| |
| |
| |
Tr. Riemersma/Nei de kremaesje
De kaféhâlder line mei de earmtakke op 'e taep, de hân ûnder it kin, de wiisfinger foar de mûle lâns ûnder de oerkapping fan 'e walrussnor.
- Oan 'e taep hong in fint mei in boarrel. Hy fortelde hwat, oan 'e kaféhâlder miskien. Der hong in hartekop tusken de flessen.
- ‘Hjir siet se faek.’
- Hja seach fan it kopke dêr 't se yn rette nei syn gesicht. Hja knikte. ‘Wy ha hjir ek wol meiinoar west,’ sei se.‘Witst noch wol?’
- ‘O ja... Dy tiid... Sa hie it bliuwe moatten!’
- ‘Hie dat mar sa bliuwe kinnen...’
- ‘Ik wit noch noait... Noch hyltiten freegje ik my ôf hwerom 't it sa moast, dat ûnbigryp, dat hurde en wrede.’
- Se dronk har kofje op en seach him oer it kopke hinne oan. Se skodholle even.
- ‘Dat wrede kaem troch it ûnbigryp, bidoel ik. It wie net om wreed to wêzen, mar trochdat se it net bigriepen. Titus ek net. Of nou wol?’
- ‘Né,’ sei hja. ‘Hy kin it net bigripe. Hy makket him der lilk om, en hy docht derop ôf... Mar ik leau hyltyt mear... nou ja, dat it ek jalûzy is... Hy mist...’
- ‘Dat haw ik... Nim my net kwea. Hwat woest sizze?’
- Se glimke. ‘Dat se beide ek oergunstich wienen.’
- ‘Dat haw ik ek faek tocht fan Rinske. Net dat ik it har kwea nim.’
- ‘Né,’ sei hja, ‘hwerom soenen wy?’
- ‘Mar it makke har eigen libben sa swier.’
| |
| |
- ‘En dines.’
- ‘Dêr wol ik nou net op komme.’
- ‘Né, Pier, ik siz it ek net om har oantins... Dou witst wol dat ik fan har hold, sa 't se wie, mei har gebreken. Mar ek har goeije dingen, har spontaniteit, har gollens.’
- ‘Se hat bytiden sa 'n geweldige frou foar my west, se koe soms op in stuit, hielendal, folslein... Dou witst it wol.’
- ‘Jawol. Mar it forskuorde yn har, dat se har net deljaen koe... Leave jonge, dêr hat se dy sa sear mei dien. It is sa fijn fan dy, datst goed oer har praetst...’
- Hy glimke. ‘Dat moat, nou?’
- ‘Ja, dat moat ek. Wy meije noait kwea oer har tinke. Mar sy kwetste dy sa mei har wrede wurden, en se fornedere dy sa mei alles mar to sizzen as in oar der by wie... Eigentlik helle se harsels freselik omleech.’
- ‘Ja, sá haw ik dat ek altiten field, Ankje.’ Hy lei syn hân op harres. ‘Wolst noch kofje?’
- ‘Jawol. Ik bin kâld wurden.’
- ‘Noch twa.’
- De walrus knikte en kaem snuvend oerein.
- ‘Ja Ankje, dat foun ik ek. Se forlege harsels sa troch dy platte en gemene wurden. En dan al dy yntime dingen bismoarkje. Mar ik foun it sa slim foar harsels. En dêrom bisocht ik altyd har to kalmearjen, mei reedlike wurden. Of troch gewoan fuort to gean en it net to hearren. Hwant as ik it net hearde, dan hie se it eigentlik ek net sein.’
- ‘Dat wie it bêste. Mei sokken is dan dochs net to praten... Dat foun ik doe sa healwiis fan Titus, dat hy miende dat er Rinske de mûle snuorje moast. Hy wie ommers krekt gelyk. Witst noch wol?’
- ‘Né - e... Hwannear wie dat?’
- ‘Ommers... Jonge, ús earste kear...’ flústere se, om 't de walrus de kofje op tafel sette.
- ‘O, ja... Leafste. Mar ik wit it net mear. Hwat wie der doe mei Titus?’
- ‘Doe kamen sy fan boppen, se hienen der mar even west, en fuortdernei sieten se op 'e trep to gnizen. Gewoan, it hie har hielendal neat dien, beide net. En doe seach Rinske letter oan ús dat wy geastlik ien wurden wienen, en dat koe se doe net ha. En doe bigoun se ommers dat akelige allegear to neamen.’
- ‘Dat wit ik net mear.’
- ‘Né, dat kin je mar it bêste daliks forjitte. Ik wit it ek net iens krekt mear. Mar doe waerd Titus sa lilk op har, dat er har pakte. Witst dat net? Yn 'e keuken.’
