| |
| |
| |
A. van Hijum
Literatuerlessen Frysk foar VWO en Havo - top of hwerom 't men, as de wrâld forgiet, it bêste nei Fryslân gean kin.
Sûnt de kursus 1970/1971 bistiet foar learlingen oan skoallen foar VWO en Havo de mooglikheit Frysk as karfak yn harren eksamenpakket op to nimmen. Om 't er gjin goed Frysk literatuerboek is foar dit type skoallen hat it Pedagogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy in kommisje opdracht jown dêr hwat oan to dwaen.
Yn dit kader is der fan it Pedagogysk Wurkforbân d.d. 2 april 1970 in stensil útgien nei in biskaet tal minsken fan hwa 't forwachtte waerd dat se meiwurkje wolle soenen oan dizze literatuerlessen. Ek de skriuwer fan dit artikel hat sa'n stinsel krigen. De ynhâld wie:
‘In kommisje, bisteande út de hearen Ph. Breuker, F. Dam, L. de Jong, D.A. Tamminga, en dr. A. Wadman, hat op ús forsyk gear west oer it opstellen fan in skema foar in (losblêddige) histoaryske blomlêzing út de Fryske literatuer, ornearre foar VWO en Havo - top.
As earste resultaet fan dit oerliz binne nou yn ûntwerp twa modellessen ré kommen: ien oer Fedde Schurer en ien oer Trinus Riemersma. De lêste stjûre wy Jo hjirby foar kundskip ta. (...)
Sa 't út bygeande model - les bliken docht, wurdt it winsklik achte elke les to bigjinnen mei biskate biografyske gegevens en sa mooglik in koarte karakteristyk. Fierdersoan wurdt de skriuwster of skriuwer yn kwestje bihannele oan de hân fan moai - wiidweidige sitaten út har of syn wurk. Oan elke les wurde bibliografyske gegevens tafoege. (...)’.
Ut dit stinsel, mar foaral út de by it stinsel foege model - les oer Riemersma,
| |
| |
waerd mar al to dúdlik dat de kommisje to wurk gean woe neffens in nochal forâldere wurkwize. Oant sa likernoch 1920 wie it wenst dat literatuer bihandele waerd sa 't dizze kommisje yn 1970 woe mei literatuerlessen Frysk. Nei 1920 lykwols, mar foaral nei 1950 is der in stream publikaesjes loskommen oer literatuer en de theorie fan de literatuer. En dy publikaesjes oer de theorie fan de literatuer ha fan gefolgen hawn dat sa stadichoan de attitude tsjinoer it literaire kunstwurk foroare is. Ek yn Hollân, mar kennelik noch net yn Fryslân.
Yn de ynlieding fan it earste nummer fan de earste jiergong fan it literaire tiidskrift Merlyn waerd it stânpunt fan de redaksje fan dit tiidskrift sa omskrean:
‘De meest verfoeilijke eigenschap van de doorsnee essayist in ons land is zijn neiging nu eens filosoof te spelen, dan weer psycholoog, op de ene bladzijde als historicus te paraderen en als politicus op de volgende, en vooral één ding tot iedere prijs te vermijden: de behandeling van de tekst die hij voor zijn neus heeft. De verwaarlozing van het vakmanschap van de schrijver werkt de beunhazerij van de beschouwer in de hand.
De redactie van Merlyn zal uitgaan van het principe dat het behandelde object het einddoel dient te zijn voor de beschouwer, niet het toevallige startpunt van weinig ter zake doende betogen. Wat ons interesseert is wat de schrijver zegt, niet wat hij zou kunnen zeggen, of had moeten zeggen, of eigenlijk bedoeld heeft maar niet zegt.’
Ik ha it Pedagogysk Wurkforbân yn kennis steld fan myn biswierren tsjin dizze opset fan de literatuerlessen Frysk en op harren forsyk my dwaende hâlden mei in les oer deselde skriuwer, dy 't ek al yn de model - les behannele wie: Riemersma. Op in gearkomste op woansdei 6 maeije 1970 is doe praet oer de beide lessen oer Riemersma en dêr die bliken dat de kommisje fan it Pedagogysk Wurkforbân fan bitinken wie dat har model - les handhavene wurde moast. Fremder nôch wienen lykwols de net - kommisjeleden dy 't meiwurking tasein hiene foar de lessen foar fierwei it greatste part fan bitinken dat net de les fan de kommisje, mar de alternatyve les fan Van Hijum it best slagge wie. It sil dúdlik wêze dat dochs de les fan de kommisje handhavene is.
