| |
| |
| |
Leo Popma/In feestke
Fragment út ‘In kwesty fan hûd’, Votyfboek, dat yn 'e rin fan dit jier by Miedema Pers útkomt.
- Net moai, mar izersterk, tocht er, doe 't er Titia mei it pakje dwaende seach. Ik hie it witte kind, Hans syn eigenaerdige foarkar foar ûnsjogge froulju. Mar goed, it pleitet foar him dat er troch de bast hinne sjocht.
Titia fimele lakerich en nerveus oan it lint. Hieltyd kaem har bot en ûnregelmjittich gebit bleat tûsken de grouwe lippen, dy 't amper om de tosken pasten. Har kleurloaze eagen waerden wei achter in swarte bril, hwerfan de stangen yn it fettige slûke hier fordwounen, dat los op har skouders foel. Mei flakkerige reade wangen hâldde se op it lêst de doaze bonbons omheech en tanke Hans mei in slap hantsje, hwerby 't se forlegen en skiepachtich laitsjend har lichem kronkele.
Troch har jurk hinne koe er, as se foaroer bûgde, de seame fan har slipke ûnderskiede. Hy foun it smakeloas, mar lake werom doe 't se him ek bitanke foar it presintsje dat Hans mei út syn namme oanbean hie.
Frank wie dus har man, dy 't al dy tiid heal achter, heal njonken har stien hie, en hwat krampachtich lake om de grappen dêr 't Hans de fortoaning mei oereinhold. Hy hie it lijerige uterlik fan in maechpasjint, in skriel mantsje, in jonkje einliks noch, dat him mei forsearre opmerkings in hâlding bisocht to jaen.
- Noch gjin jier lyn troud, mei twa -, trijeëntweintich jier, skatte er, in bernehoulik, midsieusk, it moast net meije.
Der wie in sunich hoeragerop opgien, doe 't Titia it pakje iepen hie, en fuort in heftich gesis om stilte, kenlik mei it each op de muzyk dy 't al by har
| |
| |
ynkommen oanstien hie en yn it rumoer oerstimd drige to wurden. It wie dêr skimerich, hjir en dêr brânden kersen, en dêr hong in tichte walm fan sigrettereek, dy 't him yn de eagen snijde.
Se waerden foarsteld oan in pear mistige figueren, dy 't rounom op 'e flier tsjin de muorren sieten en like hastich wer yn har tsjustore hoeken delsakken as se dêr út oerein kommen wiene.
Hy koe it min roaije, om him wiene it allegearre kollega - fortsjintwurdigers fan de gasthear, mei har forloofden, mar likegoed koene it hwat bleke gymnasiasten en preutse ûnderwizeressen wêze, dy 't har helploas ynstalleard hiene.
Hy skoude neist Hans op in lege kiste dy 't lâns ien fan de muorren delset wie. Hans siet súntsjes foar hum út to núnderjen op de muzyk, dy 't nei it rumoer fan it forwolkomjen wer dúdlik trochkaem.
Minsken hwat moast dit wurde? De pastorale noch wol, aenst geweldich kultureel geâldehoer, miskien in pear bernespultsjes, hwat in fuif.
Stik foar stik naem er de froulju op, dy 't byinear op de skaibank sieten to flústerjen. Stiif en trutterich, mei har bêste jurken oan grif, net om waerm fan to wurden. Hoe wie 't mooglik.
- It is dus dochs in kwesty fan hûd, tocht er, it is der gewoan net by joun. It makke him tryst, hy fielde him as in finzene mei noch jierren foar de boech.
Hwer soe Nynke nou úthingje? Hy moast har noch ienkear skriuwe om to fortellen hoe 't er dizze wiken trochkommen wie. Nou wist er wer, dat er fan har hâldde. Hy soe tonei elk oar mei har forgelykje, har namme wie yn him kurven en dêrmei de twivel oan himsels. Hy moast der mei ophâlde oan har to tinken, joun yn alle gefallen, oars kaem der gjin ein oan. Der moast hwat barre hjir, it wie stom forfelend.
Hy stompte Hans oan.
