| |
| |
| |
R.R. van der Leest/Utflecht
- Melle, komst ek?
Melle lei mei klean en al op bêd. Hij swaeide de fuotten oerside en kaem oerein. Hy hold de foarholle tsjin it koele glês. It wie noch stil op 'e dyk. Snein, de rottichste dei fan de hele wike. Yn de fierte seach er bisiden de wei in platte betonnen peal mei oranje kop. Hy koe it hjirwei net lêze, mar hy wist dat der ‘London’ op stie. Koe er hjoed mar sa fier fuort gean. Sa fier fan dit rudige doarp, fan alles. En dan allinnich.
Hy gyng de smelle draeitrep ôf. Yn it gonkje stie muoike Wike har foar de spegel op to dwaen. Se smarde in wynreade stift oer har gearparse lippen. Dêrnei makke se priuwende biwegings. Se krige in watsjefol roazige poeijer en klopte dat oer har glei gesicht. Doe bigoun se to hierkjimmen. Yn har earmsholte siet in wite ring fan opdroege swit. Se seach Melle yn de spegel.
- Soa, jong, hoe is 't mei dy?
- Goed.
- Ik ha dy yn in heel set net sjoen. Hoe lang is dat nou lyn? Fjouwer jier, tink.
- Miskien wol.
- Wytst noch, as lyts jonkje kaemst gauris by ús útfanhûs. Wy wennen doe op 'e Knipe en hiene fan dy lekkere parren. Ik snie se yn plakjes en dan in pear skyfkes banaen der by, dêr wiest sa slij nei.
- Wit ik neat mear fan.
| |
| |
- En doetst jierdei wiest, ha ik noch mei dy nei It Fean ta west, nei in boartersguodwinkel. Dou mochtst sels útsykje, as it mar net mear as in goune koste. Auto's, treinen, boudoazen, der wie fan alles. Mar dou naemst in teddybear fan achtenfjirtich sinten. Rounst der sa mei de winkel út, ik hie noch net iens bitelle.
Se hie hieltiten tsjin syn spegelbyld praet, nou draeide se har nei him ta.
- Wolst der lâns?
- Graech.
Se gyng mei it liif tsjin de muorre stean. - Kin't sa? Melle skoude by har grouwe kont lâns. Hy seach in rânne en twa puntsjes ûnder har blommejurk, dêr siet grif har korset. Se draeide har om en lei in hân op syn skouder. Har pols wie in ronfel yn it kwabbige fleis.
- Hoe âld bist nou? Fjirtjin?
- Fyftjin.
- Fyftjin al wer. Ja, ja, de tiid hâldt gjin skoft.
Melle soe earst nei de wenkeamer. Mar hy hearde dêr safolle stimmen dy't oer klean praetten, dat er him bikoarre. De froulju soene wol wer oan it jurkpassen wêze.
- De hals moat achter hwat heger. De skoudernaden hwat ynnimme.
- En de figuernaden hjir in bytsje djipper.
- De seam hoecht net breder.
Hy gyng troch de koken en stapte ta de efterdoar út. Yn de tún stiene trije fan syn omkes sigaren to smoken en yn it waer to sjen. De punten fan har glimmende skuon stieken krekt oer de stoeprânne hinne.
- Wy treffe it hjoed wol.
- Ik tocht juster noch, as dit mar goed komt.
- Der is neat oan as 't reint, nou?
- As it sa mar bliuwt.
- Ik wit net, ik ha fan 'e moarn de persbirjochten net heard.
Melle roun om it hok hinne. De bank wie biset. Lys siet hân yn hân mei Siger, har feint. Hy kidele har mei in gerske ûnder de noas, se krôlle de lippen, blaesde en hapte der nei. Se laken allebeide. Lys biet de gerssprút stikken en spuide him út. Siger hie al wer in nijenien en kidele har yn de hals. Se hiene nou noch mear wille. Lys sakke starichoan leger, se lei suver op de bank, Siger hinge heal oer har hinne. Ynienen skeat Lys oerein.
- Hwat dochtstou hjir?
Melle glimke, hy line tsjin de hoeke fan it hok. - Mei ik net nei myn eigen suster sjen?
- Bist al droech achter de earen, jong?, frege Siger stûf.
- O, hy is altiten sa'n stikemert, sei Lys.
- Melle, bist dêr?, rôp mem.