Tsjin de model - les fan de kommisje binne neffens my twa greate biswierren yn to bringen:
1. | Yn dizze les wurdt folslein foarbygien oan de wittenskiplike ûntjowingen opitgebietfande literatuerstúdzje. Binammen oan de theory fan de literatuer wurdt folslein gjin omtinken jown. |
2. | As de learling fan in skoalle fan VWO of Havo him dwaende hâlden hat mei dizze model - les oer Riemersma hat er noch gjin enkel binul fan de romans fan Riemersma om 't er oan de theoretyske aspecten fan de roman yn dizze les gjin omtinken jown is. |
It feit dat de kommisje miend hat der goed oan to dwaen en jow gjin omtinken oan literatuer - theory hat dus wittenskiplike en praktyske biswierren.
Om dizze stellingen to adstruearjen sil ik mei elkoar forgelykje de wize hwer- | |
| |
op 't yn de model - les fan de kommisje de romans Fabryk en De hite simmer bihandele binne en de wize hwerop 't yn de (troch de kommisje ôfkarde) les fan Van Hijum dizze romans bihandele binne.
Yn de model-les wurdt der oer Fabryk sein:
‘Yn Fabryk giet it oer in jonge labile arbeider, earst op it lân, letter op 't fabryk, fol pathologyske eangst - en skuldgefoelens, dy 't hjir sawol as dêrre en ek yn syn houlik mislearret en op 't lest op 'e jiskebult bidarret.’
- Se ha niis in weinfol tontsjes lege en binne mei nije wer ôfset. 'k Moat aensent oan it skjinspuitsjen, mar it stjonkt der nou as in kring, dat ik wachtsje mar even, it spul moat earst hwat bikomme. 't Is al wer in hiel skoft lyn dat der in pream mei stront fuortgien is, dat de troep leit nou hast oan it dak ta. Wol oardel meter leit der. 't Liket wol oft de lju oars net dogge as op 't húske sitte.
- Dat produsearje minsken: stront en jiske. Se kinne bôlle ite of ierappels of koeke of patates frites, stront wurdt it allegear. Tontsjes en tontsjes fol, forsierd mei stikjes papier en fan en ta in damesforbantsje. De produkten fan de geast lizze fierderop: âld papier, kranten, skriften, boeken, minnebrieven. Ik snip der hwat peteroalje oerhinne en stek de brân der yn: jiske.
- Lit se mar frette en sûpe, by my komt it allegear tolânne. O, ik laitsje om de greate mynhear dy 't him yn it hotel to barsten fret en om de nuffige famkes mei har kroket út de automaet. Ik sjoch dwars troch har moaije klean en har oppoetste hûd hinne dat se fanbinnen fol stront sitte. Moarn ride se de bringst hjir wer hinne, en de dames en hearen dogge mar krekt of witte se fan de prins gjin kwea.
- Lit se mar grouwe boeken skriuwe mei wit ik hwat foar wysheden, en lit se mar kranten printsje. Ik siz neat, ik doch oars net as wachtsje. De kranten haw ik in dei letter al en de boeken, dat mei in jier of tsien duorje, mar dan komme se ek, stikken en út de bân. Ik waermje myn hannen derby en ik gniis om de dwazen dy 't har der foar ynspand hawwe.
- Hjir rint de mienskip op 'e non: stront en jiske. Lit de dames en hearen de noas mar oplûke foar de dwinger, ik laitsje om harren. Alles hwat oerbliuwt fan dreamen en winsken leit hjir op in bult. Ik laitsje om 't nimmen my mear hwat wiismeitsje kin. Goed of kwea, moai of mâl, hjir bidarret it, en as it fjûr der oer gien is, is it ien grize massa. Ik sjoch troch elke moaiskyn hinne, ik wit hwer 't alles hinnegean sil, sels foar 't it noch bistiet.
