| |
| |
| |
Gerben Abma:
‘Dûk de kultuerrie even op, Kees’
of: ûfskie fan in smert-reed.
Drokte
Yn maeije fan dit jier hat de BBK, biropsforieniging fan byldzjende kunstners, in gearkomste holden yn Ljouwert. De BBK, bikend fan iepen brieven, bisetting fan de nachtwachtseale yn it Ryksmuseum to Amsterdam en wol hwat mear - in aktivistysk ploechje dus, dat al fuort nei '45 bisteanswissichheit foar byldzjende biropskunstners wist los to krijen -, woe ek yn Fryslân de kultuerpolityk op 'e nij oan de oarder stelle. Niget foar de saken hjirre sil de Amsterdamske hearen f'ral troch de yn de BBK warbere Jos Panhuysen bybrocht wêze dy't in jiermannich direkteur fan de Kunstniverheitsskoalle yn Ljouwert wie. Op dizzè gearkomste binne sterke wurden sprutsen oer de fordeling fan oerheitsfinânsjes foar kunstsaken. Achterôf die bliken, se wiene net wier mar dat let neat. Se hawwe, leau ik, hwat wekker makke en se hiene har útwurking. Lyk as sein, ek al wiene se net wier.
Ien juny dogge Fryske ûntofredenen oer de hele kulturele situaesje de saek ‘dunnetjes over. De gearkomste wie yn de Prinsetún en de opset kaem - wer - fan de byldzjende kunstners yn de mande mei in mannich polityk ynteressearden. Guoddens mei it doel om foar de gemeenteriedsforkiezingen in potsje op it fjûr to setten. Wy libje yn de gouden tiid dat lju mei ambysje foar in sit yn de gemeenterie de fearren skodzje. Mar der binne ál mear oanwêzigen as oait op dizze gearkomste.
Jaep van der Mey út Beetstersweach leveret krityk - dimmen mar bislist - op de faits et gestes fan provinsjale en gemeentlike oerheit oanbilangjend de byldzjende kunst en de biöefeners derfan. Frou Faber krijt nou en dan in reis mar by it letter en waermer wurden docht bliken dat it systeem net doocht, f'ral fanwege it ûntbrekken hjirfan, en alles fan ynsidentele bislissingen oan elkoar hinget. Dêrtròch bistiet in suver folsleine sizzenskip fan ien/twa oerheitsfunksionarissen yn kunstsaken. De oanwêzigen fiele wol foar it hynstemiddel it hele bilied yn Fryslân op it stik fan de kunst om to wrotten en op 'e nij op poaten to setten. Sa sein, en foar diz' kear: ek dien. Tominsten oan nou ta, d.w.s. mids septimber 1970. En hoefier binne wy nou kommen?
| |
| |
Earst dit:
De aksje fan de byldzjende kunstners wreidet him út ta alle gebieten fan kunst (in my ûnsimpatyk wurd mar it tsjut oan hwat bidoeld wurdt). Net mear allinnich skilders en byldhouwers, ek oaren sjogge nou in kâns. Fangefolgen dat Fryske skriuwers en dichters har minge mei minsken dy't noait in letter Frysk ûnder eagen krije. It nifeljen oan de Kultuerrie is in twatalige oangelegenheit (alhoewol de fiertael Frysk is) en ûntofreden Fryske skriuwers krije stipe fan oaren, net-Frysktaligen en netskriuwers. Dat is fansels in skoandere saek hwant allinnich koene se it noait opnimme tsjin it privilegiëarde rountsje dat mei in moanopoaljeposysje en faek op oerheitskosten har eigen bilangen iensidich neistribbet.
Op de forgadering fan ien juny docht bliken dat it bistjûr fan de Kultuerrie de oare jouns forgaderet. In man as acht forklearret him ré om der hinne en in petear mei de mandarijnen fan it bistjûr oan to gean. De sitting sil ‘kreake’ wurde, d.w.s. in healûre fan to foaren sil it foarnimmen trochbelle wurde nei de foarsitter. Ek al stiet it de oare deis, ûren earder, rom en breed yn de Fryske deiblêdden, hielhwat bistjûrsleden toane har pikeard omt se it to let wisten. Doch wurdt der in datum steld foar in petear mei fiif ôffurdigen fan de ‘aktivelingen’ en fiif fan it bistjûr fan de F.K.