- Hâld ris op mei dat gesanger, ju, flústere er.
- Ja, hwat is dat, ik ken it?
Hans skrok op.
- Heet boven, skampere er werom.
Hy hearde laitsjen, se hiene him forstien.
- Sille wy ris hwat oars opsette, Germ, frege Frank.
In roazich jonkje dat by de pick - up siet to swimeljen skrok op en krige in kleur. Hy sette de muzyk ôf en bigoun yn in steapel platen om to klauwen.
- Hwat wolst hearre, Richard?
Hiel kreas fan de gasthear, dat wol, mar hy hie it bidoarn by it muzykminnend publyk.
- Lit mar oan, hear, om my.
- Set dy 1p fan Amalia Rodriguez ris op, Germ, toe.
Titia bimuoide har der mei en bigoun ek yn de platen om to sykjen.
- Jissus, tocht er, ha se oars neat?
Hy moast it praet op hwat oars bringe, se rêdden har der mar mei.
| |
| |
Kwânskwiis dangele er troch de keamer en huchele bilangstelling foar de âlde skoarstienmantel en it stuc - wurk oan it plafond.
- In âld pastorij, hwat is dit foar hûs?
Hy krige Frank op 'e tekst en liet him bigean. Hy knikte sabeare ynteressearre.
Hans wie by Titia en it roazich jonkje sitten gien, en hy hearde dat ien fan de gymnasiasten syn taek oernommen hie en drok mei Frank yn petear rekke wie. It wie him wol goed.
It kaem him yn it sin dat er Hans noch net wer nei Bertha frege hie. It soe him binije oft dy der al fan wist. Bertha wie de iennichste dêr 't Nynke noch wolris hwat oan kwyt woe, fan har koe er miskien hwat gewaerwurde. Mar hy koe wol riede hwat se sizze soe. Ik snap der neat fan, ik bigryp har net, Richard, se is hardstikke stom as 't my fregest, se wit net hwat se wol.
Itselde gau foar him. Hy wist hwat Bertha sizze soe, mar op it lêst stie se der bûten, en hie se gjin ynfloed op Nynke.
Se dronken koffy. Titia die oandwaenlik har bêst, mar hy wie bliid doe 't Frank letter op 'e joun mei flessen bigoun to rammeljen en oer trochsakje en heise bigoun to roppen.
Hy bistelde twa konjakjes en fornuvere him der oer, dat er se foarset krige.
- It is biroerd foar de mage, mar hwat soe 't, hwat seistou Frank?
It ropperige gedoch stie him tsjin, hy woe it ris mei him bisykje.
- It jowt de melancholike boarger yn alle gefallen wer moed, antwurde Frank freonlik, mar mei in ûndertoan fan spot yn syn stim, as it him net miste. Dat hie er net forwachte, Frank hie him troch of weage it der fan syn kant mar ris op. Hy fielde in wrede blydskip yn him opwâljen, dy 't him nije energy joech. It lijerige mantsje lake him ta en wipte yn ien kear syn glês achteroer.
Opskepper, tocht er, swetser.
- Noch folle jierren yn sounens dan mar, gnyske er werom, en nipte útdaegjend foarsichtich oan ien fan de gleskes.
- Dou hast noch net folle sein joun, bigoun Frank wer, fortel in forhael, in mop of doch in kunstke.
- Ik haw it oan 'e mage, krimmenearre er, kunstkes mei ik net dwaen. Moppen wit ik net, ik haw it boekje forgetten. Ik ken twa forhalen, ien dêrfan sil ik fortelle, it oare kinst keapje foar noch twa.
Hy dronk syn earste glês út en seach dat Hans him fan oarekant de keamer oandachtich opnaem.
Hy wist dat er himsels útdage, mear noch as Frank en de oaren. Hy moast trochgoan, woe er it net forlieze. Syn arsenael wie biheind, joun foaral, hy soe yn it forline sykje moatte om hwat brûkbers foar it ljocht to heljen.
- De geit frijt, hwa bifrijt de geit, rôp er.