- Soms klim ik op it dak boppe de strontkolk en sjoch it hear oer. O, dan fiel ik my ryk! Under my leit al mear as oardel meter en om my hinne waekse de bulten jiske heech as tuorren. Lokkich bin ik, lokkiger as ea, in kening bin ik yn myn eigen ryk en nimmen dy 't my hwat makket. Ik stean op it dak en fiel my sa greatsk. Der is noch ien ding dat ik graech woe en dan soe myn lok folmakke wêze, dat ik sa 'n fordomd eigenwiis preuts snotfanke fan in jier of achttjin by de kladden krije koe om har op 'e harsens yn 'e stront to triuwen. Mar myn dei komt wol en ik sil wachtsje. Ikke! Ikke, de God fan Stront en Jiske.
(út: Fabryk)
| |
| |
It is dúdlik: de man is like siik bleaun, selsynsjoch of katharsis ûntbrekke. Syn weake passivens slacht oer yn agressive en sadistyske aktivens, en dat foldocht net alhiel, likemin as de hallusinaire pathetyk hjir en dêr. Dat nimt net wei dat it boek him yn ien sike útlêze lit, net allinne troch de authentike en eigentiidske problematyk, mar ek troch it bychtkarakter fan de ik - foarm. Der is gjin ôfstân tusken de skriuwer en syn personaezje. Dizze saneamde bikentenisliteratuer, wenst wurden yn 'e sechstiger jierren, slút oan by it wurk fan bgl. Van het Reve, Vinkenoog, Cremer en Wolkers.
- Ofsjoen fan de ynkoherinte haedstiktitels, mist Fabryk humor en irony.
Myn greatste biswier tsjin dizze bihandeling fan Fabryk is dat de learling hjir neat wizer fan wurdt. Neffens my wurdt hjir boppedat oer Fabryk net de goede ynformaesje forskaft. It giet yn dizze roman nammentlik net yn it foarste plak om it feit dat in jonge labile arbeider yn lêste ynstansje (ek geastlik sjoen) op 'e jiskebult bidarret. Dat sil hooplik út myn bihandeling fan dizze roman dúdlik wurde.
Ek de opmerkingen hwermei 't yn de model - les de bihandeling fan Fabryk ôfsletten wurdt lykje my diskutabel en yn elk gefal totael net relefant. As der yn de model - les sein wurdt dat de arbeider út Fabryk siik bleaun is en dat selsynsjoch of katharsis ûntbrekke bitsjut dat neffens my dat de opsteller fan dizze les gewoan net bigrepen hat hwer 't it yn Fabryk om draeit. En as der sein wurdt dat de weake passivens fan de arbeider omslacht yn agressive en sadistyke aktivens, hwat de opsteller fan dizze les net foldocht, biwiist dat neffens my noch wer ris dat er yn dizze bisprekking fan Fabryk in hiel bulte saken oer de kop helle wurde, mar dat ien ding per sé net dien wurdt: de roman bihandelje. It liket my boppedat foar de lêzer net sa relefant en yn elk gefal net sa ynteressant to hearen hwat de opsteller fan dizze les al dan net foldocht yn de roman. De lêzer fan sa 'n les sil yn it foarste plak ynteressearre wêze yn de roman Fabryk.
Yn de alternative les fan Van Hijum wurdt der oer Fabryk sein:
De haedpersoan fan Fabryk is in boerearbeider, dy 't fan it boerebidriuw oergiet nei in fabryk. Yn de roman wurdt de lêzer forteld dat dy arbeider der, trochdat er oerstapt is nei it fabryk, dêr 't net it yndividu, mar de produksje fan bilang is, geastlik sjoen, ûndertroch giet. Dat soe men dan ek it haedthema fan Fabryk neame kinne: De automatisearring, mei syn eask fan produksjeforheging, dy 't yn dizze maetskippij fan sa folle bilang wurden is, kin foar it yndividu tige skealike gefolgen ha.
Under haedthema moat dus forstien wurde: dat gegeven dat winliken de kearn is dêr 't de roman om draeit.
It is mooglik om foar Fabryk sa 'n haedthema oan to wizen, en dat jildt foar elke oare roman ek.
Troch sa 'n haedthema hinne kin de auteur in hiel soart oare saken flechtsje, dy 't mei elkoar oan it haedthema as sadanich mear relief jowe. Dat kinne we themata neame.