- ‘Né, dat haw ik net fornommen. Ik haw doe allinne dy mar sjoen, leafste.’
- ‘Ja, ja jonge. Mar ik kaem dêr doe, en doe sei er tsjin har, dat se ophâlde moast mei dy út to skellen en dy al dy dingen to forwiten, oars soe er har it hûs útsmite. Mar hy koe har amper hâlde, sa oerstjûr wie se. Gewoan fan jalûzy.’
| |
| |
- ‘Titus wie oars net jaloersk, leau 'k. Hy gniisde der tominsten om en hy makke noch in fleske bier foar my iepen.’
- ‘O né, it gie him gewoan by de klean del. Freselik, hin? Dy oare deis kuijeren wy in eintsje en doe sei er: Hwat bin wy greate gekken net? Mar ik haw der gjin spyt fan, en it hat my neat dien, dat sei er.’
- ‘Dat sei er doe ek tsjin my: Hwat bin wy greate gekken, net ju. En doe pakte er in fleske bier. Mar ik haw doe neat weromsein.’
- ‘Né, dat wie it bêste. Ik haw doe ek sein dat ik der gjin spyt fan hie. Mar it hie my wol freselik rekke, it wie sa great nou? Dy ienheit. En ik tocht, o, hwat is it slim datstou gewoan even mei in oar giest en der letter om lakest.’
- ‘Dat wie eigentlik tryst. Dat sy gjin gefoelsbiningen lizze koenen. Eigentlik misbrûkten se inoar.’
- ‘Ja, jonge... Datstou dat ek sa oanfielst!’
- ‘Hwat sy dienen, dat wie hwat omleechheljen. Mar wy bouden hwat op.’
- ‘Ja, Pier. O jonge, dou en ik fiele sa gelyk! Dêrom koenen wy letter ek net mear prate. Hy foun hwat tusken ús wie folle slimmer, om 't wy inoar sa djip leaf hienen. Mar dat heart ommers sa to wêzen, oars misbrûke je inoar allinne mar. En dan tink ik ek wolris, o jonge, ûndergiest dit nou hielendal net? Hwant ik fiel it sa djip. Hwant ik hâld noch altyd fan him, oars soe ik my net jaen kinne.’
- ‘Né, néwisnet.’
- ‘Mar eigentlik is myn hert by dy, Pier.’
- ‘Ja, hwant hwat tusken ús bistiet, dat is net to brekken, dat leit sa djip, Ankje.’
- ‘Ja, dit is sa djip, en sa heel oars as gewoan leafde, of foreale wêze op ien. Dêrom docht it myn houlik ek gjin skea, om 't it op twa heel forskillende nivo's leit. As Titus him der net sa lilk om makke, dan koe dit rêstich neist inoar bistean. Mar hy makket it krekt stikken troch syn wantrouwen en syn wrede wurden.’
- ‘Soe hy wol witte hwat leafde is, echte djippe leafde?’
- ‘Né, dat wit er net. Hwat ik foar him field haw, en noch fiel, noch sa graech fiele woe, dat kin hy net bidjipje. Dêr wâddet er oerhinne.’
- ‘Ja, ik wit it wol, ik haw it ek ûnderfoun. Je biede je oan, iepen en earlik, en dan rinne se oer je hinne en skoppe je fuort. En dan bisykje je it dochs wer, mar op 't lêst kinne je net mear, dan geane je ticht. Dan spylje je in rol, en doare je net mear earlik to wêzen.’
- ‘Ja, Pier, sá is it. Dou en ik hawwe presys itselde ûndergoun. Ik eigentlik al fan it bigjin fan myn trouwen ôf. Ik ha altyd bang west dat Titus op in dei mei in oare frou gean soe en my en de bern sitte litte. Ik haw altyd witten dat ik op in dei allinne wêze soe. Jolly hie er ha wollen, en ik tocht dat er op in kear nei har tagean soe.
- ‘Dat fanke dêr 't jim forline simmer by útfanhûze ha?’
- ‘Ja, dy. Ik hie altyd it gefoel dat er my minder foun as har.’
- ‘Hat er altyd kontakt mei har hawn.’
| |
| |
- ‘Né, sûnt wy troud wienen hat er net wer mei har skreaun of sa.
Sy hat noch alris by ús west. En letter doe 't sy troud wie hawwe wy wol wer byinoar west. Mar dy eangst dy earste jierren, dat er my sitte litte soe, dat hie er my net oandwaen moatten. Dêrmei hat er fan 't bigjin ôf my fan him forwidere. Ik wie mar tydlik foar him, ik wist it.’