Sûnt ha der trije petearen west en de fiif opposanten leine har alternative útstellen op tafel. De fiif fan it bistjûr wikselen foar in part en de petearen driuwden fan de kant fan de F.K. op ien-twa ‘goedwollenden’ (lju dy't mei ús meitinke koene en woene) wylst de oaren, nei't it like, meigyngen.
Tsjinfoarstellen binne der fan har kant net kommen; wol binaudens oer it subsydzje dat as in (mooglik) forgif foar de plannen optsjinne wurdt mar lykwols net wurket. Ek it foarbihâld, ‘wy sitte hjir sûnder mandaet fan it folsleine bistjûr en dat sil alles goedkarre moatte’.
Op dit moment ha wy formeel noch neat birikt. Wol ha de fiif fan de F.K. har yn prinsipe akkoard forklearre mei ús foarstellennen in tasizzing mear derby dien. Mar it moat allegear noch heve.
De foarstellen hâlde û.o. yn, dat it bistjûr fan de F.K. foarme wurdt troch ôffurdigen fan groepen út de ûnderskate kunstbiöefeners. It giet om it lêste, biöefeners, gjin leafhawwers fan it âlde, lju mei niget, fortsjintwurdigers fan,
| |
| |
ja, nergens fan, baesspylders, troch birop of posysje oansjenliken dy't net mei biöefenjen fan kunst-yn-de-romste-sin to meitsjen ha. Biöefenjen en oars neat (sjoch fierder bylage).
Hwat bitsjut dit allegear foar de Fryske skriuwers en hwerom dizze drokte? De nije opset wurdt dúdlik út dat by oannimmen fan de resolúsje ek de skriuwers twa ôffurdigen nei it bistjûr fan de nije Fryske Kultuerrie stjûre kinne. It is mar de fraech hwat de plannen mooglik meitsje en oft it de muoite leannet twa lju nei it bistjûr fan sa'n ynstelling ta to stjûren.
De bisteande Kultuerrie biheint him, hwat de skriuwersbilangen oangiet, ta it nou en dan omstjûren fan in list mei, meast, nammen fan âlde en âld-skriuwers en netjildige adressen.
De nije Kultuerrie moat it sletten systeem fan oerheitsadvisearring (inkele figueren forparte de bút oan en ûnder elkoar) mei kracht trochbrekke en twad: méár jild foar de letteren losprate en tred dat jild foar oare doelen brûke. Dat slagget net fan de iene dei op de oare; wurk, tiid en dielname fan allegear dy't it oars wolle is dêrom driuwend nedich.
Hwerom?
De kultuerpraters fan hjoeddedei is frege in Noata op to stellen oer de kultuer. Fansels moat derby oansletten wurde op de kultuernoata fan in jier tsien tobek. Foar dizze noata is tweintichtûzend - f 20.000 - goune oan de kant lein en de earste tûzenden wurde bistege oan it neigean, hwat der yn de ôfroune tsien jier fan dde plannen út dy noata wurden is; dit komt der dan op del: hwat der nét wurden is. Se neame dit ynventarisaesje, dit neigean fan de forgetten en neilitten saken. Ynventarisaesje fan hwat der by definysje net is mar dêr't wol tûzenden kostlike oerheitssinten mei hinne gean. Fan it bytsje dat foar ‘kultuer’ biskikber is.
De moaderne maetskippij hinget fan konsumpsje oan elkoar. Foarhinne wie dat ek sa, allinnich wie it doe oan in lytse groep to konsumearjen en nou giet it, gelokkich, ek yn de breedte. Mar it gefaer driget dat reginten en bisitters de konsumpsje brûke om de kréativiteit, it aktive biöefenjen fan de minsken sels, de partisipaesje to forstikken en to frustrearjen. Provinsiale Bibleteek mei in trije-kwart miljoen, de Fryske Akademy mei in heal miljoen, - foar in hoop jonge en âlde skriuwers/dichters mei hânskriften dy't net útjown wurde kinne omt de útjowers der gjin winst yn sjogge (tinklik mei rjocht): gjin sint. Tink net dat de bisteande Kultuerrie him deroer bisaut; dy hat wol pielen mei de
| |
| |
ynventarisaesje.