Hy draeide him om. Mem wachte him op de bleek, se munstere him fan top ta teil. - Sjochst der hwat kreas út? Se loek syn strik rjocht en treau syn hier hwat yn it fatsoenlike. In frommes mei in breedrânnige flaphoed kaem ta de
| |
| |
doar út. Oan har útstutsen toarre earm rinkelen in stikmennich ringen. - Is dit nou jim Melle? Se joech him twa smokken, op elk wang ien. Melle fûstke, hy hie har noait earder sjoen. Har hân wie klam.
- Dit is muoike Henriëtte út Maestricht, sei mem. Wytst wol, har soan Albert wennet ommers yn Frankryk, dêr krije wy altiten in nijjierskaert fan.
- O, knikte Melle.
Muoike Henriëtte hold noch altyd syn hân fêst. Hy woe mar dat se los liet, se seach him net iens mear oan.
- Hwat bin ik bliid dat ik de reis makke ha, song muoike mei in stim dy't in bytsje sweefde.
- Spitich dat heit en mem dit net mear bilibje meije, mimere mem.
Muoike Henriëtte suchte en snettere meiiens op har sjongsume wize troch: - Koby soe earst ek komme, mei de bern, mar ik sei, stumper, doch it net, sei ik, foar dysels net en foar dy lytse streuperts ek net.
Einlings liet se him los en gyng mei mem wer yn 'e hûs. Melle fage syn hân oan de broek ôf. In auto toete yn de buorren, trije, fjouwer kear. Syn omkes stapten by de sydmuorre lâns nei de wei. Lys en Siger gyngen him hân yn hân, laitsjend en mâltjirgjend, foarby. Ek syn muoikes, heit en mem, allegearre kamen se bûtendoarren en rounen nei de dyk.
Melle die it kalm oan, hwerom soe er him drok meitsje om sa'n deade bus dy 't se meiinoar hierd hiene?
It wie in lytse ljochtbrune bus. Omke Jan stie yn de doar mei heit to praten, omke Reitse wie op it dak mei in pear flaggen dwaende. De oare omkes rounen starich om de bus hinne, wiisden op it reservetsjil, strieken oer de ferve, skopten even tsjin in bân en bûgden har oer de motor doe 't omke Jan de kape iepen sette. De froulju bleauwen byinoar op de stoepe stean. Lys en Siger nestelen har op de efterbank fan de bus, syn broer Gerrit en neef René gyngen om bar efter it stjûr sitten en toeteren omraek. Muoike Nontsje skonke werom yn 'e hûs, dy moast grif noch even nei it húske.
- Dat liket der op, Jan!, rôp omke Sake.
- Dat tocht ik. Moatte der noch guon komme?
- Né, hear, antwurde mem, se binne der allegear.
- Moai sa. Sille wy dan mar daliks fuort? Wy moatte Japik en Truus ek noch ophelje.
De manlju laedden kratsjes bier, limonade en sûkelademolke yn, treauwen koffers en tassen yn de bagaezjenetten, of setten se as dat net woe, yn it gongpaed del. De froulju holden har taskes by har, gyngen by in raemke, mar út de sigen sitten.
Melle stiek gjin hân út, hy seach nei de drokte en it geskrep. In eintsje fan him ôf stie omke Boate, de iennichste dy 't him net oanstelde. Der siet gjin praet by him. Stille Boate, seine se altyd. Hy wenne allinnich, net fier fan harren ôf, in pear kilometer. Hy kaem hast noait by har oer de flier. Mar ja, op dizze famyljedei moast hy der ek by wêze, fansels. Omke Boate stie mei de hannen yn 'e bûsen, de holle tusken de roune skouders. Syn eagen knipperen geduer- | |
| |
ich efter it brike briltsje. Swarte en grize kroltsjes stieken ûnder syn pet út. Hy hie burdstoppels om it kin en striek om 't hurtsje mei syn tongpunt oer de ûnderlippe.
Melle stapte efter omke Boate oan it alderlêst yn de bus. Hy soe mar neist him sitten gean. Moai stil, gjin geëamel. Mar wylst se troch it gongpaed rounen, loek muoike Wike oan syn earm. - Fal dou hjir mar del, ik mei graech in jongkeardel njonken my ha.
De bus bigoun to riden. Troch de skok foel heit op muoike Nontsje har skoat. De omsitters skatteren. Mem weau nei de buorfrou, omke Jan toete de hiele buorren troch. - Fuort mei de geit!, skreaude René.
- Bertha, hwer biste, fanke?, frege omke Ruerd. - Bliuw dou dêr mar, âlde, rôp syn frou werom, ik ha hjoed neat mei dy oan 'e pet! De hiele bus skattere wer. Omke Reitse swaeide mei in fleske. - Hwa noch mear pils?
- Hjir trije, ober, raesde omke Sake. Muoike Wike bigoun to sjongen.