- ‘En je bisykje it dochs, je miene dat je leafde sterkernôch is om de oare to binen.’
- ‘Ja, en doe bin ik bigoun to hoopjen op in freon. Of eins al earder, doe 't ik Titus kennen learde tocht ik dat hy dy freon for my wêze koe. Mar hy hat it noait west. En doe bin ik bigoun to hoopjen op in freon. Ien dêr 't ik my by útprate koe, en dy 't my helendal oanfielde. Net in oare man, mar in freon. Of in freondin. Hwant as dou en ik beide manlju wienen, of beide froulju, dan soe it tusken ús gelyk wêze, nou? Dat bigrypt Titus net. Hy makket der hwat ordinairs fan. Hy wol net ynsjen dat der in djippe freonskip mooglik is. Hy hat gjin freonen, hy praet allinne mar oerflakkich mei oare minsken.’
- ‘Ik haw ek noait echt mei him prate kinnen, hoefaek ik it ek bisocht haw. Hy gyng der net op yn, hy bisloech alles mei de gek. Hwerom eigentlik?’
- ‘Hy doar syn gefoelens net bleat to lizzen. Ik haw earst freselik by him opsjoen, mar pas letter haw ik yn 'e gaten krigen hoe lyts hy fanbinnen is, en doe 't ik it wist, doe waerd er freselike lilk op my. Hy foun it forskriklik dat ik him troch hie.’
- De fint oan 'e bar rekkene ôf en sjoude de doar út. De walrus liet in bierfiltsje draeije. Hja swijden. Der kamen twa fankes yn loshingjende maksimantels nei binnen. Se gyngen oan 'e bar sitten.
- ‘Nou ha wy har fuortbrocht.’
- ‘Ja.’
- ‘Ik haw der al heel lang bang foar west. Se easke safolle, en dat jowt it libben net.’
- ‘Yn har jeugd hat se hwat mist, en dêrom koe se it letter noait fine. Soe it dêr net fan komme?’
- ‘Ja, miskien lei it oan har jeugd. Ik koe it tominsten net foroarje. En ik hie it sa graech wollen. Ik haw bisocht oan har winsken to foldwaen, mar it waerd earder minder as better. Dou witst it wol, Ankje, it koe op 't lêst net mear. Ik wie gjin libben mear.’
- ‘Né, jim moasten útinoar. Ek om har.’
- ‘**Ja, mar ik woe har net fuortstjitte. Ik woe op har passen bliuwe. Ik tocht dat as se in skoftlang by my wei wie, dat ik har letter wer opfange koe. Mar safier
- ‘Sy rekkene al net mear op dy.’
- ‘Né, ik tocht noch wol altyd oan har, mar sy skynt alles kwyt west to hawwen. Sy wie net mear to helpen. Tja...’
- ‘Dit koenen wy allinne noch foar har dwaen.’
- ‘It lêste.’
| |
| |
- ‘It wie dochs fijn. Oangripend. Net tryst, mar hwat jubeljends. De muzyk wie sa geweldich. Mozart?’
- ‘In diesen heiligen Hallen...’
- ‘Ja, dat wie foar har. En ek foar ús.’
- ‘It moast sa, ik wist dat it sa komme moast... en dochs... En ik hold noch sa fan har, Ankje, dat witst wol, nou?’
- ‘Ja, jonge.’
- ‘De wrâld bigriep it net. Dat wy byinoar bleauwen net, en net dat wy útinoar wienen en dochs noch sa 'n goed kontakt hienen. Dat bigriep de wrâld wer net. Dy 't it net wit, dy jowt mar gau in maklik oardiel. En in hurd oardiel. Mar gjinien wit hoe 't sit. Allinne dy 't it oangiet. Hwat tusken ús is, dêr bigrypt ek net ien hwat fan. Rinske net, en Titus ek net, nou? En dy moasten ús dochs kenne. Mar de wrâld is net subtyl genôch om dit to sjen. Hwant leafde is heel hwat bysûnders. Der is hwat, dêr 't mar inkelden weet fan hawwe, en dat soms yn gedichten opklinkt, en yn moaije romans. De freonskip dy 't twa minsken mear bynt as alle oare bannen. In freonskip dy 't neat yn 'e wei stiet, ek de leafde fan man en frou net, mar dy 't safolle, folle djipper giet.’
- ‘O ja, Pier. O jonge. Dou kinst it sa moai en wier sizze. Ik woe sa graech dat ik dy wurden ek hie om it sa to uterjen, mar ik kin it allinne mar sa fiele.’