Yn Fabryk is ien sa 'n thema de seksualiteit. De fabryksarbeider krijt nammers, om 't er him yn it fabryk net op syn plak fielt en yn syn hert bang is foar dat fabryk it idé, dat er ympotent is. En dat is psychologysk sjoen wol nei to kommen.
‘Ik haw langst nei dy’. Hja treau har antlit yn myn hals.
‘Al fiif nachten hast net by my west’, sei hja en wachte oant ik bigjinne soe.
Ik koe amper de energy opbringe om de lieding to nimmen. Masinael bigoun ik oer
| |
| |
har heup te aeijen en skoude har rok omheech.
‘Alles?’ Hja skodholle. Hja hie in broek oan dêr 't ik net oars fan waerd. Ik smiet it ding ûnder it bed en biet yn har billen en boarre myn holle tusken it hier. Mar it holp net, ik waerd net wyld. Tominder noch doe 't hja myn scrotum hifke. Ik koe it net útstean, it wie of taestte hja tusken de weake kwabben fan myn harsens.
‘Ophâlde!’ rôp ik. Fiersto wreed, har eagen seagen my eangstich - forwûndere oan. Ik tute har om it goed to meitsjen.
‘Oer mijn rêch’, sei ik. Ik skoude op har en biweegde om in ereksje to krijen, mar dy kaem pas nei 't ik my in skoftlang sterk konsintrearre hie op de oantinkens oan feestlike nachten, en doe noch mar sleau en ûnfoldwaende: doe 't ik it kondoom oanbringe woe, sakke alles wer ôf. Hja hie myn manipulaesjes swijend folge, mar doe 't hja seach dat it net woe, sei hja: ‘Ik kin der ek noch wol in kear sûnder, ik haw it krekt hawn.’
Op 'e nij spande ik my yn, mar it kaem net wer. Ik frege om har oantreasting, en tagelyk stiene my dy tsjin. Ik hiet har de eagen iepen to dwaen, mar doarst har dochs net oan to sjen. Op it lêst klaeide ik har hielendal út. It hie net moatten, har oars sa moaije boarsten huveren as weake kwallen oer har ribben hinne en wer. De hite fochtigens tusken har lippen fielde nou lau. De geur rôp dizkear neat yn my wekker. Of neat - ik fielde dat dizze frou it leafste wie dat ik bisiet, dat ik noch nea sa fan har holden hie, mar tagelyk wist ik dat ik har it biwiis dêrfan nou net leverje koe. Ik forburch myn eagen yn har hier wylst ik flústere: ‘Ik kin it net.’
Hja woe de toloarstelling net wêze. Hja helle my oan en sei: ‘Dou bist to wurch. Moarntojoun bist útrêst.’
(út: Fabryk)
De ik - figuer bliuwt dan, nei 't syn frou har wer oanklaeid hat, allinne op bêd lizzen en tinkt noch hwat nei oer hwat der krekt bard is.
Botte taktfol hiene myn wurden net west: Ik hie it dy graech dwaen wollen, mar ik kin it net! Hwat in stomme en hertleaze útlitting, krekt of hie ik der sels gjin bilang by. Mar - it sloech my as de bliksem troch de holle - hie ik yn myn groffe ûnnoazelens miskien de wierheit sein, de wierheit dy 't ik op dat stuit noch net bisefte? Ik hie sizze wollen: Ik hâld fan dy, mar ik kin it net. Ik wol wol, mar it ding wol net. Dat hie ik har foarlige wollen en miskien soe ik har ek noch wolris soksahwat wiismeitsje, om 't de nije ûntdekking noch to pynlik wie: dat ik it net koe, kaem trochdat myn leafde foar har yn it neigean wie. Der wie gjin skied tusken fan ien hâlde en mei ien op bêd gean. Der wie gjin spjalt tusken ik en it ding. Myn tearste, ynlikste ‘ik’ siet yn dat lytse orgaen. Ik hie it field doe 't hja der nei taestte. Ik wie ûnnedich en ûnearlik om mysels, en har, langer foar de gek to hâlden. Ik kin it net, hwant ik wol it net: ik liz ûnynteressearre en ûnkapabel tusken dyn ljisken.