Se rieden net rjochtstreeks nei Ljouwert ta. By Appelskea stapten se út, biklommen de gammele belvédère, knoffelen by de berch del en rôllen yn it sân. By it Wite Hûs yn Olterterp swaeiden se it grintplein op en setten har del oan de taffeltsjes op it terras. De âldere froulju skouden de stuollen op in riichje en sieten mei it gesicht nei de dyk ta drok to klasjenearjen. Guon omkes gyngen de rikkerige seal yn om in potsje to biljerten. De oaren setten mei de jongere muoikes nei de spyltún ta en bidarren al gau op de famyljeskommel. Lys en de jonges giselen earst om in peal hinne dêr 't kettings mei hânfetten oan sieten. Melle hie nei fiif menuten syn nocht der ôf, Lys en Siger fordwynden yn it nearzige doalhofke, Gerrit en René rounen har yn it swit foar in stel gigeljende fammen dat mar amper yn de sitsjes fan de draeimoune paste. Nei oardel ûre stapten se op, dan koene se moai om itenstiid hinne yn Ljouwert wêze. Muoike Wike bigoun wer to sjongen. Har gesicht swolde op, waerd hwat langer hwat gleoner, har eagen stiene great en wyld, har boarst hime. Se heakke har earm yn omke Douwe sines en biweegde op 'e maet hinne en wer. - Allegear! Al gau siet de hele bus to skommeljen.
‘Cheerio, cheerio, in Holland daar zingen we zo!’
Muoike Henriëtte krige Melle beet, treau him fan har ôf en loek him dan wer nei har ta. Ynienen makke er syn earm los, draeide har de rêch ta en seach troch it rút.
- Hwat nou?, frege se forheard. - Bist lilk?
- Ik fyn der neat oan.
- Allegear meiinoar. Foar de aerdichheit, ju.
- Né.
- Doch net sa bernich. Hwerom bist dan mei gien? Wie thús bleaun.
- Mocht net. Ik moast mei. Heit en mem ha dit reiske bitocht.
- Sit der net hieltyd mei in gesicht as in âld kwartsje by. Moatst wille meitsje. Oars forfeelst dy.
- Ik ha gjin nocht sa healwiis to dwaen.
| |
| |
- Healwiis? Wy ha wille. Moatst by ús yn it suden komme, dêr kinne se noch folle better wille meitsje.
- Wille kin je net meitsje.
Muoike seach him skerp oan. Se soe earst hwat oars freegje: - Hoe...?, mar kaem net fierder en sei: - Hwat soestou dan graech dwaen?
- Neat.
- Loaikert! Moatst rinne, fleane, fleurich wêze. Meidwaen. Bist net op in klub, in sportklub?
- Ik wol net op in klub.
- De jonges binne langer allegear by in sportklub.
- Dêrom wol ik der just net by.
Muoike skodholle. - Bist in frjemd soldaet. Se kaem oerein en gyng neist mem sitten. Melle stoarre nei bûten ta. It like wol oft it rút justjes fochtich wie, grize stippen skouden der oer hinne, dreauwen nei mekoar ta. Hy wreau yn syn eagen.
Efter him, de koppen ticht byinoar, siet in ploechje fan fjouwer to harkjen nei de bakken dy 't omke Sake fortelde. Melle koe der gjin wurd fan forstean, inkeld troch it laitsjen en it toglûp opsjen fan de manlju, wist er dat der wer in bak ôfdraeid wie. Omke Sake lake sels noch it hurdst.
Yn Ljouwert waerden se it nei in soad fiven en seizen iens dat se by in Sjinees ite soene. Guon hiene leaver gewoane kost, mar it wie wol apart, fansels. Boppedat, neffens omke Kees, de iennichste dy 't it earder hawn hie, ek net sa djûr. Efter inoar stapten se troch de smelle doar fan it ythús. De waermte dreau har tomjitte. De froulju wiene optein oer de skimerlampkes mei kwastjes en de borduere skilderijen. Omke Reitse stiek yn it foarbygean syn wiisfinger yn de nawle fan in houten goudkleurich mantsje, dat mei bleate pampes op in peal siet. Nei 't se noch in pear stuollen byskoud hiene, koene se allegear om de rige tafels yn it midden sitte. Muoike Truus soe earst it fetfrije papier dat der oer hinne lei oprôlje, mar omke Kees sei dat it sa hearde. Hy krige in kaert en forklearre wiidweidich hwat men it bêst bistelle koe as men it Sjineeske iten mar heal fortroude en hokker spizen gaedliker wiene foar lju dy 't wol hwat oandoarden. Doe naem elkenien syn kar-út en sei oan de ober hwat er ha woe. It pikemantsje skreau it yn syn boekje en herhelle iderkear kraeijend hwat bisteld waerd. Gerrit en René laken fuortendaliks, op 't lêst koene se har allegear mar amper goed hâlde. Doe 't it mantsje wer efter de taep stie en troch in lúkje de bistellings kraeide, sieten se roungear oer de tafel to nokkerjen.