- ‘Mar dat is it ommers ek yn wêzen, Ankje, it fielen. It giet net om de wurden, hwant wurden forniele faek mear as se opbouwe. It giet om it djippe fielen, it witten dat je heel djip forboun binne, dat je byinoar hearre.’
- ‘Ja, jonge. Hienen Rinske en Titus dat djippe mar sjen wollen. By ús, mar ek yn harsels. Hwant ik leau dochs dat elk minske it yn him hat, mar hy moat it fan himsels witte wolle. En dêrom bigreatet it my ek faek om him. Hy slút him sa helendal foar it djippe yn himsels ôf, en ek foar dat fan in oar. Hy spilet altyd in rol, hy doar net earlik to wêzen, hwant dan soe elk him sjen, sa 't er is. En dochs hie ik him wol opheine wollen yn syn lytsens, as er earlik west hie. Mar syn forskriklik gemeen karakter kaem doe sa oan it ljocht, dat doe koe ik net mear, ik waerd bang. Mar it bigreate my ek, hwant hy pinige himsels.’
- ‘Dat is sa nuver, nou? It wie by Rinske krekt sa. Se fornielde alles, harsels ek, mei opsetsin. It like oft se alles yn scène sette om it mar sa goed mooglik to bidjerren. En as se dat dien hie, dan draeide se ynienen om. Dan die se krekt of wie der neat bard en dan woe se alles wer goed hawwe.’
- ‘Ja, ja, dát wie it. Dat freselik satanyske, en dan ynienen nei in pear dagen wer omslaen en aerdich wêze. Dat ivige hinne en wer. Dêr koe ik net oer, ik fielde my sa hinne en wer slingere, ik wist noait hwat ik fan him forwachtsje koe. Hy barstte soms samar los. En ik koe my net mear earlik opstelle. En nou, tsjintwurdich, nou doar ik neat mear to forwachtsjen. Ik haw gjin yllúzjes mear, ik wachtsje mar ôf hoe 't er is. As er aerdich is, dan doch ik aerdich werom. Mar net mei myn hele hert, mar lykas tsjin in frjemd. En as er mâl sjocht en neat seit, dan wit ik wol dat der wer hwat broeit en dan gean ik
| |
| |
safolle mooglik by him wei en hâld my mei de bern dwaende.’
- ‘It is fear dyn bern ek slim, Ankje.’
- ‘Ja.’
- ‘It kin sa net lang mear.’
- ‘Né.’
- ‘Ast nou omsjochst, nei al dy jierren, en dyn gedachten deroer gean litst, dan witst it dochs wol? Hastou hoop dat ik better wurdt op 'en dûr?’
- Se skodholle, tyspele mei it leppeltsje om. ‘It is sa slim. Ik kom der net út.’
- ‘Wolst noch kofje?’
- ‘Ik wit net, moatte wy net fuort?’
- ‘Wy ha ommers hast noait de kâns om to praten.’
- ‘Ja, mar dyn famylje en sa.’
- ‘Wy ha altyd rekken holden mei de wrâld, mar wurdt it net ris tiid dat de wrâld respekt hat foar ús en foar hwat tusken ús is, Ankje?’
- ‘Ja - a.’
- ‘Noch kofje?’
- ‘Jawol.’
- ‘Twa kofje.’
- Se sieten stil byinoar oant de kofje foar har delset wie. Se skuorde foarsichtich it pûdtsje iepen.
- ‘Wolst se mei ha foar de bern?’
- ‘Né, mar net. As hy se fynt.’
- ‘Dat is sa slim, dat wy sa foarsichtich moatte. En dochs, it moat, it kin net oars. Der is gjin ien dy 't it bigripe kin. Mar ik haw it altyd wol slim foun, foar hárren, dat sy sa 'n bytsje bigryp opbringe koenen. En dat wy dêrom twongen waerden sa foarsichtich to wêzen. Mar it wie net om ússels.’
- ‘Né, it wie om har. Ik koe tsjin Titus net alles sizze, dan woun er him sa forskriklik op. Ik moast him tsjin himsels biskermje. Hy is krekt in bern dat noch net alles witte kin. Mar tsjinoer him haw ik gjin spyt. Ik hie wol leaver hawn dat ik oars kinnen hie, mar it koé net oars. Dat wist ik. Foar Rinske haw ik it altyd wol slim foun.’
- ‘Ja, mar dat witst sels wol, dy koe neat ha. As ik marris aerdich tsjin dy die, wie se al jaloers. Se koe it doe net witte.’
- ‘Hat se it letter wol witten?’
- ‘Ja, doe 't wy byinoar wei wienen, bigoun se it to formoedzjen. Doe tocht se ek dat ik by har weigen wie om dy.’