It advysbilied foar de oerheit e.t.q. De provinsiale oerheit jowt sinten en prizen. De provinsiale oerheit docht dat net op eigen man en boet mar lit him advisearje. Troch hwa? Troch de Kultuerrie, d.i. frou Faber en troch de letterkundige ôfdieling fan de Fryske Akademy, d.i. dr. Ype Poortinga. Troch de lêste f'ral. Dy advisearret, dat is, wiist oan de jury foar de G.J. priis. Dêr sit dan de âlde en nije kunde yn fan Y.P.; mei de lêsten dan f'ral bidoeld heale of hele wittenskipslju dy't op de F.A. wurke ha en/of oan de universiteiten mei Frysk dwaende binne. De studinten witte al jierren dat der tusken de dosinten Frysk gjin literatoaren sitte; ek gjinien fan harren hat him oait literair of kritysk warber toand. Mar se komme al yn de jury foar in literaire priis. En jierren kritysk- of literair-dwaenden slacht Y.P. oer.
Deselde bipaelt foar in net ûnwichtich part it gesicht fan de Fryske letteren nei bûten út. Fan 't simmer binne wer twa mei oerheitsstipe útjowne publikaesjes forskynd: it Friesisches Jahrbuch en Friesland 1945-1970. Lyk as altyd skriuwt Y.P. oer de letteren. Dat is mis, dat it altyd deselde is: dêr moat ek ris in oar oer gear. It is mis al wie men it mei Y.P. iens. Fansels bin ik net mei him iens: dr. Poortinga fynt Jo Smit in literair geny en Anne Wadman mear as dat. Om it lêste to biwizen skroomt er net obskure Hollânske kritisi oan to heljen dy't ris sizze wolle dat it harren net ôffalt hwat der yn it Frysk forskynt. ‘Oerdosearring dy't altyd yn lytse bisletten rountsjes foarkomt’, sizze jo. Mar wy moatte doch yn de goedichheit einlings hwat ryp wurde en it forpoffe ús by dwaze oerdosearring fan freoneklykjes del to lizzen. Freoneklykjes; en it docht gjin nij dat it oare foar dr. Y.P. der mei mear of minder eare klearebare op ta is. En dêrfan de helte ûnbikend foar Y.P. of, noch slimmer: dea- en forswijd. Ype Poortinga rint ek it Fryske Utjefte Fûns dat mei jild fan de oerheit wurket. De lêste stunt fan it FUF is om al hwat Fedde Schurer by syn libben skreaun hat by elkoar to swyljen en dat út to jaen. Wurk dat oeral foar hannen is en dat mooglikheden foar útjefte fan eigentiidsk, nij, wurk opslynt.
Der binne mear figueren dy't har publike funksje foar eigen bilang en hobby binutte. Freark Dam, bineamd yn in funksje by it FLMD dêr't er gjin inkele foaroplieding of disposysje foar fortoande mar dêr't er wol fan yn it bistjûr siet, ad- | |
| |
visearret yn de bisteging fan mienskipsjild fan bg. it Anjerfûns. Advisen binne geheim mar wol is bikend dat deselde forline wike foar in VARA-rubryk as oerheitspersoan dy't rekkene wurdt it algemien bilang to tsjinjen, syn sibste freon Rink van der Velde as jong Frysk dichter opdrave lit. Gewoan om him de bal ta to spyljen as journalist by de L.C. en skriuwer fan in tal, troch stipe fan F.D., útjowne boeken. Ik ha neat tsjin Dam, noch minder tsjin Rink van der Velde mar alles tsjin dit soart praktiken. En hwat mei men fan sokken forwachtsje yn (geheime) advisearring?
Deselde manipuleart de Fryske Bibleteek nei't er earst himsels en dêrnei syn sûchlaem Jan J. Bylsma yn de lêskommisje drukt sadat er nou mearheit fan stimmen hat. Gjin oerheitsynstelling, de Fryske Bibleteek, mar doch to goed om him troch Freark Dam nei de miter helpe to litten. Itselde jildt foar de Strikel dy't tafallich àl mei oerheitsstipe wurket. In sletten en kommersiëel freoneklykje.
It giet der mar om oft wy sokke rottige, rudige steden yn it Fryske kultuerlibben dierber hoedzje en noedzje wolle óf dat wy se útsnije en út de mûle útspuije wolle. Der is nou in kâns.
Ynfloed op it kultuerbilied yn Fryslân via in wurkgroep fan skriuwers dy't twa leden ôffurdigje nei it bistjûr fan de nije Fryske Kultuerrie. Mear jild, oare hwant iepener advisearring, oar bisteegjen fan it biskikbere jild. Mear en folsleine plicht to forantwurdzjen fan it bilied.