De fankes laken ûnwis, net wittend hwer 't er hinne woe. Hy fielde de spanning by Frank, dy 't him der wierskynlik ûnderstrûpe litte woe, mar fan de oare kant ek mei de situaesje oan wie.
| |
| |
- De geit wie ûnderwizer yn in doarp dat wy Gemen neame sille. In bysjend man mei lang wyt hier en in drankkop, omtrint fyftich en frijfeint, mei in skiepachtich uterlik. Syn bynamme wie dus winlik net hielendal krekt, mar syn stim hie hwat nokkerjends, dêrfandinne. De geit hie al jierren forkearing. Mei it moaiste fanke fan it doarp, tocht er. In skeel frommis fan likernôch tritich, dat it turfskip neamd waerd. Fan Breda, folút, mar koartwei it turfskip, om har geweldige heupen. De geit hie in freon, dêr 't er by ynwenne en dêr 't men him faek it fjild mei yn gean seach, mei skildersark of in plantekist. Hwant de geit skildere. Hy wie in sûnderling, en neffens sizzen doarst er it turfskip net to freegjen. Of sy doarst it net oan, of syn maet hâldde him fan har ôf, meitsje dat marris út. Hy wist it sels wierskynlik net en dêrom kaem er noait fierder op it leafdespaed en fordie er syn tiid mei skilderjen. De bern hiene in ferske op him, dat se nou en dan foar syn doar stiene to sjongen. De geit frijt, hwa bifrijt de geit? De doarpelingen skreaune nachts smoarge wurden op de muorren fan syn hûs, dy 't bitrekking hiene op it turfskip en Spanjerts of Spanjoal, dat wie dy maet.
Op in dei fordwoun de freon, omt se rûzy hawn hiene of samar, omt er in oare baen krije koe of der genoch fan hie dêr yn dat gat. Doe wie it dien mei de geit, hy koe net tsjin de iensumheit en tarde wei. Se seine dat er in geslachtssykte hie en noch mar koart to libjen hie. Hy kaem net mear op skoalle en waerd ridlik gau ûnder geflúster fan de doarpelingen bigroeven. Se forsegelen de doar fan syn hûs, mar brieken dy letter wer iepen, doe 't der in útdrager oan to pas kaem. Elk wie it der oer iens dat it sa it bêste wie, hwant de geit hie gjin libben, lykme - allinne en mei dy ieuwige hoop op it turfskip. Skande fan sa 'n skoandere kearel.
Se droegen de brot bûtendoar en founen in skilderij fan it turfskip sa to sjen, mar de kop paste der net op, it wie de kop fan Spanjerts, dy 't op it brede frouljusliif troande. Dy Spanjerts hie him kreake seine se doe. Sa sjogge jim mar wer, men kin der sa 'n bytsje fan sizze. Mar ik jow it jim to rieden.
It bleau stil, doe 't er mei syn forhael klear wie. Hy doarst him net foroere. Hy wist net, hoe 't er it byinoar krige hie. Hie er tofolle sein? Mar it hie krekt wol syn doel west en daegje har út, har narje en misledigje, har de gek oanstekke met in idioat forhael, om baes to bliuwen. Mar likehurd wie syn wraekgefoel fordwoun doe 't er bang de réaksjes ôfwachte. Hy hie fansels it rjocht ek net om har foar de kop to stompen, foaral net omt er net wie dy 't er spile. Se koene yn him prikke en fuort soe er leechrinne.
Hy seach Hans syn kant út en murk dat dy him amper goed hâlde koe.
Ien fan de gymnasiasten bigoun senuwachtich to laitsjen en to roppen, dy is goed, siz.
- Hwat is goed, siz, frege er, hwat nitelich, mar ek om dêr mei de stilte yn de keamer to forbrekken.
- Is dit de parabel fan de homo-, de hetero- of de biseksueel?, spotte Frank. Hans prûstte it út, mar gie er serieus op yn.
| |
| |
- Sa ûngefear ja, de parabel fan de heterofyl, dy 't bang is dat er homo is en dêrom nei de hoeren rint. Hy moat himsels biwize foar 't er kiest, bigrypst? Mar hy komt net ta in kar, omt de hoeren him ôffalle en er opnij bigjint to twiveljen.