- ‘Mar dat is net sa, jim binne útinoar gien om 't it better wie. En sy hie in oarenien.’
- ‘Ja, mar dat waerd neat, en doe waerd se wer jaloers op dy en my en doe bigoun se hieltyd to pinfiskjen en my fanalles to forwiten. De lêste wiken haw ik ek net mear by har west.’
- Né, dat seist foar de telefoan.’
- ‘Né. Se forwiet my dat dou en ik har deryn rinne litten hienen. Mar dat
| |
| |
wie ommers net sa.’
- ‘Sy koe net hawwe dat in oar gelokkich wie. Dy oergunst wie sa heftich by har. Hwerom koe se net tofreden wêze? Se hie ommers har prachtige jeften ek, se wie spontaen en gefoelich. Mar se liet safaek it forkearde baes.’
- ‘Nou kin ik net mear op har passe. Mar miskien hat se nou rêst foun. Ik hie it sa graech oars hawn. Hienen sy en Titus mar hwat better kinnen, dan hienen wy mei ús fjouweren bliuwe kinnen. Ik fyn it sa slim dat it sa gean moast. Hwant sy koenen troch har jalûzy en har hurdens ús dochs net byinoar wei hálde. Us herten binne sa fêst forsmolten. Mar sy makken allinne harsels kapot troch har erchtinkendheit en har wredens. En nou, nou is Rinske der net mear.’
- ‘Net gûle, myn jonge. Dou koest it net helpe. Sy wie net to rêdden. En dit is foar har it bêste, sy hie dochs noait gelok en rêst foun. Nou hat se rêst. En wy ha har togearre fuortbrocht, dat is ek in treast.’
- ‘Ja, ja, Ankje. Dou hast gelyk. Wy kinne neat mear foar har dwaen, wy kinne allinne noch goed oer har tinke, en oer har goeije dingen prate. En nou moatte wy goed wêze foar inoar, Ankje. Dou hast ek sa 'n fortriet hawn yn dyn libben, ik woe it sa graech wer in bytsje moai foar dy meitsje. As ik wist datstou fierder koest mei Titus, dan soe ik alles dwaen wolle om jim to helpen. Ik soe ek wol mei him prate wolle, mar och, it hat gjin sin. Ik haw it al wol bisocht, mar hy bislacht alles mei de gek. Ik krij gjin kâns myn miening to sizzen. Ik fyn it sa slim foar jim, hwant byinoar wei, dat is forskriklik. Mar soms moat it.’
- ‘Ja. Ik twivelje noch...’
- ‘Dat bigryp ik wol. Men moat earst ek goed neitinke: kin ik noch langer sa, gean ik der net hielendal ûndertroch as ik noch langer bliuw? En de bern, Ankje, groeije dy sa goed op? Dou hast sokke leave, leave bern. Hen? En miskien is it foar him ek fierwei it bêste, hy is ommers leafst allinne en ophimsels. Hat hy echt forlet fan dy? Ik wit it net.’
- ‘Soms wol, soms is it sa goed tusken ús. Krige ik marris rêst, koe ik marris heel lang neitinke, dan koe ik miskien in bislissing nimme. Mar nou libje ik sa spand, ik kin net tinke. Ik wit net mear hwat ik moat. Ik kin noait tsjin him op. Mar soms is er ek sa soarchsum foar my. Mar hy biskôget my net as syn frou. Hy hat my noait wurdearre. Hy jowt my gjin feilichheit, ik moat altyd allinne stean, ik mei noait op him steune, dan skopt er my fuort.’
- ‘En wy, Ankje? Hawwe wy dy 't altyd foar in oar libbe hawwe einliken net ris it rjocht om sels lokkich to wêzen. Moatte wy altyd ússels weisiferje? Wy hawwe rjocht op lok, Ankje.’
- ‘Ja, Pier.’
- ‘En dou witst wol, ik kin net sûnder dy. Fan dy haw ik al dreamd foar 't ik dy koe. En dou, kinstou my loslitte?’
- Noait wer.’
- ‘Dou moatst net salang wachtsje oantst oerspand bist, Ankje. Dou moatst nou om dysels en dyn bern tinke. Dou witst wol dat ik dy helpe wol. Net om
| |
| |
mysels, mar om dy. Dou hast rjocht op lok.’
- ‘Ja.’
- ‘Wy moatte fuort, fanke. Oars meitsje wy hwat in rare yndruk. Ik sil even ôfrekkenje.’
- It maksifanke dêr 't er neist stie doe 't er de walrus it jild taskoude, loek de mantel oer har knibbels.
April 1971.
|
|