In kaertsje nei Emmakade 128 of mounling (05100-22824) is tonearsten genôch. Net binaud wêze. Der is noch hope; en meipraten yn it takomstich kultuerbilied en de kommende Kultuernota garandeard.
(Noat fan skr.: hjirnei ‘tussenverslag’.
| |
| |
| |
Het ‘tussenverslag’ - augustus 1970 - van de ‘5’ van de werkgroep kultuur Friesland
De inhoud bestaat uit: |
I. inleiding |
|
II. doelstelling |
|
III. struktuur |
|
IV. voorstel tot overgangsfase |
| |
I. inleiding
Bij een aantal groeperingen in Friesland is het laatste halfjaar een bewustzijn gegroeid dat in Friesland een onjuist kultuurbeleid wordt gevoerd. Een belangrijke oorzaak hiervan is de struktuur van de ‘Fryske Kultuerried’ die op ondemokratische wijze is ontstaan en in stand wordt gehouden. Gevolg hiervan is dat de nieuwe kulturele ontwikkelingen voortdurend worden geremd of onmogelijk gemaakt.
Zo ontstond 1 juni 1970, tijdens een openbare protestbijeenkomst in de Prinsentuin in Leeuwarden de werkgroep kultuur Friesland.
De spontaan, niet van bovenaf gedirigeerde groep acht het noodzakelijk dat er principiële wijzigingen worden aangebracht in:
a. | de wijze waarop de kultuurraad wordt gevormd |
b. | de wijze waarop wordt vergaderd |
c. | de wijze waarop nieuwe medewerkers kunnen toetreden. |
| |
II. de nieuwe doelstelling.
De nieuwe doelstelling luidt: als kultuurraad meewerken aan een proces om te komen tot een bewustere en meer komplete wijze van leven.
voorlopig door middel van:
a. | een grondige dokumentatie van in Friesland werkende aktivisten en instituten op kultureel gebied |
b. | het ontwikkelen van een uitgebreid net van voorzieningen waarin eigentijdse kultuur getoond, uitgevoerd,
|
| |
| |
| gespeeld kan worden en waarbij ieder of elke groep gelijke rechten heeft. |
c. | het inspireren van een zo groot aantal mensen tot ‘kulturele zelfwerkzaamheid’. |
d. | de oprichting van een totaal kreativiteitscentrum in Leeuwarden |
e. | de vestiging van kulturele werkgroepen in de provincie waarin demokratische principes maximaal worden doorgevoerd. |
| |
III. de struktuur (in grote lijnen)
A. | de wijze waarop de kultuurraad wordt gevormd
De grondvorm is, dat zich provinciaal werkgroepen vormen (van onderen op) van mensen die zelf beoordelen of ze zich bij de ‘kultuerried’ aan willen sluiten en of hun aktiviteit als ‘kultuur’ kan worden aangemerkt (wat dat ook mag zijn; per slot is kultuur in brede zin het hanteren van natuur).
Dit zal later zijn oplossing vinden door de praktische gang van zaken.
overkoepelende werkgroep
publiciteit
bijdragen tot bewustwordingsproces
adviseren, stimuleren, coördineren, registreren
niet organiseren
Bijvoorbeeld 10 werkgroepen:
1. | plasticzakverzamelaars |
2. | alternatieve leefwijs mensen |
3. | stokjessnijders |
4. | experimentele huisontwerper/bouwer |
5. | mensen die met groepen werken op kultureel gebied |
6. | totaal speel mensen, zoekers naar een integratie van diverse kultuuruitingen |
7. | overheidsmensen |
|
| |
| |
|
8. | alternatieve medaille uitreikers |
9. | financieel technische mensen |
10. | mensen die schrijven |
Vanuit deze werkgroepen (b.v. door een afvaardiging) ontstaat dan een overkoepelend, koördinerende werkgroep. Degenen, die zich het meest inspannen (positief) nemen daardoor de belangrijkste plaatsen in. Zij vervullen daar die functie niet ‘ondanks’, maar ‘dankzij’ de kritische begeleiding van hun medewerkers.