It nêst froulju op 'e bank, dat biskamme syn forhael oanheard hie, gychele nou wer helpleas, nou 't de oaren har yn it petear stoart hiene en sy dêr yndirekt yn bihelle waerden, sûnder lykwols foar harsels opkomme to hoegen.
It hie Hans tinken west, mar syn toan wie by Frank en de oaren net oerkommen. Se kletsten der hwat stom op troch omt se der glêd mei oan wiene. - En hy doarst dat turfskip net oan, mar wol de hoer op, frege it roazige jonkje ûnwis?
- Dan lûkt er de hoed oer de eagen, jonge, sjoch marris yn 'e gong hwat Hans oan de kapstok to hingjen hat.
Hans kôge op syn sigret en siet him mei tinne eachjes fan plesier to forgriemen.
- Mar hwatfoar reden hat er om to tinken dat er fan de forkearde kant is?
- Hâld op Frank, fleach Titia op, sa 'n kearel dy 't mei in freon hokket, dat is dúdlik.
Gesnúf yn it frouljuskamp dêr 't Frank him tsjin forwarde.
- Hy hâldt it mei dat frommis, dat fortelt Richard dochs?
Ho ho ho, dat haw ik net sein, hy makke himsels wiis dat er op har foreale wie. De histoary fortelt net oft er har bineikaem, Allinne: hy hie forkearing mei it moaiste fanke fan it doarp, tocht er.
- Dêr kinst fanalles fan meistje, sei Frank koart.
- Hiel goed, hiel skerp, dat is 't 'm nou mar.
- Mar hy rint nei de hoeren.
Frank die syn bést om it aerdich to hâlden en by it spul to bliuwen.
- Krekt, brulde Hans, bitrape, de greate polygaem. Net fan de forkearde kant dus - hy tekene greate oanhellingstekens yn de loft -, mar de greate jager. - Net fan de forkearde kant, nou ju, kraeide ien fan de fankes.
- De geit moast noch hiel hwat leare, forjit dat net, formoanne Hans, hy wie al fyftich of dêromtrint, formelde de analen.
- De geit wie in sloppe sek, siz dat mar, sei Frank.
- In jaer, hjit dat.
Hans bleau earnstich mei syn opstutsen finger swaeijen.
Hy fielde in razende wille om it spul dat se hjir opfierden. Hy fielde dat er winne soe, mar tagelyk wist er him skurf, omt it to 'n koste fan dizze minsken gie. Dy kâns siet der alteast yn. Hoe hie er him yn dizze situaesje manoevrearre? It kaem him foar as hie er him yn syn forhael, of leaver it forfolch dêrop, bleat jown. Allinne Hans koe dat formoedzje.
De drank en de eangst om it spul noch ta in goed ein bringe to moatten, forlammen syn gedachten. Hy moast wreed wêze, út selsbihâld.
- Kin it ek sa wêze, dat er tofolle mei syn freon op hie, murk ien fan de
| |
| |
gymnasiasten op. Hy woe gewoan fan alle wâllen ite.
- De smearlap, in polygamofyl dus?
Hans stampte op de flier, syn swarte eagen fonken fan forûntweardiging. Mar fuort loek er in brede gniis oer syn gesicht, en de gymnasiast die er it swijen ta.
It forhael hie him yn 'e bisnijing krige, hy hie hwat losmakke sûnder sels de konsekwinsjes der fan oersjen to kinnen. Hy woe Hans úthearre, miskien soe er dingen to hearren krije dy 't er earder noait meielkoar yn forbân brocht hie.