- Hwat in wettersjinees, sei muoike Bertha.
- Hy hat it gesicht fan in earkrûper, ornearre omke Gerke. - Dy hat gjin gesicht, mar as er ien hie, doe dat der sa út sjen.
- Sa giel as in apenút, foel heit him by.
- In moaijenien foar dy, Wike, stelde omke Reitse út. - Freegje ris, dy lytse aep kin hjir noch bêst in flink wiif brûke.
- Och hearken, allegear bern mei sturtsjes! Muoike Wike skoude har stoel
| |
| |
efterút en lake guorreljend.
- Kom, oaljekoek, wurdt it noch hwat?, frege omke Ruerd doe 't it ryklik lang duorre foar 't it earste iten troch it lúkje kaem. Muoike Bertha stompte him oan: - Net sa lûd, ju, hy sjocht ús oan, hy kin it wol hearre.
- As 't noch lang duorret, fret ik himsels op.
- Sjinezen binne taei, folle muoike Henriëtte oan.
Melle foun it iten net sa lekker, mar hy sei neat. In pear omkes hiene nei ien hap al har bikomst en skouden it board fan har ôf. - Dat is gjin fretten. - Hast ús moai by de poat hawn, Kees. - Ha se hjir gjin ierappels? - Ik gean noch leaver gewoan dea.
Omke Sake hie mem to fiter mei hiel skerp read spul dat yn in fleske siet. Hy sei dat it tomatestip wie en mem skodde it rynsk oer har nassi hinne. Se happe nei de siken doe 't se it yn 'e mûle krige en spielde meiiens in glês limonade troch de kiel.
Se soene nei de film, dat wie ôfpraet. Kertier foar twaën stiene se foar Tivoli. Dêr draeide ‘Fytsedieven’. Se biseagen de plaetsjes. De froulju woene der wol hinne, der spile ek in lyts jonkje yn mei, it wie grif in gefoelige film. De manlju stiene noch yn birie. As it mar net sa 'n snotterich ding wie dêr 't neat yn barde. Omke Jan stelde út earst noch even by de Ljouwerter to sjen, dêr draeiden faek knokfilms. Se gyngen der op ta en ja hear, dat like der op. Cowboys, hyns, revolvers, reek, yndianen. Omke Reitse kocht gau de kaertsjes. Allinnich muoike Henriëtte protestearre noch even. - Ik hie dochs leaver dy oare film sjoen.
- Ei, lit dy manlju nou mar, treaste muoike Nontsje har. - Sa lang duorret it net. Wy kinne moai fan it iten bikomme en ûnderwilens in knipperke dwaen.
- Ien ding, ik ha gjin omwaskjen mear, sei mem. - Mar dat iten hearet my noch yn de kiel.
- Hastou ek altiten sa 'n lêst fan 't soadbaernen?, frege muoike At binijd.
Melle hie it smoar yn. ‘Fytsedieven’ wie folle better film as dizze. Hy hie der yn de krante in stikje oer lêzen. Hy skoffele efter omke Boate oan nei de tsjustere seal. De film wie al bigoun, se foelen midden yn it nijs. De foarfilm gyng oer Nij-Guné. De ynlanners draeiden mei opferve gesichten en lange spearen om in fjûr hinne. De froulju dounsen mei bleate boarsten. Dy fan de fammen skodden en trillen as puddings, by de âldwiven bongelen slappe skronfele fellen foar it liif. Melle seach de mei stúdzje nei. Doe 't de lampen op gyngen, siet omke Reitse noch to skatterjen. Se seagen mear nei him as nei de reklame. Hy glied hast út syn stuoltsje wei fan de wille, hieltiten bigoun er wer to skokskouderjen, wylst er syn tosken op inoar klamme en de flibe alle kanten út spattere. By it bigjin fan de knokfilm waerd er einlings stil. It wie wol spannend. Mar it middenpart fan de film duorre to lang. Suchtsjen, flústerjen, it knisterjen fan pûdtsjes mei snobbersguod. Op it doek lei in âldman yn it stjerren. Hy klingele mei in beltsje om syn húsfeint to warskôgjen. - Sûpe!, rôp omke Sake troch de seal. Party minsken laken. De húsfeint kaem net en de âldman skille jitris. - Sûpe!, rôp omke Sake wer. Guon lju nok- | |
| |
keren. Ut ien fan de foarste rigen skreaude in jongkeardel werom: - Hou dyn boerehassus! Omke Sake rôp net wer, mar dat hoegde ek net, de âldman wie dea en de film waerd wer spannend.