(út: Fabryk)
It wurdt de lêzer mooglik de relaesje tusken it net-kinnen fan de ik-figuer en it fabryk to lizzen as inkelde siden fierderop it wurk dat de ik-figuer yn it fabryk dwaen moat sa werjown wurdt:
Nou 't de masines wer bigjinne swijt elkenien. De earste doas gliidt op de bân, en dêrmei falle it lichem en de tinzen yn har gewoane tear. De iene doas nei de oare, doazen en gjin ein. Dêr griente, dan buskes, hjirre doazen en fierderop kratten, frachtauto's fol. En oare auto's tôgje al mar troch nij iten oan foar de fret - op dy 't fabryk hyt. Wy binne iensellige troch nij iten oan foar de fret - op dy 't fabryk hyt. Wy binne iensellige wêzens yn de terms fan it bist en dogge elk ús hantaest oan de stofwiksel. Soms tink ik, it is in spin, dy 't midden yn syn webbe sit to wachtsjen. Dan wer mien ik dat it in inketfisk is de earmen krôljend nei alle kanten de bek yn it wiidst iepen. Hy sit yn in tsjustere herne, dêr 't nimmen forkeare wol, mar dêr 't lykwols elkenien hinne lutsen wurdt troch de biologisearjende macht fan de eagen, oant men biknypt wurdt yn de útswarmjende tentakels. Hy slokt jin troch, hy sûcht alle krêften út jin wei, dat men willeas en ûntmanne yn syn yngewanten swevet as de eunuchen yn de binnensealen fan in eastersk foarst. En elk slachtoffer dat er forwurket, makket him sterker oant er ienris alles oerwoun en by him ynlive hawwe sil.
| |
| |
As ik foaroerhingje om in buske, dat driget hingjen to bliuwen, in triuw to jaen, stompt de doaze tsjin myn ûnderliif oan. Ik stap fuort tobek. Alle kearen dat my dat oer komt, moat ik oan pearing tinke. Hy stjit as in man. Mar ik bin ek in man. Hy stompt bihearske sûnder opteinens, lykas guon lytse krobben, dy't it dogge om 't it nou ienkear moat.
(út: Fabryk)
Ut it boppesteande sitaet kinne we opmeitsje hoe 't in thema lykas de seksualiteit yn Fabryk meiwurkje kin oan de wurking dy 't it haedthema foar de lêzer hat.
Der is lykwols noch in faktor dy 't foar de lêzer by it lêzen fan in roman tige wichtich is. En dy faktor kinne we neame it perspektyf.
It is nammers sa dat de lêzer alle kennis dy 't er krije kin oer de wrâld dy 't yn de roman tekene wurdt tanket oan de forteller fan dy roman. Dizze forteller is fansels net identyk mei de auteur fan de roman, alteast dat is net needsakelik.
De struktuer fan de roman wurdt yn it foarste plak bipaeld troch it perspektyf dat de forteller ynnimt neffens it forhael dat er fortelt. Hy kin folslein bûten it forhael stean dat er fortelt, objektyf werjaen hwat er fan bûten ôf sjocht. Tink yn dit forbân bygelyks mar ris oan in televyzjekamera, dy 't objektyf werjowt hwat er opnaem hat. Sa kin ek de forteller yn in roman werjaen hwat er sjocht. We soene dit in objektyf perspektyf neame kinne.
Oan de oare kant lykwols is it ek mooglik dat de forteller sels in rol to spyljen hat yn it forhael dat er ús fortelt. Hy kin sels haedpersoan wêze fan dat forhael. Tink bygelyks mar ris oan in auto - biografyske roman. Yn dat gefal soene we prate kinne fan in subjektyf perspektyf.
Nou is it mooglik dizze ûnderskieding tusken objektyf en subjektyf perspektyf to koppeljen oan in oare ûnderskieding, nammentlik de ûnderskieding tusken ik - roman en hy - romans.