- Dus winlik wie er in avonturier, ien dy 't bang wie om him to binen, Hans? - Mear in bangeskiter as in avonturier, al hie er dêr hwat fan meikrige fansels. Hy hie leard him op de flakte to hâlden, hy seach wol út en forbrân de skippen achter him. In profiteur ast wolst, mar swak en twivelachtich genôch om sympathyk to bliuwen. Hy stiek gjin finger út nei de skoalbern, dat formeldt it forhael alteast net. Mar leau mar dat him dat wolris muoite koste. Hy hie in útlaetklep by de hoeren en nim mar oan dat Spanjerts dêr neat fan ôf wist. De geit hâldde de freonskip bûten de sex. En hwat it turfskip oanbilanget, miskien wist er ek wol dat it ôffalle soe. Hy tocht oan har, wylst er op in oar klearkaem. Hy woe it moai hâlde, alhoe komplisearre er nei alle gedachten wie. Nim dat skilderij mar, dat is it bêste biwiis.
- Ast de saek mar net fordraeist, foel Frank der tusken. Syn maet krige in frouljusliif mei, wiist dat net op syn tsjustere forlangens hwat dy freon oangiet? Hwat dou, Richard?
Frank syn opmerking steurde him om yn de gedachtegong fan Hans fierder to gean.
- Hwat is bilangriker, de kop of de sturt, frege er!
- De kop, krekt, foel Hans yn. Syn tinken lei yn it flak fan de freonskip, de goede forstânhâlding. Dêr rounen de froulike foarmen yn út, oft dat nou de foarmen fan it turfskip wiene of samar it byld fan in frou, dat docht der net folle oan ôf. Hy hie it foarbyld by de hân, hwerom soe er dat net brûke? Mar dy kombinaesje wie ûnmooglik, dêrom socht er fanneed oars earne syn heil. - Miskien joech dy freon him neat ta, bigoun Frank wer. Litte wy oannimme dat de holle it bilangrykste foar him wie, dan woe er dêr dochs in oar liif ûnder ha.
- Mar hy gie dochs de hoer op, pleitet dat dan net foar him?
Hy foel Frank heftich yn de reden.
- En polygaem bistou likegoed as de geit, folle Hans oan, dat seit neat yn syn neidiel.
Titia spatte op, se wie glêd mei al it geredenear oan, sa to sjen.
- Hâld dy stil, Hans, hwat in ûnsin. Dat falt my fan dy ôf, him sa to biskuldigjen.
- Lit nou mar, ju, sei Frank flau.
- Ik biskuldigje him nearne fan, Titia. Frank is sûnder mis in trou echtgenoat,
| |
| |
mar it giet om it aerd, de oanliz fan de man, fan my, fan Richard, fan Frank en de oare hearen hjir.
- Dat is de kiif, jim ha gjin rjocht fan praten, mokte Titia.
- Dat argumint wurdt to faek misbrûkt, ik moat dêr even tsjin yn it gewear komme. Dou kinst ek sizze, wy binne it libbene biwiis, wy weagje ús net oan in kar, om dy útforkarde letter net toloar to stellen. Hwant dy mooglikheit bliuwt oanwêzich. Dy hastou yn dyn gefal op de keap tanommen. En dyn risiko is nammersto greater, hwant Frank is in soad op 'en paed. Neam it it biropsrisiko fan de fortsjintwurdiger.
Frank lake en tape de glêzen nochris wer fol.
- Richard, dou noch ien?
Frank hold de flesse oan.
Hy mocht syn skriemerich gesicht net lije, de drank hie him oanfretten, hwant hy seach der noch lijeriger út as earder dy nacht.
Hy hold syn glês by, mar mei roun de konjak him oer syn hân en klean.
- Sorry, sei Frank gnyskjend, it ûntkaem my, it falt hwat ta, leau'k?
Hy waerd pûr, hy seach oan Frank syn stikele eachjes dat it opsetsin west hie. Hy fielde dat er in reade holle krige fan drift, mar bihearske him. Hy soe fierder spylje, foar 't each, mar hy soe him krije.
- Duel, rôp er, neffens âld gebrûk moat hjir om duelleard wurde.
Frank pripte him gekjaeijend mei de flesse yn it liif. Hy wie der net op fortocht en hikte skiepachtich, hwat op de oaren in komyske yndruk makke.
Foar har mocht it noch de skyn ha fan in spultsje, goed, hy soe dy skyn ophâlde, mar him neat mear ûntkomme litte.