Kertier oer fjouweren stiene se op 'e Nijstêd to knipperjen tsjin it ljocht. In fotograef skeat op harren ta. In groepsfoto? Fuort dan mar, in groepsfoto, se wiene ek mar ien kear byïnoar en it soe letter in moai oantinken wêze. De fotograef sette elkenien to plak, syn maet makke romte, sadat de foarbygongers net tsjin har op botsten. De jongelju gyngen foaroan yn 'e hoksen sitten. Dan kamen de muoikes en de lytsere omkes, de greateren stiene yn de efterste rige. De groep wie to breed, se moasten hwat yn inoar skouwe. Melle seach ris oer it skouder. De muoikes stiene der hiel gewoan by, mar it like wol oft de omkes forlegen wiene mei har hannen. Dan wer yn 'e bûsen, dan wer op 'e rêch, dan wer by it liif lâns. De measten holden by eintsjebislút de hannen gear op it bigjin fan har gulp. - Hwerom op 'e gulp?, tocht Melle noch, mar de fotograef rôp: - Laitsje!, en hy moast nei it tastel sjen. Heit sei syn adres en krige in bon, doe setten se op it Saeilân ta, dêr 't it merke wie.
Se diene in skoft oer dat eintsje, om it hurtsje bleauwen de froulju stean om nei de klean- en skuonwinkels to sjen. Allinnich Melle stie stil foar in boekwinkel. Hy seach in stel atlassen iepen lizzen: kaerten mei boatsjes, fleantugen en minsken der op, kleurefoto's fan frjemde lannen en dieren, dat wie nochris hwat! Hy koe lang net alles goed bisjen, de oaren wiene al oan de ein fan de strjitte, hy helle se noch krekt foar it Saeilân yn.
Ek op de merke bleauwen se byïnoar. Omke Jan sei dat se better yn ploechjes gean koene en dan op de stoepe fan it gerjochtsgebou wachtsje. Mar dat útstel founen de measten mar neat: se wiene mei mekoar út, se soene ek byïnoar bliuwe. Earst setten se op de sweef ta. Melle socht omke Boate op dy 't by in stekje bûten it birik fan de swaeijende bakjes nei syn famylje stie op to sjen. - Fynt omke der hwat oan?
- Och...
- Ik fyn neat oan dit hele reiske. Omke wol?
- Nou ja...
- Omke docht ommers sels ek noait mei.
- Ik mei leaver sjen.
- Dat forfeelt ek. Omke laket noait.
- Ik kin mysels net sa maklik gean litte.
- Al dat oanstellerige gedoch, ik fyn der neat oan.
- Dêr moatst gjin argewaesje fan ha. Sy ha dochs wille?
- Ja, mar se wolle dat ik meidoch. Meidwaen, meidwaen, altyd mar meidwaen. Ik wol net meidwaen. Se moatte my gewurde litte. Ik ha nocht oan oare dingen.
- Doch dy dan.
- Mei net. Se wolle dat ik hàr sin doch. As ik it net doch, bin ik spulbrekker. - Dou stiest der miskien in bytsje bûten.
| |
| |
- Omke ek. Mar omke seit neat. Omke doar net iens to sizzen dat er der neat oan fynt.
- Och...
- Siz it dan ris.
- It jowt neat.
- Toe dan!
- It hat ommers gjin sin.
Forgees bisocht Melle noch mear út him to krijen. Omke Boate bleau allike kalm, mar it like wol oft er bang wie dat er him forpraet hie. Hy andere inkeld mei neatsizzende wurden. Op 't lêst joech Melle it oer en gyng lilk by in oar stekje stean.
Nei de loftskommels, de sjittinte, de botsautootsjes en de knikkerbakken bidarren se by de rups. It ding gisele yn de rounte, rattele yn wylde bochten oer de raljes. As it op it hurdst gyng, gûlde in sirene en klapte der in griene kape oer hinne. Omke Japik kocht kaertsjes, se krigen elk twa. Lys en Siger gyngen hwat apart stean op it heechste punt fan de ombou. Melle sette op harren ta. Doe 't de rups stil stie en de lju útstapt wiene, plofte Siger fluch op in leech bankje del, wylst er Lys meiloek. Melle liet him njonken syn suster falle.