Ik - roman: |
As in roman folslein skreaun is yn 'e ik - foarm, dan bitsjut dat foar de lêzer dat hy foar syn ynformaesje oer alles hwat der yn 'e roman bart, folslein ôfhinkelik is fan de fisy fan de ik-figuer. It bitsjut dat de lêzer oer bygelyks de tinzen fan de oare persoanen dy 't yn 'e roman in rol spylje neat mear wit as de ik - figuer. It perspektyf fan de ik - roman is keppele oan de ik - figuer. Subjektyf perspektyf. Dit hat foar de lêzer ek fan gefolgen dat er twongen is him oan de ynterpretaesje fan bipaelde feiten fan de ik - figuer to hâlden, dat er him oant op sekere hichte identifisearret mei de ik - figuer. |
Hy - roman: |
It sit by de hy - roman al oars. Hjir ha we to krijen mei in forteller dy 't boppe it forhael, dat troch him forteld wurdt, stiet. De forteller kin, oars as by de ik - roman, bipaelde foarfallen fortelle litte troch forsk illende roman-persoanen. Dit hat foar de lêzer fan gefolgen dat er foar syn ynterpretaesje fan bipaelde saken net folslein ôfhinklik is fan ien fan de persoanen fan de roman. Dit hat ek fan gefolgen dat de lêzer mear fan de diverse romanpersoanen to witten komme kin as dy persoanen sels fan elkoar witte kinne.
Objektyf perspektyf. |
Bisiikje we nou, hwat der krekt sein is oer it perspektyf ta to passen op Fabryk, dan sjogge we dat we to krijen ha mei in ik-roman. Wy, as lêzer, binne foar ús ynterpretaesje fan datjinge hwat der yn de roman bart, folslein ôfhinklik fan de ik - figuer, de fabryksarbeider, en dat hat fan gefolgen dat wy, as lêzer ús ûnder de lektuer ek foar in part identifisearje mei de ik - figuer. Dat, en it feit dat de skriuwer yn syn haedthema de lêzer in tige eigentiidske problematyk oanbiedt soene der wolris mei de redenen fan wêze kinne dat dizze roman op de lêzer sa 'n djippe yndruk makket.
It liket my wol dúdlik hoe 't it komt dat myn ynterpretaesje fan Fabryk sa fier ôfwykt fan de ynterpretaesje fan de gearstaller fan de model-les:
Myn útliz birêst op in strukturele analyse fan dizze roman. De gearstaller fan de model - les lykwols hat de roman ien of mear kearen trochlêzen en hat doe sa mar hwat
| |
| |
oanjown hwat hy derfan foun. Dêrby hat er net sa sear it boek ta ûnderwerp fan syn skôging makke, mar folle mear syn miening oer it boek. En dêr komt men ek maklik ta, as men totael gjin omtinken jowt oan literatuertheory.
Hjirby komt dan noch dat men út de model - les in folslein fortekene byld kriget fan Fabryk. It giet yn dizze roman net om samar in arbeider dy 't mislearret. Dizze roman hat as haedthema hwat ik yn myn les neamd ha: in yndividu dat, mei 't er yn dizze kapitalistyske maetskippij, mei syn eask fan automatisearring en produksjeforheging libje moat, út syn millieu (de lânbou) helle wurdt en dêroan kapot giet. En yn dy sin soe men sizze kinne dat Riemersma yn Fabryk, as ien fan de earste skriuwers yn Fryslân, in stikje existentialistyske problematyk forwurke hat, kompleet mei de idee fan it absurde.Ga naar eind1.
Ek oan de wize hwerop 't de roman ‘De hite simmer’ yn de lessen bihandele is wurdt moai dúdlik dat de gearstallers fan de lessen fanút folslein forskillende achtergrounen to wurk gien binne.
Yn 'e model-les fan de kommisje wurdt oan dizze roman navenant mar in lyts bytsje omtinken jown:
De roman De hite simmer hat wol hwat fan De skriuwer foar it Doarpsbilang. De auteur stiet hjir boppe syn forhael, hwat ek bliken docht út de komposysje, dy 't wol like nij as dy fan Minskrotten - Rotminsken is, mar gâns stranger. Neffens de toan en ynhâld goed typearjende ûndertitel is it ‘in trije - slachtige roman oer it libben en de dea fan de seksbom tsjin wil en tank Evelyn Tysling en de reboelje yn it doarp Blauwier, neffens de wiere feiten forhelle, foar kristenen biarbeide en fan kommentaer foarsjoen troch Tr. Riemersma, bifetsjende a. it manlike of himelske part, b. it froulike of ierdske part, c. it ûnsidige of ûnderierdske part’. It a-forhael jowt de fisy fan in tige rjochtsinnige, mar o sa loebeseftige âldering, it b-diel is aerdich objektyf, wylst in bûtensteander troch ynterviews bisiket yn it c - part de gong fan saken to rekonstruearjen.