Hy pakte Frank by de pols en wrong him de flesse út de hân. Doe skuorde er him mei nei it midden fan de keamer.
Der waerd lake, se waerden oansjast, hy lette der net op. Hy seach Frank syn gesicht bilûken, hy moast hwat yn 'e gaten krije. Mar tagelyk lies er der hwat yn fan foldwaning om de kâns op rehabilitaesje.
Sy beide allinne wisten dat it tinken wie, mar woene it foar de oaren net wêze.
Hy fielde it sloppe liif fan Frank yn de groep fan syn earms. Se wrakselen. Hy wie fortocht op gemienichheit en smoarge trucs, hwant de tsjinstân foel him ynearsten ôf. Hy fielde dat Frank ek focht út woede en selsbihâld. Hy lei syn earms om syn hals en knypte him de siken ôf. Hy hearde it hymjen fan syn tsjinstanner en fielde dat syn forwar swakker waerd. Mei ien hael hie er Frank op it lêst oer de flier en wrong him op 'e rêch. Under him seach er it bleke gesicht, dêr 't er yn it skimerljocht neat út opmeitsje koe.
- De greate marteling is oanbrutsen, spotte er útdaegjend. It publyk foel him sunichjes by.
Frank reagearre amper mear, soms aksele er even tsjin, mar fierders lei er mei de eagen ticht to hymjen.
Hy wie op syn hoede en soe him net forrifelje litte. Mei syn knibbels op Frank syn boppe earms bigoun er him út to daegjen.
| |
| |
- Goed, ik bin dy it twadde forhael noch skuldich. Harkje goed, Frank. It wie in lyts foarfal silst sizze, mar it binne dochs ûnderfiningen dy 't it melden wurdich binne.
Okkerdeis rin ik nachts in blokje om, gjin mins op strjitte. Kenst dat gefoel, Frank, in hiele stêd foar dy allinne? Alles ôfsletten, tsjuster, stil, leech, yn 'e sliep, in stêd mei lantearnen, grêften, brêgen, portiken en twirjende patatpûdtsjes op de hoeken fan strjitten? Romte om midden op de oars folstampte wegens to rinnen en nei de forgaste beammen en fierder, nei de stjerreloft omheech to sjen. Mei de eagen ticht kinst dyn paed fine. Dat kenst dochs, hen? Dan bigjint de frijheit, dan bist ta alle goeds yn steat.
Mar wachtsje even. It kin sa mâl net rinne, roet yn it iten, ellinde, it feest giet net troch, it koe ris folslein wurde, misdied op til, skerpe noas fan de justysy, alaerm, yngripe, op 'e hichte stelle alteast, eventueel help ynroppe, gesach, tucht en oarder.
Ik moat pisje, fan de kjeld, fan klear gelok, om alle romten yn my biskikber to hawwen foar it ieuwige siz mar. Ik gean op de lucht ôf en dûk ûnder de âlde waech de publike urinoars yn. Sigrettepeukjes yn de wiete roasters foar my, ûngegenearde stank om my hinne, bliidskip om al dy tûzenen minsken dy 't dêr earder wiene mar op dat stuit aldergeloks net, al dy salige wurden dy 't de ieuwen trotsearje op de muorren by it sutrige ljocht fan in gemeentepitsje, eangst en ûnfrede dy 't ta de lêste drip dyn liif forlit.
Fuotstappen, swarte gedaente komt op my ôf, in bûslampe forblinet de freedsume boarger, trappearre. In swiere mannestim freget, hwat moatte jo hjir? Ik bin noch net klear mei myn rits, hy is der mei oan en wol him omdraeije. It is al to let, de woede nimt bisit fan my, woede om de skrik om dy ûnforwachte kontrole. Hy freget wer, nou? Forlamme fan drift en forbazing stammerje ik hwat soe ik hjir moatte? Hy is forslein en antwurdet biteutere, nou ja, men wit net.
In plysje op 'e nachttoer. Myn hân is noch oan de gulp, geijend meitsje ik it ynternasionale dikke tampgebaer. Authoriteit, raes ik, dwyl troch de sweveldampen út de pisbakken, authoriteit, en naei as in kranksinnige út.