- Dêr is noch wol plak, biet se him ta en wiisde op it oare bankje.
- Ik kin net oer efterútriden, glimke Melle.
- Stik de moard, dou!
Lys kroep tichter nei Siger ta. Dy soe krekt mei har op it oare bankje wippe, doe 't Gerrit en René ynstapten. - Hjir kinne wy noch wol by.
Se wiene him foar, Siger en Lys moasten op har âlde plakje bliuwe. Meiiens bigoun de rups ek al to riden. Melle hold him oan de sydkant beet, iderkear as er yn de djipte dûkte, skeat syn gat omheech. Syn hier stie rjocht oerein, it ratteljen gyng him troch alles hinne, hy koe de eagen amper iepen hâlde. Lys lei skean fan him ôf op Siger syn skouder, se hie de skonken hast op de bank lutsen. Dêr gûlde de sirene en op itselde stuit seach er de stangen fan de kape omheech kommen. Tsien tellen letter siet er yn it tsjuster. Hy hold him noch hieltyd mei de rjochterhân fêst, mei de oare die er in taest nei lofts. Hy fielde Lys har skonk. Dêr siet it knopke fan har hoasbân, dêr wie har bleat bil. It fielde waerm en smeudich as stopferve, hy soe der yn klieme wolle. De rups bigoun stariger to riden, Lys forskikte, Melle moast gau syn hân weromlûke, oars wie se der op sitten gien. De kape flapte tobek. Gerrit en René sieten elk mei de rêch tsjin in sydkant en de fuotten op de bank tsjin inoar to triuwen, Lys loek har rok rjocht, Siger fage by de mûle lâns.
- Hwat nou, Siger, jong, hat se dy biten?, frege Gerrit.
Hy en René makken gjin oanstalten om út to stappen. Siger kaem oerein en sette mei Lys ôf, Melle gyng harren efternei. Hy wachte oant se yn in oar karke sieten en krekt foar 't de rups yn biweging kaem, stapte er om in pear manlju hinne en sette him neist Lys del.
- Hjir bin ik wer, sei er minlik.
| |
| |
Lys hie net iens tiid om op to fleanen, de bel klingele, de rups skokte en sette gong. Doe 't de kape harren wer yn it tsjuster sette, socht Melle har gat en skoude syn hân tusken har billen. Fochtige waermte oan beide kanten. Se die de skonken hwat fan inoar, hy koe maklik fierder komme. Syn fingers strieken oer in hân. Hy fielde it goed, it wie Lys harres net. Hy folge de biwegings fan Siger sines, knypte mei. Ynienen fielde er boppe op syn hân in oarenien dy 't ek mei knypte. Dat wie Lys harres. Doe 't se yn de smizen krige dat hy der tusken siet, bisocht se syn hân wei to triuwen. Melle hold fêst. Nou 't se Siger hie, mocht hy fansels net mear oan har komme. Se klaude him fûleindich. Mar earst doe 't de rups faesje mindere, loek er syn hân fluch werom en stiek him yn 'e bûse. By it útstappen seach Lys him oan oft woe se him opfrette, mar se sei neat.
- Kinne wy ride?, frege omke Jan wylst er oer it skouder seach.
- Even wachtsje, rôp muoike Nontsje werom, Hindrik is der noch net.
- Wike, Egbert en Tryn ek noch net, rôp omke Liuwe.
Guon omkes en muoikes hiene mâlle huodtsjes op, in stikmennich sieten mei maskers foar, dy hiene se op de merke kocht. Muoike Henriëtte joech in lange reade noas oan omke Boate.
- Hjir Boate, foar dy!
- 't Moat mar net, wol?
- Ja wis al!
Se strûpte it ilestykje oer syn pet hinne. Melle krige in lyts roun knobbelnoaske, hy die it ek mar foar. Omke Reitse forsiere de bus mei twa rôllen húskepapier, dy 't se meinaem hiene foar it gefal se der ûnderweis ris út moasten. Hy hinge it yn slingers oer de bagaezjenetten, Gerrit en René smieten der noch in pear kleurige serpintines oer hinne. Ien krolle ein bongele lyk foar Melle syn gesicht, hy blaesde der nei.
Omke Jan frege jitris: - Binne se der nou allegearre?
- Ikke net!, rôp René werom.
Guon laken dêr ek noch om. Op dat stuit hise omke Hindrik him yn de doar, hy hie in grouwe rikke iel yn 'e hân. De bonke wie heal ôffretten, hy swaeide der mei yn de loft. Syn kin glom fan it fet. - Fordomme, hwat is dat lekker, sei er.
