fingers en lake lûd. se flypke in grouwe rachel op'e lêste foto. lyk yn'e nawle fan de op'e harsens hingjende frou.
dêrnei stapte se achter de beam.
sanna die de eagen ticht. pearse en readgiele stipkes giselen lâns syn eagen. froulju mei liven fan splinterglês en boarsten as flessen dreaune foarby.
doe fielde er it sied oer syn liif rinnen.
in waerm gefoel fan lege wurgens tearde him ticht.
op it fjild fan merkewille seach sanna har wer rinnen. deselde jas. deselde boarsten. deselde laits. nou fan wille. yn in kofjetintsje gong se sitten. en bistelde bier. hy roun deryn en socht njonken har in stoel en frege oft se der ek biswier tsjin hie. se lake blier en foun it altiid goed sa't se sei. se wie dochs mar allinne op in paed. dat sadwaende. hy dronk syn bier en bistudearre troch it glês har gesicht fan giele flonkerjende splinters. it skomjend bier forbruts har noas en eagen ta stikjes fan in kleurd rút fan glês yn lead. in venus fan in ûnbikinde kunstner.
yn it kofjetintsje sieten in lytse fyftich minsken. allegearre fordield oer hokjes foar fjouwer of twa. soms foar ien. yn'e midden stie in lange tafel dêr't tige lekkere oaljekoeken en rjemmesûzen to krijen wiene.
se sieten yn't earste hokje. en koene de minsken ek bûten lâns rinnen sjen. it waerd al hwat skimerich dat de oanstutsen ljochten fan reklames frjemde skynsels op'e gesichten toveren. ek op har gesicht, tocht sanna, spilen tsjustere frjemdsoartige skynsels om. hwat die en tocht dit fanke. hwat soe der nou op dit stuit yn har holle om gean. hjirre yn it lytse kofjetintsje. op'e merke fan goed en kwea.
har eagen stoarren nei bûten. oer it fjild fan ljocht, geraes en gewimel fan minsken. great en lyts. dan wer naem se in slokje fan har bier en glimke súntsjes. har hannen hood se om it glês. sa, dat de fingerseinen elkoar krekt reitsje koene. oan elke finger glinstere in ûnbidich greate ring. fierder murk er om har hals in apart snoer kralen fan âlde sinten, stûren en sulveren dûbeltsjes, har boarsten leine as heale pompoenen op'e rânne fan de tafel. har eachskaed wie pears mei in swarte achtergroun. pikant. en op'e rjochterwangbonke hie se mei in fyn pinsiel trije swarte stipkes setten. hwat soks to bitsjutten hie? mar nijsgjirrich wie't wol fansels.
doe't se de pils opdronken hie frege er oft se noch ien, fan him, ha woe. se kipe him in tel of hwat frjemd oan. netbigripend. mar knikte doe fan ja. wylst se har eagen yn fine spjaltsjes byelkoar tearde.
it bier wie de waerme kant it neist, mar it die bliken, lestich wie it daelk net. it gefoel dat der hwat troch jins kiel roun joech al in yntinse sensaesje. oer de glêzen hinne troffen har en syn eagen elkoar. sanna bispeurde earder in swarte as in brune kleur yn dy eagen. yn'e hoekjes gloarken readeftige stipkes.
de wjerskyn fan de ljochten bûten op it merkelân.
se setten it glês tagelyk del. sûnder kommintaer. doe lei se har lofterhân op syn rjochter en struts mei de fingerkessentsjes oer syn fingers en pols. tagelyk bigoun se to praten oer de merke. mei in sêfte hwat hease stim. it like wol oft se it net iens daelk tsjin him hie mar mear yn't algemien tsjin it folk bûten.