Der hie gjin biweging west yn it lichem ûnder him. Mei syn knibbels rôlle er noch in kear heftig oer Frank syn earmspieren. Mar hy bleau roerleas lizzen. Doe gie er oerein.
It gerop fan Titia forbriek de stilte. Op har knibbels foel se neist Frank del en herhelle kel syn namme. Syn holle foel slop werom op de flier doe 't se him losliet en fol ûntsetting de oaren oanseach.
- Frank, gûlde se, Frank.
Nou pas hie er yn 'e gaten, dat Frank gjin komoedzje spile hie sûnt er him op 'e rêch krige.
Immen draeide it ljocht op, ûnwennich stiene se elkoar oan to sjen. Se wiene frjemd foar elkoar.
- Helje wetter, sei er, hy hat tofolle dronken, oars net.
Hans en Titia wiene de iennichsten dy 't har mei Frank bimuoiden. De fankes
| |
| |
en de gymnasiasten stiene helpleas ta to sjen en skarreljen ungeduerich troch de keamer.
Hy gie by Hans en Titia stean en seach oer har skouders it libbenleaze gesicht fan Frank. Hy naem it wetter oan en joech it troch oan Titia. Se bette mei har bûsdoek Frank syn foarholle.
- Gean jim mar nei boppe, dêr lizze wol sliepsekken, sei se.
De oaren lieten har troch Titia sizze en giene de doar út.
In lijer mei in geare mage, dy 't tofolle drinkt om him great to hâlden, tocht er, dêr hâldt it mei op.
- It is dyn skuld net, Richard, lûk it dy net oan, hearde er Titia sizzen, hy makket him fiersto drok.
- It giet daelk wol oer, mompele er.
Aerdich om my skjin to praten, mar ik haw dyn mantsje dan mar bûten wêsten knoeid. Hwat fordomd, dat jim oant yn it ûnsinnige fatsoenlik bliuwe. Ik wit der fan.
Hy liet se fierder mar piele en hâldde him ôfsidich.
Hwat in joun, hwat in nacht fan stomsinnich fortier. Hy hie har útklaije wollen, útbonkje, mei syn útsinnige biwearingen om har bleat to krijen. Troch dy fornedering soe er janke kinnen hawwe, om har swakte en syn eigen leffens. Hy hie hope har like kwetsber on neaken út dat gefjocht tofoarskyn komme sjen to sillen as hysels. Mar se hiene har net bleatjaen wollen, it wie in lullich en ûntearjend spultsje wurden fan pratende apen.
Hans en Titia ûndersteunden Frank doe 't dy oereinkaem en him bleek en forlutsen yn in stoel deljoech. Stadichoan kaem er by, mar de wize hwerop 't er de situaesje nei syn hân sette wie bispotlik.
- Hwer binne de oaren, trochsakke fan in pear slokjes? Dou moast se noch ien bringe, Richard, bin se al nei boppe? Se moatte noch ien ha foar 't se nei tsjerke gean.
- Hoe is 't, frege er.
Frank stie him tsjin, hy fordomde it om nochris wer oan dy komedy to bigjinnen. Hy soe him net ûntmaskerje, hy mocht om him de flinke jonge wêze, sa meager en siik en ynwyt as er der siet.
Titia hie koffy makke, se praetten noch hwat nei. Hans seach him oan doe 't it praet op wie. Frank en Titia sieten op har to wachtsjen.
- Ja, wy gean.
- Ik sil jim it paed even wize.
Titia kaem oerein en woe har foargean.
Hy seach nei Hans, dy 't mei oan wie.
- Lit mar, Titia, wy rinne werom, sei er doe. In ûre as trije, dan giet de earste trein al wer.
Se fûstken ôf.
- Moai waer spylje, tocht er, noch even.
- It is moai waer om to rinnen, sei Frank.
Yn it tsjuster setten se ôf. Har fuotstappen werkeatsten yn de buorren. Hans swei, mar hy fielde him taestber neist him oprinnen.
|
|