- Krij him by syn sturt, hahaha, skattere muoike Wike.
Omke Hindrik sette him del, die noch in byt, kôge hiel starich, skodholle en frege: - Hwa wol myn iel ha? Ik kin net mear.
- Hwa wol Hindrik syn iel ha, hy kin net mear, herhelle muoike Wike geijend. - Ikke wol!, andere muoike Bertha en se gyng by omke Hindrik op 'e skoat sitten. It hiele selskip gierde.
- O, dy Bertha, skalky, skalky!
- Hwat dochst nou mei sa 'n wiif, Ruerd?, frege heit.
- Stikem gewurde litte, ik krij myn gerak wol, sei omke Ruerd, wylst er syn
| |
| |
earm om muoike Tryn hinne lei.
- Ride mar, Jan!, rôp mem.
- Né, noch net!, warskôge muoike Tryn. - Hwer is Egbert?
- Wachtsje! Tryn is Egbert kwyt.
- Dy is efter de froulju oan. Ja, ja, ik ha him wol sjoen. Krekt troud en nou al wer efter oare froulju oan.
- Lit dy net foar de kroade ride, Tryn.
Einlings kaem har man oansetten. Hy hie in greate lapkespoppe ûnder de earm. - Dy ha ik noch gau even woun by de kegelbaen.
- Dêr ha je it gedonder al. Egbert sit nou al mei in poppe!
De motor sloech oan, de bus trille, skokte foarút. Se rieden by de Mercuriusfontein lâns.
- Dêr ha wy Van der Pyst ek, skreaude omke Sake. Hy seach troch it iepen rút omheech. - Hoe is 't jong, kâld dêr boppe?
In doaze mei sjokodipsen, kladden mei patates waerden forparte, se slikken har it iis en de mayonaise fan de fingers.
- Dat smakket better as dat smoarge Sjineeske guod, sei mem.
- Spitich dat der gjin muzyk by is, ornearre omke Kees.
- Dan meitsje wy muzyk, sei muoike Henriëtte en se bigoun hiel trilderich to sjongen.
De swiere basstim fan omke Japik foel daliks yn, muoike Wike gyng der rjocht foar sitten, biweegde beide hannen boppe har holle, de oaren hant sjeklapten yn de maet. Se kaem oerein, tilde har rokken in ein omheech en swiere poepertsjedraeijend troch it gongpaed. Iderkear as se by him lâns kaem, joech omke Gerke har in klap op 'e kont.
- Gekke Wike, sei muoike At.
Gerrit gyng efter muoike Wike stean, lei syn hannen op har skouders en rôp: - Polonaise!
It waerd gâns in rige, as se oan de ein fan it gongpaed wiene, moasten se allegear krieme en de oare kant út rinne. In stikmennich bleauwen sitten, dy koene net mear meidwaen, oars waerd de rige to lang om hinne en wer to gean.
- De bus kin wol omfalle, warskôge omke Jan laitsjend efter it stjûr wei. Muoike Nontsje hie it earst har bikomst fan it hossen. - Fij, fij, dit giet my to bot, hear!
- Sizze se ek noch dat de Friezen stiif binne, sei muoike Henriëtte wylst se neist har sitten gyng.
Op it lêst bleau in lyts ploechje oer dat fan gjin ophâlden wist. Oan ien tried troch rounen se it gongpaed op en del, se hiene mekoar by de kont beet. Serpintines plakten oan har klean, de huodtsjes stiene skeef op it wiete hier. Melle seach nei omke Boate. Dy bleau ûnforsteurber, liet alles mar oer him hinne gean en stoarre by syn lange noas lâns. It gesicht fan muoike Wike swolde hielendal op, har iepen mûle bistjurre, har hals siet fol reade pûkels. Gerrit en René fodden mei har om dat it hwat die. Se like in ballon dy 't op
| |
| |
knappen stie. Doe siigde se op in bank del en lake sûnder lûd to jaen, wylst se har hieltyd bûgde en beide hannen op it bekling fan it plak foar har sloech.
In auto kaem harren op 'e side. In moaijenien, de linnen kape stie iepen. Der siet in man mei in great bosk hier en in burd yn en in frommes mei in holdoekje dat wappere yn de wyn.
- Heu, burdaep, hast gjin jild om nei de kapper to gean?, skreaude omke Sake. Mar de man hearde it net, de auto wie al foarby.
Muoike At dy 't harsels mei in stik karton koelte tawiuwde, rôp: - Kom, Ynse, foardrage!
- Ja, foardrage!, stimden de oaren mei.
