkt dy 't hy oan in persoan fêstkeppelje kin. Lês goed, oan in libjende figuer. De namme allinne al jowt him in (magyske) diminsje mear (foar my jildt dit foar in part ek, omt ik de figuren allegearre kin/kinnen haw).
Yn de tsien teksten fyn ik bgl: gerryt/tsjalling/suk/sjouke/vlaskamp/hindrik/ willem/jetse - maeike/ evert/sjouke/bavius. Ik freegje my ôf, hoe 't de teksten oerkomme - en komme se überhaupt noch oer - as men de persoanen achter de nammen net kin. Dat wol sizze, geane je as skriuwer net to fier (tsjinoer jinsels), nimme je wol genôch ôfstân as je dizze diminsje (dy 't allinne oan jinsels bikind is, en bgl. hjir âld - Peinsers) ynfiere. Mei oare wurden: wurdt it net tofolle doarpsnijs foar de ynwenners fan it doarp!
De skriuwer kin fansels anderje: jimme moatte de teksten objektyf lêze, sûnder to tinken oan persoanen of situaesjes. Dan kin er foar in part gelyk ha, mar oan 'e oare kant moatte je fêststelle dat er sels de achtergrounynfor-