Yn de les fan Van Hijum wurdt oan De hite simmer gans mear omtinken jown, ek al om 't dizze roman, qua komposysje, yn de Fryske literatuer nij neamd wurde kin.
Van Hijum sei er dit fan:
De ynhâld fan De hite simmer wurdt troch de skriuwer sels al yn in soarte fan foaropwurd oan jown: ‘in trijeslachtige roman oer it libben en de dea fan de seksbom tsjin wil en tank Evelyn Tysling en de reboelje yn it doarp Blauwier, neffens de wiere feiten forhelle, foar kristenen biarbeide en fan kommentaer foarsjoen troch Tr. Riemersma, bifetsjende a. it manlike of himelske part, b. it froulike of ierdske part, c. it ûnsidige of ûnderierdske part’.
It nijsgjirrige fan dizze roman is dat de skriuwer ien en itselde ûnderwerp - it libben en de dea fan de seksbom Evelyn Tysling en de reboelje yn it doarp Blauwier - op trije forskillende manearen oan 'e oarder stelt:
De roman De hite simmer is fordield yn trije forhaelstreamen.
Yn forhaelstream a. fortelt in tige rjochtsinnich kristen hoe 't de saek Evelyn Tysling contra Blauwier neffens him yn feite lei. De lêzer kriget forhaelstream a oanbean yn 'e ik - foarm. Dat bitsjut, we ha it by it bisprek fan Fabryk al sjoen, dat dizze forhaelstream in tige subjektyf perpektyf hat. De lêzer komt oer de saek Blauwier yn forhaelstream a. allinne mar to witten hoe 't de kristen út Blauwier de saken sjocht. Alteast, dat soene je op it earste gesicht sizze. De skriuwer hat lykwols yn forhaelstream a. in soarte fan dûbele boaijen makke trochdat de kristen út Blauwier bipaelde opmerkingen makket dy't men nou net direkt fan in tige rjochtsinnich kristen forwachtsje soe:
(...) Mar wy, yn Blauwier wy, de stikmannich dy 't ûnfetber wiene foar de geslachtlike goarre, gyngen mei frezing en beving troch it fromme doarp. Hwant wy wisten jit net hwat de Heare oer ús bisletten hie en wy eangen Syn straf en wy sieten yn noed dat de Heare Syn Geweldich Orgaen ûntbleatsje soe om, de ierde biwetterjend mei Syn Wetter, ús yn in twadde sintfloed to fordrinken. Hwant alhoewol 't wy lêzen hiene yn 'e Hillige Skrift dat de Heare sward hat de ierde nea wer ûnder in wetterfloed forgaen to litten, joech ús dat net folle treast, hwant wy witte ek út gâns forhalen dat de Heare is foar en nei noch alris fan gedachten foroare en Syn moarnspraet is Syn jounspraet net.
(út: De hite simmer)
As de kristen út Blauwier it hat oer God dy 't Syn machtig Orgaen wolris ûntbleatsje
| |
| |
kinne soe om de ierde yn in twadde sintfloed to fordrinken, dan is it foar de lêzer wol dúdlik dat hjir net de Blauwierster kristen oan it wurd wêze kin, mar dat achter dy kristen de skriuwer fan dizze roman efkes sichtber wurdt. En yn dy sin wurdt dan ek it tige subjektive relaes fan de kristen troch de skriuwer relativearre. Mei oare wurden: it subjektive perspektyf fan forhaelstream a. is net sa subjektyf as men op it earste gesicht sizze soe. Yn forhaelstream b. wurdt de lêzer konfrontearre mei it relaes fan in skriuwer. En hjir kin praet wurde fan in subjektyf perspektyf. De skriuwer seit hoe 't de saek Blauwier neffens him foroun is.
Yn forhaelstream c. wurdt troch in man dy 't fraechpetearen hat mei de ynwenners fan Blauwier, bisocht de saek Blauwier to rekonstruearjen. Hjir kin praet wurde fan in objektyf perspektyf, alteast dêr hwer 't de fraechpetearen werjown binne.
De fraech dy 't de lêzer neidat de roman útlêzen is, stelle sil moat hast wol wêze: ‘Hwat binne de gefolgen foar my, as lêzer, fan it feit dat Riemersma yn dit boek krekt dit prosédé tapast hat?’