Heit knoopte in reade bûsdoek om syn nekke, sette in swart petsje op en droech foar fan de dronkene boer dy 't yn de stêd by forkearde froulju bidarret. Se hiene it wol faker fan him sjoen, mar it bleau moai, hy die it sa echt.
It lawaei briek wer los. Om Melle hinne wie it in draeikolk fan lûden. Hy siet der midden yn. Hy die de eagen ticht. De stimmen maelden yn syn harsens om. Mar as er goed harke en bisocht hwat to forstean, waerd er der net sa tipelsinnich fan.
- Se moatte wol foarkommen ha, oars sit der gjin hâldfêst oan.
- Dy meageren lizze as pikegaes.
- Krekt wynhounen.
- Se sizze wol lekkere grouwe, mar noait lekkere meagere!
- Sa is 't mar krekt, der giet neat boppe in stevich jongfaem. Hwat dou, Tryn?
- Ofbliuwe! Oan myn liif gjin polonaise.
- Hwat is it hjir binaud, kin dat lûk net fierder iepen?
- Liuwe, jow dat lûk ris in setsje. Liuwe, heu, Liuwe!
- Hy heart it net.
- Kinstou der by?
- It wol net fierder.
- Is der noch hynstemiich?
- Op.
- Fordomme, ik ha sa 'n toarst. Ek gjin limonade mear?
- Hjir is noch wol in fleske Frico.
- Dat guod mei ik net.
- Jow my it dan mar.
- Hwat docht syn heit eins?
- Hy hat noch by Japik op it fabryk wurke, mar dêr is er al in pear jier net mear.
- Hy hat ek karrider west.
- Der siet net folle styl oan him.
- Heden hitske!
- Hwat nou?
| |
| |
- In flij yn 'e Frico.
- Godskes, hoe komt dy der nou yn, soest sizze?
- Wolst in oar fleske ha?
- Bist net wiis? Sa 'n lekkere flij, Pake syn himd seine wy by ús thús. Melle twong himsels syn eagen ticht to hâlden. Miskien wie it dan alles flugger oer. Doe 't er se lang om let iepen die, lei omke Hindrik op de efterbank. In pear muoikes wiene mei krantepapier de flier oan it bihimmeljen, omke Kees struide sân.
- Lit him mar gewurde.
- Hast in amer neist him set? As der noch mear komt.
Muoike Wike siet dûm foar har út to sjen as koe se gjin tsien telle. In skoftsje letter fûstken omke Japik en muoike Truus ôf. By in bocht stapten se út. Melle seach se noch lang swaeijen, ear 't se har omdraeiden en de reed del gyngen. Kertier oer sawnen hold de bus foar syn eigen hûs. Hy holp net mei by it útladen, hy sette fuortendaliks nei boppen ta.
Och, och, hwat ha wy in prachtige dei hawn, suchte mem, doe 't it folk de doar út wie. - Dêr kin ik wol in jier op tarre.
- Soks soe men faker dwaen moatte, sei heit. - Mar dat kin de brune net lûke.
Se hoegden net mear to iten. Melle lei yn syn keammerke mei klean en al oan op bêd. Hy hie syn knobbelnoaske foarwei dien en tyspele der mei om. Noflik neatdwaen, mear as oardel ûre lei er dêr al. Hy hearde heit en mem út it gonkje nei de wenkeamer gean. It skimere, it finster waerd in ljocht fjouwerkant yn dy lytse romte dêr 't er him noch it meast to plak fielde. Hy hearde immen yn de hûs kommen, gegrút, stimmen ûnder him, roppen, klompen yn de gong, it tichtslaen fan de foardoar. Hy bleau lizzen. Mar doe 't er dúdlik gûlen hearde, gyng er dochs de trep ôf.
Mem siet to snokkerjen, har fuotten yn polkewetter, de holle hwat oerside, in bûsdoek foar ien each. Gerrit line mei de earmtakken op 'e tafel, Lys stie stil yn in hoekje.
- Hwat is der oan?, frege Melle.
- Siz dou it mar, brocht mem út.
Gerrit kaem op Melle ta. Hy gyng lyk foar him stean en sei: - Omke Boate hat himsels fan kant makke. Gerrit kaem mei syn gesicht noch tichter by, die de mûle iepen, liet syn tonge hingje en makke mei de finger in snijbiweging by de hals lâns. - Sa.
Melle dwerse ôf, roun nei it sydfinster ta, line op it finsterbank en lei syn holle tsjin it glês oan. De kop fan de peal mei ‘London’ wie bloedread yn it ljocht fan de toaljende sinne.
|
|