Voor de dagelijkse gang van zaken heeft de overkoepelende werkgroep een aantal mensen in dienst die direkte verantwoordelijkheid zijn verschuldigd aan de overkoepelende werkgroep o.a.
a. | één of meer personen (met eventueel gedeelde verantwoordelijkheid) die zorgen voor de co-ördinatie op het totale werkterrein |
b. | één of meer personen die zich bezighouden met de oriëntatie d.w.z.
1. | zorgt op de hoogte te komen en te blijven (registratie) van alle mogelijke (naast traditionele, alle mogelijke andere uitingen) aktivisten/aktiviteiten op kultureel gebied. |
2. | stimuleert en aktiveert onder ad. 1. (bijv. door de mensen met elkaar in kontakt te brengen) |
3. | op de hoogte is van de mogelijkheden van de mensen die ‘in het veld’ willen werken op kultureel gebied met groepen (deze mensen kunnen zichzelf beschikbaar stellen via hun werkgroep). Bovengenoemde persoon kan dan gerichte informatie geven als uit de provincie een aanvraag komt voor deskundige hulp |
|
c. | ‘Kultuurconsulenten’ voor het veldwerk in de provincie. |
d. | Mensen voor de administratieve zaken. |
|
B. | de wijze waarop wordt vergaderd
Het is noodzakelijk dat alle vergaderingen open zijn, zodat alle betrokkenen volledig op de hoogte zijn van alle besluiten die worden genomen en van de wijze waarop deze besluiten tot stand komen.
Alleen op deze wijze kunnen personen, die zich aandienen als ‘betrokken te zijn bij de kulturele gang van zaken’ op de
|
| |
| |
| juiste wijze blootstaan aan kritiek. Aan de hand van die kritiek kunnen dan de leden van de verschillende werkgroepen hun ontwikkeling als kultureel ‘bestuurder’ vorm geven. |
C. | nieuwe leden
Nieuwe leden voor de werkgroepen of nieuw te formeren werkgroepen dienen zichzelf aan.
Op deze manier kunnen nieuwe ideeën onmiddellijk geïntegreerd worden in het totale beleid. Verouderde kulturele aktivisten/ aktiviteiten zullen op deze wijze op tijd in het museum terecht komen en niet kunstmatig en onnodig veel te lang met veel moeite en kosten in ‘leven’ worden gehouden.
N.B. Het werk wat de Kultuerried thans verricht dient door te gaan en in fasen te worden ingepast in de nieuwe struktuur. |
| |
IV. voorstel tot een overgangsfase
1. | Dat er zo spoedig mogelijk 6 werkgroepen zullen worden gevormd. Deze 6 sekties dragen op een zo open mogelijke wijze elk twee kandidaten voor. Het zittende bestuur van de Fryske Kultuerried neemt deze namen zonder voorbehoud over en draagt deze 12 mensen voor als kandidaten voor het bestuur van F.K. zoals dat op de eerstvolgende jaarvergadering wordt gekozen - uiterlijk december 1970.
(dit houdt niet in dat de werkgroep kultuur Friesland om inspraak vraagt, maar vindt dat er een volledig nieuwe gestruktureerde kultuurraad/werkgroep moet komen) |
2. | registratie/dokumentatie (d.w.z. luisteren, voelen, openstaan) van allerlei soortige aktivisten/aktiviteiten en instituten op kultureel gebied die al aanwezig zijn in de provincie. |
3. | wegen voor samenwerking zoeken met andere instituten op kultureel gebied. |
4. | mensen bewust maken van mogelijkheden op kultureel gebied en hun daar eventueel bij helpen als ze daarom vragen.
bijvoorbeeld:
- | een terrein waar mensen vrij mogen eksperimenteren wat
|
|
| |
| |
|
| betreft het bouwen van huizen/torens van wat voor materiaal of model dan ook |
- | een leger vormen dat huizen-, terreinen en landschapbevuilers bestrijdt (b.v. met reklameborden) |
- | lintjes voor opvallers o.a.
• | die geen vlieg kwaad deden |
• | degenen, die geen spat uitvoerden |
• | in 10 jaar 30 bazen versleten |
• | de boer die al lang geen bestrijdingsmiddelen meer gebruikt. |
|
|
N.B. We zouden niet meer over kunst moeten praten of alles kunst moeten noemen.
Namens de W.K.F.:
Gerben Abma, |
Chris Fokma, |
Emmeke de Jong-Wijffels, |
Tseard Visser, |
Piter Yedema. |
|
|