It feit dat in skriuwer ien en itselde ûnderwerp trije kear troch forskillende persoanen oan 'e oarder stelle lit hat foar de lêzer fan gefolgen dat de ynformaesje dy 't hy kriget oan djipgong wint. De lêzer sil better by steat wêze syn hâlding, neffens datjinge hwat oan 'e oarder steld is, to bipalen.
Dêr neist is it ek noch sa dat de lêzer, troch 't er op trije forskillende wizen mei it ûnderwerp konfrontearre wurdt by steat is ôfstân to nimmen fan de persoanen dy 't as forteller fan dat ûnderwerp fungearje. En dêrmei sitte we dan direkt by it haedthema fan De hite simmer. Dit soe men neame kinne: it oan de kaek stellen fan de bikrompen doarpsmentaliteit neffens seks en hwat mei seks gearhinget.
Hie De hite simmer allinne bistien út forhaelstream a. dan wie de dûbele morael, sa 't dy út it forhael fan de kristen - forteller nei foaren komt as we ek biskikke oer de ynformaesje dy 't we krije út forhaelstream b en c. net of net sa dúdlik nei foaren kaem.Ga naar eind2.
Ek hjir blykt wer dúdlik dat yn de model - les gjin omtinken jown wurdt oan literatuertheory. En dêrtroch wurdt fan bipaelde facetten fan De hite simmer net dúdlik oanjown hoe 't se wurkje foar de lêzer. Oan 'e oare kant blykt ek hjir wer dat de gearstaller fan de model - les, út gebrek oan theoretyske achtergroun, bipaelde facetten fan de roman net goed taxearret. (Sjoch bygelyks syn ynterpretaesje fan forhaelstream a tsjinoer de ynterpretaesje fan Van Hijum).
Hwerom kom ik nou op dizze saek werom?
Wol men hwat meitsje fan de yn it kader fan de Mammoetwet jowne mooglikheden foar it fak Frysk, dan sil men, séker yn de heechste klassen fan VWO en Havo, hwerfoar 't de literatuerlessen ornearre binne, bisiikje moatte op adekwate wize oandacht to jaen oan de Fryske literatuer. Boppedat sil men derfoar soargje moatte dat it fak Fryske literatuer foar de learlingen attraktyf wurdt. Frysk is nammentlik foar learlingen oan VWO en Havo fan Fryslân net in forplicht fak, mar in karfak. It fak Fryske literatuer krige alline dan in optimale kans, as de learlingen it gefoel krije dat se greep ha op de stof. Dat lykwols is allinne mooglik as men net mei de eagen ticht foarbygiet oan wittenskiplike publikaesjes oer literatuer. En dat hâldt dan wer yn dat men minder praet oer de húslike omstandichheden fan de skriuwer, syn al/net kalvinistyske achtergroun, dy 't al/net in rol spile hat by it ta stân kommen fan it wurk en mear de klam leit op it objekt: it literaire kunstwurk. Men moat bitinke dat net elk op 'e hichte wêze kin fan it tiidstip hwerop 't it soantsje fan skriuwer X de bof hawn hat, wylst men wol forwachtsje mei dat
| |
| |
elk op de hichte is fan de literaire produkten fan skriuwer X, seker as skriuwer X yn 'e klasse oan 'e oarder steld wurdt.
Yn de model - les fan de kommisje fan it Pedagogysk Wurkforbân wurdt to wurk gien neffens in prosédé dat, sels yn 'e Hollânske literatuerwittenskip, al sa'n tsien jier net mear tapast wurdt. De Dútser fan hwa 't men ha wol dat er sei dat hy, as de wrâld forgean soe, nei Hollân gean woe, om 't dêrre dochs alles 50 jier letter bart, as yn de rest fan de wrâld, hat dan ek grif gjin weet hawn fan it bistean fan Fryslân.
|
-
eind1.
- In ûndersiik nei de struktuer fan Fabryk sil meikoarten yn dit tiidskrift forskine. It is yn manuskript klear.
-
eind2.
- Foar in ûndersiik nei inkelde aspecten fan de struktuer fan De hite simmer forwiis ik nei nr. 3/4 fan de jiergong 1970 fan Trotwaer.
|